Teatraal teater

 

 

Teatraal teater

In tragyske trageedzje yn trije bedriuwen

Spylders:
Smachtalia
, de frou
Heechdreamer, de man
Himmeltsje, tsjinstfaam
Oanwaaierke, kammeraatske fan Himmeltsje
Boadskipper
Ingel

Earste bedriuw
It toaneel stelt in hskeamer foar mei yn ’e midden in tafel mei trije stuollen. Oan de eftermuorre in dresswaar, lofts en rjochts kastkeboel, lofts in regulateur oan de muorre, rjochts in tillefyzjetastel. Der hinget in inkeld skilderij. Efter, lofts en rjochts binne doarren.

HIMMELTSJE
Himmeltsje wriuwt it dresswaar mei in doek. Drby skommelt se oerdiedich mei har kont. Se hldt ynienen op en rint nei foaren. Se sprekt it publyk oan: Ik bin Himmeltsje, de tsjinstfaam. Ik ha hjir in bst plak, menhear en mefrou binne och sa goed. Mar o! Slacht beide earmen omheech, mar krekt te let. It doocht hjir net! It doocht hjir lang net! Slacht wer de earmen omheech en wer te let. Se giet fierder mei dresswaarpoetsen.
HEECHDREAMER
Hy komt fan rjochts op. It falt him op dat de regulateur stil stiet. Hy docht it doarke op en jout de slinger in triuwke, mar dat jout neat, de slinger bliuwt wer stil hingjen. Hy sjucht nei de poetsende en skommeljende Himmeltsje. Hy pakt har by de heupen en hldt har kont stil. As er har loslit, begjint de kont op ’e nij te skommeljen. Hy skodhollet. Dan, as komt him wat yn ’t sin, rint er nei de rne fan it toaniel en sprekt it publyk oan: Ik bin Heechdreamer, de man fan dit hs en de man fan Smachtalia, myn leave frou. Hy slacht beide earmen omheech en lit se wer sakje. O, wat hld ik fan myn frou. O! Hy swijt in skoft, slacht nochris de earmen omheech. Hoelang bin ik no al troud mei Smachtalia? Skodhollet, telt op ’e fingers.
HIMMELTSJE
Keart har om en ropt: Dat sil sawat fyftjin jier wze, want mefrou hat my lsten foto’s sjen litten fan har silveren brulloft, doe ha se nei Sybrandys fgelpark west.
HEECHDREAMER
Fyftjin jier al, tink ik. Fyftjin kostlike jierren, neist Smachtalia. O! Slacht de earmen omheech. Fyftjin jier! En gjin misse dei! Gjin misse dei!
HIMMELTSJE
Ropt nder it stofdoekjen: No, dat wit ik wol better!

Doek

Neiskrift: Dit stik is frij oer te nimmen en frij te spyljen

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY