|
Skriuwerslibben
|
|
k
hie yn t fjirde jier fan ’e kweek te Dokkum twa opsjes:
ik koe my as skoalmaster fierder ûntwikkelje yn it fak handenarbeid
of yn e wiskunde en yn ien fan dy fakken learer wurde. Foar
handenarbeid fûn ik mysels dochs net kreatyf genôch, ik kin wol wat
meitsje, mar ik ha gjin ideeën. Ik wie tige goed yn wiskunde oant
de sines en de tanges derby kamen. Doe snapte ik der gjin barst mear
fan. Dat waard dus beide neat.
Ik siet yn in tige Frysksinnige
klas te Dokkum. Doet ien fan myn klasgenoaten, Jaap Dykstra,
de Kristlik Fryske Jongerein oprjochte, as ûnderdeel fan it Kristlik
Frysk Selskip, bin ik, mei noch mear út ús klas, lid wurden. Dat wie
dus Fryskbewege, boeksutelkampen hâlde en sneinoeren te Oentsjerk.
Machtich, men wie jong en men woe wat. Der wie in krantsje, De
Gouden Tiid, en dêr moasten stikjes yn skreaun wurde.
Ik hie op e kweek ris in sinteklazegedicht skreaun mei de ûnstjerlike
rigels
achter op de fiets zat in een kistje
zijn libido sexualisje
en
dêrom ornearre Jaap dat ik ek wolris wat foar De Gouden Tiid skriuwe koe. Sa bin ik deryn rûgele. Ik
hie ynearsten de yllúzje, lykas generaasjes foar my, dat men mei literatuer
Fryslân rêde koe. Foar myn tritichste bin ik al fan dy yllúzje genêzen,
mar dêr leit wol de earste oantrún: wat foar Fryslân dwaan. Ik haw
dus de klassike wei bewannele lykas Ulbe van Houten en gâns oaren:
foar it Frysk wêze, ris in stikje skriuwe yn it Frysk en dan de stap
nei it skriuwerskip sette.
Myn earste oankeapen wienen
Fersen foar Marida (Tjitte Piebenga),
Lok op eachlingte
(Durk van der Ploeg) en Ut e
pas (Jelle de Jong), alle trije yn 1958 útjûn. Yn 1959
haw ik my abonnearre op quatrebras en De Tsjerne. Ik fûn mysels doe in autoriteit
op it mêd fan de Fryske literatuer.
|
|
It begjin
Fabryk, 1964
|
|
n 1962 hie ik in Rely Jorritsmapriis
wûn en dat makke my sa (oer)moedich dat ik de stap nei it gruttere
proaza sette doarst. Ik wit noch krekt
hoet it gien is. Ik sei tsjin myn frou (myn earste frou, Antsje):
Der ferskynt noait mear in goede Fryske roman, ik moat sels mar ien
skriuwe. En doe bin ik op 'e stoepe fan ús hûs yn Loaijingea sitten
gien mei in skrift en in folpin. It wie snein en moai waar, dy maitydsdei
fan 1963. Sa is Fabryk
der kommen. Der is letter wol ornearre dat soks ferskriklik eigenwiis
wie, om net te sizzen: arrogant. En dat ik dat boek opdroech oan Wadman,
betsjutte dat ik Wadman fan 'e troan stjitte woe en sels dat plak
ynnimme. Neffens my is dat koal, ik bin heel spontaan, nayf-spontaan
oan Fabryk begûn te skriuwen en ik haw it
Wadman opdroegen omt ik wurdearring foar de man syn boeken hie
en omt ik ferwachte dat Wadman dy opdracht as in earbewiis sjen
soe. Dat wie net sa, mar dat seit neat oer myn yntinsjes.
Foar Fabryk haw ik yn 1967 de Gysbert-Japicxpriis krigen. It
is dus grif wurdearre as in goed boek. Ik kin der sels net objektyf
oer oardele, wat foar my op e foargrûn stiet, is dat it skriuwen
fan dit boek op en doer in benearjend avontoer waard.
FABRYK, IN BENEARJEND AVONTOER
|
|
In misslach
By de hannen om't ôf, 1965
|
|
 oe't Fabryk ferskynde, wie myn twadde boek,
By de hannen omt ôf,
klear of sa goed as. Ik haw jierren lyn ris in frommeske moete dat
sei dat se dat in moai boek fûn. Alle oare lêzers hawwe sa hoflik
west om te ferjitten dat ik dat boek ea skreaun haw. Wêrom haw ik
it skreaun? Jildingsdrang foar in part, ik woe Frysk skriuwer wurde.
