Kollums

 

Dat is stom, Geart

 

eert Wilders woe net nei it listlûkersdebat fan de vara om’t dy omrop him misledige hie mei in kartoon (maar niet alleen mij, ook al die 35.000 pvv-kiezers – syn bekend rideltsje).

   Dat kartoon, dêr’t Wilders yn foarsteld waard as in kampboal dy’t de ‘túchdoarpers’ de gaskeamer yn jaget, wie net botte subtyl en feitlik ûnkrekt. Geert is gjin nazi en gjin faksist en gjin rassist, en it is stom om him soks oan te wriuwen. Beskuldigingen moatte in feitlike basis hawwe en krityk moat hout snije, oars is it domme skellerij dy’t as in boomerang de skelder treft.

   ‘Snoade’ mannen sette dizze redenearring op: Geert hat in hekel oan de islam, dat hy mei eigentlik moslims net lije. Moslims wenje almeast yn net-Westerske lannen en dy lju hawwe gauris in donkerder hûdskleur en ek wat in oare kop as wy, it giet hjir grif om in oar ras. As Geert dy minsken net lije mei, dan is it grif in rassist.

   Mei soksoarte ‘keatlingredenearringen’ kin men fan alles oantoane en wiermeitsje, mar it bliuwt allegear likefolle flauwekul.

   Om gjin misferstân te krijen: fansels mei sa’n kartoon ferskine, de frijheid fan mieningsutering hâldt de frijheid yn om ûnkrekte of stomme mieningen te uterjen – oars soe it nammers ek ferrekte stil wurde op ’e ierde.

   Geert mei fan ’e oare kant ek bêst argewaasje ha fan dat kartoon, mar om dan wei te bliuwen fan in listlûkersdebat, dat is wat lytsbernich

   Der is wol beweard, Geert brûkt soks as in ferlechje om him foar de konfrontaasjes mei oare politisy wei te winen. Dêr is grif wat fan oan, mar ik tink wat langer wat mear, hy fielt him echt tekoart dien troch sokke krityk.

   In meidieling hat in ynhâldlik aspekt en in betrekkingsaspekt. Wurden sizze wat en wurden bedoele wat, sette ta wat oan en lokje wat út.

   Hat Geert wol troch dat syn wurden ek in betrekkingsaspekt hawwe? Hy seit fan alles oer de islam en dat is allegear feitlik wier, mient er – en ik leau yn syn oprjochtens. Mar hy begrypt net dat minsken har syn wurden oanlûke en dêr troch rekke wurde.

   It nuvere is, as Geert sels oanfallen wurdt, dan is er yn alle steaten, dan is it lân te lyts. Want hy docht neat ferkeards, hy racht net en hy ruit net op. Hy docht feitlik krekte útspraken en mear net.

   Geert siet net by it listlûkersdebat fan de vara, hy siet by Uitgesproken wnl en dêr krige er de iene foarset nei de oare en hy koe mar ynskoppe. Eerdmans plaveide him it paad mei lopers en blommen.

   Tsjin ’e ein fan it petear makke Geert in ferskriklike útglider – lit ús it dêr op hâlde, mar it is ek mooglik dat er al folslein op ’e doele is. Hy pleite der foar dat rjochters soenen net langer foar it libben beneamd wurde, mar foar in termyn fan fiif jier en dan soe har wurk evaluearre wurde. Hienen se string genôch straft, dan waarden se op ’e nij beneamd foar in perioade fan fiif jier, wie dat net it gefal, dan koenen se oar wurk sykje.

   Stomme kloat, hoe krijst it yn ’e harsens! Want wa moat de rjochters beoardielje, dat binne fansels de politisy, en dan is it dien mei de skieding fan ’e machten. It lêste lân yn West-Jeropa dêr’t de rjochters ‘rjochtsprieken neffens easken fan ’e politisy, dat wie Nazi-Dútsklân.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 2011)

 

 

Wy binne it folk

 

t meast spektakulêre op it Tahrirplein yn Cairo dat wie by my De Sjarzje fan ’e Lichte Brigade. Ik bedoel it optreden fan dy ruters op kamielen of dromedarissen dy’t besochten om de boel yn ’e bulten te jeien.

   De Sjarzje fan ’e Lichte Brigade is in ûnderdiel fan ’e Krimoarloch, de oarloch fan Ingelsken en Frânsken tsjin de Russen, en grif wol it meast bekende part der fan. Op 25 oktober 1854 krijt kommandant James Brudenell de opdracht om mei syn seishûndert ruters, wapene mei swurden en lânsen, in oanfal te dwaan op de Russyske stellingen. Mar de Russen hawwe strategyske posysjes ynnommen en steane de fijân op te wachtsjen mei kanonnen. En dy kanonnen dogge fan pyf-paf-pûf. De helte fan ’e brigade rekket dea of ferwûne.

   In Frânske maarskalk sei: It is prachtich, mar it is gjin oarloch, it is dwaasheid. Dwaasheid grif, mar oarloch is altyd dwaasheid, en wat hjir foar prachtichs oan is, ûntgiet my. Jinsels sinleas opofferje, is dat prachtich?

   It optreden fan dy ruters op it Tahrirplein wie like sinleas. It wie wol yndrukwekkend, dy razende ruters mei har stokken. Goed organisearre ek, se wienen der ynienen en stoarmen it plein oer. Mar it wie by einsluten net mear as in sêne út in spektakelfilm lykas Ben Hur. In staaltsje massa-rezjy dêr’t men it fakmanskip fan bewûnderje kin en dêrmei basta.

   De frijheidsstriders op it Tahrirplein hienen gjin kanonnen, mar se taasten de ruters mei de bleate hannen oan en keilden har oer de strjitte.

   Wat my no dwars sit is de fraach: wienen it kamielen of wienen it dromedarissen? Ik kin gjin foto’s op it ynternet fine en yn it televyzjenijs fan in dei of wat lyn haw ik it sa gau net sjoen. Ik soe it leafst op in kamiel sitte, stevich tusken de bulten yn. Boppe-op dy iene bult fan in dromedaris, dat liket my nochal tuitelich. Hawar, miskien lit in lokaal-histoarikus dêr mei in jier of fiifentwintich syn ljocht wol ris oer skine yn ien fan de hûs-oan-hûsblêden fan Cairo.

   It hawwe spannende wiken west. Men hat hope mei de hoopjenden, noed hân mei dy’t yn need en noed sieten, eangstich west mei de eangstigen. En dan, as de hoop ferfljucht, komt de goe-tiding: hy jout belies, hy donderet op! En dan kin der freugde wêze mei de freugdefollen.

   Wir sind das Volk! Dêr moast men iderkear oan tinke, de opstân fan ’e ddr-boargers tsjin it rezjym. Net jimme, pommeranten, mar wy, wy binne it folk. Dyselde geweldleaze krêft as yn East-Dútsklân seach men yn Egypte. Stânfêstens, selsbewustens, selsbetrouwen. Wy belibje dochs geweldige tiden, tiden dy’t de wissichheid jouwe, it mei tsien kear mis gean, it giet ek wol ris hartstikke goed.

   Dat betrouwen dat de wrâld oer weaget, stekt my oan. Ik behelje dat betrouwen op myn eigen sitewaasje. Dat is miskien gekheid, it is yn alle gefallen arrogant. Mar doch ik ien dêr skea mei, kin it kwea?

   En mocht it sa wêze dat myn betrouwen gjin fêst fûnemint hat, mar ôfkomstich is út in pûdsje ynstant-surrogaat mei E-smaken en E-roken, dêr lûk ik my neat fan oan. De hear is myn hoeder, my sil neat miskomme. Al moat ik gean troch in delling fol deadlike skaden, ik ha thús noch in pear droege sokken.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 17 febrewaris 2011)

 

 

Alde wyn yn âlde sekken

 

k hie, earder al, skriuwe wollen oer Jolanda Sap, want dat minske hat my echt ferbjustere. Destiids, as sekondant fan Halsema yn ’e ûnderhanlingen oer Pears-Plus, like it my in koel en klear frommes ta. Ien dy’t alle dossiers út ’e holle koe, in siferkop.

   Wat is se my ôffallen yn ’e diskusje oer Kunduz. In sintiminteel frommes, in jankepot, en ien dy’t dêrtroch en sadwaande de werklikheid net mear sjocht. Mei triennen yn ’e eagen wurdt jins loaits fertribele.

   Mar Sap moast wachtsje en moat nochris wachtsje. Der stoar in freondin dy’t ik graach lije mocht, ferdomde graach, om dúdlik te wêzen. No ha wy har krekt ûnder de ierde skikt, of teminsten yn ’e kûle – ik nim oan, it grêf is letter tichtsmiten –, en no ha ’k sels wer kanker.

   Even tocht ik, soe der dan dochs harmony yn ’e natoer wêze, sa fan as der in kankerpasjint dea giet, dan moat der in nijenien komme? Eigentlik soe ik dat ek noch wol earfol fine, dat ik Minke har kanker oerkrige en fuortsette. Mar dat is fansels ôfwaaid praat, der is gjin harmony yn ’e natoer, gjin rjochtfeardichheid en gjin gerjochtichheid.

   Santjin jier lyn hie ik der gjin sin oan om dea te gean, no earlik sein noch net. Der binne dingen dy’t my wjerhâlde. Ik ha myn jongste soan tasein dat ik tachtich wurd, dan is hy fiifentritich en moat er syn ferstân ha. Ik ha mei fiifentritich myn ferstân ek krigen. En ik wol myn suster begrave, ik kin it myn suster net oandwaan dat se har jongste broer ek noch te hôf bringe moat, dat is te hurd. En de hûn moat foar my deagean, in hûn kin de dea fan syn baas net ferneare. En ik soe takom jier de Slachte ek noch ris rinne wolle en leafst oer fiif jier noch in kear.

   Ik wit by god net hoe’t it ôfkealje sil. De prognoaze is net bepaald feestlik. Mar ik tink dat ik de Slachte takom jier noch wol rin. Ik kin my deagewoan net foarstelle dat ik der net by bin.

   En fierder, wy sjogge wol, en jim sjogge it wol: salang’t myn kollums ferskine, bin ik goed by sûpe en stút. En as der op in tongersdeitemiddei in gat yn ’e krante sit, dan is it mis. Mar ik jou ta, it is ferfelend, ik fertel in âld ferhaal yn âlde wurden.

   Sap komt grif noch wolris oan ’e oarder. Ik ha my oer dat minske besaud, se siet by Pauw en Witteman te glunderjen as hie se in goedkeape troujurk op ’e kop tikke en as telde se de dagen oan ’e troudei ôf. It gelok, de blydskip, de freugde striele fan har gesicht ôf.

   Minske, de hast de boel by dyn eigen partij finaal yn ’e bulten jage. Tachtich persint fan dyn partijleden seit ‘nee’ en do seist spikerhurd ‘ja’. Nee, net spikerhurd, dat liich ik. Se wie tige oandien en emoasjoneel, it lipke trille, se koe it amper droech hâlde.

   Mar emoasjepolityk en emoasjesjoernalistyk en emoasjepankoeksmoal ha wy gjin sprút ferlet fan. Fan in politikus ferwachtsje ik gjin emoasjes, gjin ferklearringen oer hege idealen, mar ferstannige beslissingen op grûn fan it ferstanlik hifkjen fan ’e feiten.

   Mar lit dy Sap no earst mar genietsje fan har sabeare triomfen en skynoerwinningen. Wy krije dat minske - by libben en wolwêzen - wol werris foar de fyts. En dan rimje wy net, wy fytse har dwars oer de bealich hinne.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 10 febrewaris 2011)

 

 

 

De rôze kont

 

y kont sil net altyd rôze west ha, se sil ek wol oare reedridersbroeken hân ha. In spikerbroek of in swarte broek. Mar dy rôze is my it bêste by bleaun. As ien yn in swarte broek foar jin riidt, of in grizen, dat is frij neutraal, dat seit fierder neat. Mar dy rôze sprong der út.

   Dy rôze kont, dy ferskriklike rôze kont, ik koe him noait byhâlde. Ik bin der jierren efteroan klaud, mar ik bleau ek altyd efteroan.

   It wie gjin echte reedriderskont. Dêr wie er te behindich foar. De echte reedriderskont, dy sjocht men by froulju dy’t de foarse kant neist binne. Ridlik breed yn ’e skouders, tsjûke boppe-earmen, stevige skonken, en dan dy kont, as Maagdenburger halve bollen, moai rûn en grou, ien bonke spieren.

   Jierren herwaarts seach ik ien fan ús húsdokters har opbinen by de Stadsherberg. En dêr skeuvele se hinne. Wat in kont! Wat in godlike reedriderskont.

   Nee, mei seks hat dat neat noadich, oer iis spilet seks gjin rol. As men manmachtich oer it iis gliidt, dan ferblikke de seksegrinzen en de stânsgrinzen. It is sa’n bytsje lykas Jezus Kristus antwurdet op in strikfraach fan in mannich Sadduseërs:   Want yn de opstanning trouwe hja net en wurde hja net troud, mar binne as ingelen yn ’e himel (Mattheüs 22: 30).

   En wienen wy net as ingels op ’e Ried tusken Frjentsjer en Berltsum? It wie de himel. In ploechje freonen, bern der omhinne, efteroan, fier foarút.

   Mar soms wie it de hel, al woe ik dat foar gjin jild tajaan. Dat geklau efter dy rôze kont dy’t ik noait, noait, noait byhâlde koe.

   Har man hie syn deistich wurk, myn frou ek. Sy koe fierhinne frij oer har tiid beskikke en ik joech in pear jûntiden les en ik koe wol wat ploaie. En dêrom wienen wy gauris tegearre op stap. Op reed, sa te sizzen.

   Der heucht my in tocht fan Harns nei Boalsert ta. Dy âlde, wide slinke fan de Marne del, efter Achlum lâns en dan skeanoer op Boalsert oan. Yn Hichtum koenen wy net fierder, it iis ûnder de brêge wie net fertroud. Ik wie sa bliid as in protter. Sitte, poeier.

   Mar wêrom docht men soks as it allinnich giet om it tefreden gefoel jûns fan ik ha it opret, ik haw it presteard? Mar sa wie it ek net. Elke skek en elke streek wie in oerwinning op de wurgens. Elke meter dat men foarút kaam, wie in bewiis dat dit lichem gjin belies joech.

   Twa jier lyn hawwe wy foar it lêst meiinoar op it iis stien, op ’e ûnderstrûpte Ryptsjerksterpolder. Wat ûnwennich, want it hie yn gjin jierren wintere. Sy foaroan, útsoarte, de mûts strak oer de gemokuerde kop hinne.

   Ik steutere en knoffele, ik hie gjin bestjoer oer de skonken en folslein gjin selsbetrouwen mear. Dat waard dus stroffeljen en fallen, want wa’t bang is, falt. By einsluten makke ik sa’n smak dat ik in skuor yn ’e pols oprûn. In fjirtjin dagen letter haw ik mei de earm yn it gips noch fiif rûntsjes op ’e iisbaan makke. Mar ik moast mysels tajaan dat it oer en foarby wie, ik doarst net mear.

   Ferline simmer haw ik har ferteld dat ik dochs noch sa graach ris ride woe, efter in stoel, efter in slide. Gniis my mar út, dat kin my neat skele. It koe wol by har efterhûs, ornearre se. Se wennen sûnt koart oan in mar.

   It sil der net mear fan komme, Minke is dea.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 3 febrewaris 2011)

 

 

Agit-prop

 

ijk, het valse van Tinkebell is dat zij haar vuige plannetjes uitvoert onder de noemer van ‘kunst’. Mei dy freonlik útsprutsen wurden hie Midas Dekkers - yn it programma fan Arie Boomsma, In de schaduw van het nieuws - de keutel by de skjinne ein.

   It gyng yn dat programma oer it foar en tsjin fan de animal cops, mar de measte klam foel op Katinka Simonse, of ‘Tinkebell’, sa’t se harsels neamt, dy’t werris mei in kontroversiële aksje omtinken frege foar it diereleed. Earder al hie se har kat deamakke en strûpt en der in taske fan makke. Diskear, mar dat ’s ek al wer trije jier lyn, hie se hamsters opsletten yn plestik bollen om it minskdom attint te meitsjen op de minne behanneling fan bisten.

   In lang om let útsprutsen rjochterlike fûnis oer Simonse har dwaan en litten woe hawwe dat Simonse wie net skuldich oan it mishanneljen fan hamsters. Oft dat no in geunstige útslach wie foar har projekt, twivelje ik oan. Mar grif hawwe de hamsters der wol kontint mei west. Wy, bolhamsters, binne gjin ferhûddûke stakkers, mar keunsthelpers en warskôgers foar dieremishanling.

   ‘Keunsthelpers’ of ‘dieremishanling’, dat wie Dekkers syn probleem ek, wêr giet it eigentlik om, wat it is doel fan dit projekt? Simonse brûkte in heap wurden, dat skynt monumintale keunstners eigen te wêzen, mar echt helder waard de boel net.

   Har probleem liket te wêzen dat se it net fele kin dat har keunst, lykas alle keunst, gepiel yn ’e marzje is, maatskiplike yrrelevant gewrot. Der sille grif wol in mannich minsken wêze dy’t ‘wat oan har keunst hawwe’ of ‘der troch rekke wurde’. Mar dat is nochal ûngrypber en soks hat bûtendat gjin ynfloed op it maatskiplike debat.

   Simonse wol aksjefiere, minsken ta neitinken bringe, dingen yn gong sette, folle net genôch, en wat my oanbelanget, ek bêst genôch. Mar dêr moat se de keunst net foar misbrûke, want de keunst ferwurdt ta propaganda en de propaganda ferwurdt ta keunst. Se slagge inoar oer en wer dea.

   Koart nei de Russyske revolúsje besochten de machthawwers it Russyske folk, dat foar in grut part analfabeet wie, mei benammen toanielstikken de wearden fan it kommunisme yn te skunen. Keunst wie net it doel, mar it middel, beynfloeding wie it doel. Agitaasje en propaganda, neamden se har opfiedingsprojekt, en dy wurden waarden oaninoar plakt ta agit-prop.

   Dat is wêr’t mefrou Simonse mei dwaande is, agit-prop. Se wol minsken op gedachten bringe, beynfloedzje, warskôgje, oansprekke op har hâlden en dragen. Se wol fia har keunst wat feroarje yn ’e maatskippij, en sadwaande stapt se bûten de keunst.

   Keunst is fan alle kanten frijbliuwend tsjinoer it werklike libben fan al den dei. Wolst der dit yn lêze of hearre, dan dochst dat, wolst der wat oars yn lêze of hearre, ek bêst. Wolst of kinst der neat yn lêze of hearre, ek goed. Do bist frij, do hoechst net te reagearjen en ast dochs reagearje wolst, dan op dyn eigen wize en op dyn eigen manneboet.

   Keunst twingt in minske net in kant út, lykas Simonse docht mei har agit-prop, mar keunst makket in minske gauris ûnwis oangeande syn opfettingen en oardielen. Keunst bringt in minske net op gedachten, mar bringt him fan syn gedachten ôf.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2011)

 

 

Noait wer op it húske

 

oar ús as jonges wie pisjen komselden in probleem. Der wie altyd wol in pealtsje of in hage of in steechje dêr’t men it kwyt koe. Der waard ek minder in probleem fan makke, de term ‘wyldpisjen’ bestie bygelyks noch net. Men skikte it wat mei de sichtberheden, mar fierder gyng elk syn gong.

   Foar famkes wie it wol dreger, dy moasten nei hûs of nei it hûs fan in kammeraatske. Fan de ûnderhanlingen oer de tocht nei oarmans hûs en húske krige men útsoarte neat te hearren, dat sil wol lústerjendewize syn beslach krigen ha. Men hearde der earst wat fan as de kammeraatskiplikheid op ’e non rûn en freonskip ferkearde yn fijânskip.

   In kear as wat haw ik fan rúzjemeitsjende famkes de iene de oare taroppen heard fan: Komst noait wer by ús op it húske! Dat wie de finale klap, de definitive besegeling fan de ein fan in relaasje.

   Grif hat dat in utering fan tagedienens en betrouwen west, ien op jins húske talitte. Men liet immen ta yn ’e yntimiteit fan jins bestean. Us moderne spielhúskes litte allinne mar in plaske wetter sjen en fierder neat. Mar as men foartiids it lid fan ’e bril helle, dan seach men de ôfgong fan in húshâlding yn kleur en fleur en foarm lizzen. Sa skieten dy lju dus, en it wie jin tastien om dêr kennis fan te nimmen.

   Dêr moast ik oan tinke, doe’t ik lies dat wy, Nederlanners, net mear oan de G20 dielnimme mochten as wy de ‘misje’ yn Uruzgan net fuortsette woenen. It waard Wouter Bos ynearsten mei bedutsen en letter mei ûnbedutsen wurden dúdlik makke. Net fjochtsje yn Uruzgan, dan komme jim noait wer by ús op it húske.

   Sa siet dat dus. Net om’t Nederlân sa’n wichtich lân is, of om’t Nederlân seldsum knappe ekonomen en sintemannen hat, mar om’t Nederlân ree wie om te fjochtsjen yn Uruzgan, dêrom mochten wy oansitte by de machtichste ekonomyen fan ’e wrâld.

   It hat ús in kaptaal koste en ryklik twintich deade soldaten. Der is gauris lûdop twivele: binne dy jonges fergees fallen? Wy witte it no sekuer: dy jonges binne net fergees sneuvele, se binne opoffere om Balkenende it sitten oan ’e tafel fan ’e grutten fan ’e ierde mooglik te meitsjen.

   Synyske minsken dogge de polityk ôf as in spultsje fan lytse jonges. Mar it is slimmer, it is in spultsje fan lytse famkes: komst noait wer by ús op it húske.

   Elkenien kin it him noch foar de eagen helje, de bylden binne ommers sa faak werhelle: Balkenende en De Hoop Scheffer op besite by Bush. Se waarden troch Bush beknypt en beaaid dat se der wee fan om it hert waarden. Se mochten by de Amerikanen op it húske.

   Letter mochten Willem Alexander en Máxima yn it Wite Hûs op besite komme. Michelle hie der in ûnbidige skaal mei koekjes, neffens myn rûge skatting wol in fjirtich, foar oer om de gasten de yndruk te jaan dat se wolkom wienen. Se mochten op it húske.

   De fal fan it kabinet-Balkenende-IV, wêrom’t dat sa moast en sa gyng, is in stik klearder, mar ek in stik ûnsmakeliker wurden. Alle respekt foar Wouter Bos dy’t de poat stiif holden hat en in dikke tút foar Julian Assange dy’t de smearlapperij oan it ljocht bringt.

   Soe Michelle dy oerbleaune bats koekjes letter oan oare gasten foarset hawwe?

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2011)

 

 

Ut sal nooit wat wudde

 

t hat de krystfakânsje fan ’68 of ’69 west. Ik wie útnoege om foar de tillefyzje wat te sizzen oer de stront dy’t in jier lyn by ús op ’e ruten smaard wie. Ja, dy stront wie der yntusken al wer ôf – doch net sa stom.

   It sil in soarte fan jieroersjoch west ha fan ’e gekste of brykste of healwiiste foarfallen fan it ôfrûne jier. Der waarden in heel soad ûnderwerpen en minsken by de lurven nommen en sa’n ynterview koe dus ek net langer wêze as in minút of fjouwer, fiif. Te gek om dêrfoar út Fryslân wei op en del te reizgjen, mar ik haw ik al dien.

   Dy stront wie oars helendal net wichtich en myn persoan ek net. Al nijsgjirrich wie, in soan fan Anne Vondeling hie dat jiers ûntdutsen dat de bvd yn de papieren – argiven, persoansbestannen, wit ik it – fan de universiteit omsneupte. It sil de Stedelijke Universiteit west ha, no de Universiteit van Amsterdam.

   Ik keutele nei it schminken wat troch it gebou. Even pisje, in sigaretsje smoke. Dat koe doe noch. Minsken wienen destiids noch gjin gevulde koeken, mar se hienen noch power yn ’e hûd.

   Der kaam in man op my ta, like grut, lyts dus, as ik, mar breder en mei in oaljekoekegesicht. Hy stelde him foar as Jan Nagel en hy fertelde, hy die ek wat oan dit programma. Dat wie dus it programma fan Ageeth Scherphuis dêr’t ik yn optrede soe.

   Kin dat útkomme? Nagel siet by de vara en Scherphuis by de avro, mar miskien wie it ek wol in oar frommes dat my ynterviewde.

   Mar doe al, fuortendaliks al, tocht ik: wêrom moat dy man my dat fertelle? Wêrom moat hy oan in provinsiaal dy’t grif nea in rol fan belang yn de Nederlânske kultuer spylje sil, wêrom moat er kwyt dat er ‘ek wat oan dit programma docht’?

   Wat die er nammers oan dat programma? Grif wie er gjin redakteur, oars hie er dat wol sein. Parte er de kofjekopkes om? Sette er in rút op as ien in skeet litten hie?

   Jan Nagel, hy like dêr yn dat vara-gebou like ferdwaald as ikke.

   Dy earste yndruk bin ik nea wer kwyt wurden en ik haw him ek nea korrisearje kinnen. Alle kearen as de namme Jan Nagel opdoek, dan hie er dy partij oprjochte en dan jinge wer, de rige partijen dy’t Jan Nagel oprjochte hat, is net út te eagjen, altyd bleau er foar my dat mantsje ‘dat hjir ek wat oan die’.

   As men syn curriculum vitae neigiet, docht bliken dat Jan Nagel syn paadsje wol skjinfage hat. Dochs bliuwt de yndruk bestean fan in man dy’t altyd efter it net fisket en syn jild op it ferkearde hynder set. Mei de wurden fan Piter Wilkens: ut hèt nooit wat weest en ut sal nooit wat wudde.

   No dus in partij foar âlde minsken, want dy sitte yn ’e nederklits. Is dat wier? Ik ha noch noait mear sinten om ’e hannen hân as doe’t ik fiifensechstich waard. Ik woe wol dat ik dy sinten hân hie doe’t ik yn ’e lytse bern siet. It gyng ús heit fjirtich jier lyn krektsa. Kinne heit en mem wat rûnkomme? frege ik. Och jonge, wy kinne wol goud ite, sei ús heit.

   Jan, by de âlderein sit de echte earmoede net.

   Wy wienen ier yn ’e nacht werom. Vondeling moast der op ’e Harnzerstrjitwei út, dêr wenne syn folk destiids. No, der binne wol fûnlingen minder te plak kommen. Doe jakkere de vara-sjefeur my noch nei Sint Anne ta.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 13 jannewaris 2011)

 

 

O, Danny jonge!

 

en wit it net krekt, is it balstjurrigens of mismoed? It hat nijjier west mei lytse besites en tillefoantsjes en dan wurdt it snein, in deade en stille snein en dan bekrûpt it jin. Moat ik no op ’e nij in jier yn mei al dy hampelmannen en kneukelhouwers? Hat de heare god net in better plakje foar my?

   En dan spilet jin ynienen in wyske troch de kop en men tinkt hea ja, lit my dat mar dwaan, wat kreatyfs, wat fan it bemasterjen fan de sleauwe wrâld, wat fan in útwei út dizze neargeastigens. Literatuer is ek altyd in flecht, dat skuort net út, mar lit ús hoopje, in flecht nei wat betters.

 

O, Danny jonge!

 

O, Danny jong’, de lillepipen spylje,

De dellings troch en lâns de bergen swiid.

De simmer is oer, de blêden moatt’ ferwylje

En do, en do moatst gean en ik doch tiid.

Mar komsto wer as ’t simmert yn ’e greide

Of as de delling is stil en wyt fan snie?

Ik sil dêr wêze by sinne en skaad beide.                         

O, Danny jong’, o, Danny jong’, as ’k dy mar hie.

 

En asto komst en ’t blomte moat benachtsje

En ik bin dea, sa dea wie nimmen nea,

Dan silsto komme en ’t plak fine dêr’t ik wachtsje

En knibbelje en preuvelje in bea.

En ik sil fiele dyn stap hoe sêft ek boppe my,

En o, myn grêf wurdt waarm en smûk útrist,

Want fan dyn leafde silsto dan taroppe my.

En ik sil sliepe yn frede oantsto by my bist.

 

Dy tekst bin ik frij let mei yn kontakt kommen, want grif is it sa, wêr’t it iene sit, kin it oare net. Ik ken de meldij al wol fyftich jier en ik song dêr destiids de wurden by fan: ‘Acushla, mine, the singing birds are calling,/ The call of love, that ’s meant for lovers true,/ ’Tis Autumn time, and where the leaves are falling,/ Alone I wait, to beg a word with you.’ ‘Acushla’ giet werom op in Iersk wurd dat ‘hertslach’ betsjut en it wurdt brûkt as flaaiwurd foar de leafste.

   Der binne nammers wol fiif ferskillende lieten op dizze meldij makke. It âldste is Londonderry Air, en nei dy titel wurdt de meldij beneamd. Mar nimmen sjongt Londonderry Air mear, likemin as Acushla Mine. Miskien sjongt noch immen it skabreuze lietsje London Derriere – want de grapjassen folgje ús fan widze oant grêf.

   De tekst fan Danny Boy is fan ’e Ingelske jurist Frederic Weatherly. Hy skreau de tekst yn 1910 by in oare meldij. Yn 1913 krige er fan syn snoarske dy’t yn Amearika wenne de meldij fan Londonderry Air en doe hat er syn tekst by dy meldij oanpast. Dat wie in boppeslach. Danny Boy hat alle oare lieten út it stee krongen.

   Dy oare lieten is neat mis mei, útsein dat se te froed binne. Yn Danny Boy jout de dea djipte oan leafde en libben. Sûnder de dea is it libben sinleas. Oja, lokkich nijjier noch.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 6 jannewaris 2011)

 

 

Twahûndert man en Marije

 

en mei oannimme, dy lju binne ferrekte kjel wurden. Yn ’e krystnacht noch nei tsjerke west en krystmoarn leit de hele tsjerke yn pún. In pear oeren earder en alle leauwigen hienen dea west.

   Lutselus is mar in gat, fyftjin kilometer noardwestlik fan Maastricht. Ast in streek lûkst fan Antwerpen nei Maastricht, dan komst der foarby. Mar foar sa’n gehucht wol in ûnbidige tsjerke, en ien mei in plat dak. Platte dakken binne ûndingen, wat ha wy der net in lijen mei hân, wat hat buorman der net in lijen mei hân. Do kinst sjen wêr’t it fan ûnderen dript en dus grif lek is. Mar wêr komt it der fan boppen yn? De oplossing is ornaris: in folslein nij dak.

   Mar ast dan ek noch, lykas guon lju dogge, in tún op dyn dak oanleist en it reint in set efterinoar, dat de modder kletswiet wurdt, dan hâldt dyn dak it net. Mei pakken snie hast de lêste jierren deselde ellinde hân.

   Yn Lutselus binne se der noch net efter hoe’t dat dak no samar ynstoarte koe. No jonges, it komt net fan jim sûndich libben, it is in kwestje fan krêft en belêsting.

   Om’t de hele konstruksje sûnder it middenstik wankel wurden is, ha se de muorren ek noch mar omtreaun. Wat leit kin net mear falle. En wat wûnder komt no oan it ljocht? In Marijebyld hat de ramp hast ûnskansearre trochstien.

   In parochiaan fertelt it mei in swiete glimk op syn fetpantsjegesicht. It Marijebyld mankearret suver neat oan. Dan moat men wol tinke... dan mei men hast wol leauwe... dan soe men hast miene... dit is sa bysûnder, hjir kin men hast net oars... it wurd wûnder wol men net daliks yn ’e mûle nimme, mar...

   As wy it no oer mirakels ha moatte, ik soe sizze, dat dy tsjerke ynstoart is doe’t it tsjerkefolk wer feilich thús wie, dat is it echte mirakel. Nee, ek net, mirakels bestean net. Mar it kin jin al even bekrûpe fan blinder dêr ha wy wol faai west. In pear oeren earder...

   It liket hast wol, it Marijebyld is wichtiger as it libben fan twahûndert parochianen. Rare jonges, dy roomsken.

   Ik soe dat oars dwaan, ek út kommersjele bedoelingen. Ik soe op it tsjerkhôf in massagrêf meitsje en dêr de nammebuordsjes oppjukke fan alle tsjerkgongers fan dy nacht. Om’t men oannimme mei dat alle Lutselussers efternei úthâlde dat sy ek yn tsjerke wienen, ja man, dy tsjerke wie propfol, freget men elkenien om twahûndertfyftich euro del te tellen foar it pleatsen fan in nammebuordsje. Lju dy’t net yn Lutselus wenje, mar al beare wolle as binne se oan ’e dea ûntsnapt, kinne in buordsje besette foar tûzen euro.

   By it tsjerkhôf komt in parkearterrein dêr’t men foar fiif euro stean kin. It besjen fan ’e grêfheuvel kostet ek fiif euro. Op ’e heuvel komt in boerd mei de tekst: troch gods genede gjin massagrêf, en dêr spikert men dan noch in pear kollektebussen oan. As minsken weak wurde, wolle se noch wolris nei de bûse taaste.

   It liket my ta, nei in pear jier hat men in knap startkaptaal foar it bouwen fan in nije tsjerke. Dit kear wol ien mei in sealtek. It Marijebyld kin dan ek wer in plakje krije. Miskien de skeinplakjes wat opfolle mei gips en op ’e nij ferve yn ’e kleuren ivoar, blau en goud. Dat skine de ûnbeflekte kleuren te wêzen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 30 desimber 2010)

 

 

Krystdrokten

 

k moast sjen om in lampke, in pitsje, foar de krystbeamferljochting. Mar men hat altyd safolle oare drokten. Ik hearde in sêft, heech gelûd yn ’e gong, net liker as liet de hûn in plestik wetterfleske falle. Hy boartet graach mei dy lege fleskes, dat knetterjen as er de bek der op set, fynt er grif nijsgjirrich.

   Mar hy hie gjin fleske, sa goed as ik wist. Even sjen, nee, gjin fleske. Hy lei heel stil mei in from gesicht yn ’e bak. Mar as de hûn sa’n from gesicht set, dan doocht der wat net. Dan hat hy wat úthelle of de kat – ja, dy hûn fielt him grif ek ferantwurdlik foar de kat. Mar der wie gjin kat te sjen.

   Fuort letter, ik hearde wer lûd. Wer sjen. Och hea, de kokensdoar stie iepen, it slot is wat lam en as ien fan de bisten der in pear kear tsjinoan wrot, giet de doar wol iepen. Yn ’e hoeke by it oanrjocht siet poes by myn lyts pankoekspantsje mei in restke bami. De panne lei op ’e kop en it meastepart fan de bami siet noch yn it lid. Hy hie grif de hele panne fan it gasstel reage en sa’t de panne fallen wie, sa lei er. Ik ha de kat fuortjage en de bami opfretten.

   Mar ik soe om in pitsje út. De krystbeamferljochting hat myn frou fan har mem erfd. Dêr hat men dus in sin by en dat hâldt men it yn eare. It maklikste yn dizze weinuktiden is, ja krekt, nuk it wei en keapje nij. Mar dat koe dus ditkear net trochgean fanwege it sin.

   Krystbeamljochtsjes binne yn searje skeakele en dat hâldt yn, as der ien stikken is, dan baarnt der neat mear. Al dy tsien, tolve pitsje binne streekrjocht ferbûn mei ien tried, ik nim oan dat elektrisjêns dat de nultried neame. De lampkes krije har stroom net streekrjocht fan de plustried, mar fan it eardere pitsje en dat ferklearret wêrom’t ien út, alles út is.

   It kin net oars. As dy pitsjes allegear streekrjocht ferbûn wienen mei nultried en plustried, dan knalden se allegear tagelyk stikken. Se kinne it foltaazje stik foar stik net oan, se moatte it mei har tsienen of tolven partsje. Soks moat men goed foar de geast ha as men nei de winkel giet om in stik of wat pitsjes. Mar dan krijt men wer drokte mei oare dingen, gjin bamislinende katten, mar draaikonten. It is ûnfoarstelber hoe’t it minsken, froulju benammen, slagget om op it lêste momint, krekt as men troch in gloppe glûpe sil, de kont der foar te smiten en de trochgong ticht te setten.

   Bygelyks yn winkel B. In langliddich frommis stie in draaistellaazje mei prutsdingen te besjen. Ik tocht, ik kin dêr lâns, mar nee, miskien hat se my út de eachshoeken wei begnúfd, ik wit it net, mar krekt op it stuit dat ik de stap sette sil, dêr swypket dy kont yn it gat.

   Yn winkel H. fan itselde. Oan ien fan ’e paden dêr hingje allegear broeken en bh’s. In ûngaadlik plak, want froulju wolle sok guod besjen. En soks kin grif allinnich as men foaroerbûcht en hup, de kont in jellen efterút triuwt. Men moat dan út alle macht remje, oars knalt men tsjin dy kont oan en dan hat men in hopen ellinde.

   Yn winkel B. wienen gjin pitsjes te besetten, yn winkel H. likemin. Ik ha noch nei de kringloop west, mar dêr hienen se allinne krystbollen. Dat fan ’t jier gjin ljochtsjes. Och, kin ’t skele, de dagen linge.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 23 desimber 2010)

 

 

Sneinshilliging

 

t is sneintejûn acht oere. De nijslêzer fertelt fan in sedesaak yn Amsterdam. Lytse bern, poppen noch, binne besjoen, befield, bedien troch in jonge blast. Eberhard van der Laan hat mei syn trijehoeke de âlden fan bern dy’t op de beskate krèsj sitte byien roppen.

   Ja-ja-ja. Ynljochtsje, foarljochtsje, op ’e hichte bringe, delbêdzje. Ja-ja-ja, ik kin skoan begripe wat Eberhard van der Laan allegear bedocht en útheeft. Mar jonges, harkje ris, it is wol sneintejûn, ik ha hjir gjin nocht oan.

   Mei ‘sneinshilliging’ hat dat neat te meitsjen, dat is flau praat. Sneinshilliging, dat wie foarhinne. Net it fjild yn, net sleatsjespringe, net brantsjestoke. Men hie de sneinske klean oan en dy moasten skjin bliuwe. Sneinshilliging, dat wie foar ús jonges benammen kleanhilliging.

   Nee, mei sneinshilliging hat dit neat noadich. Mar de snein is wol in aparte dei. Men hoecht net te boadskipjen en men hoecht jin de kop der net oer te brekken wat men hjoed werris ite sil. Dat hat men juster al betocht. Wat lekkers fansels, en dat hat men juster al yn ’e hûs helle.

   En dan is it sneintejûn. Men hat dat lekkers opiten mei in glês wyn der by. In kop kofje soe wol fan pas komme om it benevele brein wat op te klearjen. Mar earst it achtoere nijs. En dan is der in nijslêzer en dy seit dat in blast fan sânentweintich jier hat as frijwilliger op twa krèsjen lytse bern misbrûkt.

   Misbrûkt? Wat moat ik my mei myn ûnnoazele heterofile harsens foarstelle? Bern jonger as fjouwer jier. Ast dy it broekje út dochst, dan fynst by de famkes in lyts naadsje, in sparpotsje, der past net iens in stoer yn, miskien in sint. By de jonges fynst in lytse rûp, lytser as myn pink, it fjirdepart fan in balpin.

   Wat hat er dêr mei útheefd? It is te lyts, te ûnnoazel, te ûnskuldich om der wat mei út te heven.

   Sneinshilliging, dêr dogge wy net mear oan. Mar snein is wol de iennige dei dat wy meiinoar brea-ite. Sneintemoarns ha wy altyd in sean aai, simpel mar feestlik. Sneinoerdeis nei de kofje altyd in slokje, in djoer slokje. Troch de wike komt de drank net foar healwei alven op ’e tafel, mar sneins litte wy de leie fiere.

   Dat binne ienfâldige en beskieden plesierkes dy’t wy ús sels gunne. Mar gun ús dat dan ek! Kom net oan mei ferdomde healwizelingen dy’t lytse bern, poppen noch, it broekje útlûke. Fertel dat moandei mar. Hjoed net!

   It wie net samar in snein, it wie in bysûndere snein: myn âldste soan wie op besite. Sûnt it opbrekken fan myn earste houlik bin ik wiis en bliid dat myn bern my opsykje. Hy wie aardich sûn, tocht my, fleurich, wol te moede. En hy kaam mei de auto, dat materieel gyng it him ek goed.

   Wy rûnen tegearre de stêd troch om myn jongste soan syn hûs te besjen. Sneins is Frjentsjer in deade stêd, mar no wie der krystmerk. Neat om ’e hakken, mar gesellich. Minsken optein en fleurich, in bytsje de mienskip fan de hilligen. Ja, oerdreaun, âldwrâldsk, sentiminteel-kristlik – hâld jim de bek mar, ik wit it wol. Op ’e ein fan ’e Foarstrjitte waard ús in glês glühwein oanbean.

   Dan is it acht oere, myn soan is wer ôfset. Ik knip it nijs oan en dan krijt men soks. Ferdomme, dêr haw ik dochs gjin nocht oan!

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 16 desimber 2010)

 

 

De neakene wierheid

 

p it eilân Valentia yn it Ierske greefskip Kerry stiet in grêfstieneftich monumintsje dat fertelt dat hjir de earste transatlantsyke kabel oankaam. Der wienen destiids noch gjin terroristen dy’t sokke kabels ferrinnewearje woenen, dat men koe der grutsk en optein kunde fan dwaan.

   Ik nim net oan dat der yn Katwyk en Beverwyk ek sokke monumintsjes steane, net iens in geel boerd mei in K derop. De dingen moatte langer geheim hâlden wurde. Oft se ek geheim binne? As men op it ynternet siket om transatlantyske kabels, dan komt men grif op ’en doer wol by Katwyk en Beverwyk út. It is my oant no ta net slagge, mar wat langer sykje en mear gelok, dan komt men der grif wol.

   Wat hat Julian Assange eigentlik ferklapt dat in snoade ynternetter sels net fine kinnen hie? Neat, tink ik. Oer Rotterdam hoege wy it net te hawwen. Dat sa’n stêd útnoeget ta in terroristyske aksje, seit himsels. Mar itselde jildt fan Hamboarch en Antwerpen.

   En fierder, wat hat Assange oan it ljocht brocht dat wy net allang wisten of fermoeden? Dat wy yn Afghanistan neat bedije soenen, wie nei koarte tiid dúdlik. De Russen hienen it nammers daalk al sein: it is ús net slagge, it slagget jim ek net.

   In útlekt mailtsje oer in petear fan Herman van Rompuy mei de Amerikaanske ambassadeur yn België, Howard Gutman, dêr’t Van Rompuy yn seit dat de Jeropeanen Afghanistan in ferlerne saak neame, is miskien pikant, mar gjin nijs. Dat wist elkenien en dat seit elkenien dy’t net ferplichte is om út te hâlden dat de keizer kreas yn ’t habyt is.

   En fierder, der falt in soad te gnizen om de wrantelichheden fan Amerikaanske diplomaten oangeande har kontakten mei útlânske pommeranten en poeha-figueren. Earme diplomaten dy’t altyd it smoel yn ’e ploai hâlde moatte.

   It probleem mei Julian Assange is, dat er net allinne mei kompjûters ompielt, mar ek mei froulju. Dy saken soe men skiede moatte, mar dat slagget net al te goed, nuvergenôch.

   Anne Wadman hat ris ferteld dat er as jong Fryskbeweger te hearen krige fan in jongkeardel, ek út bewegingsrûnten, dy’t jild stellen hie en homoseksueel wie. Foar Anne wienen beide feiten like slim en ek net goed fan inoar los te meitsjen. Dêr skamme er him letter wol wat foar.

   Hjir liket him ek sokssawat foar te dwaan: feiten ûntbleatsje en froulju ûntbleatsje, twa saken dy’t trochinoar rinne. Dy beide Sweedske froulju binne oars frijwillich mei Julian op bêd gien, dat fan ferkrêfting is gjin sprake. Wêr’t al sprake fan is, by frou 1 liket in kondoom skuord te wêzen ûnder de bedriuwen troch en by frou 2 is noait in kondoom brûkt.

   Assange hat dus grif net dien wat dy froulju woenen, te witten in (nij) kondoom pakke. Dat is gjin halsmisdied. Faaks kin men it egoïstysk neame, of hufterich, of ûnfoarsichtich, of ûnferskillich. Assange kin net mei froulju omgean, seit frou 1. Leau ik graach, by sa’n whizzkid hâlde de sosiale feardichheiden ornaris net oer. Mar soks is gjin reden foar in ynternasjonaal opspoaringsbefel.

   Oan de oare kant begryp ik Assange skoan, hy is in dreaune man, in man mei in misje, hy is oer alle boegen in man fan ’e neakene wierheid: gjin sinsuer, gjin kondoom.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 9 desimber 2010)

 

 

Thúsleas

 

k moast yn myn soans hûs wachtsje op in matras dy’t út Ljouwert wei brocht wurde soe. Dat ik rûn kertier foar achten al mei de hûn bûtendoar. Foar my is dat ûnfatsoenlike betiid. Ik bin moarns let en jûns let, mar net de hele dei let, want stipt seis oere haw ik it iten op ’e tafel.

   It wie stjerrende kâld, it waaide jin troch alles hinne. No wienen dy earme dakleazen al wer trije kertier lyn út har waarme nêst skopt. It liket my ta, der binne oangenamere manieren om dea te gean.

   Myn frou brocht my mei de auto nei de oare kant de stêd, dan kaam ik teminsten ridlik waarm oer. Want kâld yn in kâld hûs, dan wurdt men noait wer waarm. De termostaat die gelokkich wat ik woe, mar om fan tsien graden op twintich te kommen, dat soe oeren duorje.

  Ik hie in stikje bôle mei, dat hie ik de jûns fan te foaren al klearmakke. Mei it senseo-apparaat koe ik my rêde, dat in hap bôle, in kop kofje en in sigretsje en doe koe it grutte wachtsjen begjinne. Se soenen tusken acht oere en healwei alven komme, mar de ûnderfining leart dat se ornaris it lêste kertier fan ’e termyn oanskiten komme. Dy lju kinne net planne, of se sitte te lang op it húske.

   De reidplûmen by de stedsgrêft lâns waaiden wyld hinne en wer. It ‘ruisen van het ranke riet’ skreau Guido Gezelle, dat yn it Frysk oerset is as it ‘rûzen fan it ruoikjend reid’. Wêrom’t dy dichtrigel fan Gezelle ‘moai’ neamd wurdt, haw ik nea begrepen. Fanwegen dy trijedûbele ‘r’? Mar dan soe ‘readrikke rierreljirre’ ek in pracht dichtrigel wêze.

   No op ’e dyk omrinne as dakleaze, healwei njoggenen en al wer oardeloere op ’e swalk. Ik siet mei de waarme hûnekuierdersskuon oan, jas oan, muots op en wanten oan yn in keamer dêr’t de timperatuer no op tsieneninheale graad stie. Ik koe it amper waarm hâlde, mar altyd better as buotten yn dy snijende kjeld.

   In dakleaze, dat haw ik lêzen, hat gjin dak boppe de holle en libbet deis en nachts op ’e strjitte. In thúsleaze hat nachts wol in ûnderkommen, in keamer yn in leechsteand hûs, in âld fabryk of in hok, mar dat is syn thús net, hy hat dêr neat eigens. It liket my allebeide op fleanen.

   Ik fielde my oars ek wol in bytsje thúsleas. It hûs is noch sa leech. Der stiet in tafel mei stuollen, der is ek al in kapstok, mar der is noch neat dat in hûs ta in gesellich honk makket. Der is grutte kâns dat oare lju de keamer dêr’t ik ornaris yn tahâld in grutte binde neame. Dat is it eigentlik ek wol, mar ik fiel my der wol by, it is allegear myn eigen rotsoai.

   Dat wol in minske dochs. Men wol in thús ha. Sjochst ek wol swalkers mei in âld winkelweintsje dêr’t se fan alles yn meislepe. Plestik puodden fol dit en dat, en net allinnich klean of itensspul, mar ek frutseltsjes dy’t it libben wat opsiere. Dak- en thúsleazen binne gauris troch omstannichheden op ’e dyk bedarre, wurdt sein, mar se hawwe ek faak psychyske problemen. Mar psychyske problemen kinne dochs nea in reden wêze om jin ferhûneloartsje te litten?

   Healwei tsienen, noch mar in kop senseo. De termostaat stie yntusken al op tolve graden, mar ik koe it net oan ’e lea fernimme. Ik hope, se soenen der mei in oere wol wêze, ik woe nei hûs ta, de waarmte yn.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 2 desimber 2010)

 

 

De klaai is griis novimber

 

in novimber, men kin sinteklaas hast rikke, de bakker hat de winkel al wer fol sinteklazeguod. Mar de krystdagen binne noch mear as in earmlingte fan jin ôf. Makket dat dat minsken yn dreamen flechtsje? Der komt winter, der komt snie, der komt iis!

   De hjerst is foar guon minsken in ferskrikking. Alles griis, omploege foar de nije maityd. ‘De klaai is griis novimber’ is de titel fan in koartbye dichtbondel fan Joop Boomsma. No grif, foar in Wâldpyk moat de ierde om Menaam hinne hjerstmis safolle wêze as de bare hel.

   Ik mei de hjerst wol lije, teminsten as it droechsum waar is. Net lykas no, it reint net en it storeint net, it sit der tusken yn. Mar de boksen reitsje jin aardich beslingere. De ôffallen blêden plakke oan ’e wiete strjitte.

   Begjint dan it deidreamen? Der komt winter! It kin, foar sinteklaas op redens, dat is wol earder bard. Mar oft it no barre sil?

   It sil frieze, miskien wol trije nachten efterinoar in graad of fjouwer. No, dan moatte de ûnderstrûpte leechlannen berydber wêze. En der komt ek snie, wurdt der by sein. Mar as der snie komt, dan kin it frieze dat it ongelet, it iis waakst net mear oan. De snie wurket as in tekken dy’t soarget foar broei.

   Dat behinderet de nijsminsken net om optein te fantasearjen oer wêr’t de earste koartebaanwedstriid op natoeriis hâlden wurde sil. Is dat Nijelamer, Aldtsjerk, Haulerwyk?

   Ik rin de wiete strjitte del, it is merk, mar de klanten bliuwe wei of dogge hastich har dingen. In jonkje komt my op roltsjeredens temjitte. Ja, inline skates hyt dat soarte mei fjouwer tsjillen. Is dat jonkje oan ’t gekoanstekken? Minsken, as jimme ride wolle, dan moat dat sà. Dat oare kinne jim ferjitte.

   Likegoed sitte Henk Angenent en Erik Hulzebosch yn De Wereld Draait Door te sjanterjen dat sy as âld-wedstriidriders net meidwaan kinne oan de Alvestêdetocht dy’t miskien ein nije wike al, of yn alle gefallen fuort nei sinteklaas hâlden wurde kin. It is net earlik, sy hawwe de Alvestêdetocht grut makke. Henk Kroes leit geduldich út dat regels binne no ienkear regels. Sa is dat ornaris mei regels.

   Likegoed stowe de snieskowers de winkels út, der binne al in 35.000 ferkocht. It fabryk yn Vlagtwedde dat him yn snieskeppen en –skowers spesialisearre hat, makket oeroeren. It mei gjin kwea fansels, miskien komt der yn jannewaris of febrewaris in bêst pak snie en dan hat men dat ding al fêst yn ’e hûs. Ferline jier stie men ommers ek oates en toates it paad foar hûs skjin te meitsjen. Dat is boargerplicht, mien ik, yn alle gefallen it is wol fatsoenlik foar oaren oer. Mar earlik, oan ’e ein fan ’e winter hie ik de boom fan myn boargerplichtigens berikt.

   Mar no al? Freed of sneon al sniedunen dêr’t gjin trochkommensein oan is? En grouwe stikken iis yn sleatten en fearten? Ynearsten is de novimberske klaai noch griis, weak en wiet.

   O, der sil grif wol wat wintersk ûngeriif komme. Wiete snie dy’t strjitten en wegen glysterich makket. Beferzen autoslotten, akky’s dy’t temin stroom leverje, slippende v-snaren, soks. Mar mei sinteklaas binne de wegen wol wer droech en begeanber, tink ik, hoopje ik. Ik mei ferhipte graach sinteklazeguod.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 25 novimber 2010)

 

 

De boadskipper wurdt straft

 

ûmer 30 yn ’e Badelochstrjitte te Haarlim stiet te keap. Neffens de advertinsje ‘een rustige, kindvriendelijke straat, nabij plantsoen’. Miskien no wol, mar doe’t Eric Lucassen op nûmer 27 wenne, wie it streekje net sa ‘kindvriendelijk’. Lucassen jage bern en memmen fuort út it boarterstúntsje efterhûs.

   Woansdei 10 novimber: WNL, dat is Wakker Nederland, in nije, rjochtse omrop, hat in item oer Eric Lucassen yn Uitgesproken WNL. Neffens de buorlju makke Lucassen him skuldich oan yntimidaasje en bedriging. Lju dy’t mei de hûn by syn hiem lâns rûnen, waarden fuortskolden. Hy drigeminte by har troch de brievebus te migen of har in amer mige of sâltsoer oer de kop te smiten. In oerbuorfrou hiet in fette baarch en in kankerlijer. In kear of fjouwer fiif ha de buorlju oanjefte tsjin him dien en hast likefaak hat de plysje him yn ’e boeiens fan hûs helle.

   In lekkere jonge dus, in misbaksel dat it hele buorrentsje yn ûnstjoer bringt. Mar wêrom ferbaast it my net dat dy persoan foar de PVV yn ’e Twadde Keamer sit? Is men nei alle grappen en gritsen sa synysk wurden dat men de PVV allinnich mei rouwens en rûgens lykslaan kin?

   Wat my dêrfoaroer wol ferbaasde, wie dat dit item brocht waard troch Michiel Bicker Caarten, dat ik foar in rjochtse man hâldt, en yn it nijsprogramma fan Wakker Nederland, in ûnecht bern fan de Telegraaf. Wolle se by WNL de ‘loftse tsjerke’ foarby stribje?

  Tongersdei 11 novimber: RTL bringt it nijs dat Lucassen as sersjant-ynstruktuer seksuele omgong hân hat mei froulju dy’t ûnder syn gesach foelen. Hy is dêr foar bestraft. It hat him ôfspile yn ’e kaserne te Ermelo – grapjassen ferhaspelen dy namme ta Spermelo.

   Hy hat, al wer neffens RTL, ek rúzje makke yn in wiitwinkeltsje. In barman by de strôt pakt, soks.

   Even der tuskentroch: dat wurd ‘wiit’ hat myn destiidske kollega Anne van der Mark betocht. Wy hawwe al ‘wyt’, ‘wiet’ en ‘wiid’, dat hoe moatte wy it Nederlânske wurd ‘wiet’ ferfryskje? Wy hawwe allinnich ‘wiit’ noch frij, wie Anne fan betinken. De útspraak liket nammers tige op it Ingelske ‘weed’, dat is in bykommend foardeel.

   Men soe ferwachtsje, no binne de rapen gear. De man dy’t foar de PVV de portefúlje ‘wonen en wijken’ beheart, hat jierrenlang in buertsje terrorisearre. Dy man wurdt der út skopt, dy wurdt der út kegele. Tachtich fan ’e hûndert minsken dy’t Maurice de Hond om har miening frege hat, tinke dat Lucassen opstappe moat. Mar wat bart der as Lucassen út de fraksje kinkele wurdt en hy bliuwt as ienmanspartij yn ’e keamer sitten? Dan hawwe CDA, VVD en PVV langer gjin mearheid.

   It duorret lang, it duorret dagen, en dit is sa’n gefoelige kwestje, dy moat winliken yn in etmel oplost en oan ’e kant wêze.

   Dan komt it ‘ferlossende wurd’: Eric Lucassen mei bliuwe. Hy hat tasein dat er nea wer froulju útskelle sil foar fette baarch en dat er nea wer drigemintsje sil om by lju troch de brievebus te pisjen.

   Lucassen mei bliuwe. Mar der moat grif dochs ien bliede foar dizze affêre en dat is... Michiel Bicker Caarten, haadredakteur fan WNL en presintator fan har programma Uitgesproken. Hy krijt dien wurk. De boadskipper wurdt straft.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 18 novimber 2010)

 

 

It keninkryk der himelen

 

êst ritueel: sjaal om, jas oan, muots op, riem pakke, kaaien pakke. Diskear bleau ik der yn hingjen: der lei in roubrief op ’e matte. Tiny Mulder. Ik seach de jiertallen nei, ik miende se wie sechstjin jier âlder as my, mar dat wie dus santjin. Ja, by de dea wurdt in soad opheldere. Routsjinst tiisdeitemiddei, op in gaadlike tiid. Foartyd de hûn der út, neityd itensiere.

   De hûn waard ûngeduerich, fansels, hy hat it ritueel noch fêster yn ’e kop as ik. Kom mar. Riem oer de kop en der út. Ferhip, de kaaien fergetten. No, myn frou en soan soenen ien oere wol wer thús wêze, se wienen healwei alven nei Ljouwert gien om wat ditten en datten.

   Ien oere, gjin auto. Mar de sinne skynde, dat ik gyng op it bankje foar hûs sitten. Noch even fan ’e sinne genietsje? Wat sitte jim dêr moai yn ’t sintsje. Dat seinen foarbyfytsers. Jahaa, kraaide ik. Ik woe elkenien net oan ’e noas hingje dat ik de kaaien fergetten hie, soks giet samar de hele stêd troch.

   Fan twa buorlju krige ik ûnderdak en in bak kofje of thee oanbean. Bêst genôch, mar ik hold it ôf. Ik koe dy hûn net bûtendoar litte en dy hûn by in oar yn ’e hûs, dat giet mâl. Hy rûkt allerhande nije dingen en sneupt yn alle hoeken en hernen. Hy pakt dingen út it finsterbank en raamt oer de salontafel hinne.

   Doe frege nije buorfrou oft ik der yn komme woe. Dat koe oangean. De nije buorlju binne oan ’t ferbouwen en in blyn hynder kin dêr neat bedjerre. De hûn rauste oer it pún yn ’e gong hinne troch de keuken it tún yn, want alle doarren stienen iepen. Doe kaam er werom, snaaide in toffel fan buorfrou en begûn dêrmei yn it tún te dûnsjen.

   Goed fjouwer oere, dêr wienen se einliken. Doe hie ik allang besletten, ik gean net nei dy routsjinst, Tiny hat my hjoed genôch tiid koste. Want it wie allegear har skuld.

   Ik bin dochs nei de routsjinst gien, dat koe net oars. Mar ik woe ek wat út ’e wei rûmje en ferprate. Tiny hat ris in fers makke, en dat hat ek yn ’e krante stien, dêr’t teloarstelling út bliken docht dat it keninkryk noch noait kommen is. Ik keninkryk gods, bedoelt se, of it keninkryk der himelen.

  Mar Tiny, dat komt net, dat komt noait, dat ìs der al. As ik op bêd gean, dan lizze de hûn en de kat tegearre yn ’e bak. Soms de hûn op ’e side en de kat oprôle mei de rêch tsjin de waarme hûnestrôt oan. Dat is it keninkryk fan god, en foar’t ik it ljocht útknip en de trepsdoar iepen lûk, bin ik foar in momint yn dat keninkryk opnommen.

   It binne mar stuiten, mar it is der likegoed wol. In hoart lyn hawwe wy mei in ploech folk de Ulbe van Houten-tocht rûn. Fan Deinum oer Blessum en dan it tsjerkepaad del nei Boksum. Dat wie it paradys. Sompich en jarrich, mar likegoed it paradys.

   Do hast ferkeard sjoen, Tiny, of de ferkearde kant út sjoen. Of is dyn ferske in plichtmjittich griffermeard ferske it âlde kowepaadsje del? Do hast wol better witten, Tiny, nei dit libben komt neat mear, himel en hel binne diskant it grêf.

   Do bist no gien nei in plak dêrst net mear biste. Mar hiesto yn in Jomandajurk yn ’e himel omspane wolle en de godgânske dei sjonge fan Skeepke onder Jezus’ hoede? It hat sa dochs goed west, Tiny? Ja, dat hat it.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 11 novimber 2010)

 

 

Immaninte gerjochtichheid

 

e wurdfierder fan biskop Léonard fan België hat de boel der by del smiten. Der is mei dy man net te wurkjen, seit er, it is in spoekrider. Hy makket it iene ûngemak nei it oare en de wurdfierder moat it allegearre mar wer ferhimmelje en beklauwe.

   Ferline wike hie de wurdfierder al warskôge dat de biskop him oan ’e krystdagen ta de bek hâlde moast. Gjin nije provokaasjes mear, rêst, stilte. Dat wie nei oanlieding fan de biskop syn sizzen dat men pedofile preesters fan fiifentachtich jier net mear hytfolgje en bestraffe moast, dat wie ynhumaan. De hele parse foel oer Léonard gear en de wurdfierder moast wer rjochtprate wat krûm wie.

   It saakje stie eigentlik al op springen sûnt der in pear wike lyn in boek mei petearen fan Léonard útkommen wie. De biskop hie alle útstellen fan de wurdfierder ta tekskorreksje negearre. Sa stie der bygelyks yn dat boek dat aids wie in soarte fan ‘immaninte gerjochtichheid’ foar in los libben. It wie gjin straf fan hegerhân, gjin yngripen fan in ‘transsindinte boarne’, sa’t er deftich sei, mar mear in saak fan it kwea straft himsels.

   De media wienen dêr doe ek al mei man en macht oer gearfallen. Mar wat bedoelt de man krekt? Immanint en transsindint – dat earst mar. Immanint betsjut yn ’e saak besletten lizzend, transsindint is boppe de saak útgeand. God is transsindint, hy stiicht boppe ús bestean út. Hy kin straffe en beleanje as persoan dy’t bûten en boppe ús stiet. God kin bygelyks beslute fan do slachst mei oare froulju om, ik straf dy mei aids.

   Mar as in aksje net útgiet fan in reedlik en seedlik wêzen, hoe kin men dan fan gerjochtichheid prate? Is der in hiv-fierus dat tinkt fan: ha, do pissest bûten de poat, ik sil dy wol even siik meitsje? As ik my de mûle baarn oan it hite sop, moat ik dan begripe dat it sop my straft foar myn roppigens?

   It komt my foar, Léonard is it paad finaal bjuster, der is gjin gerjochtichheid yn ’e natoer, de natoer is amoreel.

   It liket soms sels, de natoer is immoreel, it goede treft de tsjoeden, it tsjoede treft de goeden. De Preker wist dat twaeninhealtûzen jier lyn al (haadstik 7, fers 15): ‘... der is in rjochtfeardige dy’t yn syn rjochtfeardichheid omkomt, en der is in goddeleaze dy’t yn syn tsjoedens lang libbet.’

   Dy ymmaninte gerjochtichheid fan Léonard docht tinken oan de natuerlike rjochtfeardichheid dy’t yn boereromans preke wurdt. In boer dy’t net ‘suver’ libbet, dy wurdt straft mei heabroei of tongblier.

   Sa mient Douwe Wallinga, de haadpersoan fan ‘De gouden swipe’ fan Abe Brouwer, dat hy de swipe, priis by in hurddraafwedstriid, net wurdich wie en dat er, troch dy te winnen, kwea dien hat. En no, mient er, straft de swipe him foar syn kweadwaan.

   Douwe beseft net dat er kwea dien hat tsjin syn frou en syn soan, nee, inkeld tsjin de swipe. En it is net god dy’t him straft, mar de swipe.

