Skriuwe nei de Bwarre

 

oe dreech is it om wer te skriuwen as men neffens de kritisy it bste boek fan jins libben skreaun hat? As elk folgjend boek better wze moast as it foargeande, dan hie ik der nei Minskrotten-Rotminsken de brui oan jaan moatten, want sa’n boek sil ik noait wer skriuwe. Oarssein: it sukses fan De Bwarre frustrearret my net. Ik bin nammers gjin oeuvrebouwer, it is by my net sa dat elk folgjend boek fierder bout op it foargeande, ik haw gjin literr libbensplan. Eigentlik is it sa dat ik nei elk boek tpoept bin en net wit wat ik no wer oangripe moat. It noflike is nammers, dat dat ferskriklike ‘moatten’ fan fiifentritich jier lyn der net mear is. Skriuwen is no puer plesier wurden.
No, net helendal. Yn de lste jierren by de
NHL hie ik sa it smoar yn (net om it lesjaan, dat haw ik altyd moai fn, mar it management), dat ik mysels by wize fan terapy oan it skriuwen set haw. Ik woe in reisferhaal meitsje oer tolve Friezen dy't t s Frysln wei de oare Fryslannen bereizgen. It is neat wurden. En sa haw ik mysels noch wolris tefiter hn.
Mar oer it generaal is de skriuwerij nofliker wurden, hy jout my mear plesier as foarhinne. Der hat noait in boek west dat ik mei sa'n soad nocht skreaun haw as Sinleas geweld. Ik ha tsien moanne rn te nokkerjen om myn eigen flauwichheden. Dineke sei dan soms: Dat wurdt grif in moai boek! Dit is fansels ek in opset dy’t my tige leit, it hat in nijsgjirrige konstruksje en it is satyrysk, soks is gefundenes Fressen. Doe’t ik yn 'e maityd fan 2000 treende foar de Slachte en by de seedyk yn de Bjirmen lns rn, rp in man fan boppen del: ‘Moai boek!’ No sjuch, dan binne der dus al twa dy’t der wille oan belibje.
Nei de klap
joech skriuwplesier fan in heel oar soarte. Ik fn it ferhaal fan dy jonge sa wichtich en ek sa nijsgjirrich, dat ik it graach foar him opskriuwe woe, ja, eins wie ik tankber dat ik it opskriuwe mocht. Dat is hast in religieuze wize fan sizzen, mar ik kin nei eigen bste witten net oars as ferklearje dat ik dat ferhaal net optocht ha, mar dat it him t eigen krft yn myn geast iepenbiere hat. Ik hoegde it allinnich mar te formulearjen en op te tikjen en it geheel in gaadlike komposysje te jaan. Hoewol’t Ake my folle sympatiker is as de haadpersoan fan De skjintme vurt ferbwlgwdde, binne beide boeken my eins like frjemd, ik snap net wr’t de oandriuw wei kaam om se te skriuwen. It rare is, as ik goede resinsjes krij fan Nei de klap, dan bin ik dr tsoarte wiis mei, mar foarsafier’t my dan lof taswaaid wurdt, komt my dat oan as nfertsjinne eare. Ik ha dat boek net skreaun, ik ha ’t allinnich mar optikke.
No’t dy skriuwtwang fuort is, kin ik ek ris nee sizze tsjin in ferhaal. Nei de oarloch yn Kosovo krige ik it yn ’e kop om in ferhaal te skriuwen oer in Joegoslavyske soldatefrou dy’t har ffrege oft har man mei itselde apparaat dr’t er har mei neukte ek jonge Kosovaarske famkes ferkrfte hie. Dat minske waard dus kompleet gek en de hshlding foel tinoar en sa fierder. Ik ha de hele opset oan Flippus Breuker meideeld, want dy is tige nijsgjirrich nei de genese fan in wurk. Op faknsje yn Denemarken haw ik de boel nochris trochtocht. Dit waard fansels in psychologyske roman, en dr hld ik net fan. Boppedat ynteressearre dat wiif my net, dat fn ik in ferfelende seurkont. Ik ha besletten, ik doch it net, se siket mar in oare skriuwer.