Mar ik tink dat der ek wat oars by kaam, nammentlik de eangst dat
as ik no net trochsette, dan soe myn skriuwersboarne opdroegje. In
skriuwer moat skriuwe, oars ferdwynt de ynspiraasje, hy moat konstant
oan dat tou lûke. Dat is net wier, mar ik tink dat ik sa tocht ha.
|
|
Skriuwe as in gek
en samar útskreaun
|
k
haw as in healwizeling oan it skriuwen west, dêr yn Loaijingea en
fan 1966 ôf yn Gau. De ûntfangst fan Fabryk
hie troch de resinsinten aardich posityf west en By de hannen omt ôf waard skaplik behandele. Ik mocht
net kleie oer san start. Mei wat Rely Jorritsma-prizen derby
hie ik fuortendaliks de wyn aardich e seilen. Ik hie talint,
sat dat doe noch neamd waard, en dat moast fersilvere wurde.
Ferhalen, romans, twa detektives en rigen fersen, fanalles wie ik
mei dwaande. Der wankte noch mear súkses. Utjouwer Van Ditmar te Amsterdam,
op siik nei skriuwers foar in wer op te bouwen fûns, besleat om Fabryk
en dêrnei Minskrotten-Rotminsken
út te jaan. Ik krige fan beide boeken nijsgjirrige en gauris positive
resinsjes. Finansjeel wie it gjin boppeslach.
Ik hie yn 1964 myn MÛ-A
Frysk helle en ik hie graach daliks trochgean wollen mei MÛ-B,
mar der wienen net genôch studinten te finen. Ik ha my doe ynskriuwe
litten as studint MÛ-A Nederlânsk, mar eigentlik
ynteressearre dy stúdzje my net. No, ik bin wol trou nei Ljouwert
reizge, mar myn frije tiid stiek ik allegearre yn e skriuwerij.
Ik ha gjin eksamen dien.
Ik hie fan 1964 oant 1968
alle jierren in (Fryske) publikaasje en yn 1967 sels twa. Mar doe
wie de feart der wat út. Mei ferhalen en fersen rûn it wol troch mar
mei de romans heakke it. Ik tink dat ik fierstefolle fan mysels frege
hie de foarbye jierren. Yn alle gefallen, it woe net mear.
FERHALEN
ROMANS OANT 1968
DETEKTIVES
FERSEN
Sjuch ek: OMBALLINGEN, Hollânske
suksessen en debakels
|
|
Writersbloc
Jest yn e Ardinnen,
1974
Myksomatoze, 1974
|
|
an
1970 ôf wennen wy, en al rillegau ik, yn Frjentsjer. Ik stie by Josse
de Haan oan skoalle yn Hjelbeam. Dat duorre ek mar in jier nammers,
want doe gyng Josse nei Skagen.
Yn 1970 wienen der genôch
minsken byinoar te krijen om in kursus Frysk MÛ-B
te starten. Fansels joech ik my op. Dy stúdzje haw ik tige serieus
opfette, ik studearre twintich oeren yn e wike. Dochs hold ik
noch genôch tiid oer om te skriuwen, it skoalmasterskip wie doe noch
in luzebaantsje, healwei fjouweren klear en oars gjin ekstra drokten
as de âlderjûn. Earst letter kamen der allerhande fernijingsgroepkes
dêrt men oan meidwaan moast. Ik ha nammers yn dy tiid
twaris in healjier betelle literêr ferlof hân om te skriuwen.
Wol tiid, ek wol nocht, mar
gjin rêst. Myn houlik wie op e klippen rûn en ik wie poerûnwennich
fan e drokte fan in húshâlding. Inkeld de twa ferhalebondels
en de beide fersebondels út dy tiid hawwe in ridlike kwaliteit.
Mei de romans kin ik gjin nivo helje. Jest yn e Ardinnen en Myksomatoze, beide yn 1974 publisearre, binne mislearringen.
Ik wie tefolle mei mysels dwaande om niget opbringe te kinnen oan
fiktive figueren. It wienen dus myn eigen problemen dyt dy stakkerts
te dragen krigen en ik koe dêr útsoarte net objektyf en ôfstandelik
oer skriuwe. As in skriuwer net skriuwe kin, moat er it net dwaan.