   In minske hat mei syn meiminsken te krijen en mei god – as er der foar kiest om him tsjinoer dy ynstânsje te ferantwurdzjen. Wallinga en Léonard hingje in asosiaal leauwe oan, dêr’t minsken en god gjin rol yn spylje. De minske stiet yn al syn earmelytsens foar syn einichste rjochter en boal: de natoer.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 4 novimber 2010)

 

 

It mearke fersteurd

 

e Flaamske strafpleiter Jef Vermassen haw ik altyd heech hân. In man dy’t de midden hold tusken in oankleier en in ferdigener en de rol fan in wize rjochter maklik op him nimme koe, in man dy’t him net nei de úteinen jeie liet, mar begryp hie foar dieder en slachtoffer.

   Jef Vermassen is by my troch de koer sakke. Ik siet nei Canvas te sjen en myn frou siet efter de laptop oan ’e keamerstafel. Wat raast dy kearel! sei se op in stuit. Ja, ik seach mei ferbjustering nei de oars sa rêstige en reedlike Vermassen, totaal oer syn toeren, slachtoffer fan syn opswypke emoasjes.

   Der is gjin skyn fan bewiis dat Els Clottemans har rivale Els van Doren de dea yn dreaun hat, en dat gemis oan bewiis besiket Vermassen te oerrazen mei in heap oanwizingen of alteast oantigingen.

   Els Clottemans en Els van Doren binne beide parasjutespringers. Pikanter is dat se ek beide fereale binne op in man út Eindhoven en dat se soms tagelyk by him sliepe, de iene by him op bêd, de oare yn ’e wenkeamer. It liket sa te wêzen dat de man út Eindhoven Van Doren it leafst hat, as minske, as seksuele partner, dat is net dúdlik. Likemin is dúdlik wêrom’t er de relaasje mei Clottemans dan dochs oanhâldt.

   Yn novimber 2006 springe Van Doren en Clottemans beide út in fleanmasine. Clottemans komt goed del, mar Van Doren har parasjute giet net iepen en se dondert fjouwer kilometer nei ûnderen ta. Kroandea.

   Dan docht bliken dat de parasjute fan Van Doren sabotearre is en dan komt ek oan it ljocht dat se beide in relaasje hienen mei de man út Eindhoven. Rivalen dus, en dus hat Clottemans Van Doren deamakke. Der is gjin bewiis, der is neat, no ja, in heap âldwivepraat. Mar Clottemans krijt tritich jier sel.

   De man fan Van Doren, Jan de Wilde, de bern fan Van Doren, bruorren, susters, sweagers, snoarskes, âlden, allegear betsjûgje se dat Els van Doren in bêste frou, mem, suster, snoarske en dochter wie. It wie ek in frou dy’t har man en bern bedondere, mar dêr ha wy it even net oer. De agresje rjochtet him net op Van Doren, mar op Clottemans, en dat hat Vermassen knap dien. Van Doren de sierlike prinsesse, Clottemans de ûnsjogge heks.

   Nei de útspraak nimt in VRT-sjoernaliste Jan de Wilde in ynterview ôf. Ien fraach stelt se net: Menhear De Wilde, jo frou hat jo jierrenlang bedondere en mei in oare kearel neukt. Binne jo net bliid dat jo fan dat rotwiif ôf binne? De sjoernalisten helpe der ek oan mei om posthúm it byld te sketsen fan in foarbyldich houlik dat ferrinnewearre is troch in kweade heks.

   Oardel jier lyn haw ik in roman publisearre oer in frou dy’t nei tiden fan hifkjen en wifkjen in skiedingsfersyk yntsjinnet. Krekt op ’e dei dat se dat docht, komt har man om by in terroristyske oanslach. Dan draait se de hele boel werom, it wie in goed houlik en it wie in goede man, se hat noait skiede wollen.

   Is dit senario net in tikje ûnwierskynlik, haw ik my doe wol ôffrege. Nee dus, sa gek binne minsken. Jan de Wilde, syn bern, syn sibben, de abbekaten, de sjuery, de parse, meiinoar bewize se dat myn senario doocht.

   Al moatte wy lige dat ús de kloaten klapperje, de moaiskyn fan it mearke moat bewarre bliuwe.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 28 oktober 2010)

 

 

 

Efter it kattelûk

 

k wol tolvetûzen euro skeafergoeding fan Geert Wilders ha, want sûnt dy begûn is te donderjeien oer dy ferrekte islam, doar ús kat net mear troch it lûkje nei bûten ta. Hy mient mar dat allah oarekant dat lûkje stiet mei in kneppel yn ’e hannen om him in loech ôf te sjen.

   Stil mar, wit ik wol, mar dy kat is in kat en dy hat in katteferstân. Hy hat hjir en dêr wat opheind en dêr in nuver ferhaal fan gearpongele, en dat is syn wierheid. Hy leaut dat it sa is en net oars. Men kin fan alles tsjin him sizze, him dit en dat foarhâlde, mar hy hâldt fêst oan syn oertsjûging: allah stiet oarekant it kattelûk mei in kneppel. Kinst him útgnize, kinst op him skelle, kinst him foar gek ferklearje, mar – sa’t in eardere bakker út Top en Twel as sechje hie -: timmasattis ma timmassa.

   Allegeduerigen sit er foar it lûkje te jammerjen, hy moat der út of hy wol der út, mar hy doar net. Al jierren koe er him rêde bûten de poepdoas, mar dy ha wy wer foar ’t ljocht helle en op ’e gong set. Kinne wy nachts teminsten trochsliepe. Mar deis wol er der út. Ik doch dan de doar foar him op en sis: Sjuch mar, Oskar, allah bestiet net. Nee, allah is der no net, dat sjucht poes ek wol, mar as de baas fuortgiet, dan is allah der wer.

   Wy ha de kat oan ’e falium hân, mar dêr reagearret er fierste heftich op, hy dondert oeral om en leit foar pampus. Dat wy ha nei de bistedokter west en dy hie wol wat foar ús Oskar, saneamde ferjitterspillen. Dy pillen litte it dierlike part fan jins harsens gewurde, dat iten, skiten en sliepen giet gewoan troch, mar se ûnderdrukke prakkesaasjes en yntellektuele bespegelingen. Dat, tige gaadlik foar ús kat..., mar rottekrûd djoer.

   Dat sadwaande wolle wy skeafergoeding ha. Alle moannen hûndert euro oan pillen, dat is tolvehûndert yn ’t jier, dat is tolvetûzen yn tsien jier. Dy kat kin noch bêst tsien jier libje.

   Dit is gjin gekheid, dit is serieus. En as it dochs gekheid neamd wurde moat, dan is it gjin gruttere gekheid as de gekheid dy’t earmestumperjankepotmoslims tsjin Wilders yn bringe.

   Lytse moslimbern, seit Mohammed Rabbae, binne sa bang dat Wilders har it lân út sette sil, dat se jûns net yn ’e sliep komme kinne en soms midden yn ’e nacht âljend en moartsjend wekker wurde, swimmend yn it swit en de pis.

   As ik rjochter wie, soe ik frege ha om de nammen en adressen fan dy bern, en ik soe frege ha om in rapport fan in psycholooch dy’t befêstiget dat dy bern wier troch Wilders sa fan it keatling binne. En ik soe frege ha: hoe komme dy bern oan dy wysheid, hawwe de âlden har dat ynskúnd?

   Mar de rjochter lit Rabbae eamelje.

   Naoual Abaida fertelt dat op ’e universiteit in omslach plak hân hat sûnt it optreden fan Wilders. Paadbjustere studintes mei in holdoekje op wurde nei it skjinmakhok wiisd en as sy mei de ramadan in drankje wegeret, wurdt har dat ferwiten. Se hie winliken net yn ’e rjochtbank stean wollen, sei se letter, mar se moast foar har folk opkomme.

   En ik moat foar ús kat opkomme.

   Ofwaaid praat fan Rabbae en Abaida, hoe kin in mins it út ’e holle stjitte? Akkoart, myn ferhaal oer ús kat is ek ôfwaaid praat. Mar myn ferhaal is teminsten moai. Wês earlik!

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 21 oktober 2010)

 

 

 

Misdiedige dommens

 

at komt no diskear tafallich sa út, seit Mark Rutte, it hie ek oarsom wêze kinnen, trije manlike ministers en njoggen froulike. Dat is net neffens de wierheid. Ik mei net sizze dat Rutte lycht, want ligen ûnderstelt it mei opsetsin ferdraaien fan de wierheid, en dat kin ik net bewize.

   Rutte suggerearret dat as men sûnder op it sekseferskil acht te slaan in keppeltsje minsken byien siket, der likefolle kâns is dat der mear froulju as dat der mear manlju binne. De wierheid is, dat der yn 80% - ik doch mar in goai – fan de gefallen mear manlju as froulju wêze sille. Men kin dat net oan it tafal oerlitte. Wol men likefolle froulju as manlju ha, dan moat men dêr meisin om tinke en jins bêst dwaan om se te finen.

   Tsjinstanners fan it mei opsetsin soargjen foar in evenredige fertsjintwurdiging fan froulju, eventueel it ynstellen fan in kwotum, fine soks ‘fernederjend’ foar froulju. Froulju moatte op grûn fan har kapasiteiten oan ’e top komme, net fanwegen har geslachtsorgaan.

   Froulju en manlju binne lykweardich, hawwe likense kânsen en kinne likefolle berikke. Goai it mar yn myn pet! It is mooglik dat yn beskate rûnten, faaks wol grutte rûnten, manlju en froulju as lykweardich beskôge wurde, mar dat poetst trijetûzen jier ferhûddûking net yn ien feech fuort.

   Yn ’e âldheid waard de frou fereare as it symboal fan ’e fruchtberheid. Yn it âlde Israël binne byldsjes fûn fan ’e goadin Asjera mei ôfgryslik grutte boarsten. Asjera wie grif de partner fan JHWH, de manlike god dy’t miskien Jahweh of miskien Jehovah neamd wurde moat. Nei de Babyloanyske ballingskip is it út mei Asjera, se wurdt fersmiten as in heidenske goadin en JHWH wurdt allinnehearsker yn it âlde Israël.

   Wat is der bard? Ik tink heel simpel, de manlju hawwe ûntdutsen dat in skiep dat net ûnder de raam west hat, dat lammet net. En dat wie, sille se redenearre ha, by minsken ek sa. It wie dus net de frou dy’t bern fuortbrocht, it wie de man. De frou wie allinnich mar in briedkoer, in fruchtber plak dêr’t it sied fan ’e man waakse koe.

   It wie yn ús kriten net húsriem, mar der bestiet in sechje ‘hy hat syn túntsje yn ’e bou’ en dat betsjut dat in man syn wiif swier makke hat. Miskien is dat sechje net kwea miend, mar it lit dochs ûnbedoeld in wurdearring blike: de frou hat in pûde potgrûn yn it liif en de man struit syn goudsjeblomsied dêr oerhinne.

   Neist ferearing fan ’e frou, om’t se bern krije koe, moat der ek in soad oergeunst en rankune west ha, en dat krije de froulju op har brea. Ienkear útfûn dat in man ek wichtich is foar de fuortplanting, teart it byld fan ’e frou om. Se wurdt twadderangs, se wurdt redusearre ta in ‘omgroeid ovarium’, se hat gjin siel en ek net folle ferstân.

   De efterstelling, fernedering en ferhûddûking fan froulju, likefolle fan maatskippij as tsjerke hat ieuwen oanholden en hâldt noch oan. Sjoch de Roomske tsjerke, sjoch it SGP.

   Dy efterstelling fan froulju sit manlju èn froulju yn it murch en yn ’e bonken. Mar Mark Rutte wol hawwe, der is niks te rêden, it is poer tafal dat syn ministersklub út folle mear manlju as froulju bestiet. Rutte syn domheid grinzget oan misdiedichheid.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 14 oktober 2010)

 

Haat siedzje

rnaris is myn lêste loop mei de hûn, jûns healwei tolven, in slach by de grêft lâns. Alle beammen hat wol in hûn tsjinoan pisse, dat soks lokket ta mear pisjen út. Mar as de hûn om sân oere net skiten hat, dan rin ik nachts even nei Pierke de Vries ta. Dêr is gers en dêr binne grippels. Us hûn sit ‘skik noch fatsoen oan, soe ús heit sizze, mar hy skyt altyd moai yn ’e bedelte.

   Ferline wike moasten wy wer sa’n loop oangean. De hûn die flot wat wet en sede fan him easken, mar hy moast syn beweging ek ha. Dat wy rûnen it gersfjild even om, oer it begjin fan it parkearterrein.

   Doe seach ik op it paad tusken de parkearde auto’s in man rinnen. Bysûnder, want it is dêr nachts útstoarn. Mar noch aparter, hy swaaide breedút mei de rjochter earm. Myn earste tinken, hy hat in hûntsje oan it tou en dat hûntsje stoot fan rjochts nei lofts. Mar sa moai regelmjittich dogge hûntsjes dat net.

   Oan ’e ein fan it parkearterrein kearde de persoan om en kaam wer op ús ta. Ik loek de hûn mei en ferskûle my efter in auto. Noch hieltyd swaaiend mei de earm kaam de man tichterby. It like dat er oan ’e lofter earm in kuorke hie dêr’t er iderkear wat út pakte om fuort te struien. Mar wat dan? Spikers? Ik hearde neat tinkeljen. Doe seach ik, wat ik foar lang, swart hier holden hie, dat wie in pet mei earkleppen.

   Ik werkende him oan syn noas, in smel, puntich noaske dat as in pylk nei it doel wiist. In ‘wiisnoaske’ om sa te sizzen. It wie Geert Wilders, en ik begriep dalik wat er by de ein hie: hy wie oan it haat siedzjen.

   It struien fan keunstdong mei de hân, dat haw ik noch wol sjoen. Us heit hat dat wol dien en it wie rotwurk, want de keunstdong plakte oan jins wiete, switterige earms en friet it fel kapot. Mar bitesied struie bygelyks, dat gie yn myn jeugd al mei de masine. Wilders koe fansels net mei in siedmasine nei Frjentsjer komme, de izeren tsjillen soenen alle sliepkoppen wekker makke hawwe.

   Rop no net dat ik in âldehoer bin, want it begryp ‘haatsiedzjen’ – as ien wurd skreaun - haw ik net betocht. It is betocht troch emosjonele idioaten en juridyske idioaten hawwe it oernommen. En juridyske idioaten beare dat haatsiedzjen in slim fergryp is.

   Mar jonges, ‘haatsiedzjen’ bestiet net, it is in ûnsinwurd.

   Amerikanen haatsje fan alles, as men se heart. I hate this en I hate that. Mar wy hawwe earne in hekel oan, of meie it ien of oar net lije, of hawwe it grou op in persoan. En dêr is fansels neat op tsjin, nimmen is ferplichte om alles en elkenien like moai en aardich te neamen.

   Mei ik ek tsjûgje fan myn ûnfrede mei saken of persoanen en oare minsken besykje te bewegen om it mei my iens te wêzen? Fansels. Wy binne tsjin de ferbrâningsûne dy’t yn Harns boud wurdt en dêr tsjûgje wy fan middels in rútbiljet. Wy besykje oaren te beynfloedzjen en oer te heljen ta ús stânpunt. Mar dat neamt gjinien haat siedzjen. Ja, in breinroere aktivist of in paadbjustere jurist miskien.

   As Wilders fan miening is dat de islam in misdiedige beweging is dy’t fan doel is om alle minsken te bekearen en te ûnderwerpen - en dy’t net yn goedens wol, dy wurdt de kop ôfslein -, dan mei er dat sizze. Soks is dochs ek sein fan it faksisme en it nazisme? Polityk rjochts racht op polityk lofts en polityk lofts warskôget foar polityk rjochts. Partijen en bewegingen bestride inoar en meitsje inoar swart. Dat is allegear legitym.

   As Wilders fan miening is dat de koran in faksistysk kloateboek is, dan mei er dat sizze. Literêre krityk is frij. As ik fan in boek fan Rink sis dat it oanset ta pedofily en moard en oplichting en terrorisme, dan bin ik net strafber. De lju sille my miskien foar gek ferslite, mar dat is myn risiko. Ik doch gjin kwea.

   Wilders docht ek neat ferkeards mei de koran te ferketterjen. Men mei him foar gek ferslite, mar him strafber stelle? Absurd.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 6 oktober 2010)

 

 

Troch it rip fuorre

 

inzenen yn Nederlân kleie dat se te min iten krije. Foarhinne deis tolve stikjes bôle en no mar de helte mear. Mar oft it no om it bytsje iten giet, of it soarte fan iten, of de smaak derfan, finzenen kleie altyd oer it iten. ’t Soe ik ek dwaan. Lêsten in miel waarm iten yn it sikehûs hân, en dan tinkt men ek: leaver sûn en dea.

   ’t Wie in hasjeehap mei jerappelpomp en reade koal. Ik nim oan, de jerappelpuree kaam út in ynstantpakje, de koal smakke wier nei neat en de hasjee, dat wie in sauske mei imitaasje sipelsmaak. Fan echte sipels koenen se dat papke fansels ek net meitsje, dan wie yn ’e nacht it dak fan it sikehûs ôf blaasd.

   Ferhongerje dy minsken yn ’e finzenissen? Der binne mâle foarbylden, bygelyks in Amerikaan dy’t 187 kilo woech en nei acht moanne finzenis noch 140 kilo. Hy sit fêst foar moard en wachtet op syn proses. Hoe’t er dy moard pleegd hat, wurdt net ferteld, mar ik tink hy is gewoan op ien sitten gien mei syn grouwe bealch.

   Belgyske finzenen dy’t yn Nederlân fêstsitte – wy ha sellen oer en sy ha te min – kleie ek: se krije noait patat, of ‘friet’ sa’t se sels sizze. Siet ik yn België fêst, ik soe seure om nije jerappels mei soerstip en bret spek. As men net sels jins prakje klear meitsje kin en men hinget fan in gaarkeukenkok ôf, it mei wêze yn in âldereinhûs of sikehûs of kaserne of finzenis, dan seurt men.

   Begryp ik it goed, dan hawwe de finzenissen net iens mear in koken mei in kok, mar se keapje magnetronmielen yn en dy ferpartsje se. Ik ha se wolris lizzen sjoen yn ’e supermerk, mar noait perbearre, dy plestik bakjes mei in boerekoalprak of readekoalprak of spagettyprak. It lokket net út. Hat men wier gjin tiid om iten te sieden, dan bakt men doch in hânfol spekjes út en waarmet in blik grauwe earte op? In pear stikken bôle mei bakte aaien, in tomaat en in augurk stiet ek samar op ’e tafel.

   Ja, dat wit ik, der binne minsken, dy fine sa’n kant en klear protsje lekker en maklik, benammen maklik. No, myn segen ha se. Mar mei ik foarby?

   Dy tolve stikken bôle deis, dat liket my in aldermâlste pôle ta. Ik krij deis net mear as trije stikjes efter de kiezzen. It is wier, myn measte iten is foarby, ik kin net safolle mear op as doe’t ik jong wie. Dat is fansels normaal, mar der wurdt amper rekken mei holden. Utsein yn Dútslân, dêr kin men, teminsten yn guon streken, senioaremielen krije.

   Nuver, foar ús hûnen ha wy by it âlder wurden altyd oanpast foer kocht, ‘senior’ of ‘light’ hyt dat. It foarnaamste is dat dêr minder aaiwiten yn sitte. Alde hûnen kinne dy aaiwiten net goed mear fertarre en begjinne der ôfgryslik fan ôf te skiten, dat rûkt men wier fan ’e finsters ôf oan ’e kastdoarren ta. Us hûn stjonkt no noch, mar as in húske, net mear as in hûs.

   Dy twatûzen kaloryen dy’t in minske neffens de finzenisdirekteuren noadich hat, dat is in statistysk midsmjittige. Se hâlde der gjin rekken mei dat statistysk midsmjittige minsken net bestean. Jonge minsken kinne mear op as âlderen en se hawwe ek mear ferlet. Jonge finzenen soenen ek wat ekstra fet en aaiwiten ha moatte en âlderen wat minder. Dat kin men dochs ienfâldich regelje mei in sjúsleefke en in sean aai?

   Dan moat de magnetron der út en de kok werom. Mar dan noch.

   As men finzen sit, yn in echte finzenis of yn in âldereinhûs, dan hat men net folle ferdivedaasje. It bôle-iten, it waarmiten, it kop kofje en tee, dat brekt de dei. Dat binne de mominten dêr’t men nei út sjocht. Mar as men dêr op libje moat, as dat jin troch de tiid skuorre moat, dan moatte dy mielen al fan bjusterbaarlike kwaliteit en smaak wêze, sil dat slagje. Al liet men de bêste restaurants fan ’e stêd om bar de mielen fersoargje, de finzene de âlde stumper ieten noch mei lange tosken, haw ik soarch.

   In droege plasse bôle, mar dat yn frijheid, dêr giet elk foar.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 29 septimber 2010)

 

 

Trouwe of baarne

 

y woe it sels wol dwaan, mei twa bakstiennen, sei Jean-Marie Dedecker, in Flaamsk politikus. Hy woe hawwe de eardere biskop Roger Vangheluwe, dy’t jierrenlang in omkesizzer seksueel misbrûkt hat, soe finzenset en kastrearre wurde.

   Jean-Marie Dedecker giet foar in man dy’t syn wurden net altyd mei oerlis kiest. Dizze opmerking fan him fûn ik ek net sa smaakfol.

   It kastrearjen mei bakstiennen ken ik út in âlde mop, wol lyts fjirtich jier âld tink. It wie de tiid fan de cruel jokes, mar ek fan de uterst rjochtse, polityk foute moppen en dy dan leafst ferteld troch minsken dy’t as lofts en humaan te boek stean woenen. In soarte fan begekjen fan eigen opfettingen. Of miskien in sabeare politike coming out – wy hâlde ús wol hartstikke lofts, mar winliken binne wy rjochtse rotsakken.

   De mop wie sa: Witst hoe’t se negers kastrearje? Nee? No, dat dogge se mei twa bakstiennen. O, soa. Mar o-soa wie net genôch, men moast as harker op syn ûnnoazelst freegje fan: docht dat dan net sear? Dan koe de ferteller mei in mylde glimk de clou fertelle: allinne ast de tûmen der tusken hâldst.

   Ik naam oan dat Dedecker syn oprisping ek oan dy mop ûntliend hie, mar dat hoecht net wier te wêzen. Op it ynternet sirkulearje ferskillende útstellen om dy en dy mei bakstiennen te kastrearjen. Meastal ôfkomstich fan it roppende en rachende útskot dat pedofilen en bûsefolders en loftse tsjerke en frekte finen op ien bult smyt en hertstochtlik nei in ‘sterke man’ útsjucht.

   Oer it útskot hoecht men jin net te ferbazen. Ik ha my al ferbaasd dat der yn it Flaamske tillefyzjenijs, dat ik trou sjuch, helendal neat sein waard oer Dedecker syn ôfwaaid praat. Te ûnsmaaklik, te cru, te ‘och it is Dedecker wer’? Mar ik soe der al wat fan sein ha. Negearjen liket miskien wiis en ferstandich, mar it kin oerkomme as leffens. Se ha nammers yn Flaanderen minne wjerfaringen mei in cordon sanitaire.

   Reinder van der Leest fertelt yn in gedicht dat de ik-figuer by de rippetysje-Frânsk de ferbûging fan de tiidwurden avoir en être op de billen fan syn buorfamke sjen mocht. It fers beslút mei: ‘letter mocht ik har billen net mear sjen/ mar doe stienen der ek slimmere tiidwurden op:/ savoir en pouvoir’.

   Eks-biskop Vangheluwe is fiifensantich jier, der is by him gjin driuw mear nei it ‘savoir’, hy wit it allang, hy kin it wol dreame. It geheim hat syn glâns ferlern. En it ‘pouvoir’? As men oer de santich is, kin dat gjin sprekken mear lije. Wêrom dy man noch kastrearje?

   Dan soe men leaver de jonge preesters kastrearje moatte, en dan gemysk fansels, net op syn Dedeckers. Mar yn dat gefal moatte de goeden it mei de kweaden belije. Dy goeden, dy kinne de ûnthâlding grif opbringe. Of se hawwe stikem in homo- of heteroseksuële relaasje. Bêst genôch.

   It hat neat mei it selibaat noadich, sizze de hege miters yn ’e Roomske tsjerke. Nee it sil grif it wurk fan de duvel wêze dy’t gods eigen tsjerke nei gychem helpe wol. Of god sels sit der efter, hy bringt de preesters yn ’e ferlieding om har te hifkjen en te lotterjen. Och, hâld doch op! It is foar in jong minske net goed om allinnich te wêzen. Men fljucht ommers op ’en doer fan ellinde yn ’e gerdinen op.

   Ik ha ris mei in jonge preester yn ’e trein sitten, ik koe him oerflakkich. Hy liet my erotyske ferhalen lêze dy’t er skreaun hie. Oer in famke dat mei de bleate kont op in skylde banaam siet en de drits platte ûnder har wei. It wie mear idioat as erotysk. Earme jonge, hy hie gjin útwei foar syn geilens, oars net as dit papierene surrogaat.

   Ferskillende Flaamske biskoppen wolle troude manlju talitte ta it preesterskip. Se folgje dêr mei Paulus, dy’t yn syn earste brief oan ’e Korintiërs, haadstik 7 fers 9, skreau: Mar as hja har net ûnthâlde kinne, lit harren dan trouwe, want it is better te trouwen as te baarnen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 22 septimber 2010)

 

 

No Mosk Here

 

o mosk here, rôp ús soan tsjin de kat dy’t troch it lûkje nei bûten ta wipte. Nee, wy ha eigentlik nea mear mosken yn it tún en dat is al opholden fier foar’t wy wer in kat krigen. Ik slach alle dagen trou it tafellekken mei krûmels út, mar der taalt gjin fûgel nei. Soms slikket de hûn de krûmkes op en ik ha moarns ek wolris in soad slakkespoaren sjoen. Nea witten dat slakken bôle meie, mar it skynt sa.

   Wy ha âlderwetske dakpannen, ‘âldhollânsk’ wurde se neamd. Dy hawwe fan ûnderen rûmte genôch om in mosk troch te litten en se lizze bytiden ek nochal ûnsljocht, dat hjir en dêr is noch wolris in gatsje.

   Doe’t neist in tal jierren in protsje stikkene en ôfskulfere pannen ferfongen waard, wienen it allegear âlde nêsten. Wêrom’t se letter weibleauwen, ik wit it net. It bart noch wolris dat se der binne, lêsten trije tagelyk yn ’e sierprûmebeam en ienris, dat wie in unikum, fiif neist inoar op ’e daksgoatte. Mar ornaris, neat. En wy ha dy bisten neat misdien. Ja, dat tinkt men dan, no? Dat it jins skuld is. Dat se har net wolkom fiele.

   Yn New York dus ek gjin mosken. Dat hie ’k ek net ferwachte, yn sa’n drokke strjitte weagje har gjin mosken. Oare fûgels nammers ek net. Dowen saaie regelmjittich op pleinen del, benammen as se witte dat der wat te heljen is, mar mosken binne dochs in krûm skouwer.

   Wat besielet Manus Oalje om nei New York te reizjen en de lju dêre te fertellen dat hjir ek al gjin mosk is? Dat sille se wol witte, foarsafier’t it fleanend dierte har niget teminsten hat. Stedsjers binne ornaris gjin fûgeltsjeminsken.

   Hy, Manus, hie better thúsbliuwe kinnen om te ‘gedogen’, hy kin der dochs net fan út gean dat it him allegear mar tafalt en oanwaait? Der moat wat dien wurde: ‘gedogen’ bliksem! Jas út, mouwen opstrûpe.

   Ik ha ‘gedogen’ lêsten oerset mei ‘duldzje’ en ‘talitte’. Dat hie ’k út it wurdboek, mar men moat eigentlik net yn it wurdboek sjen, men moat rêstich neitinke: hoe sizze wy dat yn deistich Frysk? Ornaris springt it jin ûnferwachts en spontaan foar de geast, wy sizze gewoan fan ‘gewurde litte’. Bygelyks: it keapjen en ferkeapjen fan softdrugs is ferbean, mar de oerheid lit it gewurde. Sa sizze wy dat.

   It is nammers net wier, wat tsjinstanners fan ’e ‘gedoogfariant’ sizze, dat men yn it bûtenlân net útlizze kin wat foar regearkonstruksje it om giet: se hawwe dêr net iens in wurd foar! Ien-op-ien, of wurd-foar-wurd fertaling is net altyd mooglik, wurden hawwe yn ferskillende talen ek ferskillende bybetsjuttingen. Mar dêrom kin men wol dúdlik meitsje wat men bedoelt. Yn it Dútsk: zulassen, yn it Frânsk: tolérer, yn it Ingelsk: tolerate.

   Ja, en dan kin men fan foarenôfoan begjinne, want men sobbet op it ferkearde suertsje om. It docht bliken, hjir is in ferkeard wurd keazen. Gedogen is gjin gedogen. Is men no sa’n suffert dat men dêr gewoan yn trapet en politisy op har wurd leaut?

   Gedogen, gewurde litte, is wat tastean dat net troch de mesken kin of dêr’t men sels eins neat foar fielt. Dat is hjir net oan ’e oarder. De PVV lit de kombinaasje fan CDA en VVD net syn gong gean, hoewol’t er eins tsjin dat regear is. Nee, de PVV is foar dit regear en seit ta dat er it CDA en de VVD yn it algemeen en op in pear ôfprate punten yn it bysûnder stypje sil.

   Gedogen betsjut yn dit gefal dus net fan tsjin it sin en mei in kwea gewisse in saak gewurde litte, mar in saak mei opsetsin befoarderje. Wêrom dit misliedend taalgebrûk?

   Ik ha my mei dy New Yorkers nammers raar fersind. Se soenen witte moatte dat der yn ’e drokke strjitten fan har stêd gjin mosk te bekennen is, mar doe’t Geert Wilders rôp fan No Mosk Here, begûnen se manmachtich itselde te âljen. Rare minsken.

   Nim oan, myn soan en ik gienen yn it tún stean te mâlgûlen fan Hjir Gjin Mosk – de kat mocht wol tinke dat it ús yn ’e plasse slein wie.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 15 septimber 2010)

 

 

 

It oargel swijt

 

b Klink giet foar in baas yntellektueel yn it CDA. Syn grut ferstân is my earlik sein noait opfallen. Ut syn gegriem mei it smookferbod yn grutte kroegen en lytse kroegen is my mar ien ding dúdlik wurden: in kneukelhouwer.

   Yn kroegen mei personeel soe net mear smookt wurde meie om dat personeel te beskermjen tsjin twongen meismoken. Dat like my in flauwekul-argumint: wa’t kelner wurdt akseptearret de omstannichheden – mar goed, it wie in argumint en formeel wie der neat tsjin yn te lizzen.

   Mar dan de lytse kroegen sûnder personeel. Dêr soe dus wol smookt wurde meie want de baas is sels baas. Nee, sei Klank, want foar alle kroegen moatte de regels itselde wêze, grutte kroegen net smoke, dan lytse kroegen ek net smoke. Dêrmei is it argumint fan it beskermjen fan it personeel dus ynienen net relevant mear.

   Yn in húshâlding mei twa jonges, alve en trettjin jier âld, brekt ien in skonk en dy moat nei it sikehûs. Fan Klink moat dat oare jonkje ek net it sikehûs want men moat alle bern gelyk behannelje.

   Ab Klink is in yntellektueel, wurdt yn CDA-rûnten sein. Mar syn útlis oer it smookferbod haw ik noait kop noch sturt oan fine kinnen. In lulkoeker, dy Ab, in man dy’t yn syn eigen redenearring fertiist. As Klink sein hie, bygelyks, as de iene traper fan ’e fyts boppe stiet, dan stiet de oare ûnder, dan hie ik sein sjoch, dy man is by steat ta in krekte waarnimming en hy is by steat om dy waarnimming eksakt ûnder wurden te bringen. Hy is in yntellektueel yn in nutedop.

   Dy Ab Klink, de lulkoeker, kaam ferline wike mei in brief dêr’t er yn sei dat er it net sitten seach mei de PVV. Dêr wie er ryklik let mei, want hy hie dat trije moanne lyn ek wol witte kinnen. De PVV mei yn it regear, fol ferantwurdlik foar it dwaan en litten fan it kabinet, dat hie wat west. Rúzje en rotsoai en nei in healjier de boel finaal yn ’e bulten. Wilders plat op ’e bek en foargoed yn ’e groppe.

