Omballingen

 

De Bogt fen Guné

n ’e twadde helte fan ’e sechstiger jierren wie der ris in Fryskliterêre happening yn De Bogt fen Guné te Frjentsjer, dêr’t ik foar útnoege wie. Dêr haw ik Josse en Meindert kennen leard. Doe’t wy âlder waarden, hienen wy fan dy wylde bosken burd, mar doe hienen wy alle trije in kreas byskeard en byknipt streekje burd om ’e kaken. Fan dy jûn heucht my neat mear, allinnich dat Meindert my nei Gau riden hat. Meindert hie wat drank op en om’t er bang wie dat er oanholden wurde koe troch de plysje, spuite er him in pipermuntspray yn ’e mûle.
   Dy jûn haw ik myn groep en myn generaasje fûn, in ploech skriuwers dy’t letter hâld en foarm krigen hat yn en om Trotwaer en de Koperative Utjowerij. Dat hat tige wichtich foar my west, ik bin gjin wrotter op mysels en foar mysels, ik haw ferlet fan respons. By it publyk haw ik de earste tritich jier fan myn skriuwerskip gjin poat oan ’e grûn krigen, namste belangriker wie it dat ik in literêre freonerûnte hie dêr’t ik my yn thús fielde. It dwaande
wêzen fan oaren stimulearret my om ek wer te skriuwen.
Dat jildt yn it algemeen, mar soms ek heel direkt oanwiisber. De Wuttelhaven del hat my oantrune om myn Reade Bwarre ôf te meitsjen, mar lyksa hat Shit my mar lek fan Meindert Bylsma tige ynspire
arjend wurke. Doe’t ik dat boek lêzen hie, krige ik ek wer nocht om wat geks te meitsjen. Dat is Sinleas geweld wurden. De boeken hawwe neat faninoar, mar fan Meindert syn boek is lykwols in stimulâns útgien. Ik hingje frij sterk ôf fan it literêre klimaat. As dat deadsk en skrousk is, kom ik ta neat. Mar as it allegearre drokte en beweech is, krij ik ek nocht om in sint yn it ponkje te dwaan.

Josse de Haan seit dat wy trijen inoar al earder moete hienen yn Koartehimmen. Dat sil dan wol wier wêze, mar foar my is yn De Bogt de fonk oersprongen. Foar myn subjektyf belibjen it echte begjin.
De Bogt fen Guné is no de ‘stamkroech’ fan Utjouwerij Venus wurden. Dat docht my deugd. Begjin en ein gripe yninoar.

 

Ien fan ’e snoadste dingen dy’t ik yn myn libben dien haw, is dat ik yn Snits in typekursus folge ha. Dêr ha ik al myn libben in grut plesier fan hân. Ik haw neityd noch heel lang mei de hân de earste ferzje fan teksten skreaun en dy dêrnei oertikke. Sûnt ik yn 1985 of 1986 in kompjûter oantúgd ha, skriuw ik neat mear mei de hân en alle eardere ferzjes smyt ik wei. Dat sil it FLMD wol tige nei ’t sin wêze, se hawwe dêr al doazen fol rotsoai fan my.

Wy wienen as leden fan ’e Koperative Utjowerij oan it boeksuteljen yn Arum. Ik hie dêr in almachtigen tsjinsin yn, ik kin net ferkeapje. Mar hawar, ik stie by in âld wiif yn ’e keamer myn waar oan te priizgjen mar se woe der net oan. By einsluten wiisde ik har op in boek fan Trinus Riemersma, in jong skriuwer dy’t nochal opgong makke hie. Oe nee! Dêr moast se neat fan ha! Fan dy fint woe se gjin boek lêze, dat wie sa’n rare skriuwer! No, ikke wol, sei de dochter fan in jier of fiifentwintich-tritich. En se kocht in boek fan my. Ik soe dat frommes, dat no ek wol tsjin ’e santich rinne sil, noch wolris moete wolle en har in grouwe tút op ’e bek jaan.