In writersblock is ferfelend foar de skriuwer, mar de slimste slachtoffers
binne de beammen en de lêzers, dat is hjir ek it gefal. Ik hie dy
manuskripten in jier lizze litte moatten en dan fuortbruie. It stomme
is ek dat ik hjir wer op e psychologyske toer
gien bin. Dat leit my net, dêr haw ik gjin aardichheid oan. De psychiater
dêrt ik in skoft by ûnder it mes west ha, foel dat ek op. Ik
wie ûngaadlik foar de psycho-analyze sei er, want ik hie gjin ynteresse
yn myn psychysk funksjonearjen. Dat is ek sa, dat kin my neat skele.
En oarmans psyche kin my ek neat skele. De psychology as teory kin
ik ek neat mei, dy bynt it libben tefolle yn skemas fan mooglikheden
en wierskynlikheden. Dus, gewoan stom dat ik dy boeken skreaun ha.
|
|
Oare ynteressen
De skjintme wurdt
ferbwólgwódde, 1981
|
|
e stúdzje MÛ-B, dêrt ik
yn 1970 oan begûn wie, woe ik ris
ôfmeitsje. Yn de jierren dat ik betelle literêr ferlof hie folge ik
de kursus ek net. De trije jier dyt foar de oplieding stienen,
waarden by my seis. Doe haw ik my marris op it Goatysk en it Aldfrysk
smiten en myn artikels oer it koarte ferhaal bondele ta in skripsje.
Yn 1976, daliks nei myn MÛ-B-eksamen liet
ik my te Amsterdam ynskriuwe foar doktoraal-Frysk en doe kaam it skriuwen
helendal op it twadde plan. It iennige wat ik yn dy tiid produsearre
hauw is De skjintme vurt ferbwólgwódde. In nijsgjirrich
boek omt ik in haadpersoan keazen haw dyt ik út noch yn
net lije mei en dyt ik dochs safolle mooglik syn gerak jûn haw.
As terapy is it goed om san boek te skriuwen. In skriuwer moat
net mei syn persoanen ompopkje, mar
ek net ferhûddûkje, hy moat se sa goed mooglik beskriuwe sûnder
te oardelen.
It boek is opset as fiif
opinoar oanslutende minofmear losse ferhalen. Dat haw ik dien omt
ik der net konstant oan skriuwe koe, it boek is skreaun yn fiif fakânsjes.
Ik hold neist de stúdzje gjin tiid oer. De beide skripsjes dyt
ik meitsje moast, benammen de taalkundige, slokten al myn kreativiteit
nammers op.
|
|
Wittenskip
|
ei
De skjintme wie it dien. Gjin writersblock,
alteast gjin psychyske
behinderingen, oarsom, ik wie aardich by de wâl opklaud. Ik troude
op e nij, krige bern, learde autoriden. Ik waard yn 1979 wittenskiplik
amtner - in fak dat neffens it arbeidsburo te Harns helendal net bestiet
- oan e VU mei as taak in promoasjeûndersyk
te dwaan nei it proaza fan likernôch 1850 oant 1950. Ik haw dat ûndersyk
mei grutte nocht dien. Wittenskip is net toar en droech, hoecht dat
alteast net te wêzen. De earste stelling by myn proefskrift is: Wetenschappelijke
arbeid is zeker niet minder creatief dan het zogenaamd literair-scheppend
bezig zijn. Dat mien ik oprjocht, wittenskip is like nijsgjirrich
as resjersjewurk en in wittenskiplike tekst moat lêze as in detektive.
Ik wit wol, ik hie ek in pracht fan in opdracht: dêr lizze in heap
boeken en boekjes en skep dêr no ris oarder yn. No, dat haw ik dien,
de boargerlik-triviale literatuer fan e 19e
ieu, en de boereroman fan de 20e ieu, dat is
myn kreaasje. De wittenskip ynteressearre my tige en frege ek noch
al wat fan myn skeppingsdriuw. Wol wie der soms ûnwennichheid nei
it skriuwerskip. Yn e fakânsjes yn Frankryk haw ik nochris dwaande
west mei in satyrysk ferhaal oer Gulliver yn it lân fan e
Deetbrinken en mei in roman dyt as titel hawwe soe De mûs yn e yoghurt, mar ien en
oar is neat wurden. Miskien hie ik noait wer skreaun as Steven de
Jong net kommen wie mei De Wuttelhaven
del.
NEI DE
BWARRE
LITERATUER EN LITERATUERWITTENSKIP
|