   Ik nim oan, CDA en VVD hawwe net synysk genôch west om dizze klucht oan te gean, ’ta heil fan ’e naasje’ sa te sizzen, mar wat se no dien hawwe wie bûtenwenstich nayf: de ‘duld-fariant’ of de ‘talit-fariant’. Dêrmei leinen se de kop yn Wilders syn strûp en hy koe har nei beleaven smûge en smoare litte.

   Tagelyk makken se Wilders en syn opfettingen salonfähig: de stipe fan Wilders op krusiale mominten, dêr moast fan ’e kant fan it CDA en de VVD wat foaroer stean, wat fan ynskiklikheid, wat fan begryp, wat fan goedkarren.

   Dat moast dan ek wer mei in heap yntellektuële rimram ûntkend wurde: wy binne it der oer iens dat wy it ûniens binne. Wy as CDA en VVD distansiearje ús folslein fan Wilders syn opfettingen oangeande de islam, folslein. Ja, mar jimme hawwe syn stipe al noadich en dus...

   CDA en VVD woenen Wilders brûke as se him noadich hienen en bûtendoar jeie as him slite koenen. Ja, leau dat mar net, Wilders hie him yn jim keuken nestele, de skonken op ’e tafel lein en hy wie mei gjin stôk wer fuort te krijen.

   En no smyt Klink it ark derhinne en stapt op. Suffert, do hiest bliuwe moatten en trochpakke, no litst dy alles út ’e hannen falle. Brektme oan betrouwen yn ’e fraksje hyt it. Dat sizzen tekenet de yntellektueel, want no witte wy abslút net wat der te rêden is. Betrout Klink de oare fraksjeleden net, betrouwe de oare fraksjeleden Klink net, of betrouwe beide partijen inoar net?

   Wat ik moai fûn fan Klink, dat wie syn sizzen ‘voluit op het orgel’. Ik seach de lytse Ab op in jûntyd yn ’e tsjerke sitte. Men hearde it rûzen fan ’e wyn as dûmny syn stim even stil foel. It wie kerbûstich waar. De glês-yn-leadruten rattelen bytiden. Dan liet it oargel him hearre, it lûd boaze oan en de klanken donderen oer de gemeenteleden hinne en lieten har huverje en trilje fan geniet. In psalm jubele it tsjerkepaad del. Gouden tiden, Ab. Koenen wy mar bern bliuwe.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 8 septimber 2010)

 

 

Hunkemöller en de misje

 

m by te dragen ta in fredige mienskip moat men moat oarmans miening respektearje, wurdt sein. Dat liket my baarlike ûnsin ta. Men hat respekt foar in miening om’t it in respektabele miening is, mar men hat gjin respekt foar in miening allinnich mar om’t dy utere wurdt troch in sûchdier dat uterlik op in minske liket.

   As ien de grutste flauwekul útkreamt of de slimste stommiteiten, dan hat men dêr dochs gjin respekt foar? Men skodhollet en keart de idioat de rêch ta.

   CDA en VVD wolle Geert Wilders syn miening dat de islam net in godstsjinst is mar in ideology respektearje. Dêr ferlieze se ek it minimale bytsje respekt mei dat in minske op grûn fan syn minskewêzen ta komt. Wat Wilders seit is kolder, dat is ôfwaaid praat. Wilders is gek mei de leppel yn ’e bek en wa’t syn útspraak oer de islam respektearret is like gek, mei of sûnder leppel.

   Moslims leauwe dat der in ûnsichtber en ûntaastber wêzen bestiet dat de wrâld makke hat en bestjoert. Sy tsjinje dat wêzen troch har oan ’e regels te hâlden dy’t hy har oplein hat en se oanbidde him. Se tsjinje har god, en dat is dus godstsjinst.

   It giet by godstsjinst noait inkeld om de relaasje fan it yndividu mei it opperwêzen. Ta de godstsjinst heart ek de samling fan ideeën oer de minske en de mienskip. Dat kin men ideology neame. Wilders syn opposysje tusken godstsjinst en ideology is dêrom ûnsin, godstsjinst is altyd (ek) ideology.

   It giet yn it Alde Testamint net inkeld om de minske yn syn relaasje ta god, mar ek om de regelingen oangeande besit, bygelyks. De âldste soan krijt it erfskip, de oare jonges wurde ôfsâlte. As ien syn besit kwytrekket, moat de famylje him byspringe. It giet ek om kulinêre foarskriften, gjin hazzen en bargen ite, wol geiten en kij. It giet ek, en dat is opmerklik, om it ‘fergodlikjen’ fan de territoriale claim op it gebiet Palestina. It Alde Testamint hat in politike ynslach.

   Mar dat is net ûngewoan. De beslissing om Bonifacius de harsens yn te slaan wie net godstsjinstich motivearre, mar polityk. It kristendom wienen de âlde Friezen net sa ôfkearich fan, de preker Bonifacius spriek nammers in taal – Ald-Ingelsk – dy’t se neikomme koenen: it wie hast in lânsman. Mar Bonifacius hie ek in polityk doel mei syn misje-aktiviteiten, hy woe troch de wei fan it kristendom ienheid yn Jeropa bringe. De âlde Friezen aanden dat se sadwaande har frijheid kwytreitsje soenen, dy ferrekte Franken soenen dan dochs noch de baas wurde. Dat, dea dy kearel.

   Mohammed sil mei syn koran ek wol oare doelen hân ha as strikt-godstsjinstige: syn folk op ’e kaart sette, politike ienheid skeppe yn in tizeboel fan stammen, dy ferrekte joaden foarby strjibje mei in eigen, superieure tekstfariant.

   Neffens Wilders is de islam in kweadaardige ideology. Dat sizzen mocht er wol wat ûnderbouwe. Ideology wurdt ornaris omskreaun as de opfettingen oer de relaasjes tusken minsken en de ynrjochting fan ’e mienskip. Ideology sil ek wol in lesterlik geheel fan leagens en falske foarstellingen wêze kinne as der in hearskjende klasse is dy’t by machte is om it folk blynseach de ferkearde wei op te stjoeren. Dan komt men al ringen telâne by Karl Marx dy’t ideology omskriuwt as it falske bewustwêzen.

   Mar dat Wilders syn wysheid by Marx opstutsen hat, dat wol jin net oan. Wilders is ommers op en út in rjochtse jonge. Of dochs? Hat er syn opfettingen dochs oan Marx ûntliend en ferfangt er de besittende klasse fan Marx troch islamityske foaroanmannen?

   Suvere godstsjinst, dêr’t Wilders grif yn leaut, bestiet net. De missionarissen dy’t de earme negers it evangeelje brochten, tochten wol deeglik ek om de kommersje. Bleate boarsten, froulju, dat kin net, dat is net kristlik. Dat der waarden skipsladingen bh’s út Jeropa wei nei Afrika fearn. Hunkemöller is der smoarryk mei wurden.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 1 septimber 2010)

 

 

Tritichtûzen kilo

 

ans Westra, direkteur fan ’e Anne Frank Stifting, sei dat dy omwaaide kastanjebeam wie tritichtûzen kilo swier. Dat like my in bjusterbaarlik heech gewicht ta. Mar alles om Anne Frank hinne wurdt fansels ferskriklik útfergrutte,

   Sa te sjen hie dy beam in trochsneed fan de helte fan in mansel, lit sizze njoggentich sintimeter. Wie dy beam kant, dan soe in sneed dêrfan in oerflak hawwe fan 0,9m x 0,9m is 0,81m². Mar in beam is rûn en men moat it oerflak fan in sneed berekkenje mei in drege formule: ∏ (sprek út: py) r². R is de saneamde striel, de helte fan de langste distânsje tusken bast en bast. Dat soe yn it gefal fan in beam fan 90 sintimeter dus 45 sintimeter wêze. Mar ik koe mei gjin mooglikheid mear betinke wat ∏ wie. Wie dat 0,14? Koe net. 2,14? It wie te lang lyn.

   Mar men kin de dingen ek rûchwei berekkenje. Dat haw ik altyd dien doe’t artikels yn de supermerk noch net skend waarden, mar troch de kasjêre yntypt. Dêr koenen fouten by makke wurde. Ik seach dan yn myn karke: in flesse molke, in pak kofje, margarine, blom ensfh., dat moat op sa’n tolve gûne delkomme. As de kasjêre dan sei fan tsien of fan fjirtjin, dan wie it goed.

   As dy beam no ris fjouwerkant wie mei siden fan ien meter en dy beam wie net fan hout, mar fan wetter, dan soe elke meter hichte fan de stam in gewicht opsmite fan tûzen kilo. It soartlik gewicht fan wetter is ien, te sizzen in kubike desimeter wetter is ien kilo. Yn in meter sitte tsien desimeters, dat rekkenje mar nei: tsien yn ’e lingte, tsien yn e breedte en tsien yn ’e hichte, dat makket tûzen.

   Tritichtûzen kilo, sei Westra. Dan soe dy beam tritich meter heech wêze moatte. Fansels, de stam wurdt nei boppen ta smelder en der ferskine oeral tûken en twigen. Mar ik tink dat wy it iene tsjin it oare weistreekje meie. It ferlies oan stam wurdt kompensearre troch de winst oan tûken. Mar net oerkompensearre. It is net oannimlik dat in meter krún mear massa en mear gewicht hat as in meter stam. Dan soenen de tûken ôfknappe. Der moat evenredichheid wêze tusken stam en krún, de evolúsje hat grif harmony opsmiten.

   Fansels hat dy beam noait tritich meter heech west. En hy hie ek net in trochsneed mei in oerflak fan 1m². It sil net mear west ha as in 0,65m². Mar der is noch wat oars, it soartlik gewicht fan hout is leger as dat fan wetter. Hout driuwt op wetter, dat sil snoade lju wolris opfallen wêze.

   Foar it soartlik gewicht fan kastanjehout fynt men op it ynternet tallen fan 0,55 oant 0,7. Dat komt, der binne ferskillende soarten kastanjes. Men hat wylde kastanjes, nuete kastanjes, treurkastanjes, ferrotte kastanjes en sintimintele kutkastanjes. Lit ús it soartlik gewicht fan dizze kastanjebeam sette op in midsmjittige 0,625. Dan waacht it hout fan dy beam neffens myn berekking - trochsneed 0,65m² x 15m hichte x sg 0,625 - in goeie seistûzen kilo.

   It is net helendal dúdlik oft it oanjûne gewicht fan tritich tonne inkeld betrekking hie op de beam of ek om de stielen konstruksje der omhinne. As myn berekkening fan it hout doocht, dan soe it izer fjouwerentweintich tonne wage moatte. Dat is ek net te leauwen. Der binne fansels gjin massive balken brûkt, mar holle buizen. De krêft fan in stange of balke sit yn it oerflak.

   It soartlik gewicht fan izer is 7,87, dat dat tikket aardich oan. Mar om op fjouwerentweintich tonne te kommen soenen dy izeren buizen – trije buizen fan tsien meter heech mei twa ringen om de beam hinne – omsmolten ta in blok in omfang hawwe moatte fan ien by ien by trije meter. Dat liket my ûnwierskynlik.

   Hawar, de beam leit. No Anne noch. Dat pedofile gedweil mei dat fanke moat ik fan koarje. De beam dy’t Anne sjen koe, hienen wy ek sa graach sjen wollen, sei in jankerich minske. Ja, en it kamp dêr’t Anne yn omkommen is, hienen wy ek graach yn omkomme wollen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 25 augustus 2010)

 

 

Dûmnys mandemint

 

t biskoplik mandemint fan 1954, dat haw ik fansels meimakke en ik wit de haadsaken derfan ek noch wol. Eigenaardich winliken, want as men sechstjin is hat men net de measte niget oan wat âlde hearen yn lange rokken beweare. Moaie famkes yn koarte rokken sprekke jin mear oan.

   Roomske minsken mochten net meidwaan oan sosialistyske organisaasjes. Dat wienen dus de PvdA, it loftse fakferbûn, de VARA en wat der eventueel mear oan loftsichs en sosialistysksk wie. Dêr moat by ús thús oer praat wêze, want ik haw altyd fan dat mandemint witten.

   It rekke ús net. Yn ’e hele gemeente Ferwerterdeel wienen ornaris mar fjouwer stimmen op de KVP en wy fregen ús dan ôf hokker frjemde figueren dat wol wêze mochten. Wy wienen nammers ek net lofts, wy wienen fan de CHU, dat wie in rjochts-kristlike partij, dêr’t it benammen fan opfoel dat er sa ferrekte anty-Frysk wie.

   Us heit hie him as jongkeardel yn ’e holle helle dat er in steunpylder fan ’e maatskippij wêze woe en hy wie sadwaande aktyf yn it boere-arbeidersbûn, de tsjerke, as diaken en knapelieder, en yn de polityk, de CHU dus. Hy hat sels, troch útfal fan sittende riedsleden, noch in jier yn ’e gemeenteried sitten. Doe ûntdiek er ta syn ferbjustering dat er it slach op slach mei de sosialisten iens wie, mar hy moast oars stimme. Hy koe godtank de humor der fan ynsjen.

   Ja, der waard by ús praat oer polityk, maatskippij en tsjerke. En hoewol’t men as jonge de wetichheden fan jins âlden leafst sa fier mooglik fan jin ôf hâldt, men krijt dochs in klap fan ’e moalpûde mei. Opfieding ta alle kristlike en maatskiplike deugden kin men nea wer mei in wiet waskhantsje fuortfeie.

   Moat men de aksjes fan dûmnys as Hans Wachtmeester fan Hingelo ek sjen as in soarte fan mandemint? Der binne dûmnys dy’t fan ’e stoel ôf tsjin de PVV preekje, net mar even tusken noas en lippen fan as jo it my freegje Agema, dan moatte wy net... nee, iepen en bleat en ex cathedra: net mei de PVV.

   Wilders komt oan ’e grûnrjochten fan de minsken, sizze dy dûmnys, hy taast de frijheid fan moslims om op har manier yn god te leauwen oan. It binne benammen dûmnys fan de PKN dy’t tsjin Wilders agearje, dat is folút de Protestanse Kerk Nederland. Ik ha altyd muoite mei dat letterwurd, ik ha de oanstriid om it om te draaien ta KPN, mar dat betsjut Knok-Ploech Nederland en dat is dus heel wat oars.

   Alhoewol, sille dy dûmnys mei inoar in knokploech foarmje, in Gideonsbinde? Der binne al wer kritisy dy’t ha wolle dy dûmnys moatte har by it leauwe hâlde en har net mei polityk bemuoie: wy hawwe skieding fan tsjerke en steat. Dat is ek sa, de steat bliuwt fan de tsjerke ôf. Mar moat de tsjerke ek fan de steat, de polityk, de maatskippij ôfbliuwe? Om my net.

   Dus, hup dûmnys. Set him op, witte muizen!

   Dit is nammers in oare aksje as dy fan de biskoppen yn 1954. It gyng de Roomske lieders om it eigen terrein, de eigen macht, by einsluten ek om it eigen hachje. De dûmnys giet it yn earste opslach net om harsels en de eigen tsjerke, mar om de frijheid fan oarsleauwigen, de moslims, en dat is wol sympatyk.

   Fansels binne dy moslims healwize lju mei har regels en foarskriften. Dat is gekheid, leauwen is wat oars as keatsen of balskoppen, dêr jilde regels, men kin in bal bûten slaan en men kin bûtenspul stean. It is ek in yntolerante godstsjinst, beide nei bûten en nei binnen ta - de froulju witte der fan. Mar it is in leauwe.

   Frijheid fan godstsjint hâldt yn: de oerheid lûkt minsken net foar en stelt se net efter om’t se dit leauwe of dat leauwe of neat leauwe. Dat moat in politike partij ek net dwaan.

   Wy ha nammers noait witten wat ús mem stimde. Us heit wie CHU, dúdlik, mar ús mem? Ik bin allinne yn dat hokje, wie har sizzen altyd, en dat wie safolle as: ik bin dêr mei myn eigen oertsjûging en jim hawwe der neat mei noadich.

(18 augustus 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

 

Fjouwer koffers

 

n Nij Beets stiet in rychjeshûs mei in wenkeamer fan gevel oant gevel. In ‘doorzonwoning’ neamden se dat foarhinne. Fierder is der in keuken en in gong mei in húske en in trep. Mear rûmte is der net. Op ’e earste ferdjipping binne trije sliepkeamers en in baaikeamer mei dûs en wc. Der is in lûk dêr’t men in steile trep út lûke kin om op ’e twadde ferdjipping te kommen. Dat docht hast noait ien.

   Op ’e twadde ferdjipping lizze dingen dy’t nea mear brûkt wurde, mar dy’t bewarre wurde om’t, no ja, se kinne nochris fan pas komme’. Sa wurdt ommers yn in heel soad húshâldingen âlde rotsoai bewarre. In kapot rinstek, in bernewein folslein út ’e moade, in bult oergerdinen dy’t gjin mins mear foar de ruten ha wol en sa noch it ien en oar. En fjouwer âlde koffers.

   Dy koffers giet it om. Steane se moai neist inoar? Binne se opsteapele? Stiet der op fan A, B, C, D, of 1, 2, 3, 4 of steane dêr de data op fan de berte fan de popkes? Ik nim oan, dy koffers lizze fersille oer de solder, hjir ien en dêr ien. Net opret en weinukt, want se kinne nochris fan pas komme.

   Nij Beets is in doarp dêr’t ik mar ienris yn west ha, yn it doarpshûs. Der heucht my neat fan, Nij Beets hat foar my altyd in plak west om bylâns te riden, gjin pleisterplak, mar in plak dêr’t men dea net lizze wol.

   Yn ’e sechstiger jierren organisearre Ype Poortinga literêre gearsitten yn Koartehimmen en dêr tufte ik dan fan Loaijingea en letter Gau ôf op it brommerke hinne. Akkrum is in fleurich en libben doarp, Aldeboarn leit dêr ek prachtich mei syn brike toer. Mar dan krijt men de ferskriklike iensumheid fan de Lege Midden, mei as sintrum fan ferskriklikheid Nij Beets. In ein fierder Beets, gelokkich, de Wâlden.

   It heucht my, ik bin ek wolris oer Soarremoarre en De Feanhoop riden, mar dat is like iensum.

   Yn ’e winter fan 1993-94 bin ik nochris by Nij Beets lâns riden, mar dan oer iis. Der wie in tocht út set fan Aldeboarn ôf nei Nij Beets en De Feanhoop ta en dan oer de Sitebuorster Ie werom nei Aldeboarn. Men koe foar’t men ôfsloech nei Nij Beets ek even op en del nei Terwispel. Dêr waard de tocht hast de helte langer fan, mar ik fielde my fit, sûn, sterk.

   Ik hie kanker, mar dat wist ik net. Mar altyd pine yn ’e lofter earm. Nachts healwei fjouweren der ôf om in ibuprofen, besykje dy earm wat te plak te krijen. Nei in nacht te min sliep wie ik wrantelich, min te brûken. Mar op it iis wie ik gekgenôch it hearke. Earms op ’e rêch en der gyng ik hinne.

   Dat op en del nei Terwispel, dêr in kop poeier en in stik koeke by fleurige froulju en werom en doe dwarsoer nei Nij Beets. Fan Nij Beets nei De Feanhoop hat men in soad brechjes en dat nekt jin op ’en doer. Troch de hûken sakje, ûnder it brechje troch glide en dan de rêch wer rjocht. Ik wie bliid dat ik De Feanhoop hie, mar doe wie it noch klauwen om yn Aldeboarn te kommen. Mar ik haw altyd in klauwer west, ik moast it fan myn fanatisme hawwe.

   Werom yn Aldeboarn, ik set de hannen oan it stjoer fan ’e auto en dêr is de pine wer. Dy nachts haw ik besocht om mei de earmen op ’e rêch te sliepen, mar wier, dat wol net.

   Doe wienen dy koffers der noch net. Teminsten, doe wienen it noch lege koffers. Wat dogge se mei dy koffers? Krijt de famylje dy werom of wurde se ferneatige?

   It is in idioat ferhaal, alles meiinoar. Nimmen hat sjoen dat it frommeske swier wie. Dat leau ik net, teminsten as ien op alle dagen rint, dat sjucht men. En in wike letter is se wer plat en dat fâlt noch mear op. Miskien hawwe se yn Nij Beets de eagen fol fean of turf of faaks rinne se yn dy keale, wynderige oarde altyd te trieneagjen en sjugge se net sa skerp.

   Men kin fansels nea bewize dat ien wat sjoen hat dêr’t er sels fan seit dat er it net sjoen hat. Mar yn in doarp fan achttjinhûndert ynwenners hat nimmen wat sjoen? Unwierskynlik.

(11 augustus 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Geert hat de leie

 

e beide hynders Mark en Maxime lûke tegearre de wein en soargje dat dy behâlden te plak slagget. It is in âlderwetske haaiwein dy’t men bûten it iepenloftmuseum nea mear sjucht, mar dy’t foar de gelegenheid foar it ljocht helle is. Der soe noch in ramt op kinne om der in weide hea op te loegjen, mar dat is der no net. De wein is no yn syn ‘elemintêre steat’ mei in bûkberje en twa sydberjes.

   Efter op de wein sit in jonge. It liket wol in famke mei syn lange, ljochte lokken, mar oan it koarte broekje te sjen moat it in jonge wêze. Syn bleate skonken bongelje by de bûkberje del en slingerje in bytsje troch it hoarten en stjitten fan de wein.

   Dy jonge, dat is Geert. Hy mei meiride. Hy woe graach meiride en Mark en Maxime hawwe sein: Toe mar Geert, klatterje der mar op. Ho, wacht, moat ik dy in setsje jaan?

   En no sit Geert dêr, hy docht neat, hy sit dêr moai ûnskuldich te wêzen. Wat kin er dêr ek útheve? Hy kin ommers neat. De beide hynders, Mark en Maxime, kieze yn grutte ienriedigens it paad dat se gean wolle, in fuorman ha se net fanneden.

   Se lykje in bytsje op de hynders dy’t eartiids – en miskien no noch wol – kapweinen troch Ierlân lutsen. Sa’n kapwein koe men mei de húshâlding hiere en dan soarge it hynder derfoar dat men troch de moaie plakjes fan bygelyks Kerry ried en alle jûnen op ’e tiid by in pleisterplak oankaam.

   It hynder wist it paad en wykte dêr net fan ôf. Kaam men op in trijesprong en tocht men fan wy moatte mar lofts, want dêr liket in doarpke te lizzen dêr’t wy wol even kofjedrinke kinne, dan gyng dat net samar troch. As it hynder yn ’e kop hie fan rjochts, dan waard it rjochts. Men koe oan ’e leie lûke wat men woe.

   Sà, moatte wy begripe, of moatte wy leauwe wolle, stjoere Mark en Maxime de wein dêr’t sy wolle.

   Mar sa is it net. Geert is net in lytse jonge mei bleate knibbeltsjes, hy is in folwoeksen man, en hy sit net efter op ’e wein mei bongeljende skonken, mar hy sit op it foarkret, de rjochter foet stevich op it tiksels, de leie stiif yn ’e hannen. As Geert ropt fan ‘hâld-om’, dan gonne de hynders lofts en as er ropt fan ‘boei-om’, dan gonne se rjochts.

   Geert hat de feitlike macht. As er ja seit, dan wurdt it ja en as er nee seit, dan wurdt it nee. Ik begryp net dat de VVD en it CDA – ik lit dy hynders no mar fleane – dat dy har samar mei hûd en hier útleverje oan de PVV. As de PVV mei yn it regear siet, dan koenen VVD en CDA easken stelle. Harkris Geert, foar wat heart wat. En harkris Geert, wy wolle yn it bûtelân gjin smeulske praatsjes opfrette oer dyn anty-islamideeën, dat do hâldst dy katoen.

   As Geert mei yn it regear siet, dan koe men him twinge om syn mieningen te fersêftsjen of by te stellen. Mar dat sit er net en hy wol dêr net sitte, hy wol de hannen frij hâlde.

   Geert kin út de keamer wei fan alles roppe oer de koran en de islam en CDA en VVD binne dêr formeel net ferantwurdlik foar, sizze se. Geert kin alle ympopulêre útstellen fan it kabinet stypje, en hy kin tagelyk de ferantwurdlikheid dêrfoar by it kabinet lizze. Geert kin alle krinten út de brij pikke en om de kluten hinne ite. Troch yn it foar witte te litten hokker útstellen syn meistimming al of net krije sille, kin er it CDA en de VVD heine en slaan. Syn opruiend praat krije se der op ta. Helendal om ’e nocht.

   Fan de VVD kin ik dit min begripe. In liberale partij, dêr heart in ferbod op it bouwen fan moskeeën net by, dêr heart in ferbod op holdoekjes net by. Is Mark sa bang om it rjochtse ûnrant dat him oan setelwinst holpen hat in oare kear wer kwyt te reitsjen? Lit it ûnrant dochs oprotsje nei dêr’t it thúsheart.

   Fan it CDA is it makliker te begripen, dat is yn wêzen in prinsipeleaze partij, dy wol macht ha, dy wol regearje, hoe dan ek, mei wa dan ek. Byneed mei de duvel en syn âlde moer.

(4 augustus 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Platwâde stumpers en stakkers

 

arst hiet it in wienen omtrint oardel miljoen, letter waard it tal ferlytse ta in trije- of fjouwerhûnderttûzen minsken. It wie in snoade plysjeman dy’t it foar de fûst wei berekkene: Lyts oardel miljoen minsken, dat hienen safolle treinen-, bussen- en autofol wêze moatten, mar safolle treinen en bussen en auto’s hawwe Dúsburch net oandien, dat dat tal fan in oardel miljoen kin net klopje.

   Ik hâld fan snoade minsken. Ik hâld fan snoade minsken dy’t har net fan ’e wize bringe litte troch emosjonele kulferhalen, mar mar op eigen harsens en sûn ferstân betrouwe.

   Noch in oar feit: it feestterrein wie berekkene op in twaeninhealhûnderttûzen feestgongers. Dêr soe men by need trijehûnderttûzen op propje kinne, en miskien noch wol in lytse fyftichtûzen, mar dan wie it ek oerfol, barstende fol, ûnferantwurde fol. Mar lyts oardel miljoen, dus trije-fjouwer kear safolle? Gjin tinken fan.

   Yn Frjentsjer wenje sa’n trettjintûzen minsken. Dy haw ik noch nea allegear byinoar sjoen en dat begear ik earlik sein ek net. Mei de PC, Agraryske Dagen en oare festiviteiten bliuw ik binnendoarren. Al dat fuotsje foar fuotsje fuortsloffende fet om my hinne, it is my in ôfgriis.

   Mar nim ris oan, al dy trettjintûzen soenen de dyk op gean en nei de binnenstêd tsjen. Ik tink, de Bredepleats en de Foarstrjitte rekken groatfol, ja it Riedhúsplein en de Dykstrjitte soenen oerstreame fan minsken. En dan, yn it ûngeunstichste gefal, men is op de eastlike ein fan de Dykstrjitte en men wol nei de oare ein fan ’e Foarstrjitte by it Sjûkelân. Hoe komt men dêr, en hoefolle tiid nimt dat?

   Yn Dúsburch wienen minimaal tweintich kear safolle minsken, en mooglik wol tritich kear. En net ferspraat oer ferskillende strjitten mei útwykmooglikheden troch stegen en gloppen, mar allegear op ien bult.

   Jo steane dêr middenmank en jo moatte pisje.

   Neat gjin slimme dingen, jo krije gjin hertoanfal, jo krije gjin tillefoantsje dat jo broer in ûngemak hân hat en op de ôfdeling Yngeande Soarch leit, it komt jo net yn it sin dat jo in gaspit baarne litten hawwe en daliks nei hûs ta moatte, nee, neat gjin slims, jo moatte allinnich mar pisje. Foar jo, efter jo, rjochts fan jo en lofts fan jo stanne tachtichtûzen minsken.

   Dat pisjen kinne jo ferjitte. Lykas jo ek dat gleske bier dêr’t jo sa’n sin oan ha ferjitte kinne, en it broadsje mei skinke dat jo ûnderweis nei de trein ta keapje wollen hienen. Dy hele trein kinne jo ferjitte. Faaks kinne jo ek noch ferjitte dat jo oer in oere of trije-fjouwer fan dit feestterrein ôf slagje kinne. De mooglikheid bestiet dat jo hjir benachtsje moatte.

   Hoe moat men de minsken oantsjutte dy’t nei sa’n feest ta gonne? Binne se idioat, besopen, knettergek, besimpele, ferrotte? Ha se stront yn ’e harsens of seachmoal?

   Ja, ik wit wol, it binne no allegear stumpers en stakkers dy’t neatfermoedend nei in muzykfeestje reizgen. In Love Parade, gesellich no? Moai yn it gers sitte op in meinommen tekken, in tas mei broadsjes en flessen kâld drinken by jin en de hele dei genietsje. Wa hie tinke kinnen, wa hie ane kinnen, dat it dêr sa smoarfol wêze soe. Dat kin men dochs net witte? Op soksoarte feesten komme ornaris mar in fyftichtûzen minsken ôf, hoe soe men fermoedzje kinne dat hjir wol seis-sân kear safolle lju op ta sette soenen. Dat koe men dochs as gewoan stumper of gewoan stakker net witte?

   De boargemaster fan Dúsburch krijt de skuld. Dat leit yn ’e reden. Hy is in man dy’t macht en ferantwurdlikheid taparte is en fan wa’t men ferwachtsje mei dat er mei harsens bejeftige is. Dy man hie dy harsens brûke moatten en dit feest keare.

   Fan stumpers en stakkers kin men net begeare dat se har harsens brûke, dêr binne it stumpers en stakkers foar. Se kinne har harsens net brûke, de platwâden net, mar de oerlibjenden ek net.

(28 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Hillichheid

 

s ien my fjirtjin dagen lyn frege hie: wêr leit Obdam, dan hie ik gokt op Grinslân. De namme klinkt my Saksysk yn ’e earen. Mar sûnt koart kin bekend wêze dat Obdam yn Noard-Hollân leit, rûchwei tusken Alkmaar en Hoarn. Pastoar Paul Vlaar hat syn stêd it earefjild fan de ivige rom ynsketten.

   Fuotbaljen en Roomske earetsjinst, dat is safolle as klop-klop-pudding mei Ko Lo Yuk, beide op harsels al net te fretten, mar trochinoar helendal om fan te koarjen. Dêr tinke se yn Obdam grif oars oer, yn alle gefallen, se fine balskoppen hartstikke moai en spannend en de earetsjinst net ferkeard mar in bytsje sljocht en dea. Troch de earetsjinst te ferklaaien, te fersieren as fuotbalspul wurdt dy dochs oangenaam en feestlik.

   Sa sil Vlaar dat bedoeld hawwe, en oan syn parochianen te fernimmen is er yn dy opset slagge. De lju ornearren dat it in hele gesellige, ferrassende en fleurige tsjinst wie. Klear dus, moai foar wa’t fan fuotbaljen en godstsjinst, fan godstsjinstich fuotbaljen of in balskoppende earetsjinst hâldt. Wa’t der net fan hâldt moat mar thúsbliuwe.

   Mar Punt seit, biskop Punt fan Haarlim dy seit dat op sa’n manear de hillichheid fan de earetsjinst yn ’e knipe komt. Dêr hat er grif gelyk oan. Dat ouweltsje en dy slok wyn dy’t dan transsubstansiëarre wurde ta it lichem fan Kristus, of ek wer net helendal mar sokssawat, dat is fansels ferdomde hillich. It is allinnich net ferstannich om dingen hillich te meitsjen of as hillich te beskôgjen.