 

De lêzers

e resinsjes fan Fabryk wienen net ôfwizend, ek net dy dy’t Tiny Mulder skreaun hie foar it Friesch Dagblad, mar dy’t noait ferskynd is. De redaksje fan it Friesch Dagblad wie fûl op it boek tsjin, mar dat wie eigentlik wol aardich, dat joech in heel soad publisiteit. It grutte publyk hat it boek preaun en útspuid. As dy publyksreaksje bleaun wie by it distânsjenimmen fan in literêr wurk, hie it hinnebruie mocht. Mar yn it ferfolch fan de feroardeling fan myn boek waard ik persona non grata yn Fryslân en dat wie net noflik. It is my destiids raar ôffâlen dat minsken dy’t sizze op te kommen foar eare en deugd, in oar sa ferwâdzje kinne. Ik haw in planke foar myn kop en in planke oer myn siel spikere en ik haw it ferneard. Myn earste frou hat godtank altyd efter myn skriuwerij stien, hoewol’t de smearlappen net te goed wienen om har it fjoer oan 'e skinen te lizzen: Wat tinke jo no fan 'e boeken fan jo man?
   Dat is no allegearre foarby en fergetten. ‘Men moat ek ferjitte, want wa kin libje dy't net ferjit? Mar út en troch moat der ien wêze dy't betinkt...’ Fan wa’t dat (oarspronklik Dútske) sitaat - dat grif op folle slimmer dingen betrekking hat - is, wit ik net mear. Ik haw it ek meastepart fergetten, of fuorttreaun, mar foar de skiednis fan ’e Fryske literatuer is it needsaaklik soks te memorearjen: de jierren sechstich, doe’t de âlde garde him opmakke om ‘it fatsoen’ te ferdigenjen, wienen in ferskriklike tiid foar elk dy’t wat oars en wat nijs woe. Wat is Bauke de Jong, dy’t de stomme, want antysemitysk-eagjende teksten fan E. B. Folkertsma op it harspit naam, ek net troch de stront helle. De âlde garde sleat de rigen, naam syn idoalen yn beskerming en trape nei de jongerein.
Se lizze no allegearre yn it grêf of stjonke nei de lodde. En dat is moai. Ik hoopje dat se ferrotte en fergien binne foar’t ik yn ’e modder kom.
   Ik ha jierrenlang in smoarge skriuwer, in goare skriuwer en wit ik wat allegearre west. En sjochdêr, nei De Reade Bwarre bin ik ynienen in salonfähige skriuwer en sels in grut skriuwer! Ik krij no brieven fan âlde wiven dy’t har âld kearel stikken foarlêze út ’e Bwarre en och wat moai allegearre. En wêr wienen jo fiifentritich jier lyn, tink ik dan. Earst krusigje him en dan hosannah, ja-ja, jim sykje mar moai in oare messias!

 

 

 

Hollânske suksessen en debakels

abryk en Minskrotten waarden yn it Hollânsk oerset, respektivelik as Fabriek (1965) en De verwoesting van Leeuwarden (1968). De oersetter wie Rudy Boltendal, destiids redakteur fan 'e Friese Koerier. De boeken ferskynden by Van Ditmar te Amsterdam (nèt: Nijgh en van Ditmar). Dat bedriuw hold him it meast dwaande mei de ymport fan boeken, mar it woe ek werris wat mei syn eigen fûns dwaan. Om net skriuwers fan oare útjouwers ôf te snobjen, moast Van Ditmar it fjild yn om nije skriuwers dy't har noch net oan in (Hollânske) útjouwer bûn hienen. Sa kaam er by de Fryske literatuer en by myn boeken telâne. De boeken waarden troch de Hollânske kritisy goed ûntfongen, op it FLMD sille grif in heel soad knipsels te finen wêze mei priizgjende wurden. Mar it Hollânske públyk woe de boeken net keapje: Frysk, dat kin neat wêze, dat hoecht men net iens te hifkjen, dat kin men sa wol witte. Fan beide boeken binne in twatûzen ferkocht en de rest is ferramsjt. Sneu foar Van Ditmar.
   Yn 2002 soe it nochris heve. De Geus fan Breda ferklearre him ree om Nei de klap yn oersetting út te jaan. It wie Teake Oppewal einliken slagge om de lju oer de streep te lûken. In ekstra subsydzje fan de Provinsje Fryslân die de rest.
   It boek hat lang net safolle omtinken krigen as dy earste oersettingen. Der bin nammers ek lang safolle kranten net mear, liket my ta. De resinsjes wienen net min, mar dat wie de ferkeap wol. De Geus hat my it restant foar sliterspriis oanbean. Mar wat moat ik dermei? Wy ha sintrale ferwaarming.
   Dit sil myn lêste oersetting wol wêze.

 

 

 

 

 


Sjoch foar oare Omballingen


ALTYD ÚTPOEPT
LITERATUER EN LITERATUERWITTENSKIP
MEN LEART IT NOAIT