Skriuwerslibben

 

k hie yn ’t fjirde jier fan ’e kweek te Dokkum twa opsjes: ik koe my as skoalmaster fierder ntwikkelje yn it fak handenarbeid of yn ’e wiskunde en yn ien fan dy fakken learer wurde. Foar handenarbeid fn ik mysels dochs net kreatyf gench, ik kin wol wat meitsje, mar ik ha gjin ideen. Ik wie tige goed yn wiskunde oant de sines en de tanges derby kamen. Doe snapte ik der gjin barst mear fan. Dat waard dus beide neat.
Ik siet yn in tige Frysksinnige klas te Dokkum. Doe’t ien fan myn klasgenoaten, Jaap Dykstra, de Kristlik Fryske Jongerein oprjochte, as nderdeel fan it Kristlik Frysk Selskip, bin ik, mei noch mear t s klas, lid wurden. Dat wie dus Fryskbewege, boeksutelkampen hlde en sneinoeren te Oentsjerk. Machtich, men wie jong en men woe wat. Der wie in krantsje, De Gouden Tiid, en dr moasten stikjes yn skreaun wurde. Ik hie op ’e kweek ris in sinteklazegedicht skreaun mei de nstjerlike rigels

achter op de fiets zat in een kistje
zijn libido sexualisje

en drom ornearre Jaap dat ik ek wolris wat foar De Gouden Tiid skriuwe koe. Sa bin ik deryn rgele. Ik hie ynearsten de yllzje, lykas generaasjes foar my, dat men mei literatuer Frysln rde koe. Foar myn tritichste bin ik al fan dy yllzje genzen, mar dr leit wol de earste oantrn: wat foar Frysln dwaan. Ik haw dus de klassike wei bewannele lykas Ulbe van Houten en gns oaren: foar it Frysk wze, ris in stikje skriuwe yn it Frysk en dan de stap nei it skriuwerskip sette.
Myn earste oankeapen wienen Fersen foar Marida (Tjitte Piebenga), Lok op eachlingte (Durk van der Ploeg) en Ut ’e pas (Jelle de Jong), alle trije yn 1958 tjn. Yn 1959 haw ik my abonnearre op quatrebras en De Tsjerne. Ik fn mysels doe in autoriteit op it md fan de Fryske literatuer.

 

It begjin
Fabryk, 1964

n 1962 hie ik in Rely Jorritsmapriis wn en dat makke my sa (oer)moedich dat ik de stap nei it gruttere proaza sette doarst. Ik wit noch krekt hoe’t it gien is. Ik sei tsjin myn frou (myn earste frou, Antsje): Der ferskynt noait mear in goede Fryske roman, ik moat sels mar ien skriuwe. En doe bin ik op 'e stoepe fan s hs yn Loaijingea sitten gien mei in skrift en in folpin. It wie snein en moai waar, dy maitydsdei fan 1963. Sa is Fabryk der kommen. Der is letter wol ornearre dat soks ferskriklik eigenwiis wie, om net te sizzen: arrogant. En dat ik dat boek opdroech oan Wadman, betsjutte dat ik Wadman fan 'e troan stjitte woe en sels dat plak ynnimme. Neffens my is dat koal, ik bin heel spontaan, nayf-spontaan oan Fabryk begn te skriuwen en ik haw it Wadman opdroegen om’t ik wurdearring foar de man syn boeken hie en om’t ik ferwachte dat Wadman dy opdracht as in earbewiis sjen soe. Dat wie net sa, mar dat seit neat oer myn yntinsjes.
Foar Fabryk haw ik yn 1967 de Gysbert-Japicxpriis krigen. It is dus grif wurdearre as in goed boek. Ik kin der sels net objektyf oer oardele, wat foar my op ’e foargrn stiet, is dat it skriuwen fan dit boek op en doer in benearjend avontoer waard.