   Hillich dat binne de dingen of saken dy’t net by it gewoane libben hearre, mar apart steane. Myn sandalen binne net hillich, myn stikje bôle ek net. Wy neame de Provinsje Fryslân net hillich, de Twadde Keamer net, de grûnwet net, Skiphol net, de Dokkumer Ie net, de jiskauto net iens. Alle dingen fan it gewoane libben, alle dingen dy’t ús libben útmeitsje, ús wurk, mar ek ús dreamen, ús noeden, ús freugden, dy binne net hillich. Dy binne gewoan, of sljocht, of slim, of prachtich moai, mar dy binne net hillich.

   Wêrom, yn ’e fredesnamme, meitsje se dingen dêr’t se fan sizze dat dy sa wichtich binne yn ús libben en foar ús libben, ik sis mar god, de ferlossing, de genede, de himel en alles wat dêr mei anneks is, wêrom meitsje se dy hillich? Wat hillich is, dêr ha wy ommers neat oan, dat spilet gjin rol yn it deistige libben.

   In hillige god, dêr kin ik neat mei. Likemin as mei in hillige fytspomp, want dy hat in lekke slang, of in hillige krúskopskroevedraaier, want dy kin gjin grip mear sette. In hillige god haw ik neat oan. Ik haw wat oan in god dy’t fungearret as in ekstra akkú foar myn elektryske fyts.

   Wis, it wie wol wat útwrydsk, in goal yn tsjerke, in bal, al dy lju yn it oranje – mar ik fyn it hele spektakel om balskoppen hinne oerdreaun en forsearre, dat ik ha net earlik rjocht fan praten. Mar ik ha ’t ris meimakke by in begraffenistsjinst, doe parte de dûmny oan ’e ein fan ’e preek mar foar it amen alle tsjerkgongers in keatsbal ta. De ferstoarne hie in ferneamd keatsbalmakker west. Ik fûn dat net raar, dit hie de man syn libben west, syn hobby, mar dus ek syn libben. En dêr parten wy no yn mei.

   Wat Paul Vlaar útheefd hat, wie net ferkeard, it hie wat minder útskroeven kinnen, mar dat is alles. No moat de goede man yn retraite en de hillichheid fan de earetsjinst weromfine. Hy moat himsels suverje fan wrâldske oangroeisels en de kleare wei ta god sykje. Ja, ik eamelje mar wat, want ik wit echt net wat Vlaar dwaan moat. Wit er sels grif ek net.

   As ik Vlaar wie, dan sei ik Ajú paraplú tsjin Punt. En as de parochianen fan Obdam ferstannich wienen, dan seinen se Ajú paraplú tsjin de Roomske fundamintalisten. Meitsje fan de tsjerke in ferieningsgebou en fan Vlaar in maatskiplik wurker. Dan ha se ommers alle wille fan ’e wrâld.

   En hillichheid, och, skyt op hillichheid. 

(21 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Tûzen triennen

 

aam men fan de Tsjommerkant ôf de stêd yn, dan seach men oarekant de brêge in strjitte fol oranje flachjes. It wie sa feestlik, sa fleurich, Frjentsjer fersierd mei tûzen freugden.

   Sa wie it, sa is it net mear. Tûzen freugden waarden tûzen triennen.

   Der is sneintejûn in Spanjert, sa’n bolleboal, sa’n sangriasûper en dy hellet út mei syn ûngelokkige knollefoet en jaget in bal yn it Nederlânske doel en de Nederlânske hoop nei de strontbult. Dat barde yn ’e ferlinging, ja-ja, yn ’e ferlinging. Oardeloere de tiid hân om in punt te skoaren, mar dat koenen se net. Fan de ferlinging moasten se it hawwe, dy stakkerts.

   Mei de Tachtichjierrige Oarloch ha se krekt tachtich jier de tiid hân om ús der ûnder te krijen, mar dat is net slagge. Ferlinging bestie doe noch net, teminsten net by oarloggen, se wienen doe snoader en sloaiden net mei de regels. No al, Spanje moast winne en om dy reden moast der in kertier oan de wedstriid fêstknope wurde.

   Beskamsum dat men it sa helje moat, om jin dea te skamjen, ta de teannen út. Doarre se dêr mei thús te kommen, doarre se har neisten ûnder eagen te kommen? Wy hawwe it wûn, no ja, yn ’e ferlinging.

   Mar neffens de regels jildt de goal. Spanje hat wûn, Nederlân hat ferlern. Spanje is de grutte man, Nederlân is lytsman. En dêrom binne moandei ieremoarns de flachjes ynhelle, losmakke fan daksgoatten en hiemstekjes en soarchsum opteard en yn de grutte doaze flijd. De doaze dy’t sûnt jier en dei by Harke en Gryt op ’e solder stiet.

   En dêrom hingje no, wat ferskûle efter lekkens en slopen, twa oranje ûnderbroeken oan ’e line. In manljusûnderbroek dat gewoan in ûnderbroek hyt en in frouljusûnderbroek dy’t ornaris slip neamd wurdt. Fjouwer wiken lang hawwe man en frou dy broeken om it gat hân, allinnich út dien foar de needsaaklike dingen, mar net ferfarske, net ferskjinne, o nee, dat mei net, dat bringt ûnheil. Men hâldt dy broek oan salang’t it toernoai duorret.

   De frou hat de broek en de slip sneintejûn yn de caustic soda set om de ûngerjochtichheden fan fjouwer wike leed en wille der út te baarnen. Moandei ha se yn twa wasken efter inoar meidraaid en no hingje se oan ’e line. Wat ferskûle. Se wurde strak opteard en efter yn ’e linnenkast opburgen.

   De frou hat wite ûnderbroeken klear lein. Foar him is dat fansels, hy draacht altyd wite. Mar sy sil har de kommende tiid ek net te bûten gean oan in fleurich ljochtblau of dûnkerread slipke. Se wol him net narje en net fergje. Hy is sa fan ’e wize, hy kin him fjirtjin dagen lang net oerein krije.

   Hy lit, hy lit yn stilte. It fret oan him, it skriemt yn him, hy wurdt fertard fan in frettend fertriet. It Frysk hat ferskillende wurden foar gûlen: lipe, grine, janke, jammerje, snotterje, moartsje en faaks noch mear. Hjir moat it meast ferhevene en it meast ynderlike wurd keazen wurde: skrieme. It skriemt yn him.

   Sy hat de lêste oranje tompoezen en de lêste oranjeburgers yn it jiskefet kypt en se makket alle dagen syn lekkerste iten klear: seane nije borgers en in gehakbal mei wat seane griente. Gjin raukost, hy is gjin knyn. Blomkoal, andyvje, spinaazje en al sa njonkenlytsen, nei in deimannich, in bosk simmerwoartels út ’e Wâlden. Hy moat wer oranje op syn board ha, hy moat it ûnder eagen sjen en him der mei fermoedsoenje. Oranje hat ferlern, mar ienris sil oranje winne.

   Der is fansels gjin kwestje fan dat wy de fakânsje nei Spanje troch sette. Wy hawwe gelokkich in annulearringsfersekering en dêr meitsje wy gebrûk fan. Wy geane nei Dútslân, dêr ha se ek goed bier. In bytsje te hoppich faaks, mar bêst yn te nimmen.

   Moarn is de polityk der wer, de formaasje en de besunigingen en de hele poppekast. Moarn kin men wer skelle en smeule op de potfertarders en de bûsetroppers, de ligers en de draaiers. Dat makket it libben dochs wer draachlik.

(14 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

Met Geert in ’t land

 

s soan hat in hûs hierd en sadwaande komt der drokte op ús ta. In hûs heart biezemskjin oplevere te wurden en dat wie wol ynoarder, mar likegoed moat men de oerbliuwsels fan lym fan de trep stekke en moat men it behang hifkje: kin dat sa oerferve of oerplakt wurde of moat alles derôf? Op in stuit sitte der safolle lagen behang op in muorre, dat der mar ien remeedzje is: alles der ôf.

   As behang op gipsplaat plakt is, dan is it in put om it der ôf te krijen. Men set it behang te weak en begjint te stekken en te skuorren. Ornaris skuort men allinnich de toplaach der ôf en bliuwt de ûnderlaach sitten. Dan dy wietmeitsje en fuorthelje en dan komt men op de twadde laach behang. In bloedich wurk.

   Behang dat op in stukadoarde muorre plakt is, dat skuort men der maklik ôf yn grutte lapen. Yn in goed oere hat men in muorre fan seis meter keal.

   It is in nuvere oanwenst om teksten op ’e muorre te skriuwen foar’t dy oerplakt wurdt. Ha-ha, dat bliuwt yn der ivichheid sitten. Ha-ha, gjinien sjucht it skielk, mar do en ik witte dat it der stiet. Ik ha dat yn âlde huzen wol faker sjoen, fan dy stikume, genipige potsen.

   Op de muorre fan myn soans hûs stie mei poatlead skreaun: Met Ted in ’t land altijd trammelant. Wa’t Ted wie, wit ik net. Miskien de behangplakker, of de assistint-behangplakker, of de opdrachtjouwer. In lokaal-histoarikus soe dat útfine kinne. Om my hoecht dat net, ik woe de spreuk aktueel meitsje troch him justjes te feroarjen: Met Geert in ’t land altijd trammelant.

   No doocht de befeiliging fan Geert wer net. Nee, fansels doocht dy net. In minske dy’t in stikhinne oan it normale libben deelnimme wol, dy is net folslein te befeiligjen.

   Ien of oare superbefeiligingstsjinst hat om de befeiligingstsjinst te testen in pistoal yn de keamer fan de PVV brocht. Neffens my hat soks gjin inkeld doel as jo net tagelyk in skutter nei binnen slûkje. Pistoalen sjitte út harsels net.

   It gebou fan de Twadde Keamer liket my oars ek net it útsochte plak om Geert in loech ôf te sjen. Der binne tefolle minsken, der is befeiliging en men moat in heel soad gongen troch en treppen del om fan ruten te spyljen.

   Wat wol kinne soe, mar dat is wat spionaazjeferhaaleftich, men ferklaait jin as boade fan de Twadde Keamer en as Geert efter de kateder stean giet om syn sprek te sprekken en syn skel te skellen, dan set men in glês wetter foar him del en sjit jim tagelyk in fergifpylkje yn ’e kont. Geert sil dat wol fernimme, mar hoe ûnfatsoenlik er bytiden ek út ’e hoeke komme kin, yn it iepenbier, foar de keamerleden en ûnder it each fan de tillevyzjekamera’s oan syn kont klauwe, dat sil er net weagje.

   Tsien minuten letter sakket Geert yninoar en is dea. Men hat jin dan allang yn it húske ferstrûpt yn in ferversoveral en men rint it gebou út. Mar it is wol wat omslachtich alles meiinoar.

   Op ’e dyk wurdt it ek neat. Geart hat altyd in man of seis breedboarsten om him hinne dy’t alle kanten útkuere en ornaris skean omheech. Oft se gefaar ferwachtsje út in harkenieltsje dêr’t in kearel sitte kin mei in gewear, is net dúdlik. Miskien binne se ek beducht op lytse loftse fûgeltsjes dy’t samar út in beam of in daksgoatte delsaaien komme kinne en Geert mei frettend guod op ’e kop skite.

   Dy breedboarsten sille wol tsjinje moatte om de kûgels op te heinen, oars soe men foar itselde smelboarsten nimme kinne as befeiligers. Mar nimmen is dochs sa gek om mei in pistoal yn ’e hân oer de strjitte te rinnen en it breedboarstige cordon sanitaire te trochbrekken en Geert fan tichtby in kûgel troch de kop te jeien?

   Mar is der überhaupt wol ien sa gek om Geert dea te meitsjen? As der minsken wienen dy’t mei sokke plannen omrûnen, dan hienen se dy dochs allang útfierd? Ik tink, de measte minsken wolle de trammelant om Geert hinne foar gjin jild misse.

(7 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Deadlike earnst

 

n ferhaal yn de Ljouwerter Krante waard ik eigentlik wol kjel fan. De dea fan in man yn Minnertsgea, dy’t fjouwer jier te let begroeven wurdt, waard in poeha fan makke as gyng it om in misdied tsjin de minsklikheid.

   Alle oerheidsynstânsjes, semy-oerheidsynstânsjes, tsjerken, ferienings, sportklubs, buertferieningen, aksjekommittees, wolwêzensynstânsjes – fan Kommisje Boarterstún oant Figuerseachklub, fan Froulju Yn De Oergong oant De Krigele Keatser – soenen der manmachtich op tasjen moatte dat der nea, mar dan ek oant yn alle ivichheden nea wer in persoan yn Minnertsgea fjouwer jier dea op bêd leit.

   Neffens my stonk dy man net, teminsten dêr hat men neat fan lêzen, dat wat is de ramp no krekt helendal?

   Alde minsken wurde gnoarrich, en as fiif al mar âlder wurdende bruorren en susters alle dagen meiinoar ûnder ien dak ferkeare moatte, dan wurdt dat in gegnoar dêr’t in keppel bargen net tsjinoan pisje kin. Wrokje, dwarsbongelje, skeanbekje, kliere, inoar yn ’e bek hingje – oant de dea frede bringt.

   Ien fan dy âlde wrokkers hat op in stuit besletten dat er gjin gemienskip mear hawwe woe mei de oaren. Jimme moatte my gewurde litte, sokssawat sil er sein ha. Doe hat er de doar mei in klap efter him tichtlutsen en is de trep op set nei syn keammerke ta.

   De oare fjouwer sille inoar even ferbjustere oansjoen hawwe: hee, dit is ferfelend, wy koenen ommers sa gesellich wrokje? Mar ien hat miskien luchtich sein: Och, dy âlde rotharsens komt wol wer ûnder as er honger krijt. En oars mar net.

   Hy is net wer ûnder kommen. No, dan net. Dy’t n’t oars wol, dy’t n’t oars sil, sei ús mem altiten. Faaks kenne se dat sechje yn Minnertsgea ek wol. Yn alle gefallen, se hawwe der neffens libbe. Se hawwe har broer rotsje litten, neffens syn eigen begearen.

   Is dat slim? As de oerbliuwende bruorren en susters der gjin problemen mei hawwe, dan is der neat slims. In lyk moat op syn lêst nei fiif dagen begroeven wurde, mien ik, en men kin ornearje dat de bruorren en susters neilittich west hawwe mei de dea fan ien fan har net te melden oan de autoriteiten. No, dêr kin men se in boete foar jaan, as dat it rjochtsgefoel fan de rjochtlinigen befrediget.

   En fierder? In buorman liket sa fan ’e wize te wêzen dat er nachts en deis gjin wink mear yn ’e eagen krijt en fertard wurdt fan selsferwyt, of plakferfangend selsferwyt. Wat moat men dêrfan sizze? It stiet de minske frij om alle leed fan ’e wrâld nei him ta te heljen en op syn eigen siel te loegjen. It stiet de minske ek frij om fan elke skeet in tongerslach te meitsjen, mar hy moat him net bekleie as er troch syn eigen wjerljocht rekke wurdt.

   Jonges, wat is hjir no helendal te rêden? Dit is in idioat gefal, dit is in bizar gefal, wis, mar it earste wat in minske by soks yn it sin komt is skodholje en gnyskje. It giet dochs net oan om hele Minnertsgea te ferketterjen as in doarp dat fan god los is? Men kin dit bizarre foarfal dochs wier net hâlde foar in teken fan it ferfal fan de plattelânske seden, as in teken fan it ferdjer en de ferrotting fan alle maatskiplike en kristlike deugden, as in deiklear eksimpel fan de botte ûnferskillichheid en eigenikkichheid dêr’t it minskdom ta ôfsakke is?

   Jonges, even kalm oan. Der is in man dea en dy wurdt earst nei fjouwer jier begroeven. Dat heart net sa, dat is yn striid mei de goede sede en it goede gebrûk, it is ek yn striid mei de wet op de beïerdiging fan ferstoarnen.

   Mar mear is it ek net. Heegje dit bizarre foarfal net op mei Iepenbiering-eftige ferhalen oer de kommende wrâldûndergong. Set dit foarfal net op it alter fan de deadlike earnst dy’t it libben smoart en op alle libbenswille it near leit.

   It iennige wapen tsjin de earnst is de grap. Meitsje leaver fan elke tongerslach in skeet. Dat stjonkt, mar men kin der om gnize.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 30 juny 2010)

 

 

It faaie liif

 

k mei wol itensiede, mar trije dagen efterinoar foar ien man, dêr hie ik gjin nocht oan. Dat in dei in Italjaansk gerjocht mei in blik brune beane, bleekseldery, woartel en spinaazje, in dei in blik grauwe earte mei útbret spek en in dei, dochs wat bewurkliker, bakte rjappels mei beantsjes en in troch ende wer troch geare karbonade.

   It is wier, nei twa dagen earte en beane litte de yngewanten witte dat se der binne. Mar der binne metoaden om it opskuor del te bêdzjen.

   Krekt doe’t ik der mei de hûn út soe, sneontejûn, begûn it te reinen. Net slim, gewoan in bui, mar ik wie der wol nidich om dat it krekt no moast. Op sa’n stuit moat men eins fol betrouwen tinke: Dy’t ús wiet makket, makket ús ek wer droech. Dat haw ik ris heard fan in frommeske dat nei myn bêste witten poer-ûntsjerklik wie. Mar it hearde wol osa godstsjintich.

   Ik hie de bisten iten jûn en it skiterige ôfwaskje dien en stie te ôfdroegjen. No begûn it echt te spielen, dat ik hie it noch bêst troffen. En dêr stapte my ús kat troch de streamende rein, dy gek. Mar hy hie wat swarts yn ’e bek! Ik hearde him troch it kattelûk kommen. O god, gjin healopfretten bisten yn ’e hûs, in jong knyn mei de yngewanten der út, dan kak ik samar oer de tonge.

   Ik skuorde de kokensdoar op en dêr wie boarrekat en de hûn ek al. It wie in swart fûgeltsje. Boarre liet it los en it hipte op ien poatsje en sljurkjend mei ien flerkje in eintsje foarút. It soe grif deagean, mar ik woe him wol in fredige dea gunne, wêrby’t er de dingen fan it libben nochris oertinke koe foar’t er de geast joech.

   Dat ik brulde sa lûd dat hûn en kat fleagen fan eangst by de doar op en ik jage it fûgeltsje foar my út. Troch de foardoar derút, skeat it troch my hinne. Minsken dy’t har der graach op foarstean litte dat se net helendal ûngefoelich binne foar it godlike, sizze dan: It waard my ynjûn. Flauwekul allegearre! Foar needsitewaasjes hat men in tal oplossingen yn jins harsens dêr’t men troch ’en dei net fan wit, mar dy’t yn needsitewaasjes spontaan tefoarskyn springe.

   Ik in stoel tsjin de klapdoar oan en it fûgeltsje efter de kattepoepdoas weijeie en de foarste gong yn. Doar ticht! Man, ik hie it ret. De foardoar op! Mar no siet fûgeltsjeman efter de paraplúbak. Mei in gongelstôk der wei reagje en doe soe er de gong op ’e nij yn mar mei de foet haw ik him de doar út treaun. Besykje by dy beam te kommen en stjer yn frede.

   Mar wat docht dat bist, it wie in jonge klyster, tink ik, hy makket in pear hipkes en ynienen dêr fljucht er! Hy fljucht skean de grêft oer nei it plein foar de Roomske tsjerke ta.

   Ik hie tocht, dy kat hie him sa knoeid dat er deagean soe. Us hûn is sêft yn ’e bek, dat moat er wêze want it is in retriever. Mar dy kat, dat is in meubel, in moardner.

   It fûgeltsje libbe, mar hoe soe it psychysk mei him wêze? Hy koe wol in posttraumatysk stress syndroom skipe ha. Troch in reade boarre yn ’e bek nommen, troch in reade hûn begnúfd en troch in reade kearel ta de doar útskopt. Foargoed foar it sosialisme ferlern.

   Soe dat fûgeltsje Roomsk wêze, dat er daliks nei it tsjerkeplein fleach? Dat hoegde net, miskien wie it in Protestantsk fûgeltsje of in fûgeltsje dat nearne oan die. Ja, it wol my oan, as dêr net dy Roomske tsjerke stien hie, mar in moskee, en dat fûgeltsje hie in islam-skou PVV-fûgeltsje west, lykas Fleur Agema, dat wie er dêr noch hinne flein.

   Yn tiden fan foarspoed kin men wol wakker opswetse fan dit binne myn prinsipes en ik sil noait dit en ik sil altyd dat, mar as it om it faaie liif giet, dan siket men dochs heul by elk dy’t jin hoedzje wol?

   Minsken binne godtank folle minder prinsipjeel en rjochtlinich as se soms foarkomme litte wolle. It faaie liif komt earst.

   Al mei al in fruchtber wykein, ik haw in skepsel gods it libben ret en ik bin oanwûn yn wysheid. 

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 23 juny 2010)

 

 

Oeral thús, mar thús it bêste

 

e Elzas hoege jimme wier net hinne om spektakulêre dingen te belibjen. Der is neat te belibjen. It nuverste wat ik meimakke haw, is dat in frou fan de stoel lutsen waard troch in Dútske hoeder.

   Ik siet op it bierterras en neist my op it iisterras sieten trije froulju. Ien hie in hûn by har en dy woe se fuorje mei stikjes taart of keek, de gek. De hûn wie ferstanniger, hy draaide de kop fuort as sy him in brokje yn ’e bek triuwe woe. It kin ek wêze dat de hûn dat getsjânsel by syn kop net hawwe woe om’t er wach bliuwe woe. Dútske hoeders binne sénuwpezige beesten, se moatte alles sjen, alles yn har opnimme, it folsleine oersjuch bewarje.

   Op in stuit tearde de middelste frou oer de side en de oare beide skeaten ta om har yn fertikale posysje te hâlden. Ik wit net wat der wie, miskien hie se tefolle sorbet of taart slynd, mar dat wie ek wer net eksepsjoneel foar it dwaan dêre. Aldermâlst wat dy lju oan swiet guod opfrette, en it meastepart is ek sa fet as modder. Gjin moaie, slanke Frânsken, mar grouwe poepen.

   Op in stuit stapten twa fan dy froulju de salon yn en it omsigende frommis krige it bewâld oer de hûn. Dat wie bêst regele, út it eachpunt fan dy froulju, mar net út it sicht fan dy hûn wei. Dy woe mei de bazin om har te hoedzjen foar ûngemakken, brike setten, benaude sitewaasje en wat net mear, jo binne net om ’e nocht in Dútske hoeder. Dat dy hûn begûn te lûken en it plestikene stuoltsje bûgde troch de poaten en plof!, dêr leit it stuoltsje mei ynhâld. Ik skeat der op ta en frege: Wie geht ’s? Ça va, sei se. Se klaude it taske fan ’e grûn en ik sette de stoel oerein. De riem fan ’e hûn hie se beethâlden, dat fûn ik wol knap fan sa’n sleau frommes.

   Mar soks kin men dus meimeitsje yn ’e Elzas en dêr kin men noch dagen oer prate en dat sil ek wol moatte want fierder is ’t in deade boel.

   No ja, wy hawwe ek noch in ûnderierdsk fort by Schoenenbourg besjoen, in ûnderdeel fan de Maginot-liny. Yndrukwekkend wat dêr bebealige en begroeven en bedien is. Kokens en sliepkeamers en sikesealtsjes en in kommandosintrale, alles wie der. Mar benammen yndrukwekkend fanwege de stupiditeit om sa’n fort te bouwen. As jo josels yn in fort opslute, binne je net mobyl mear en kinne jo op syn bêst bidde dat de fijan foar de loop fan jins kanon ferskine wol.

   Ik wie ek mei in strikt persoanlik doel nei de Elzas reizge, ik wie in pear kilo ûnder myn gewicht en ik tocht, dat kin ’k der moai wer even oan frette. De koken fan de Elzas, dêr giet in swiden rop fan. It iten is ek goed hear, mar om no te sezen fan – no nee, dat ek wer net. Gewoan, lekker. Twa kear oan ’e choucroute west, want dat is ien fan de favoriten dêre. Bêst te iten, hearlik sels, mar ek al wer neat lekkerder as myn soerkoal dy’t ik op de wize fan bigos klearmeitsje mei apel en bier. Bier yn it iten is dochs lekkerder as wite wyn, dat smakket sa kattemigerich. Ja hear, goed iten, mar it alderlekkerste fûn ik de döner kebab.

   Doe soe it dochs noch drok yn ’e stêd wurde. Der waard in triathlon hâlden en dat loek gâns folk. It strjittebyld feroare merkber. Earst benammen manlju mei grouwe bierliven en froulju mei ûnbidige konten en no minsken sa meager as branhout. Oanklaaide spikers, sa te sizzen. Manlju sa ôftreend dat se deadskoppen hienen, froulju sûnder boarsten en konten. Sokken moasten tusken de bonken troch skite, tocht men ferbjustere.

   Wy binne ôfreizge foar’t de wedstriid begûn. Moai rêstich op ’e wegen en yn in flok en in sucht wer thús. De frou hat de blikke twaris meand en ik ha de lange raaien der út knipt. En wat wy der fergees op ta krigen: Balkenende fuort en Verdonk fuort, dat it hiem leit der wer himmel en kreas by.

   No leit de hûn al wer oeren plat yn ’e blikke. Hy moat grif sliep ynhelje. De kat is ek bliid dat wy der wer binne. Wy ek.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 16 juny 2010)

 

 

Wrikplanke

 

t sil in wike of acht lyn wêze dat ik it foar it earst seach en it hat ek mar in fjirtjin dagen duorre. Ik bedoel ‘wrikplanken’. Ja, ik moat dúdliker. Middeis healwei ienen gean ik mei de hûn oer it houten brechje oer de stedsgrêft it frije fjild yn. Dan komt my altyd in stream fan wurkfolk en skoalbern temjitte.

   Op in stuit seach ik in jonkje op in ‘wrikplanke’. It is in planke lykas in skateboard, mar dan mei twa tsjillen. It foarste sit fêst en wiist foarút, it efterste is in swinktsjil. De bern dy’t ik sjoen ha, hienen de lofterfoet op de foarein fan it boerd en de rjochterfoet op de efterein. Mar oarsom kin grif ek.

   Yn alle gefallen, mei de efterste foet makken dy bern bewegingen heaks op de lingterjochting fan de planke, in oare beweging wie ek net mooglik.

   It gekke wie, troch dy heakse bewegingen gyng de planke foarút. It wie wol dreech like my ta. By de brêge op en letter by it bolwurk op, dan stapte der wol ris ien ôf.

   It die my tinken oan it wrikken fan in boat. Men kin yn ’e midden fan it efterboard fan in roaiboat in ynkeping meitsje en dêr in roeiriem yn lizze. Dy riem kin men hinne en wer wrikke, en dan giet it boat foarút. Dat wrikken moat men steande dwaan, oars hat men gjin krêft.

   Ik hie altyd tocht, dat boat gyng foarút trochdat it wetter yn ûnstjoer brocht waard. Nee, net út psychyske needsaak fansels, mar as gefolch fan de beweging. As der bygelyks in plankje yn it wetter leit en ik smyt dêr in stien neist, dan driuwt it plankje fuort fan it plak dêr’t de stien fallen is.

   No’t ik dy wrikbuorden sjoen haw, twivelje ik dêr oan. By wrikbuorden en wrikboaten wurdt deselde heakse beweging makke en de ûntstiene krêft moat deselde oarsaak hawwe.

   Mar hoe’t dan dy heakse beweging omset wurdt yn in lânse beweging, dêr begryp ik helendal neat fan. Ja, in heakse oerbringing, dat begryp ik. Foarhinne, mei de moter foaryn en de oandriuwing op ’e eftertsjillen, hie men by auto’s in kardanas noadich dy’t midden tusken de eftertsjillen einige mei in taps tarinnend kamrêd dêr’t in oar kamrêd heaks op stie. Sa waard de krêft fan rjochting feroare.

   Ik ha autoriden leard yn in auto mei efteroandriuwing en it heucht my dat men sa’n auto folle minder maklik de bocht troch krige as in auto mei foaroandriuwing. Dat is itselde as mei in winkelweintsje, it freget minder krêft om sa’n karke de bocht troch te lûken as de bocht troch te triuwen. Mar dat yn ’t foarbygean.

   Ja, ik begryp in heakse oerbringing, mar de wrikboat likemin as de wrikplanke hat twa kamrêden dêr’t dy heakse oerbringing mei realisearre wurdt. Der is neat, helendal neat, de krêft fan rjochts nei lofts wurdt ‘samar’ feroare yn in krêft foarút.

   Ik soe dat begripe wolle, want it is net goed om jin op te sluten yn de geasteswittenskippen en de fysika en de meganika ôf te wurdearjen as plat by de grûnsk.

   Robert Pirsig hat yn 1974 in boek publisearre mei de titel ‘Zen and the art of motorcyclemaintenance’. It hat as rêchbonke de Dútske sêge fan Erlkönig (Wer reitet so spät durch Nacht und Wind? Es ist der Vater mit seinem Kind.) De haadpersoan fan Pirsig syn boek riidt op in stoomfyts mei syn soantsje efterop. De noed rjochtet him net op it jonkje, mar op ’e geastessike heit. Mar it boek is tagelyk in speurtocht nei wearden, en in filosofysk boek.

   Pirsig fertelt op in stuit oer de ôfgriis dy’t in soad minsken hawwe fan grutte fabriken mei har hymphamp fan buizen, kranen, pipen. It liket harren in bedriging fan de minske. Nee, seit Pirsig, alles wat dêr stiet komt fuort út de kreativiteit fan minsken. Oan it begjin fan de technyk stiet de skeppende minske.

   Bêst iens mei Pirsig. Mar likegoed begryp ik net hoe’t men in heakse krêft sûnder kamrêd feroarje kin yn in lânse krêft. Swier skynt it likegoed wol te wêzen, ik haw neityd komselden noch sa’n planke sjoen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 9 juny 2010)

 

 

Smyt der mar stront op

 

joggen minsken deasketten en Grytsje Tûzenberch tsjin ’e grûn kneppele. It giet wer mâl yn ’e grutte wrâld. Dat fan Grytsje fûn ik it slimst. Dy deasketten minsken witte nearne mear fan en binne út har lijen, mar Grytsje lei dêr yn har goede guod en dat moat allegear wer stoomd en wosken wurde. En sa beskamsum, in frou fan har jierren langút oer de strjitte. Gelokkich hie se in lange broek oan. Grytsje op ’e rêch mei de rokken omheech, men moat der net oan tinke.

   Dy kneppelders, dat wie bûten roai, dy wienen folslein opfokt. Ik tink dat falium of librium net helpt by ditsoarte fan breinroere opsternatelingen, men soe se gemysk kastrearje moatte om har yn stokken te hâlden.

   Jakobus, in bibelboekskriuwer, seit yn syn brief: Sa is ek de tonge in lyts lid, en rommet dochs op grutte dingen. Sjuch, hoe’t in lyts fjoer in hiel bosk yn ’e brân stekt. De tonge is ek in fjoer, de wrâld fan ’e ûngerjochtichheid; de tonge hat har plak ûnder ús lea, dy’t it hiele lichem besmet en it rêd fan ’e berte oanstekt, en sels oanstutsen wurdt fan ’e hel. (Jakobus 3:5-6).

   Mar de tonge is net it iennige lytse lid dat ús nei it ferdjer fiert, freegje Jack de Vries mar. Dêrom, kastrearje dy blauwe hap mei har kneppels.

   No falt de hele wrâld oer Israël gear. De Feriene Naasje binne opsternaat, Turkije ropt syn ambassadeur út Israël werom en ministers fan útlânske saken fan ferskillende lannen hawwe har Israëlyske ambassadeur op it festje spuid. Yn in soad stêden is protestearre tsjin de Israëlyske aksje.

   En dat helpt dus allegear niks. Salang’t Amearika Israël de hân boppe de holle hâldt, en salang’t in Verhagen en oaren fan tuike-tuike spylje – net mei de smoarge hannen oan gods eigen folk komme -, feroaret der neat.

   Boppedat, lit ús earlik wêze, elkenien dy’t krityk hat op it Israëlyske dwaan en litten en dy’t him it lot fan ’e Palestinen oanlûkt, dat is in antysemyt. In humaan stânpunt, in politike middenwei is net mooglik. Men folget Israël troch roeien en ruten of men is in antysemyt.

