Nei de Bwarre

 

De Reade Bwarre, 1992

 

ie Steven de Jong net kommen mei syn De Wuttelhaven del, dan wie De Reade Bwarre net fkommen en faaks hie ik wol nea wer skreaun. Ik hie it idee dat ik tskreaun wie. Ik hie tsien jier lang gjin skeppend proaza skreaun. Btendat naam ik oan, dat myn kreatyf fermogen behoarlik fnommen wie. In soad skriuwers hawwe nei har fjirtichste neat nijs mear te fertellen en se swije of se werhelje harsels, en ik wie fyftich. Mar ik fn De Wuttelhaven prachtich en ik krige in skriklike oanstriid om myn Reade Bwarre, dy’t miskien foar in fjirde of fyfte part klear wie, f te meitsjen. It hie my dochs altiten al yn ’e wei west dat ik yn dat boek hingjen bleaun wie.
Dat ik haw de lde kwartofellen mei de tekst opsocht en op diskette set wat brkber wie. Dat wie it measte, tsein dat tweakke ferhaal oer Grimbald. Doe’t ik der wat ta wend wie om op it skerm te formulearjen, haw ik de nije tekst ek daliks op ’e kompjter makke. Ik ha der in pear jier lang eigentlik alle wykeinen oan wurke. Alle wiken woe ik in blokje tekst f ha.
It slagge my om de toan fan goed twintich jier lyn werom te finen. Dat ferbaasde my net, by elk boek is it earste haadstik toansettend en dr kinne jo t wei arbeidzje. Mar it wie wol ferrassend dat ik ek noch ta nije dingen kaam, dy’t yn 1967 net foarsjoen of taret wienen, stikken as de reis fan lytse Tilly mei syn lden de Fgelsang om en it satyrysk ferslach fan de gearkomst fan in stikmannich bewegers te Jorwert. Myn kreatyf fermogen wie dus grif net ferdwn.
Al frij gau nei’t ik start wie mei skriuwen, haw ik in skema tset fan de te skriuwen teksparten. De boereromanstikken en de Tilly-stikken woe dat it bste mei. Bwarristestikken koe ik net maklik stof foar fine, dat der bleauwen ferskillende stikken leech yn it skema. Soms is de ynfolling letter dochs goed slagge, soms minder.
Ik seach it skriuwen fan De Bwarre net as in nije start, it wie fmeitsjen fan ld wurk en it hearde eigentlik ths yn myn earste skriuwperioade. Dat ik lykwols noch skriuwe koe, joech al hoop op in ferfolch.

SKRIUWE NEI DE BWARRE

 

Op ’e nij: literatuer

 

ony Feitsma frege har yn har promoasjepraatsje f wat ik hjirnei dwaan soe, miskien wol wer in roman skriuwe. Drmei claimde se my net foar de wittenskip, mar joech my de frijheid. Dat haw ik wol op priis steld. Ik hie sels net ferwachte dat ik my wer mei hert en siel op ’e literatuer stoarte woe, mar it is al bard. Wat ik nijsgjirrich fn, de narratology en de literatuersosjology, dat binne ldere tken fan wittenskip dr’t net folle of gjin nijs mear by kaam. De resepsjeteory en de yntertekstualiteit dr’t de tydskriften fol mei stienen, ynteressearren my amper. Myn tiid wie foarby. Dy mannen fan ’e literatuersosjology, dat wienen faak loftse mannen, mei in tsprutsen (politike) miening oer literatuer. De resepsjeteoretisy besochten har safolle mooglik objektyf op te stellen. Dat wol ik krekt net, ik bin partij en kies partij. Liesbeth Brouwer hat fan myn dissertaasje sein dat dy mear literatuerkritysk as literatuerwittenskiplik wie. Dat sil wol as in oanmerking bedoeld wze, mar ik wie op ’t skik mei dat oardeel. Literatuerwittenskip is by my in nderdeel fan ’e literatuerkrityk. Ik leau net yn weardefrije wittenskip, ik leau dat ik bedondere wurdt as ien seit dat er objektyf is.
It opdken fan ’e stdzjerjochting-Frysk oan ’e
VU te Amsterdam hat oan myn aardichheid oan wittenskip fansels net posityf bydroegen. Doe’t ik ek oan ’e NHL ntslach krige as dosint Frysk wienen de rapen gear. Ik bin weromkeard nei it kamp fan 'e literatuer, dr fiel ik my op ’en bsten ths. Skriuwers bin rare minsken, mar altiten noch te ferkiezen boppe dy streberige doktorandy dy’t de universiteit nfeilich meitsje. En wat my slim sear dien hat, de kollega’s op beide ynstituten betsjgen yn ’e mensa of by it kopiearapparaat har sympaty, mar as it op it nimmen fan besunigingsmaatregels oankaam, dan wie de lytse stdzjerjochting altyd de pineut. Skriuwers meie inoar t en troch de hd fol skelle, se binne as it der op oan komt, folle solidrder mei inoar. Dat, ik rekkenje, it bliuwt fan no oan fierder de literatuer.