FABRYK, IN BENEARJEND AVONTOER

 

In misslach
By de hannen om't ôf, 1965

oe't Fabryk ferskynde, wie myn twadde boek, By de hannen om’t f, klear of sa goed as. Ik haw jierren lyn ris in frommeske moete dat sei dat se dat in moai boek fn. Alle oare lzers hawwe sa hoflik west om te ferjitten dat ik dat boek ea skreaun haw. Wrom haw ik it skreaun? Jildingsdrang foar in part, ik woe Frysk skriuwer wurde. Mar ik tink dat der ek wat oars by kaam, nammentlik de eangst dat as ik no net trochsette, dan soe myn skriuwersboarne opdroegje. In skriuwer moat skriuwe, oars ferdwynt de ynspiraasje, hy moat konstant oan dat tou lke. Dat is net wier, mar ik tink dat ik sa tocht ha.

 

Skriuwe as in gek en samar tskreaun

k haw as in healwizeling oan it skriuwen west, dr yn Loaijingea en fan 1966 f yn Gau. De ntfangst fan Fabryk hie troch de resinsinten aardich posityf west en By de hannen om’t f waard skaplik behandele. Ik mocht net kleie oer sa’n start. Mei wat Rely Jorritsma-prizen derby hie ik fuortendaliks de wyn aardich ’e seilen. Ik hie talint, sa’t dat doe noch neamd waard, en dat moast fersilvere wurde. Ferhalen, romans, twa detektives en rigen fersen, fanalles wie ik mei dwaande. Der wankte noch mear skses. Utjouwer Van Ditmar te Amsterdam, op siik nei skriuwers foar in wer op te bouwen fns, besleat om Fabryk en drnei Minskrotten-Rotminsken t te jaan. Ik krige fan beide boeken nijsgjirrige en gauris positive resinsjes. Finansjeel wie it gjin boppeslach.
Ik hie yn 1964 myn M-A Frysk helle en ik hie graach daliks trochgean wollen mei M-B, mar der wienen net gench studinten te finen. Ik ha my doe ynskriuwe litten as studint M-A Nederlnsk, mar eigentlik ynteressearre dy stdzje my net. No, ik bin wol trou nei Ljouwert reizge, mar myn frije tiid stiek ik allegearre yn ’e skriuwerij. Ik ha gjin eksamen dien.
Ik hie fan 1964 oant 1968 alle jierren in (Fryske) publikaasje en yn 1967 sels twa. Mar doe wie de feart der wat t. Mei ferhalen en fersen rn it wol troch mar mei de romans heakke it. Ik tink dat ik fierstefolle fan mysels frege hie de foarbye jierren. Yn alle gefallen, it woe net mear.

FERHALEN
ROMANS OANT 1968

DETEKTIVES

FERSEN

Sjuch ek: OMBALLINGEN, Hollnske suksessen en debakels

 

Writersbloc

Jest yn ’e Ardinnen, 1974

Myksomatoze, 1974

an 1970 f wennen wy, en al rillegau ik, yn Frjentsjer. Ik stie by Josse de Haan oan skoalle yn Hjelbeam. Dat duorre ek mar in jier nammers, want doe gyng Josse nei Skagen.
Yn 1970 wienen der gench minsken byinoar te krijen om in kursus Frysk M-B te starten. Fansels joech ik my op. Dy stdzje haw ik tige serieus opfette, ik studearre twintich oeren yn ’e wike. Dochs hold ik noch gench tiid oer om te skriuwen, it skoalmasterskip wie doe noch in luzebaantsje, healwei fjouweren klear en oars gjin ekstra drokten as de lderjn. Earst letter kamen der allerhande fernijingsgroepkes dr’t men oan meidwaan moast. Ik ha nammers yn dy tiid twaris in healjier betelle literr ferlof hn om te skriuwen.
Wol tiid, ek wol nocht, mar gjin rst. Myn houlik wie op ’e klippen rn en ik wie poernwennich fan ’e drokte fan in hshlding. Inkeld de twa ferhalebondels en de beide fersebondels t dy tiid hawwe in ridlike kwaliteit.