   Doe’t der in pear jier lyn krityk út Jeropa kaam om it bûtenproporsjonele geweld tsjin de ynwenners fan Gaza, sei Shimon Peres: it latinte Jeropeeske antysemitisme stekt de kop wer op.

   In pracht foarbyld hearde ik yn it Flaamske programma Phara. De haadredakteur fan in yn Flaanderen ferskinend Joadsk blêd bewearde dat alle opfarenden fan it grutte Turkske skip dêr’t de stjitpartij plak fûn, wienen Al Queda-leden. Wat hat praten en protestearjen, wat hat op it matsje ropperij en resolúsjes dan noch foar nut? Gooi er maar stront op, sei Hendrik-Jan de Tuinman eartiids.

   De skippen mei har ynhâld binne ûnder twang nei de havenstêd Ashdod fearn. Dêr wurde de minsken fan board helle en finzen set. Dêr wurdt ek de lading ynspektearre op wapens. Dy binne der grif net, of it moat wêze dat de Israëlys bilen en beitels en seagen en wetterpassen as wapens beskôgje. Wêrom ek net, men kin ien mei in wetterpas wol de harsens ynslaan.

   De rêst fan ’e lading sil oerdroegen wurde oan ’e befolking fan Gaza. Ja, mar dat wurdt fan ’e wike neat mear, en nije wike grif ek net. Dat wurdt pas wat as de hele boel ferrotte en fergien en ûnbrûkber wurden is. Sa giet it ommers ek mei de blommen dy’t Gaza eksportearje wol en mei de helpkonfoaien dy’t út en troch Gaza yn meie, salang opkeare dat de boel net mear te brûken is. Ja, ik bin in antysemyt, dat is dúdlik.

   Der binne wer in soad wurden sprutsen, opsternate wurden, delbêdzjende, synyske, foarsichtige, koal-en-geit-sparjende, wanmoedige, grimmitige en faaks noch wol mear soarten wurden. Lykas dat earder bard is en by it earstkommende ynsidint op ’e nij barre sil.

   Wurden yn alle soarten, mar wize wurden net. Ik soe ek net in wiis wurd witte, of ik soe it Hendrik-Jan neisizze moatte: Smyt der mar stront op.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 2 juny 2010)

 

 

 

Dreamferve

 

k wie yn it hok dwaande de lege flessen byinoar te skarreljen, want ik woe nei de supermerk ta. Ik wit net oft dat wichtich is, dat ik yn it hok wie en flessen byinoar socht. Myn frou hie krekt in pear boksen dy’t op ’e wurkbank stienen yn ’e grûnferve set en faaks is dat àl wichtich.

   Ik tocht: spitich foar de VVD dat Neelie net wol, want Mark is net bepaald de gedroomverfde minister-presidint. Nee, sa sei men dat net, it wie gedoodverfd. Mar dat bedoelde ik net, ik bedoelde wol degelik gedroomverfd. Men kin grif in saak oantsjutte mei in wurd dat net bestiet en it rare is dat elkenien dalik begrypt wat men bedoelt.

   Bestiet gedroomverfd echt net?

   Ik ha twa bewiisplakken fûn. Foarst fan in menhear Santino88 dy’t op Voetbalzone.nl skriuwt: Verder noem ik Viktor, Balaban en Blondel niet echt de gedroomverfde grootheden. (2006). Twad in stikje op de site TVShows, dêr’t ien skriuwt: Hoewel het misschien een perfecte familie lijkt, en de gedroomverfde buren, houden ze er toch een geheim op na. (2010)

   Mar lykwols leau ik net dat it wurd bestiet – ja, as elkenien it begjint te brûken, dan bestiet it. Ik hâld it der op dat dy beide skriuwers like by-ûngelok-kreatyf wienen as ik.

   Gedroomverfd, hoe krijt in mins it yn ’e holle. Men kin net ien dreamfervje, likemin as men ien deafervje kin.

   Mar wat is der dan tsjin Mark? Der soe net folle, of yn alle gefallen minder tsjin Mark wêze as wy net krekt tsien jier oanklaud sitten hienen mei Balkenende. Balkenende is trijeenfyftich, mar noch sa’n jonge, sa’n studintikoas type. Men hat noait it idee, dêr stiet ien, dêr stiet in kearel. Nee, dêr stiet in glêd mantsje dat mei in spul fan wurden alle krityk fan him ôf jongleart.

   Wy binne ta oan ien dy’t stiet foar wat er is en net in glêde wurdespuier. Wêrom, as de VVD de grutste wurde moat, wêrom freget Mark Ivo Opstelten net om it nije kabinet in kop en in bealich te jaan? Opstelten is in kearel, in earlike en betroubere fint. Ik soe him sa de beurs mei jaan om in pakje shag foar my te heljen.

   Ik hie argewaasje fan Mark Rutte sa’t er Job Cohen op it harspit naam om’t dy as boargemaster earst nei de famylje fan in deasketten Marokkaan gien wie en doe pas nei de deasjittende plysjeman. Yn ’e eagen fan Rutte wie dy plysje it echte slachtoffer, dy wie bedrige mei in mes. En bûtendat stie dy plysjeman oan de kant fan it rjocht. Cohen hie dêrom earst nei dy plysje gean moatten, om dúdlik te meitsjen wat rjocht is en wat krûm.

   Jonkje, tocht ik, jonkje, jonkje. En dat hie Cohen sizze moatten: jonkje, gean nei hûs en miich de kachel út. Mar Cohen moatst fansels wer de ridlikheid sels wêze en begûn syn kar te ferdigenjen.

   Dom, want it gyng Rutte helendal net om dat gefal, mar om Cohen as eardere boargemaster smoarch te meitsjen. Se hawwe by de VVD hele rigen fan akkefytsjes fan loftse politisy op ’e kompjûter dêr’t se út en troch in pear eksempels fan brûke om har tsjinstanders yn ’e tange te nimmen.

   Sa’n jonkje, dat mei simplistyske opfettingen oer rjocht en ûnrjocht en mei opblaasde emoasjes fan sabeare ferûntweardiging in oar yn ’e knipe besiket te driuwen, sa’n man wol ik net as baas fan in ministersploech hawwe. Ik sil it net keare kinne, mar ik wol it net.

   Is it no wier sa’n toer om in minister-presidint te finen dy’t de krêft hat om boppe de partijen te stean en dy’t ridlikheid sprekt en pisset en poept? By D66 ha se al in pear fûn, liket it. Wêrom is by it CDA net allang Gerd Leers frege ynstee fan dy grutjonge? Byneed Ab Klink, ek in evenredich man.

   Myn echte dreamferve ministerpresidint fan in pears kabinet hie oars Hans Dijkstal west. It is der noait fan kommen en koartby is er deagien. Deade minsken kinne gjin minister wurde, sa binne de regels. En it is goed dat der regels binne, ek al soe men der soms leaver mei sloaie.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 26 maaie 2010)

 

 

Net mei de deaden omwouterje

 

t kampmuseum of museumkamp Auschwitz-Birkenau driget ûnder wetter te rinnen. Brzezinka, sa’t Birkenau op syn Poalsk hyt, wie destiids al in sompige oarde, mar oerlêst fan wetter skynt der earder net west te hawwen. De Dútsers hawwe de bewenners fan Brzezinka fuortjage, de huzen ôfbrutsen en dêr har nije kamp Auschwitz II boud.

   Twa rivieren dy’t op ’t stuit barstende fol wetter steane, driigje it kompleks fan Auschwitz-Birkenau te oerstreamen. Twa rivieren, de Sola en de Wizla. Ik kin mar ien rivier fine, dy’t súdlik fan Auschwitz Sola hyt en mear nei it noarden ta fan Wizla. Mar mooglik is de Sola in sydrivier fan de Wizla.

   Museummeiwurkers binne dwaande om de oerbleaune besittingen fan kampbewenners nei hegere plakken te bringen. Want dy moatte wol bewarre bliuwe. Wat is der fan dy stumpers dan mear oerbleaun as jiske? Neamd wurde ‘boarstels’ en ‘kûmen’. Moat men begripe dat de finzenen foar’t se de gaskeamer yn gyngen it hier útboarstelen en noch in kûm kofje krigen?

   Ik fyn dat raar om al dy âlde rotsoai te bewarjen, it stiet my tsjin. Lit de Sola en de Wizla har gong gean en dy neare dingen fuortspiele.

   Wat wolle se útheve as der strak skuorren yn ’e muorren brekke? De foegen útbikje en op ’e nij foegje? Moatte dy aaklike hokken restaurearre wurde as gyng it om bouwurken fan arsitektoanyske skientme? En wat dogge se mei dy boarstels dy’t alle jierren goarder wurde en fol spinreach sitte? Ienris yn it jier de spuit der op? De houten hanfetten behannelje mei in middel tsjin houtwjirm?

   Lit it ferline dochs sinke.

   De oanstriid om mei alle macht it oantinken oan ’e Twadde Wrâldkriich geande te hâlden... Net dwaan. It is net sûn om it ferline sa fêst te hâlden en jin dêr op te fiksearjen, it ferline fergiet en moat fergean.

   Hoe wolle se it skielk hawwe as de lêste fersetsstrider of de lêste parasjutist de eagen taknypt hat? Him opsette en glêzen eagen yn ’e kop triuwe en as in trofee yn de alderlêste jeep yn de optocht meifiere? 

   Rjochtsje it omtinken op ’e libbenen en lit de deaden rêste. Ik fertel wat fleurichs: tsjinoer de kemping op it plak fan de âlde stoart rint in laam mei syn mem en dêr haw ik in ferskrikliken aardichheid oan. Eigentlik is it net de âlde stoart, mar de foarfoarige stoart. Salang’t ik yn Frjentsjer wenje, is de stoart al twaris ferhuze. Ja, dêr kin men jins jierren oan mjitte.

   Dy foarfoarige stoart, dêr bin ik fjirtich jier lyn faak mei ús heit hinne karke om de rotsoai út myn nij hûs kwyt te wurden. Mei in karre fan Roel fan ’t houtstek dy’t sokke swabberjende tsjillen hie. Men rûn as in dronkeman de dyk del.

   De stoart is letter leechhelle en wat sljochte, mar de grûn is nea skjinmakke. ’t Skynde net te hoegen, en der is ek noait in hynder of skiep deagien op dat kampke.

   In laam mei syn mem. Wêrom sa iensum, ik wit net. De boer hat by de hikke in kroade op ’e side dellein, de boom nei it noarden ta, dêr’t de kâlde wyn no al wiken wei komt. De boer hat in pear hânfollen strie yn ’e kroade struit en as it skrousk is, dan leit it laam dêr, de poatsjes rjochtút.

   In boer mei hert foar sa’n herterke. Eare oan dy boer. It siert de minske as er op syn fee past. En it is helendal net oerdreaun om sa’n laam wat lijte ta te skikken, it hat ommers noch neat om by te setten, it is fel oer bonken.

   Mei in laam omwouterje, dat wie yn boerehúshâldings by âlds in jierliks weromkearend ferskynsel. Skiep binne nuvere ferstannen. Soms krije se in wyt en in swart laam en dan stompe se it swarte fuort. Of se krije twa fan deselde kleur, mar meie dochs it iene net lije. Dan wie it foar de boerinne en de grutte bern om de wouter de flesse te jaan.

   Mei in laam omwouterje, bêst, neat op tsjin. Mar mei deade minsken omwouterje, dat is goar, dat moat men net dwaan. Lit har rêste en gun jinsels rêst.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 19 maaie 2010)

 

 

Raasbek fan de Daam

 

êrom no op ’e nij dat spektakel op ’e Daam, tocht ik. Nim de film fan 2009 en draai dy noch in kear. It is ommers alle jierren itselde, krânsen fan de keningin, fan it regear, fan de militêren, fan de âld-striders, fan it ferset en noch in nustje. Safolle feroaret der net, faaks is der in âld-fersetsman deagien en moat dy ferfongen wurde troch in oarenien, mar dat kin men dochs ynmontearje?

   De betinking op de Waalsdorpervlakte is ommers ek allang in playbackshow wurden? De man dy’t de Last Post blaast, hâldt allinnich mar dy toeter foar de mûle en it lûd komt fan in cd. Tige ferstannich, der kin neat misgean en men besparret jild.

   Mar sjoch ris oan, diskear giet it dochs oars, der is in Raasbek dy’t de hele betinking yn ûnstjoer bringt. It is wol iroanysk dat keninginnedagen en deadebetinkingen dat op harsels stomferfelende werhellingen binne fan eardere werhellingen inkeld wat aksint krije troch ferdwaasde minsken.

   Wat Raasbek besiele hat, is net dúdlik. De man sil wol yn ’e war west hawwe, mooglik mei troch drank en drugs. No, lit him nochteren wurde en stjoer him mei in preses-ferbaal nei hûs ta.

   Sa like dat ek ôfkealje te sillen, mar sa njonkelytsen docht bliken dat justysje der in terroristyske oanslach fan mondiaal formaat fan meitsje wol. De Raasbek fan de Daam bliuwt op ’en minsten noch in fearnsjier yn foararrest en rint it risiko om feroardele te wurden ta libbenslang mei tbs.

   Ynearsten like it der op dat de man nei ien, twa nachten wer frij litten wurde soe, want him langer fêsthâlde yn it belang fan it ûndersyk, dat wie koal. Him ien nacht fêsthâlde wie al ûnsin, der wie helendal gjin ûndersyk nedich, de saak wie fan it begjin ôf sa klear as in klûntsje: de man hie raasd op in stuit dat elkenien ferwachte waard him de snút te hâlden. Him in nacht fêsthâlde, dat wie al kleare pesterij.

   Mar no docht bliken dat de man net foar in inkeld fergryp oanklage wurdt, en dat soe dan sokssawat wêze moatte as fersteuring fan de iepenbiere oarder – dat is in jiskefet dêr’t men fan alles yntriuwe kin –, mar dat him safolle oanwreaun wurdt dat er as de Bin Laden fan Amsterdam beskôge wurde kin.

   De man hat yndirekt it keningshûs yn gefaar brocht, want Beatrix en WA hienen platwâde wurde kinnen. Hy hat it regear, yn ’e persoan fan J. P. Balkenende, de lytse dea sjen litten. Hy hat in grut tal net neier te neamen heechweardichheidsbeklaaiers yn deadsperikelen brocht.

   De man, Raasbek dus, is dêrneist ferantwurdlik foar de ferwûning fan in sechstich minsken, wêrfan in stikmannich earnstich skansearre. Hy hat, sûnder him earne om te bekroadzjen, in net neier te kwantifisearjen tal omstanners yn deadsgefaar brocht.

   De man moat de skea oan klaaiing en skuon, gebitten en brillen fan de omtreaune en fertrape persoanen oanrekkene wurde, as ek de skea oan de omfallen en foar in part ferbûgde driuwstekken.

   De man is fierder ferantwurdlik te hâlden foar de psychyske skea dy’t er in ûnbekend tal minsken tabrocht hat en dy’t noch jierren oanslepe kin.

   De bewiisfiering wurdt lestich, liket my ta. Der hawwe trije ynsidinten west: in man raast, in man lit in koffer falle, in man ropt: In bom, rinne! Wêrom binne de minsken yn panyk flechte? It liket my it meast wierskynlik ta dat dy útrop ‘In bom, rinne!’ de oanlieding west hat. Wêrom hat dy man dat roppen, nei oanlieding fan Raasbek syn gjalp of nei oanlieding fan it fallen kofferke? It lêste liket it wierskynlikst.

   De keaten fan bewiis moat dan wêze: de gjalp fan Raasbek is de oarsaak fan it fallen fan it kofferke, it fallen fan it kofferke is de oarsaak fan de útrop ‘In bom, rinne!’, en dy útrop is dan wer de oarsaak fan de panyk.

   Ik tink dat justysje twa dingen dwaan kin: Raasbek in boete oplizze fan hûndert euro of himsels folslein bespotlik meitsje.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 12 maaie 2010)

 

Hacqencruq

 

a myn ferbjustering lies ik yn de flaptekst fan in nije útjefte fan myn bloedeigen ‘De reade bwarre’: It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif.

   Hin-watte? Hoe kin dat no? Ik ha doch ek altyd stien foar de útbou fan it Frysk en foar it brûken fan it Frysk yn allerhande domeinen?

   Wat in kultuertaal is, is net maklik oan te tsjutten. Dat komt, it giet by ‘kultuertaal’, ‘standerttaal’, ‘taal en dialekt’ om ideologyske begripen dy’t men net yn wittenskiplike begripen omsette kin. Taalkundich sjoen bestiet der net soks as in kultuertaal, der bestiet ek net in opposysje taal-dialekt, dat is taalkundich sjoen itselde.

   Besiket men heel foarsichtich dochs wat oer ‘kultuertaal’ te sizzen, dan komt it der op del dat men yn in kultuertaal alle aspekten fan de kultuer ferwurdzje kin, wylst in net-kultuertaal ornaris beheind is ta de domeinen om hûs en hear hinne. Boeken oer wittenskip, technyk, kriichskunde, boukunde wurde net faak yn it dialekt skreaun.

   Sa besjoen is it Frysk in dialekt. Taal- en literatuerwittenskip wurde – foar in part – yn it Frysk skreaun, mar in oplieding teology of keunsthistoarje sil yn it Nederlânsk moatte.

   It Nederlânsk sjit ek tekoart yn it beflappen fan alle domeinen. Piloaten kommunisearje yn it Ingelsk mei de fleanfjilden, soldaten dogge dat ek, grif as se mei oare lannen oparbeidzje. Parten fan ’e wittenskip spylje har foar it grutste part ôf yn it Ingelsk.

   It Nederlânsk is net in folsleine kultuertaal, it Frysk is dat noch folle minder en it Frjentsjertersk komt helendat efteroan skiten. Mar wêr wol men de grins lizze?

   Foar de Platdútske literatuer jilde – of jilden alteast – twa beheingen, in tekst kin allinnich ferhelje fan minsken dy’t werklik Platdútsk prate en in tekst kin allinnich ferhelje fan saken dy’t yn ’e lytse mienskip in rol spylje. In Platdútske tekst kin net gean oer Frânskpratende lju yn Parys en in Platdútske tekst kin net ferhelje fan de Slach om Stalingrad. De tekst is bûn oan it deistige libben fan sljocht en rjocht libjende minsken yn de lytse krite.

   Dat stadium is de Fryske literatuer allang foarby. Rink van der Velde syn ‘Jûn, healwei tolven’ spilet heel fanselssprekkend op it Frânske plattelân en noait ien hat roppen: Ha-ha, dat kin net, dêr wurdt Frânsk praat. Marten Sikkema hat oarlochsferhalen skreaun dy’t kilometers fier ôf steane fan de idyllyske plattelânsmienskip. Fryske ferhalen kinne de hele wrâld oer spylje en yn it Frysk kinne alle emoasjes beskreaun wurde.

   Dat it Frysk is dochs in kultuertaal? Dat hinget der fan ôf hokker kritearium men hantearret, mar earlik sein ynteressearret de kwestje my net. Ik kin mei it Frysk út ’e fuotten en dat is my genôch. It soe my net ferbaze as skriuwers fan it Platdútsk der tefreden mei binne dat har ferhalen yn de lytse krite spylje moatte en dat se, as se fan grutte beroeringen yn de grutte wrâld fertelle wolle, sûnder hertsear en selsferwyt nei it Heechdútsk gripe. En se kinne dan likegoed úthâlde dat se al har emoasjes yn it Platdútsk kwyt kinne, te sizzen: alles wat yn it Platdútsk thús heart en dêr syn rjochtlik plak hat.

   De diskusje oer wat al en net kin yn de lytse taal, dy ha wy hjir ek hân, dat wie yn 1915 – wy kinne it skielk betinke. Douwe Kalma woe oan op in folsleine kultuertaal, en Jan Jelles Hof seach de taak fan de Fryske literatuer as in ‘oanfoljende’: de emoasjes dy’t de Frysklêzer net yn de Hollânske en wrâldliteratuer oanbean waarden, moasten troch Frysktalige boeken befredige wurde.

   Mar wat hat dat no noadich mei de ôfwikende stavering fan ‘De reade bwarre’? Neat, helendal neat. Net in sprút. Taal en stavering binne twa aparte dingen. Oft men ‘hacqencruq’ skriuwt of ‘hakkenkruk’, dat makket neat út. Wat is it maklikst, dêr giet it om.

(5 maaie. Net yn de Leeuwarder Courant fanwege befrijingsdei)

 

 

Net oan ’e heidenen oerlitte

 

k hie nei ferskillende boumerken yn Ljouwert west om prizen fan gips en stienwol en skroaten te ferlykjen. Us dochter hat in hûs kocht en dat moat opknapt wurde.

   De Praxis is in heel ein rinnen fan it stasjon ôf, mar ik rin goed en bussen kin ik my net mei rêde. In eardere haadredakteur fan dizze krante, Jan Piebenga, hat ris sein dat er tefolle in yntellektueel wie om autoriden leare te linnen. No, ik bin tefolle in yntellektueel om de stedsbustsjinstregeling te begripen. Dat rinne dus.

   Op ’e weromreis oer de Wurdumerdyk bleau in jonge – jongkeardel – foar my stean en liet blike dat er my oansprekke woe. Dat ik bleau ek stean. Hy wie like grut as ik, dus lyts, mar hy makke him noch lytser. Hy bûgde net foaroer, mar hy bûgde oer de rjochter side en seach doe mei de kop bryk nei my op. Hy frege: Gelooft u in god en in zijn zoon Jezus Christus? Nee, sei ik. Hy fearre oerein en rûn sûnder mear troch.

   Wêrom nimme evangelisten sokke nuvere lichemshâldingen oan, haw ik my ôffrege. Yn Dokkum wie yndertiid in sjeesde teologystudint dy’t mei in ien foet op ’e dyk en ien op ’e trotwaarbân de strjitten del knoffele en mei de rjochter wiisfinger swaaiend it minskdom warskôge: Stof zijt gij en tot stof zult gij wederkeren.

   Mar ik tocht ek: Mien ik dat eigentlik wol, dat ‘nee’? It wie it maklikst om fan dy brike jonge ôf te kommen, fansels, en ik moast myn bus helje. Ik hie ek gjin sin oan in teologyske diskusje op ’e Wurdumerdyk dêr’t de fertuten ûnwis fan wienen. Soe dy jonge begripe, of soe er yn ’e fierte ane as ik him besocht út te lizzen dat ik eigentlik in leauwige ateïst bin? It is mysels nammers net iens altyd helder...

   Leau ik yn god? Ja, bytiden wol. As oriïntaasjepunt kin er wichtich wêze. Rint men it noardlikste part fan de Slachte, dan hat men heel lang it sicht op de toer fan Tsjom. Dy draait mei en bliuwt jin by. Dat is god. Mar de Tsjommer toer is in ding dat men fiele en taaste kin en dat is mei god net sa.

   God bestiet, mar net yn ús wrâld, hy bestiet yn de fantasywrâld lykas ierdmantsjes en heksen en ienhoarnen. Dat kinne guodden ôfdwaan as ûnwerklik en optinksels, mar foar my is de literêre wrâld weardefol. Ik ha dêr dingen út opdjippe dy’t myn ynsjoch ferheldere hawwe en ik ha minsken kennen leard dy’t nijsgjirrich binne.

   Doe’t ik jong wie, haw ik miend dat it mooglik wêze koe dat der neist fiksjonele teksten (dy’t optocht binne) en non-fiksjonele teksten (dy’t op oanwiisbere feiten betrekking ha) noch in tredde tekstsoarte bestie, dy fan de religieuze teksten. Dat is in fersin, of myn tinken hat neat opsmiten. Ik moat konkludearje: religieuze teksten hearre ta de fiksje.

   Wat ‘zijn zoon’ oanbelanget, dêr’t Bryksma ek nei frege, kin ik koart wêze. Ik nim oan dat hy bestien hat, mar ik leau net yn him. Men leaut net yn in minske, hoe’n ‘brave borst’ (Van Agt) it dan ek wêze mei.

   In lêzer mailde my nei oanlieding fan myn lêste kollum oer it sizzen fan in dûmny dat de oerstreaming yn Bangladesh wie de straf foar dy lju har sûndich libben, dat hy krekt de oare wei keazen hie as ik. Hy hie him net fan it leauwe ôfkeard, mar besletten om fan de wiere god te tsjûgjen.

   Ja, wêrom ek net, dat kin likegoed. Dyselde yntellektuele Jan Piebenga hat ris skreaun: net elkenien mei gods evenredige paden lâns. Ien kiest foar it leauwe, de oare foar it ateïsme.

   Mar earlik sein, myn posysje as leauwige ateïst hat ek in politike komponint. Dy posysje makket it mooglik om út en troch in goed wurd fan god te sprekken. Ik kin myn tinken oan him en oer him tydlingswei yn wurden dellizze, net om te evangelisearjen – alhoewol? –, mar om de fûnemintalistyske blasten de foet dwars te setten en in ho ta te roppen.

   Wat men ek fan god tinke mei, hy is te wichtich en te weardefol om him oan ’e heidenen oer te litten.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 28 april  2010)

 

 

Ynkommendaasje

 

at wurd bestie by myn witten net, mar it bestiet no al. As de taal te smel is, moat men him oprekke. Jin ynkommendearje litte is jin fan eat wat oanlûke, jin beynfloedzje litte, jin lytsman meitsje litte. No sa.

   De útbarsting fan de Eyjafjallajökull – ik kin dat wurd net útsprekke en ek net skriuwe, dat ik haw it mei kopiearjen en plakken hjir del set – soarget derfoar dat guon minsken, of wol in heel soad, har ynkommendearje litte.

   Dat jildt fan in wittenskipper, in fulkanolooch, dy’t mei tefredenheid fêststelt dat wy neatich binne tsjinoer de natoer. Wy kinne wol miene dat wy de natoer nei ús hân sette kinne, mar as it nypt en wedernypt dan kinne wy gjin pink ferreppe.

   Aardich dat sa’n man, dat dochs in geleard man is, der in soarte fan boereromanideology op nei hâldt. Yn ’e boereroman tsjinje natoerrampen lykas wetterfloed, feesykte, brân, ekstreme droechte en mear om de grutske boer te learen dat er mar in lyts mantsje is dat fan de natoer ôfhinget. De natoer is hjirre de learmaster, de natoer leart de minske dat er net in sterke beam wêze moat dy’t him wjerhâldt yn ’e stoarm en dan ôfbrekt, mar dat er bûge moat lykas it reid en wer opfearje.

   Yn in kristlike boereroman sil dy hege macht beneamd wurde as god, mar dizze foarstelling fan saken is net kristlik, teminsten net bibelsk. Dy foarstelling komt út it Gryske tinken wei. Hy kin fansels letter wol in plakje fûn ha yn it kristlik leauwe en boargerrjocht ferwurven hawwe. De natoer as ûnbewiisbere hân fan god.

   It is dan ek net sa nuver dat guodden de útbarsting fan ’e Eyjafjallajökull – dêr ha je him wer – mei as gefolch in fleanmasineleaze snein sjogge as in hantwizing om de âlderwetske sneinsrêst yn eare te werstellen. Nee, dy lju sizze net planút: god wol ús hjir mei leare..., sa koart troch de bocht geane se net, mar it is wol itselde tinken: de natoer as learmaster, tipjouwer, op-gedachten-bringer.

   Helendal fan-god-los binne wy as ien ornearret dat it te healwiis foar wurden is dat wy blommen kweke litte yn Kenia en dy nei Nederlân helje en fia ús transportkanalen wer oer de wrâld ferspriede. Mar wêrom komt sa’nien earst op dat idee as it fleanferkear plat leit? De grienteman hat al jierren sipels út Nij-Seelân en knyflok út Sina te keap, wylst wy by de efterdoar Berltsumer spek by it soarte hawwe. En knyflok? De Dútske en de Frânske binne poerbêst.

   De man dy’t dit sei liet him net ynkommendearje troch de natoer of god, mar it liket al ferfúlde mâl dat der in fulkaan útbarste moat foar’t ien syn harsens wekker wurde.

   Foar in streekrjochte relaasje tusken natoergeweld en minskene hâlden en dragen moat men fansels by de fûnemintalisten wêze. In geastlike as Kazem Sedighi út Iran warskôget foar it tanimmen fan ierdskoddingen yn syn lân as gefolch fan ’e sedeleasheid fan froulju. In hopen froulju dy’t har net sedich klaaie meitsje jongkearels de kop oerstjoer, se dogge har keinens ûnderstek en ferspriede oerhoer, en dat lit it tal ierdskoddingen tanimme, seit er. Froulju yn ’e islamityske republyk moatte har fan top ta teil ferbergje, mar in soad, benammen jongere froulju, negearje de regels... Ach ja, islamisten!

   Mar tink derom, salang is dat noch net lyn by ús.

   Fjirtich jier lyn, doe’t wy yn Gau wennen, gyng ik ienkear yn ’e fjirtjin dagen nei tsjerke ta. De griffermearde, want dy wie it tichtste by. En ik fûn it nammers idioat om tsjin in part fan it tsjerkefolk yn te rinnen nei in oare tsjerke ta. Doe op in kear, doe preke de dûmny – it wie in dûmny op artikel 8, mar ik wit net oft it fan syn ‘singeliere jeften’ kaam - hy preke oer al wer in ramp yn Bangladesh en hy woe hawwe dy wettersneed wie it gefolch fan de lju har sûnden.

   Dy kears dat hat myn lêste tsjerkegong west. Mar ik kin fansels net begeare dat elkenien like ferstannich is as ik.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 21 april  2010)

 

 

No krijt de keunst de skuld

 

e paus sil der it kommende wykein in pear dagen tusken út. Ik kin it my yntinke dat de âld man even earne oars ferkeare wol. Net yn it paleis, net ticht by wer nije ûnthullingen fan lústerjende kardinalen, net tichte by krante en radio en tillefyzje dy’t de iene ûnheilstiding nei de oare bringe.

   Der even út, de kop skjin waaie litte, genietsje fan de natoer dy’t in woldiedige oerfloed fan blêd en blom út ’e grûn tsjoent. In eintsje stappe yn ’e sinne, in lekker miel iten, in goed glês wyn, in knappe sigaar.

   As ik him wie, ik hie myn ferdivedaasjestêf opdracht jûn om in rêstich plakje te sykjen op it plattelân, Toscana bygelyks. Hier dêr in bêd-en-brochje-bedoening of in lyts famyljehotel foar in wykein ôf en freegje de lju om gjin ruchtberheid oan de belangrike útfanhûzerij te jaan en gjin ekstra spul en drokte út te heljen. De paus wol even net opsitte en poatsjejaan, de paus wol bekomme. De man wurdt ek in dei âlder, hin?

   Dat hat er net dien, hy hat it oars dien. Hy sil nei Malta ta. Man, wat is dat no wer in útris! Earst mei de auto nei it fleanfjild, dan in ein fleane, en dan wer yn ’e auto. Dêr is dan in ûntfangstkommittee fan boargemaster en biskop, it hotelpersoneel bûcht en knipt en de breidssuite, dêr’t de âld man sliepe moat, wurdt nochris stofsûgd en luchte. Hy krijt net in momint rêst yn ’e kont. Mar, hy hat it sels sa wollen, en ús mem sei altiten: dy’t n’t oars wol, dy’t n’t oars sil.

   Malta leit in ein súdlik fan Sisylje, midden yn ’e Middenlânske see. Sa lang sil it fleanen ek net duorje, rûs ik. It is opstigen en dan hast ek al wer delkommen. Dêr giet it ek net om, mar dy drokte.

   De paus moat hoopje dat er by in rútsje sit en net krekt boppe in fleugel, want it útsjoch op it fleanfjild op Malta sil him goed dwaan. It fleanfjild fan Malta bestiet út twa banen dy’t heaks op inoar stean en sa in krús foarmje, No, wat wol in paus noch mear.

   Fan it fleanfjild ôf giet er nei it doarp Luqa dat pal eastlik leit. Luqa hat sa’n seistûzen ynwenners, en dy sille foar in part oan de route stean fan it fleanfjild nei it hotel ta. It is mar in ritsje fan fiif, tsien minuten, mar faaks, om it publyk syn gerak te jaan, dogge se it wat kalm oan. It sil de paus grif goed dwaan, nei alle racherijen en fertochtmakkingen, dat útlittene publyk dat wiuwt en jûchheit.

   Mar krekt op dy route, dêr’t sa’n glorieuze yntocht plak hawwe moast, Palmsnein hast, dêr wankt it gefaar, de wanskepenheid, de mislediging, de hún. Op in rotonde stiet in metershege keramyske pylder yn bûnte kleuren. Dat mei hinnebruie soe men sizze, mar nee, dat mei net hinnebruie, want dy pylder is neffens de Luqasters net in pylder, mar hy docht tinken oan in kul.

   Beauty is in the eye of the beholder, sizze de Ingelsken, en men soe ornearje kinne dat ‘kullichheid’ of seksuele konnotaasje ek it produkt is fan de beskôger syn each. Mar sa tinke se yn Luqa net, se jouwe net harsels de skuld, mar de makker fan it byld. Dy lokket ta goare tinzen út. Der hat sûnt 2006, doe’t it byld delset is, al aksje west om it fuort te krijen.

   En no wol de boargemaster dat ek. Dat byld moat fuort, net finaal, mar tydlik. As de paus wer ôfset is, kin it byld wer omheech hyst wurde. Men kin dochs it haad fan ’e tsjerke net... En benammen no’t der al sa folle drokte is om dy pastoars en sa... It liket ommers in streekrjochte mislediging, de paus te traktearjen op sa’n mislik ûnding...

   Rare boargemaster. Mar it kin noch raarder. Yn Sint-Joost-ten-Node, in doarpke dat part útmakket fan Grut-Brussel, hat in gemeentearbeider fiif gipsen bylden de kul ôfhuft. De keunstakadeemje, dêr’t dy bylden steane, sit yn itselde gebou as de gemeentlike legere skoalle en de man fûn dat bern dit net sjen mochten.

   Sa wurdt de keunst by einsluten de dupe fan it misbrûkskandaal.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 14 april  2010)

 

 

 

Stad en Ommelaand

 

easkesnein hat Joseph Ratzinger it Urbi et Orbi útsprutsen. Dat heart moai en poëtysk, sa’n formule, krekt lykas ‘sus en sa’, ‘dit en dat’, ‘hûs en hiem’, mar it betsjut heel gewoan: de stêd en wat der omhinne leit.

   De Grinslanners prate fan ‘Stad en Ommelaand’ en dat is in treflike oersetting. Mar ja, neat wêze en neat lykje, dat is helendal neat. Nim ris oan, op peaskesnein seit de nijslêzer: de paus hat fan ’e moarn op it Sint Pitersplein it Stad en Ommelaand útsprutsen.

   Dat Stad en Ommelaand is neffens de Grinslanners dan wol ‘ain pronkjewail in golden raand’. Oft dat foar de Roomske tsjerke ek jildt, Rome it pronkjewail en de rest fan de wrâld de golden raand, ik wit net. De rest fan ’e wrâld hat yn Rome dochs wat de status fan it Geastmer Bûtenfjild en it Bûtenpostmer Utlân, te sizzen fan ôfhannich lizzende en ûnrindabele hoeken grûn.

   It pronkjewail is nammers net de hele stêd Rome, op syn meast de enklave dy’t Fatikaanstêd neamd wurdt. En miskien dat net iens, allinnich mar de ‘Hillige Stoel, dy’t inkeld hillich is – want it is mar in healsliten fauteuil út ’e kringloop – om’t der in hillige man op sit: Joseph Ratzinger.

   Sa’t se him heine en troaie en yn ’e kont krûpe, it kin net misse: hy is foar de Roomske tsjerke it pronkjewail.

  Ja, dat koe wol wat fatsoenliker. Nee, dat kin net fatsoenliker, want dat yn ’e kont krûpen moatte wy it oer hawwe. Net oer In nomine Patris et Fillii et Spiritus Sancti – àààmèèèn, allegear goed en wol, mar oer preesters dy’t mei har godfruchtige fingers yn ûnderbroekjes klauwe en op lytse pimeltsjes omsobje en besykje om har grouwe kullen yn heane kontsjes te wrotten.

   It is hast oandwaanlik om te sjen hoe’t al dy hege miters om Ratzinger hinne stean geane om him te beskermjen tsjin oanfallen út ’e bûtenfjilden en útlannen wei. It is allegear sa ûnearlik, sa gemien, al dy oanfallen op de paus. Hy is sa goed, hy hat neat ferkeards dien, it is allegear de skuld fan de media. Dy hytfolgje him, dy benearje him, dy stjitte him yn it ûnleech.

   En al dy manlju, fyftigers en sechstigers binne it, dy’t kleie dat se as bern misbrûkt binne?

   De paus hat yn fiifensechstich talen betanke foar de blommen, mar oer it seksueel oantaasten fan bern gjin wurd. Hy hat wol sein dat wy allegearre ‘in spirituele en morele bekearing’ ûndergean moatte. Praat foar dysels, âlde doerak. Ik griem net mei bern om en myn hûn ek net en myn kat ek net.

   Kardinaal Angelo Sodano hat de paus út ’e wyn helle mei him te befêstigjen dat ‘wy allegearre om jo hinne stean geane, opfolger fan Petrus, biskop fan Rome, ûnfeilbere hoekstien fan de hillige tsjerke’. Hy sei ek noch: ‘Mèi jo is ek it folk fan God, dat him net ynkommendearje lit troch it rabjen fan dit stuit...’  Gysbert Japicx wie earliker yn dat stik: My eanget rju fen ’t rabjen fen ’e lie.

   En al dy manlju, fyftigers en sechstigers binne it, dy’t kleie dat se as bern misbrûkt binne?

   Dat is dus it stokeljen fan de media, dat is de hetze dy’t tsjin de hillige tsjerke en yn it bysûnder tsjin de paus fierd wurdt. Dit is ien grut komplot fan saneamde slachtoffers dy’t al dy wandieden fan har eardere preesters optocht hawwe. Och, miskien net iensút kweawilligens, mar om’t se in siik brein hawwe.

   It is wol sneu foar de slachtoffers fan seksueel geweld: earst troch in preester ferneukt en no troch de paus.

   Op it Sint Pitersplein hokken de leauwigen gear om út ’e trilderige mûle fan Ratzinger it fûlbegearde heil te fernimmen. Wie ek mar ien solidêr mei de slachtoffers fan it misbrûk? Wie ek mar ien lilk op ’e tsjerke en easke er boete en berou? It folkje die my tinken oan wat wy foarhinne yn ’e tsjerke songen: Het vrome volk in u verheugd zal huppelen van zielevreugd.

   Dat soenen se grif dwaan, as se koenen, mar se binne noch te stom om foar de duvel te doansjen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 7 april  2010)

 

 

Fedde Schurer, in keardel

 

erline wike, by de promoasje fan Johanneke Liemburg, ûntstie der wat diskusje tusken de promovendus en in heechlearde opponens: wat wie eigentlik it foarnaamste fan Fedde Schurer, wat wie syn bliuwende fertsjinste? De heechlearde opponens woe hawwe dat wie it dichterskip fan Schurer. De promovendus stimde him dat genedich mei.

   Ja, ik hie de yndruk dat Johanneke har der ôf makke. Se siet dêr as de selsfersekere boargemaster dy’t de sangerjende riedsleden freonlik mar beret te plak sette. Se hie nammers earder sein dat se har op it mêd fan de literatuer net kompetint achte, dat wat wie har oardiel eigentlik wurdich?

   Fedde Schurer dichter? Een bekend gedichtenfabriek uit het noorden des lands, sei Anne Wadman. Dat wie in rottige en klierige opmerking fan Anne, mar net ûnterjocht. ‘En lykwols krijt ús famke in beam al kin ’k him net betelje, ik sil him wol by tsjuster út mynhear syn bosken helje.’ De iennige dichtrigels fan Schurer dy’t ik my yn it sin bringe kin. O nee, der is ek noch dy rigel ‘Ik bin oan ’e ein fan myn humaan latyn’. Mear haw ik net ûntholden.

   Fedde Schurer in dichter? Schurer is by my gjin dichter, mar ien dy’t, sa’t in Hollanner ris sei, ‘zijn verdriet in een versje doet.’ Fedde Schurer lit it fers net himsels skriuwe, mar hy hat in boadskip, in ferhaaltsje, en dat ferpakt er yn metrysk rinnende sinnen dy’t op inoar rymkje. As psalm- en gesangeberimer komt er soms ta masterlike dingen: Hear bliuw my nei, de dei lûkt nei de jûn, dat is prachtich. Mar as frij skeppend keunstner, no nee.

   Is hy de grutte stilist? De twadde helte fan syn ‘De besleine spegel’ fûn ik tige flak. Syn ferhalebondel ‘Beam en bast’ is neat net bysûnder. Wie er as reedner en as polemist in útblinker? Mooglik, mar dat is my dan ûntkommen. Ik haw him heard as sprekker yn Ljouwert doe’t wy manmachtich de Lauwerssee ticht ha woenen. No, it is wier, Schurer makke doe wol yndruk op my.

   Wat ik fan him lêzen ha, binne meast resinsjes, en dat binne, nei de ein fan syn libben ta, ferfelende stikken. Schurer wit net wat er mei de nije literatuer oan moat en dan ropt er mar wat. It is it lot fan elke skriuwer dy’t nei syn fyftichste jierdei noch foarenoan stean wol: hy kin it net mear byfytse en wurdt oan ’e kant reage.

   De krêft fan Schurer leit foar de oarloch. Dan sjogge wy de keardel, de helt, de profetyske tsjûger. Ik, wy allegear, ha safolle oan him te tankjen. Douwe Kalma hat Fryslân de literatuer skonken, Fedde Schurer hat de Fryske literatuer ret.

   As ik op ’e wrâld kom, yn 1938, dan is Schurer fjirtich en hy stiet op ’e top fan syn macht en oansjen. Hy is de foarnaamste neikommeling fan de Jongfriezen mar doch ek ien dy’t nije wegen siket. As der yn ’e tritiger jierren in streaming opkomt dy’t it roer radikaal omsmite wol, fuort mei de hege literatuer en werom nei de folksliteratuer, dan kiest Schurer mei hert en siel foar de hege literatuer.

   Eigenaardich, Schurer wie ommers in folksman op en út, syn poëzy is ek de folksaardige kant neist. Bekend is syn útspraak: in dichter is in keardel dy’t in fers skriuwt as syn folk der ferlet fan hat. Mar dochs, fûleinich en hertstochtlik kiest er foar de hege literatuer. Dat is de Schurer dy’t ik lije mei en dy’t ik earje.

   Yn 1936 besprekt Schurer it ferhalebondeltsje ‘It wrede libben’ fan Jan Piebenga. Dat is dan noch in ûnbekende skoalmaster út Aldegea (Wymbr.). Schurer ferset him fûl tsjin de folkslektuerdriuwerij, dêr’t er Piebenga syn boek as in eksimpel fan sjocht. De slotrigels fan it besprek: ‘Hwent allinne de smertlike arbeid wirdt skeppingsnocht – inkeld hwet de kinstner for syn eigen yndividualiteit forantwirdzje kin, is for God en Fryslân to forantwirdzjen. En de folkslektuer den? Lit de deaden hjar deaden biïerdigje.

   Dêr past my allinnich: Hallelujah, amen, amen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 31 maart  2010)

 

 

In schwalbe

 

e PVV hat in schwalbe makke, sei Arno Visser, listlûker fan de VVD yn Almere. Wêr’t er op doelde, wie sa likernôch dúdlik: Raymond de Roon, de foaroanman fan de winnende PVV hat mei de oare partijen in healoere, trije kertier praat en doe besletten dat it mei gjinien fan dy partijen wat wurde koe. Hy hat de boel mislearje litten foar’t er serieus hifke hie oft der gearwurking mooglik wie.

   Dat hie yn fiif minuten ek wol kinnen. Ek wol helendal sûnder minuten. As jo fantefoaren oankundigje dat oer beskate programmapunten net te ûnderhanneljen falt, holdoekjeferbod, belestingferleging, ferbod op it bouwen fan mear moskeeën, dan sette jo josels bûten spul. En dan kin in erchtinkend minske ek noch ûnderstelle dat it de PVV helendal net giet om in holdoekjeferbod, mar om harsels yn it foar út te sluten fan kolleezjefoarming.

   De PVV wol gjin ferantwurdlikheid drage foar in midsmjittich, heal dit – heal dat-belied, mar it frij hâlde om oan ’e kant te stean te lekskoaien.

   As der foarhinne in kritysk ferieningslid wie dat alle jierren yn de ledegearkomst siet te seuren oer it bestjoer, dan wie de trúk – ik ha dat fan ús heit heard – de trúk wie: stel sa’n man ferkiesber en soargje dat er yn it bestjoer komt. Dan is er mûldea.

   Dy trúk ken de PVV ek en dêr trapet er net yn.

   Mar no dy schwalbe. Ik ha dat opsocht. In schwalbe is it mei opsetsin fallen of stroffeljen fan in fuotbalspiler yn in treffen mei in tsjinstanner. De suggestje is dan dat dy tsjinstanner him skopt hat of poatsjelicht. De tsjinstanner krijt – as de skiedsrjochter net sjoen hat dat it om in klucht giet – in gele of reade kaart en de eigen partij krijt in frije skop.

   Swellen skine har soms midden yn ’e flecht in ein falle te litten en dan wer fierder te fleanen. Oan dat ferskynsel ha de Dútskers dy fuotbalterm ûntliend.

   Is it ferwyt en de ferwizing fan Visser mei rjocht, giet it hjir om in schwalbe? As men it sa útleit, men feroarsaket sels it ûngemak en soarget dat in oar de skuld der fan krijt, dan grif. De Roon spilet it slachtoffer, mar hy is de dieder.

   By balskoppen is it min te sjen oft ien in schwalbe makket of dat it echt is. Ik sjoch noait meisin nei fuotbaljen mar der waait jin wolris wat foarby. Miskien binne oaren kundiger yn it ûnderskieden fan echt en falsk by in falpartij. Mar dat falskspyljen soms net troch de skiedsrjochter ûnderkend wurdt, liket wol dúdlik te wêzen.

   Dy schwalbe yn Almere, dêr hawwe hûnderttûzen skiedsrjochters op kop en earen by stien en videobylden hoege efternei gjin klearrichheid te skeppen. It is sa klear as in klûntsje.

   Komt de PVV hjir sûnder kleanskuorren foarwei? Ik tink fan ja, as de PVV yn De Haach wol oan de kolleezjefoarming meidocht. Mar as it dêr ek mislearret en op ûnreedlike easken en ûnbesprekbere punten ôfknapt, dan is it dúdlik dat de PVV net meidwaan wol en syn eigen cordon sanitaire regelet.

   It Vlaams Belang is fan it begjin ôf, doe’t it noch Vlaams Blok hiet, troch de oare partijen fan meidwaan oan koalysjes útsletten. No, nei al dy jierren, sjogge se by it Vlaams Belang yn dat se nea wat bedije sille as se net wat mear nei de midden ta krûpe en wetter by de wyn dogge. Se wolle it cordon sanitaire, dat har fan bûtenôf oplein is, fan binnenút trochbrekke.

   By de PVV leit it krektoarsom, it cordon sanitaire wurdt troch de partij sels ynsteld en yn stân hâlden. It doel is net om yn ’e maatskippij wat te berikken en te ferbetterjen, mar om de ekstreme opfettingen te bewarjen foar korrupsje en korroazje. It cordon sanitaire tsjinnet as ôfwar tsjin ynfloeden fan bûten en ta beskerming fan de eigen hillige opfettingen.

   As it de PVV-stimmers giet om feroaring yn ’e maatskippij, dan sille se yn 2014 wol ôfheakje. Mar as it giet om it yn stân hâlden fan in rop- en raaspartij, dan sil it ús tiid wol útduorje.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 24  maart  2010)

 

 

It ienfâldichste senario

 

outer Bos hie amper sein dat er it opwaaksen fan syn bern meimeitsje woe en dêrom út ’e polityk stapte, of in heel soad minsken begûnen te roppen dat Wouter fansels lygde. Dit wie in ferlechje, der siet heel wat oars achter.

   It is grif ûnferstannich om minsken altyd op har wurd te leauwen. Mar der fan út gean dat minsken altiten lige, is like ûnferstannich. It is sa’n bytsje moade wurden om fan politisy oan te nimmen dat se altyd draaie en lige. Wa’t foar in kritysk minske, in kritysk sjoernalist, trochgean wol, moat politisy wantrouwe.

   It giet, liket it, eins net yn it foarste plak oer leagen of wierheid fan Bos, mar troch jo oer Bos te uterjen, kinne jo sjen litte hoe skerpsinnich jo binne. As jo tinke dat Bos lycht, dan bin je in yntelligint minske en as jo tinke dat er de wierheid sprekt, dan bin je in naïve kloat.

   Ik fyn dat, wittenskiplik sjoen, in besopen redenearring.

   It is net te bewizen dat Bos de wierheid sprekt, it is likemin te bewizen dat er lycht. Mar der is ek soks as wierskynlikheid.

   Ik ha ris in ferhanling lêzen fan in man dy’t it hie oer de wierskynlikheid dat Jezus fan Nazareth bestien hat. Sa’n fiifhûndert jier foar Kristus sitte de Israëliërs yn ballingskip yn Babel. Se komme yn kontakt mei in hegere kultuer, ek mei allerhande skeppingsferhalen en boeken fol wysheden. Dan ûntstiet grif it langstme om foar it eigen folk ek soks te hawwen, om in ferline en sadwaande in takomst te skeppen.

   Fiifhûndert jier letter kinne de Israëliërs har noch nearne oars op beroppe, as dat se gjin bargefleis ite en dat se de wiere kennis fan god hawwe. De Griken hawwe it yn wittenskip en keunst folle fierder skopt as de Israëliërs, de Romeinen hawwe mei har ûnoerwinlike fjochtmasines it lân beset.

   Is it ûnwierskynlik dat yn sokke omstannichheden op ’e nij ‘in flecht yn ’e godstsjinst’ plak hat? Nee, seit de man waans namme my ûntsketten is.

   Mar oarsom, Jezus fan Nazareth hat net bestien, mar der hat in grut komplot west om de lju fan doe oant de lju fan no leauwe te litten dat er wol bestien hat. Hoefolle lju moatte de wierheid ferswijd hawwe, of hoefolle lju ha planút lygd? Hoefolle lju binne oerhelle mei jild om de wierheid te ferdraaien, hoefolle binne bedrige om te swijen? Hjir moatte safolle minsken oan meidien hawwe, safolle moatte der fan witten ha, it is net wierskynlik dat sa’n grut komplot slagje koe.

   De ‘wet’ dy’t men út dy man syn redenearring ôfliede kin, is: It senario dat de minste enersy kostet, is it wierskynlikste. Yn it gefal fan Jezus, it is it ienfâldichste om oan te nimmen dat er bestien hat.

   En it gefal Bos? Fan itselde. As Bos lycht, dan moat er Camiel Eurlings oerhelle ha om de polityk te ferlittten, want Eurlings syn stap makket Bos syn stap plausibeler. Hat er Eurlings in miljoen euro bean? Hy moat ek soarge ha dat Kant opstapte, want Roemer, har opfolger, dy’t seit dat er mei de grutte polityk wachte hat oant syn beide fammen him better misse koenen, makket Bos syn dwaan ek wierskynliker. Kant wie wakker oandien, of wie dat tonielspul, en Marijnessen syn triennen wienen ek ûnecht?

   Der hawwe earder ek lju west dy’t fûnen dat it ministerskip net te kombinearjen wie mei in relaasje. Els Borst, destiids minister, hat sein dat as har man noch libbe hie, dan hie se dy swiere baan net hawwe wollen. Ben Bot, widner, hat him yn soartgelikense wurden útlitten. Is dit ek organisearre troch Wouter Bos? De petearen tusken Bos en Cohen al jierren lang oer it mooglik fuortgean fan Bos, wie dat allinnich mar foar it gefal dàt?

   As Bos lycht, dan hat er in ferskrikliken soad organisearje moatten, hy hat sels tafallichheden organisearje moatten – wat in kontradiksje is -, dit hie him mear enersy koste as syn ministerskip. Dat dêrom, it is it meast wierskynlik dat Bos de wierheid sprekt.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 17 maart  2010)

 

Winterblues

 

arlik sein, nea fan heard – winterblues. It moat in lichte foarm fan in winterdepresje wêze. De blues dat binne negerlieten ûntstien yn it lêste part fan de 19e ieu. Blue soe slaan op de blauwe flage dy’t op skippen hyst waard as der in ofsier dearekke wie, in teken en de kleur fan rou dus.

   Is der in relaasje tusken blues en winterblues?

   It hat te meitsjen mei in tekoart oan sinneljocht yn ’e wintermoannen, dêr wurde minsken minder fleurich fan. Guodden ûntwikkelje in echte depresje. Nearne mear nocht oan, leafst op bêd lizze, jin ôfslute foar it kontakt mei oaren en tefolle ite, benammen swiet guod. By oaren is it minder slim, en dat hyt dan de winterblues.

   Nea fan heard, it wurd net, mar de saak ek net. Fan freonen en kunde nea wat fan fernommen. As men in iepen winter hân hat mei allegeduerigen suterich waar en it wol dan ek noch gjin maityd wurde, dan kinne minsken sjagrinich wurde. Mar in depresje?

   W. F. Hermans fertelt yn syn roman ‘Nooit meer slapen’ dat minsken yn it hege noarden earder fersliten reitsje, winters fierste folle sliep en simmers fierste min. Mar fan depresjes hjir ek gjin praat.

   It is grif in feit dat minsken op noardliker breedten nei de sinne en de maityd út sjugge. De Germanen hienen net om ’e nocht har Joelfeest, dat letter omneamd is ta Krystfeest, om it op e nij lingen fan ’e dagen te fieren. Fansels, de sinne bringt fleur en kleur, mar de sinne soarget ek foar iten.

   Mei ljochtterapy soe men de lijers oan de winterblues it libben ferljochtsje en ferlichtsje kinne. Deis in pear kear foar in lampe en de stakkerts knappe op. In sinnebank kin net, want dan hat men it briltsje op en it is no krekt it doel dat it ljocht yn de eagen falt. De eagen, of de senuwen efter de eagen, of ien of oar knobbeltsje oan de oare kant fan dy senuw, tinkt dan: hee, it is ljocht, de sinne skynt. En fuort is it minne sin en de lammenadigens.

   Ik hâld it foar in fake-sykte, in ynbylde kwaal. Mar men wit it net sekuer. Der promovearje lju op dizze sykte en fabrikanten ûntwikkelje der lampen foar, dat wa wit is it doch wol echt.

   Hat de fal fan it kabinet bygelyks te meitsjen mei de winterblues? Jannewaris, febrewaris lykje de slimste moannen te wêzen foar de geastlike wjerstân fan in minske. Wat de wjerstân fan de lea oangiet, leau ik dat grif. Foarhinne wie ik yn maart in wike fan ’e kaart, snotterje, hoastje, seare keel, pineholle. De reserves dy’t it lichem de simmer troch opboud hie, wienen dan op.

   Kinne de geastlike reserves nei de koartste dei ek op wêze? Hat men dan gjin spankrêft mear op slimme problemen oan te pakken en brekt de boel? Net fuortdaliks in depresje by Balkenende-en-dy, net iens faaks in kabinetbrede winterblues, mar in algemene tastân fan dy lêste triuw en dy lêste stap net mear jaan en dwaan kinne.

   It hie miskien oars útpakt as Rasmussen dat brief twa moanne letter stjoerd hie. Hy hie dat witte moatten, hy komt út it hege noarden. Miskien, men wit it net, mar miskien hie Bos, mei de earste maitydssinne oer de bleke wangen en de golle maitydswyn troch it hier, wat minder stikelich op dat brief reagearre.

   Itselde jildt fan ’e ferkiezingen fan koartlyn. Hat de PVV sa slim wûn om’t de lju gjin kriich mear hawwe en moedeleas binne? As it simmer is, de fûgels tsjotterje om jin hinne, de flinters dûnsje oer de blommen, dan laket men om alle minaretten en tilt jins sin op by alle holdoekjes. Mar no, sa fielt it de lju oan, no driget it gefaar fan alle kanten en nimmen docht der wat oan.

   It is in goed ding dat de kommende ferkiezingen yn ’e simmer falle, yn it moaist fan ’e tiid. Alles groeit en bloeit, alles toant op it moaist, neat noch is ferwylge of oan it útbloeien.

   Ik tink, Wilders ferliest fan ’t simmer, dit is gjin partij fan wille en fleur, mar fan swartgallichheid en moedeleazens.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 10 maart  2010)

 

 

God as kullekontroleur

 

n homoseksuele man út it Brabanske Reusel mei net te kommuny gean hat syn pastoar Luc Buyens beslist. Homo wêze, dêr is op himsels neat op tsjin, mar men mei it net yn praktyk bringe.

   Wis, do meist bêst pankoekbakker op it pankoekskip wurde. Mar do meist gjin pankoeken bakke. Dy Roomsken hawwe grif seachmoal yn ’e kop.

   Homo’s dy hawwe yn myn eagen in mankemint oan har ûntfanklikheid foar skientme. De pracht en de trêft fan in frouljuslichem miskenne en fersmaadzje, dat is by my ûnbesteanber. En dan mei jins kul ûnsmaaklike kluchten útheve, nee. Mar it is har kar, of de kar dêr’t se net foar wei koenen. Yn alle gefallen, it giet my net oan. De pastoar fan Reusel giet it grif al oan. Of it giet syn god wat oan, de god dy’t hy út in pear primitive ferhalen fan it Alde Testamint opfiske hat.

   It doarp Reusel leit krekt boppe de grins mei Flaanderen, de pastoar, dy Buyens dus, is nammers in Flaming fan komôf. De koartste klap wie, fersko de grins in mannich kilometers nei it noarden ta, dan wie men fan dizze barbaarske tastân ferlost.

   It doarp hat oars in moaie namme, Reusel, dat is yn it Frysk riezel. It fet fan útbakt droech spek dat kâld wurden is en stjurre, dat is riezel. Lekker op in stikje brea. Mar dit Reusel smakket net mearich.

   Gijs Vermeulen, de karnavalsprins dêr’t it om te rêden is, is wakker oandien om’t de pastoar him de hosty wegere hat. Oandien en lilk. En in hele bult homo’s binne dat mei him. Se geane manmachtich nei de mis yn Reusel en nei de mis yn de Sint Jan yn Den Bosch dêr’t biskop Hurkmans de skepter swaait. Want Hurkmans is it helendal mei Buyens iens.

   It kin ek sonder opskuor. Om it lêste miel iten fan Jezus fan Nazareth te betinken hoecht men net perfoarst itselde te iten as hy die. Hy en syn mannen ieten it wenstige jûnsmiel. Dat soe by ús delkomme op jerappels mei griente en in hoekje fleis. As dat tefolle omslach freget, dan is in krintepofke mei in kop kofje ek bêst. Sels in patatsje-oarloch mei in milkshake kin it wol dwaan.

   Wat stiet Gijs Vermeulen yn ’e wei om kommuny te dwaan yn de patatsaak? De konsekraasje en de transubstansiaasje, dat is ommers klearebare flauwekul. En as Gijs dêr dochs in sin by hat, dan seit er in preuvelemintsje yn it Latyn op en hupsakee, syn patatsje-oarloch wurdt it lichem fan Kristus. Dêr hat men dochs gjin pedofyl foar noadich?

   Wol er it wat autentiker dwaan, men hat in fleske wyn foar trije euro en in rôle moalkoekjes kostet de hele wrâld ek net. Ik kin Gijs noch in bettere tip jaan, de hostybakkerij te Megen yn Braban leveret hostys oer hele Nederlân. Men hat de kar út lytse hostys (30 mm trochsneed), preesterhostys (65 mm trochsneed) en hostybôlen. As Gijs no de lytsten bestelt, dan hat er foar €12,60 tûzen hostys. Dêr komt de btw noch by en de ferstjoerkosten. Mar man, alle sneinen ien, dan kinst dêr in lytse twintich jier mei ta!

   It is it ferstannichste en beslach dit mei de gek, mar der sit dochs ek de weeë en soere rook fan koarre oan dit Roomske gedoch wêrby’t god belytse wurdt ta in amtner fan ’e sedeplysje.

   De god dy’t men jin op jins bêste mominten yntinke kin, de god dêr’t men as bern op in bernlike manear yn leaud hat en dy’t jin no noch út en troch as in skym foar de geast lâns wynderet, dat sil dan dochs in god fan leafde en tagedienens, fan moederaasje en begrutsjen wêze moatte. Men kin jin god dochs net goed foarstelle as in kullekontroleur? Kul lofts, kul rjochts, kul yn it goede gat!

   Hurkmans, do meist biskop wêze en in heech man, do leist in falsk tsjûgenis fan god ôf. God hifket de herten, net de kullen en prûmen.

   Minsken, it wurdt wer maityd, de moaie tiid komt oan. It is dochs mar sa, en dat is wol treastryk, ien dei fan sinne hellet de killens fan twatûzen jier kristendom oer. De sinne wint it fan ’e kâlde winter.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 3 maart  2010)

 

 

As it tij ferrint...

 

e fraksjefoarsitters sille allegearre har rabbelemintsje wol opsein hawwe by Beatrix. Sa heart dat, of teminsten it is wenst. Plicht, mar faaks ek wol in bytsje feest. Agnes Kant hie der teminsten in nije mantel foar kocht en se hie grif ek nei de skientmespesjaliste west. Se seach der minder fûlfretterich út as ornaris. In moai fanke, ja wier.

   Foar Geert Wilders wie it de earste kear dat er by Beatrix ferskine moast en ik ha my ôffrege wat de ynhâld fan syn rabbelemintsje west hat. Wilders hat sein, as oaren mei him yn it kabinet wolle, dan is er ree om yn it islamdebat wat wetter by de wyn te dwaan. Ja, wat hâldt de man dan noch oer oan polityks?

   Foar ’t neist, tink ik, hawwe de majesteit en Wilders oer hier praat, oer inoars kapsel. Wilders: Majesteit, hoe hâlde jo de úteinen fan jo hier altyd sa kreas te plak yn dy slach nei de hals ta? By my sit it moarns wol goed, mar yn ’e rin fan ’e dei, as ik in pear minsken foar knettergek ferklearre haw en mei stimferheffing sein haw dat it net folle mâlder wurde moat yn dit lân, dan reitsje der efter de earen pjukken hier los en dy stekke dan fansiden. Ik merk dat fansels net, mar ik sjuch it letter op de bylden.

   Menhear Wilders, seit de majesteit, it is neat net slim om jo stim te ferheffen, hoewol’t ik der sels foar keazen haw om op in flakke, seurderige toan te praten, mar it euvel by jo is grif dat jo stimferheffingen beselskippe wurde fan skokkende hollebewegingen, en dat is funest foar jo kapsel.

   Ik snap niks fan de fal fan it kabinet. Dêr hie ik oer skriuwe wollen. Bygelyks, de Amerikanen beare dat de Nederlanners Afghanistan en de Afghanen en Isaf en de Navo en Amearika en presidint Obama mar raar sitte litte. Mar it wie ein 2007 bekend dat de Nederlânske soldaten yn 2010 definityf út Uruzgan weigean soenen. Sitten te sliepen, stront yn ’e earen?

   De Navo hat twa jier tiid hân om foar ferfanging fan de Nederlanners te rieden, mar der hat net iens in begjin fan aksje west. De Navo hat neat ûndernommen en seurt no fan jim litte ús yn ’e steek. Elkenien wist dat de misje yn 2010 ôfrûn wie, hoe dan ek, wat dan ek. Nederlân hie syn part dien, wie it oardeel.

   Mar der is in oare sitewaasje ûntstien, Obama hat in nije strategy, hy wol folle mear de oanpak fan de Nederlanners oernimme. De sitewaasje is no heel oars as yn 2007 en as it tij ferrint...