Mei de romans kin ik gjin nivo helje. Jest yn ’e Ardinnen en Myksomatoze, beide yn 1974 publisearre, binne mislearringen. Ik wie tefolle mei mysels dwaande om niget opbringe te kinnen oan fiktive figueren. It wienen dus myn eigen problemen dy’t dy stakkerts te dragen krigen en ik koe dr tsoarte net objektyf en fstandelik oer skriuwe. As in skriuwer net skriuwe kin, moat er it net dwaan. In writersblock is ferfelend foar de skriuwer, mar de slimste slachtoffers binne de beammen en de lzers, dat is hjir ek it gefal. Ik hie dy manuskripten in jier lizze litte moatten en dan fuortbruie. It stomme is ek dat ik hjir wer op ’e psychologyske toer gien bin. Dat leit my net, dr haw ik gjin aardichheid oan. De psychiater dr’t ik in skoft by nder it mes west ha, foel dat ek op. Ik wie ngaadlik foar de psycho-analyze sei er, want ik hie gjin ynteresse yn myn psychysk funksjonearjen. Dat is ek sa, dat kin my neat skele. En oarmans psyche kin my ek neat skele. De psychology as teory kin ik ek neat mei, dy bynt it libben tefolle yn skemas fan mooglikheden en wierskynlikheden. Dus, gewoan stom dat ik dy boeken skreaun ha.

 

Oare ynteressen

De skjintme wurdt ferbwólgwódde, 1981

e stdzje M-B, dr’t ik yn 1970 oan begn wie, woe ik ris fmeitsje. Yn de jierren dat ik betelle literr ferlof hie folge ik de kursus ek net. De trije jier dy’t foar de oplieding stienen, waarden by my seis. Doe haw ik my marris op it Goatysk en it Aldfrysk smiten en myn artikels oer it koarte ferhaal bondele ta in skripsje.
Yn 1976, daliks nei myn
M-B-eksamen liet ik my te Amsterdam ynskriuwe foar doktoraal-Frysk en doe kaam it skriuwen helendal op it twadde plan. It iennige wat ik yn dy tiid produsearre hauw is De skjintme vurt ferbwlgwdde. In nijsgjirrich boek om’t ik in haadpersoan keazen haw dy’t ik t noch yn net lije mei en dy’t ik dochs safolle mooglik syn gerak jn haw. As terapy is it goed om sa’n boek te skriuwen. In skriuwer moat net mei syn persoanen ompopkje, mar ek net ferhddkje, hy moat se sa goed mooglik beskriuwe snder te oardelen.
It boek is opset as fiif opinoar oanslutende minofmear losse ferhalen. Dat haw ik dien om’t ik der net konstant oan skriuwe koe, it boek is skreaun yn fiif faknsjes. Ik hold neist de stdzje gjin tiid oer. De beide skripsjes dy’t ik meitsje moast, benammen de taalkundige, slokten al myn kreativiteit nammers op.

 

Wittenskip

ei De skjintme wie it dien. Gjin writersblock, alteast gjin psychyske behinderingen, oarsom, ik wie aardich by de wl opklaud. Ik troude op ’e nij, krige bern, learde autoriden. Ik waard yn 1979 wittenskiplik amtner - in fak dat neffens it arbeidsburo te Harns helendal net bestiet - oan ’e VU mei as taak in promoasjendersyk te dwaan nei it proaza fan likernch 1850 oant 1950. Ik haw dat ndersyk mei grutte nocht dien. Wittenskip is net toar en droech, hoecht dat alteast net te wzen. De earste stelling by myn proefskrift is: ‘Wetenschappelijke arbeid is zeker niet minder creatief dan het zogenaamd literair-scheppend bezig zijn.’ Dat mien ik oprjocht, wittenskip is like nijsgjirrich as resjersjewurk en in wittenskiplike tekst moat lze as in detektive. Ik wit wol, ik hie ek in pracht fan in opdracht: dr lizze in heap boeken en boekjes en skep dr no ris oarder yn. No, dat haw ik dien, de boargerlik-triviale literatuer fan ’e 19e ieu, en de boereroman fan de 20e ieu, dat is myn kreaasje. De wittenskip ynteressearre my tige en frege ek noch al wat fan myn skeppingsdriuw. Wol wie der soms nwennichheid nei it skriuwerskip. Yn ’e faknsjes yn Frankryk haw ik nochris dwaande west mei in satyrysk ferhaal oer ‘Gulliver yn it ln fan ’e Deetbrinken’ en mei in roman dy’t as titel hawwe soe De ms yn ’e yoghurt, mar ien en oar is neat wurden. Miskien hie ik noait wer skreaun as Steven de Jong net kommen wie mei De Wuttelhaven del.

NEI DE BWARRE
LITERATUER EN LITERATUERWITTENSKIP