   It tij is net ferrûn. De sitewaasje is deselde as doe’t de ynfal begûn. De sitewaasje is, men kin mei in regulier leger in guerrillaleger net ferslaan. Wat men berikt is, by ûngelok of meisin of yn alle gefallen ynkalkulearre, dat der in soad boargers deareitsje en dat soks de guerrillabeweging yn ’e kaart wierret.

   By de striid fan no om de stêd Marjah sjocht men deselde Amerikaanske doaryntrapers, frouljuyntimidearders en collateral damagers al wer op ’e âlde manear dwaande en generaal Stanley McChrystal hat de aaiwekker op fiif minuten stean want dan moat er syn ûntskuldinging al wer oanbiede oan Hamid Karzai foar al wer boargerslachtoffers.

   De Dutch Approach wurdt troch elkenien eare en wurdearre en as foarbyldich priizge. Mar de Amerikanen geane op ’e âlde foet fierder. Letterlik: doarren yntraapje.

   Dy Dutch Approach... Hoefolle wetterputten en brêgen en sikehûzen en skoallen dy’t troch de Nederlanners slein, boud, oprjochte binne, binne op ’t stuit noch yn wêzen en feilich brûkber? Meie wy dat witte?

   Mar Wouter Bos, wêrom de kont tsjin de krêbe? It wie dúdlik, de Twadde Keamer hie in útstel foar ferlinging fan de misje yn Uruzgan ôfwiisd. Do hiest mei in skynhillich gesicht ynstimme kinnen mei it kabinetsútstel en dan efter it hantsje Balkenende útgnize as it útstel sneuvele mei troch tadwaan fan dyn eigen partij. Wêrom sa rjochtlinich? Kristenen moat men op har eigen wize bestride, mei skynhillichheid.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 2010)

 

 

Nekskot foar amtners

 

y it debat fan moandeitejûn fan in stik of acht kopstikken út ’e polityk hie Geert Wilders in snoade opmerking. Teminsten, dat fûn er sels grif. It wie wer allegear wissichheid en wetichheid.

   Der binne, ik wit net mear hoefolle, mar in heel soad amtners yn Nederlân. En dy dogge allegear neat, of suver neat. Bekend is de mop fan immen dy’t by in amtner op dy syn keamer wêze moat en ferbaasd útropt: Man, wat ha jo hjir in miggen! Ja, twaenfyftich, seit de amtner.

   Amtners binne lui, fergrieme har tiid, wat twa dogge, koe ien wol dwaan. Dêrom fuort mei dy amtners.

   Oan ’e oare kant, amtners meitsje boargers it libben soer mei regeltsjes en bepalingen en wetten en rjochtlinen, dêr wurdt in mins raar fan. Men moat benammen as ûndernimmer oeral rekken mei hâlde en oan allerhande foarskriften foldwaan, sa slim, dat men net mear op in normale manier jins bedriuw fiere kin. Dêrom, fuort mei dy amtners.

   Ien en oar strykt net mei inoar. Of amtners binne lui en dan hat men gjin lêst fan har, of se bespinne boargers yn in reach fan wetten en regels, en dan binne se net lui. Mar dy tsjinstridichheid liket nimmen op te fallen. Hoe dan ek en oer hokker boech ek: fuort mei dy amtners.

   Wilders hie besifere dat der in hele knoarre amtners binne, yn it mâle, alderbenaudst. En dy amtners snobben fyftjin miljard euro yn it jier oan salaris op. Skande. Syn plan wie: jou twintich persint fan de amtners ûntslach, dan besparret men trije miljard euro.

   It ferbaasde my dat gjinien fan it omsteand laach frege: En dy lju hoege dan gjin iten mear, Geert? Wouter Bos hie dat freegje kinnen, hy is de man fan de sinten. Mar alle oare seis manlju en froulju hienen dizze rekkenkundige trúk fan Wilders ek trochsjen moatten. Sa stom kinne se dochs net wêze?

   Fyftjin jier lyn krigen wy ûntslach oan ’e VU om’t der besunige wurde moast, en yn sa’n gefal fleane Semityske talen en Frysk der út. Ien foar ien moasten wy by de leedoansizzerskommisje komme, in perfester-taalkunde – dy’t grif op dat stuit dekaan wie – en ien fan it fakulteitsburo. Ja, spitich, och sa spitich, mar fanwege de sinten moasten wy der út. Mar wy krigen in útkearing fan santich persint fan ús bruto lean.

   As jim der tritich persint by lizze, kinne jim my yn it wurk hâlde, sei ik. As ûlen seagen se my oan, dy baasmannen, as ûlen, en se seinen gjin stom wurd. Se hienen der noch noait by stilstien grif dat se mar tritich persint besunigen fan wat se eigentlik besunigje woenen.

   Dy flater makket Wilders ek, hy besuniget gjin trije miljard, mar net iens in miljard. En nim ris oan, dy ûntsleine amtners komme mei har húshâldingen yn ’e krapte en yn ’e swierrichheden en dy moatte oanspraak meitsje op allerhande gemeentlike potsjes, dan besparret men lang gjin miljard.

   In bedriuw kin besunigje troch minsken dien wurk te jaan, mar foar de oerheid is dat gjin oplossing, want dy moat dochs noed fan dy lju har rak en dak stean. De oerheid besparret wol troch minsken te ûntslaan, mar net yn it mâle. Dy lju har keapkrêft giet dan ek nochris efterút en dat is ek wer ûngeunstich.

   As de oerheid besparje wol op de leankosten troch minsken ûntslach te jaan, dan moat er soargje dat se ek gjin iten en drinken, klean, ûnderdak en ferdivedaasje mear noadich ha. Dan moatte se dus dea. Ja, it hege wurd sil der dochs in kear út moatte...

   Yn de styl fan Geert Wilders soe dat it bêste kinne troch de ûntsleine amtners, har partners en bern in nekskot te jaan. In knibbelskot jout neat, en dan hat men boppedat sikehûskosten. In nekskot dus, en dan yn in massagrêf. Allegear aparte begraffenissen mei auto’s en blommen en in dûmny, pastoar of humanistyske preker, fierste djoer.

   Sa moat it Geert, net mar wat roppe en foar de konsekwinsjes weirinne, mar by jins wurd stean en de died op it wurd folgje litte.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 17 febrewaris 2010)

 

 

Mei de snút troch de stront

 

obbe Atsma fertelt yn syn ferhalebondel ‘It liket op fleanen’ (2006) oer in frou mei kanker dy’t op in moaie neisimmerjûn mei har man giet te kuierjen en dan hookstrooks konfrontearre wurdt mei in reklameboerd dêr’t op stiet fan: Der is in middel tsjin kanker.

   De hope flammet yn har op. Twa strjitten fan hûs en amper hûndert meter fan it tsjerkhôf, dêr stiet it samar te lêzen. Mar as se better sjocht, der stiet: Der is gjin middel tsjin kanker, mar de eerste letters fan ‘gjin’ binne oerplakt mei euromunten. Se is duvels. Se is mâl. Se geane ommers oer liken om mar oan sinten te kommen, flokt se.

   Ik ha dy reklamegjalp – dy’t oars yn it Hollânsk steld wie, mar dat docht net ta de saak – destiids ek net botte subtyl fûn. It wie in aksje fan it KWF fan neisimmer 2004 en der kaam nochal wat reaksje op. Misliedend en smakeleas, seinen guodden. Ja, dat tocht my ek.

   It sil bêst wier wêze dat jo snedige reklameteksten meitsje moatte om minsken it jild út ’e buosse te troggeljen, mar sokke teksten wurde ek lêzen fan lju dy’t sels kanker hawwe of it fan tichtby meimeitsje. En dy witte, jild helpt yn yndividuele gefallen niks. Fansels sil der in bats jild nedich wêze om nije genêsmiddels en behannelingen te ûntwikkeljen. Mar as jo sels kanker hawwe, dan beslisse net de sinten mar it lot.

   Wat Atsma goed beskriuwt, is it frommes har finzensitten yn har gefoelens. Se giet net ferstandich mei de dingen om, dat kin se net. Ik ha it sels meimakke dat ik gjin bestjoer mear hie oer myn geast. De rasjonaliteit sakke my yn ’e klompen. Ik koe bygelyks net mear fytse. No kin ien wol sizze: dat tochtst mar, of dat makkeste dysels wiis. Mar it wie in dúdlik feit, ik koe dat net mear: ik koe it net mear kinne.

   Letter haw ik my dêr wol oer besaud, dat men jin sa ynkommendearje litte kin troch in sykte. Kanker is likefolle in krupsje fan ’e geast as fan it lichem, wol my foarkomme.

   It KWF, folút: Koningin Wilhelmina Fonds voor de Nederlandse Kankerbestrijding hat in nije aksje betocht yn ’e mande mei de fuotbalklub AZ – wêr’t dy letters foar steane, wit ik net, wol ik ek net witte: fuotbaljen is slimmer as kanker.

   In stikmannich supporters fan AZ hawwe fan ‘kanker’ roppen en dat wie bedoeld tsjin in spylder waans mem kanker hat. Of miskien wie it net spesjaal foar him bedoeld, mar dy jonge hat him dat oanlutsen. No roppe supporters mien ik altyd fan ‘kanker’ en fan ‘joad’ en fan ‘jim mem is in hoer’, en fan ‘hamas, hamas, joaden oan it gas’, dat: neat nijs.

   As jo in balskoppartij organisearje, dan organisearje jo tagelyk fisyk en ferbaal geweld. Dat is jo doel grif, want oars holden jo der wol mei op. Mar nee, balskoporganisators meitsje harsels wiis dat se alle kearen prachtige wedstriden organisearje dêr’t alleman fan genietet. Mar spitigernôch komme der wolris ynsidinten foar.

   Dat soe sa net wêze moatte, bruorren.

   Stadionferboaden helpe net genôch, dan geane dy blasten nei in kafee mei in tillefyzjeskerm fan trije by fjouwer meter. No, moai dochs, dan is men se kwyt. Mar nee, it AZ sjocht himsels as folksopfieder en resosialisator. Yn ’e mande mei it KWF hat de klub betocht dat de supporters marris, lykas dat mei jonge hûnen wol dien waard as se it hûs besmoarge hienen, mei de snút troch de eigen stront wreaun wurde moatte. Se moatte in kankerkursus folgje en se moatte ynterviews hâlde mei kankerpasjinten.

   No freegje ik jo, al hienen jo allinnich mar in swolme tûme, soenen jo dat túch fan ’e richel yn ’e hûs ha wolle, of sels oan jins bêd? Lit stean dat jo kanker hawwe en jins libben op ’e kop stiet en jo sa labyl binne as de pest.

   It KWF hat net folle moederaasje mei kankerpasjinten, komt my foar. Sike minsken ynsette om platte hufters op it goede paad te bringen. Wa wurdt hjir mei de snút troch de stront wreaun?

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 10 febrewaris 2010)

 

 

In drôf âld man

 

n promoasje-ûndersyk oan de UvA (Universiteit van Amsterdam) hat útwiisd dat âldere manlju waans frou krekt ferstoarn is, in grutter risiko rinne om mei gauwens dea te gean. As it al wat langer lyn is, dan wurdt de kâns om hookstrooks dea te gean grif lytser. Sa kin men dat berjocht teminsten lêze.

   It komt der dus op del dat in âld man dy’t widner wurden is, ynearsten ekstra kâns rint om dea te gean, mar dat er dêr ek oerhinne groeie kin. Dat is net sa’n spektakulêre ûntdekking, liket my ta. Dat wisten wy allang. In ferheftich foarfal bringt jin ynearsten fan ’e wize, mar op ’en doer saksearret dat.

   Ik waard erchtinkend troch it fotoke dat by it artikel op it ynternet stie. Op de foto in âld man op in bank mei efter him in park of plein. Hy sit krûm foaroer en hy hat de hannen gear om de stôk hinne. It byskrift seit: Een droevige oude man.

   Hoe witte jo dat dy man drôf is? It iennige wat men konstatearje kin is dat er krûm sit en de holle foardel hat. Kin dy lichemshâlding allinnich mar op drôvens wize? It kin ek wêze dat dy man krekt in peukje útflibe hat en dat er dwaande is om mei de stôk dat peukje út te meitsjen. Of dat er samar wat sit te prakkesearjen of wachtet op syn pakesizzer dy’t aanst út skoalle komt. En hy sit krûm om’t dat it noflikst is foar de âld rêch. Krûm sitten is net perfoarst in teken fan drôvens of fertrietlikens.

   De foto is ôfkomstich fan My Buffo/Flickr/Creative Commons. Dat haw ik opsocht en dat liket in fotobestân te wêzen dêr’t men frij út oernimme mei. Sokke cd’s wienen der foarhinne ek en miskien noch wol, mei foto’s dêr’t gjin rjochten (mear) op sitte. Dan is it dúdlik, de NOS – dy’t dit berjocht bringt – hat in aardich printsje by it artikel socht en der in byskrift ûnder kwattele.

   Dat kin de promovendus fan dat deade-widners-ûndersyk fansels net helpe, mar it taast syn wittenskiplik wurk likegoed oan. Doe’t ik fan ’e wike Nout Wellink strompeljen seach by de kommisje-De Wit, doe gie it dochs ek troch my hinne: hoe kinne se sa’n hakkenkruk no presidint fan de Nederlânske Bank meitsje? Sa giet soks, wat jin bûten jins skuld tafalt of oerkomt, dat wurdt jin dochs oanrekkene.

   Mar dit promoasje-ûndersyk liket op himsels ek net tige nijsgjirrich. It is fansels dat in minske dy’t wat kwyt rekket of yn mindere omstannichheden bedarret, ynearsten fan ’e wize is en syn draai net fine kin. Dat kin men fan tinken wol hawwe. It leit foar de hân dat in wittenskipper fraachtekens set by ‘wat elkenien wol wit’, mar hy moat likegoed mear dwaan as befêstigje wat elkenien wol wit.

   Nim sa’n âld man, hy hat jierren lang mei dat âld serpint sitten te harsenskrabjen en te hottefyljen en no is se dea en it is stil yn ’e hûs. Tsjin wa moat er noch wrokje, wa kin er noch yn ’e bek hingje? Hy is slim ûnwennich, it libbet liket doelleas en leech. Fansels dat sa’n man him maklik oerjout as er in krupsje kriget. Hy fjuchtet net mear, de kriich is derút.

   Nammers, it giet tink ik net allinnich om it widnerskip as yngripende feroaring. Nim in âld man dy’t al syn libben in folkstúntsje hân hat. Maityds en simmerdeis fleach er der trije, fjouwer kear jûns nei iten hinne en nei’t er pinsjoen krige, ferkearde er dêr heale dagen. Mar it koe net mear. It hakjen hat er jierren lyn al útbestege, mar it wjoeren, it beantsjeplukken, it jerappeldollen kin er langer ek net mear oan. No sit er thús en ferfeelt him.

   Of de hûn is dea en de fjouwer fleurige loopkes deis binne aaklike gatten yn ’e dei wurden. In nije hûn kin net mear, want in baas moat syn hûn oerlibje en dy kâns is lyts. Hy soe it âldminske in tou om ’e strôt bine kinne en lit dy fjouwer kear deis út, mar ja...

   Sosiale netwurken binne tige wichtich foar de sûnens fan âldere minsken, is in konklúzje fan it proefskrift. Meie wy ek deagean as de lol derôf is?

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 3 febrewaris 2010)

 

 

Lili Marleen

 

yn frou frege my oft ik Lili Marleen ferfryskje woe, har koar hie ferlet fan teksten. Dat haw ik doe mar dien, want ik haw oars ek neat om hannen. Nammers, de tekst fan Hans Leip út 1915 (muzyk fan Norbert Schulze) is de wrâld oer gien en waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch fan alle partijen en yn alle talen songen. It Frysk mei net ûntbrekke.

 

Foar de kaserne,

by it tagongssket,

stie earen in lantearne.

Hat dy it libben ret?

Dan sille wy inoar dêr sjen,

nei de lantearne sill' wy tsjen,

lykas Lili Marleen.

 

Us beide swarte skaden

raanden mei'noar gear.

Dat wy in pearke waarden

dat wie ús beiden klear.

En net in minsk kin dat ûntgean,

as wy by de lantearne stean,

lykas Lili Marleen.

 

De wacht winkt, ik moat komme.

De taapta puonnet oan.

Kinst trije dagen bromme.

Kamm'raat, ik kom deroan.

Dan lúst'ren wy: oant sjen, oant sjen.

'k Woe al sa leaf mei dy fuorttsjen,

mei dy Lili Marleen.

 

Dyn fuotstappen aant er,

dyn betroude trêd.

Alle jûnen baarnt er,

mar my fergeat er glêd.

En mocht it my skiek min fergean,

wa sil by de lantearne stean,

mei dy Lili Marleen?

 

Yn 'e djippe kûle,

djip yn 'e ierde wei,

is dyn waarme mûle

my sa hein en nei.

En as de lette nevels flean',

sil ik by de lantearne stean,

lykas Lili Marleen.

 

It earste kûplet liket in weromblik/foarútblik te wêzen fan in deade soldaat en it is teffens de ynlieding op wat folget. Yn it twadde en tredde hâldt de soldaat yn 'e kaserne ta en hij frijt jûns mei syn faam ûnder de lantearne. Yn it fjirde is er grif op it slachfjild, net sa moedich oer de takomst en eang dat syn faam him ûntrou wurdt. Yn it fyfte is er dea en begroeven. Dochs wol lokkich, en hy kundiget oan dat er as geast weromkomme sil.

   Goebbels mocht it liet net lije, benammen om it slot, it wie te weak en te neargeastich. In Dútske soldaat sneuvelet ek net, dy triomfearret. It moat de Ingelsken ek te tryst west hawwe, de oersetting fan Tommy Conner út 1944 hat in wat mylder slot.

   De Nederlânske oersetting fan Herre de Vos giet net oer in soldaat, mar oer in seeman dy't wer oan board roppen wurdt en fuort faart. De Fryske oersetting fan Jurjen van der Meer giet likemin oer in soldaat en in kaserne, mar oer in pearke dat inoar út it each ferliest. De tekst docht tinken oan 'Oan 'e dyk fan Keimptille' fan Marten Sikkema.

   Dat minsken teksten altyd feroarje en 'ferbetterje' moatte, is my slim yn 'e wei. Net allinnich de koran is hillich, alle teksten binne dat.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2010)

 

Lit mar lizze

 

en skammet jin suver dat men in hûn hat, sei in frou tsjin my. As it dan wer teiwaar wurdt... Ja, de snie op it gersfjildsje by Pierke de Vries wie yn in deimannich fuortteid en it gers lei besiedde mei heapkes hûnestront.

   Gewoanlik ferreint dy stront wol of hy droeget yn of fûgels pjukke der yn om en huffe de stront mei de snaffel in ein fuort as wienen se yn oannommen wurk oan it skytbûtsen. Fûgels binne nuvere bruiers, niis sieten der in pear klyster foar de keukensruten om mâlens yn de rotsjende blêden om te slaan. Der wienen faaks wer wjirmkes en krobkes.

   Mar as der snie leit, dan bliuwt de stront ek lizzen. Salang’t de laach net te tsjûk wurdt en it jaget ek net, dan lykje dy hûnen noch wol obsterwearje te kinnen wêr’t gers is en wêr paad. Dat ha se de foarbye fjirtjin dagen ek knap roaid, der leit omtrint neat op ’e tegels. Mar as it jaget, of as de minsken mei snieskowers de snie op bulten jeie, dan binne dy bisten der ôf. Op ’e hoeke by Pierke hie de snieskower in bult op it trotwaar jage en dêr helendal boppe-op hie in hûn parmantich sitten te kakken. It hat der dagen lein, no leit it op it trotwaer.

   Der komt noch mear boppe wetter, of boppe snie. Oeral lizze noch rotsjes en fjoerpylken fan âldjiersjûn, neat is opfage of fuortrotte. Wie it mar bedutsen bleaun, tinkt men. Sake Knilles Feitsma fertelt yn ien fan syn ferhalen oer in earmoedich útbuorrentsje yn ’e Wâlden dat troch de fracht snie in suver leaflik en ydillysk oansjen hat. It soe eins mar sa bliuwe moatte, dat men de neakene earmoed net op ’e nij hoegde te sjen.

   Wie it ek net better om de hele bliksemse boel yn Port-au-Prince mar lizze te litten, wat noch oerein stiet plat te walsen en dan op ’e nij begjinne te bouwen? Wat sil men út de púnheappen yn it deiljocht helje? Deade minsken, stikkene poatten en pannen, in mapke mei foto’s dêr’t noait in eigner fan opdûkt, kapotte stuollen, bêdeguod ûnder de smoargens.

   Miskien, it kin wêze, dat it blikguod út supermerken noch te iten is, sa hurd sil de uterste konsumpsjedatum net neierby komme. Mar leannet it de muoite om it nei boppen te heljen en hat ien der sin oan? Ja, salang’t der honger is. Mar as de helpstreamen aansent goed op gong binne, wa hat dan noch nocht om yn de rotsoai om te dollen op ’e siik nei blikken tomaten en potten sjem, en allegeduerigen wer konfrontearre te wurden mei de ellinde?

   By âlds wie it wenst om in fernielde stêd lizze te litten sa’t er lei. Of dy stêd waard ferlitten, of se bouden der gewoan in nije stêd boppe op. By opgravingen, bygelyks yn Israël, kin men oan de boulagen sjen hoefaak in stêd fernield of ferbaarnd en wer opboud is. Ik mien dat it op ús terpen ek sa om en ta gien is. As in skuorre ynnukte, dan sljochte men de boel wat en boude in nije skuorre op itselde stee.

   It is no minder maklik as eartiids, wy bouwe net allinnich op ’e grûn, mar ek yn ’e grûn. Der rinne kabels foar stroom en tillefyzje, der binne buizen lein foar wetter en foar ôffalwetter. Mar binne dy noch te brûken en sil werstellen net mear tiid en jild kostje as alles mar nij oan te lizzen?

   Men hat safolle huzen en krotten ek net mear nedich as foar de ramp, by safolle deaden. Krotten alhelendal net, of teminsten, se soenen der foar soargje moatte dat elkenien in hûs krige en net yn in hok fan planken en golfplaten hoegde te wenjen. Dan hie dizze ramp ek noch wat goeds brocht. Troch de ramp út ’e ramp, sa te sizzen.

   Ik tink net dat der sa radikaal in streek ûnder it ferline set wurde sil. Dat kinne minsken net of se wolle it net kinne. By de fjoerwurkramp yn Ynskedee seach men ek dat de lju leafst nei har âlde buertsje werom woenen. En om’t dat net koe, om’t der neat fan oer wie, moast it nije buertsje dochs wat wei hawwe fan it eardere.

   Sa sil it yn Port-au-Prince ek wol gean.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2010)

 

 

En no mei de PVV

 

akkele de Vries – ja, gjin Jack doch? Gewoane Lemster jonges hite fan Fedde (Schurer) of Pieter (Verhoeff) of Rintsje (Ritsma) – mar gjin Jack. Yn Ferwert wie yndertiid in gemeenteopsichter dy hiet fan Jacques LeRoy. Dat wie de Ferwerters fierste útwrydsk en foar straf waard er oantsjut as ‘Sjak’. Dy rein kin De Vries ek bedrippe. Doch mar gewoan, ‘Jak’!

   Jakkele de Vries hat nei lang sneupen wat posityfs fûn yn it rapport fan de kommisje-Davids: der is gjin inkelde oanwizing te finen dat Nederlânske militêren aktyf deelnommen hawwe oan ’e oarloch yn Irak. No, in hele pûkel fan it liif, dus! It rapport pleitet it destiidske regear oer alle bûgen frij fan hokker flaters en ferneukerijen ek, liket De Vries suggerearje te wollen.

   Sa is it lykwols net helendal. Goed, Nederlân hat net aktyf-militêr meidien oan ’e oarloch tsjin Saddam, inkeld ‘politike stipe’ jûn. It wêzentlike ûnderskied haw ik nea begrepen, stipe is stipe. Goed, by politike stipe sneuvelje der gjin soldaten ‘fan ús’, dat is in foardeel as men oarmans deade soldaten en deade boargers net telt. Der liket ek gjin roalhannel west te hawwen yn dy sin: wy stypje de oarloch tsjin Irak en dan mei Jaap de Hoop Scheffer baas fan de NAVO wurde.

   Dat hie Jakkele de Vries ek noch neame kinnen, mar miskien is er safier noch net kommen. It is in grou rapport.

   Dy Scheffer is oars in moaie jonge. Hy set mei in stikmannich amtners it belied oangeande Irak út en it slagget him om mei dat beliedsstik syn kollega-ministers en de Twadde Keamer te ferbjusterjen. De minister fan definsje Benk Korthals wurdt net mei oerlein, Jan Peter Balkenende dy’t dan ek al, of noch, of al wer minister-presidint is, bemuoit him net mei oare departeminten, neffens Davids. Wat er al docht, is ûnbekend.

   Hy kin net oan it snierûmjen west ha, want it wie augustus. Alhoewol, ik fertrou it Balkenende wol ta om spikerhurd te bewearen dat der yn augustus 2002 in almachtich soad snie fallen is yn Sint-Maartensjangoorsdijke, of yn hokker Sieuske negerij hy doe wenne.

   Spile der net wat oars? Doarst Balkenende Scheffer wol oan te pakken? Krekt dêrfoar wie Scheffer noch fraksjefoarsitter en Balkenende in ûnbekend lid fan de CDA-fraksje. Hy wie it noch net wend om de earste fioele te spyljen en hy sil der tsjinoan skytskoarre hawwe om syn eardere baas op it harspit te nimmen.

   Us ynljochtingetsjinsten slagget it net om in soad kennis oangeande Irak út eigen ûndersyk te garjen, foar it meastepart basearje se har op Britske en Amerikaanske boarnen. Wat ús militêre ynljochtingetsjinst ynearsten noch wol docht, is oarmans rapporten nuansearje en der krityske fragen by stelle. Dêr hâlde se rillegau mei op, en dat leit yn ’e reden. It Nederlânske regear sitearret út de rapporten fan de eigen ynljochtingetsjinsten dy saken dy’t it belied oangeande Irak stypje en lit opmerkingen dy’t tsjûgje fan twivel en tsjinkanting wei.

   It regear jout dus in ferkeard byld fan de sitewaasje en dat hyt mislieding of falske foarljochting fan de Keamer. In deasûnde en in halssaak. Dêr brekt in minister en in kabinet him de nekke op. Fan de destiidske ploech is allinne Balkenende noch oanwêzich, mar dit besteande kabinet moat de ferantwurdlikheid nimme. Sa is it spul, sa wurdt it spile.

   Ik hoopje dat de PvdA yn ’e mande mei de opposysje it kabinet nei hûs ta stjoert. Folle kâns is der net op, want dy partij stiet min yn de peilingen en sil gjin ferkiezingen aventoerje. Mar hokker fleurige tiden kinne net oanbrekke mei in winnende PVV! De PVV mei it CDA en de VVD, dat soe in lyksoartige kombinaasje wurde kinne as yndertiid mei de LPF en wat in wille ha wy doe net hân!

   Tsierende ministers, in Balkenende dy’t de dwarsbongelders net yn ’e stokken hâlde koe, in Zalm dy’t him grien en blau ergere. Kostlike tiden, alle dagen feest.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 13 jannewaris 2010)

 

 

Fêstichheid en finzenis

 

y lju yn Kulemboarch, Molukkers en Marokkanen, binne eigentlik net goed wiis. It binne beide allochtoane groepen, beide fiele se har yn Nederlân net helendal thús en net helendal akseptearre. Wat besielet har no om tsjin inoar te knokken? Se soenen oparbeidzje moatte en meiinoar soargje foar de ferbettering fan har posysje.

   Dat bart net, en dat kin nei alle gedachten ek net barre. It soe earst kinne as de allochtoanen safier yntegrearre wienen, dat har etnisiteit gjin rol fan belang mear spile. Mar dat is noch altyd wol it gefal, de etnisiteit is har fêstichheid en har finzenis.

   Dat soe likegoed gjin reden hoege te wêzen om inoar op ’e hûd te springen, de groepen soenen inoar ek mije kinne. Hjir moat wat oars spylje. Oergeunst.

   Us hûn krijt neimiddeis kofjetiid in koekje, en dat yt er altyd op it matsje foar de bûtendoar op. Salang’t ik wetter opjit, bliuwt de hûn moai lizzen, wol spand, mar hy skoait net. Mar as ik de kofje op it ljochtsje set, dan komt er oerein, want dan pak ik syn bus. Dy hûn is dêr heel presys yn. Ik nammers ek. Oarder en regel beskiede ús libben.

   Sûnt de kat yn ’e rekken krigen hat dat de hûn wat kryt, wol hy ek wat. Ynearsten haw ik kattekoekjes foar him kocht, mar dy foelen net yn ’e smaak. No jou ik him in pear fan syn gewoane brokjes. Syn bakje mei brokjes is nea leech, hy hat gjin ferlet, mar kofjetiid moat hy in pear brokjes fan my ha, in stik of fiif. Dy lis ik oer de grûn foar him del en dy yt er op.

   Ik tink dat it yn Kulemboarch ek sa leit. As de Molukkers in koekje krije, wolle de Marokkanen ek in koekje. En as de oare partij brokjes krijt, wolle se sels ek brokjes. It is oergeunst, of teminsten, se wolle net minder behannele wurde as in oar, se wolle foar fol oansjoen wurde.

   Mar meitsje dan meiinoar in fûst tsjin de man dy’t de koekjes ferpartet... Nee, dy stap is te fier. De arbeidersklasse dêr’t ik út kom, wie ek in soad oergeunst en Schadenfreude – it Frysk hat dêr gjin goed wurd foar, ‘nocht oan ûnnocht’ is in te wiid begryp. De arbeiders seagen neigeanderich nei oaren dy’t bygelyks troch meifertsjinjende bern yn betreklik goeden dwaan wienen, en se gniisden smeulsk om de ûnfertúnliken dy’t yn ’e nederklits sieten. Mar se seagen net oer de grinzen fan har eigen klasse, of allinnich om oaren te ferskellen: opfretters, útsûgers. De midden en hegere klassen wienen gjin punt fan oriïntaasje. Har hoarizon – de eachein, sjongt Piter Wilkens, en dat is in moai wurd – wie de eigen klasse. Fêstichheid en finzenis, dêr ek.

   Yntusken hawwe de Marokkanen in koekje krigen, Ahmed Aboutaleb is boargemaster wurden fan Rotterdam, de Turken hawwe ek in koekje krigen, Nebahat Albayrak is steatssiktaris fan justysje. Dêr kinne de Molukkers in bliksems bytsje foaroer sette, inkeld Daniel Uneputty, de lieder fan de Hell’s Angels.

   Eardere ymmigranten binne weiwurden yn de âlde befolking. Inkeld de nammen wize op in bûtenlânsk komôf. Ien dy’t him Travaille skriuwt, dy sil wol fan de Frânske Hugenoaten ôfskaaie. In Poiesz soe in Portugeeske joad as foarâlder ha kinne. In Gildemacher is grif in neisiet fan in lapkepoep. Allinnich de namme, en sels dy nammen binne al gewoan wurden.

   Safier hawwe de Molukkers, de Turken en de Marokkanen it net brocht. It is de fraach oft se it ea safier bringe sille. Bringe wolle, of bringe kinne wolle. It is gjin klearebarre dwarsichheid, it is ûnmacht. It is eangst om it meast wêzentlike hâldfêst kwyt te reitsjen: it oars wêzen as oaren. It doel fan de yntegraasje is krekt it skrikbyld.

   Undersyk hat útwiisd dat allochtoanen dy’t bûten de beskerming fan ’e eigen groep libje mear kâns rinne op in psychyske sykte lykas skyzofreny. De groep jout idintiteit, jout wissichheid. Dat kin Eberhard van der Laan net biede, hoe fan goede wil oars ek.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 6 jannewaris 2010)