 

Tuskenbeurtsjes

Bretagne libre! 1998
Toate-los, 1998

 

n 1997 waard ik frege om it boekewikegeskink foar it kommende jier te skriuwen. Ik ha doe in ld plan tfierd, it skriuwen fan in faknsjeferhaal dat yn Frankryk spile. Wy hienen dr al safolle jierren trochbrocht, ornaris yn Bretagne of op it sintraal plato.
Ik haw it skreaun yn Frankryk, oerdeis as soan en hn my net noadich hienen. It is in ienfldich ferhaal wurden, dit Bretagne libre! Guodden hawwe my dr op oansprutsen, se hienen ‘literatuer’ ferwachte. Mar ik haw noait beswier hn tsjin lichte of ferdivedearjende literatuer.
Yn dyselde snuorje fn ik de foarm foar in ek al lder idee, it skriuwen fan in ferhaal yn in simpele taal lykas it pidgin. Mei de ferfrjemdingsteory fan de Formalisten as formeel ramt sette ik tein. Dat waard Toate-los. It wie dreech skriuwen, folle dreger as Bretagne libre! Ik ha net de yndruk dat it boekje drok lzen is. Spitich, want it is in nijsgjirrich eksperimint.

 

Nei de klap, 1999

 

teven de Jong en Reinder van der Leest hienen op myn fersyk elk in haadstik lzen fan it reisferhaal dat yn de trije Fryslannen spile. It soe bestean t tolve haadstikken en wol oardel kear sa grou wurde as De Reade Bwarre. Mar de mannen oardeelden negatyf oer wat ik har foarlein hie. Dat ferwndere my net, mar men hopet altyd. En ik hie der in duvels soad tiid yn set.
Hawar, alles is net weigien. Der sieten in heel soad ferhalen yn it manuskript en de meast folksaardige drfan binne letter bondele en tjn nder de titel Salang’t de beam bloeit.
It sil yn ’e hjerst fan 1997 west ha dat t de teloarstelling om dit mislearre avontoer ynienen wat nijs opdoek: Ake, it jonkje t Drachten dat nei in skriklike ramp troch Frankryk swalke. Alteast, dat is myn ferklearring - dy’t fansels net wier hoecht te wzen -: it reisferhaal fan fleurige Fryskbewegers makke plak foar de oerlibbingstocht fan in steal bern yn in treasteleaze wrld.
Ik bin daliks oan it ferhaal begn te skriuwen en fjouwer moanne letter wie it f. Ik ha der, nei’t ik in stik of trije haadstikken f hie, wol wat mei omdoktere. Ik hie elk haadstik opset as heal notiid en heal flashback, mar om’t ik de flashbacks net yn kronologyske folchoarder ha woe, wie ik bang dat ik flaters meitsje soe. Ik moast gjin dingen beskriuwe dy’t kronologysk sjoen net kloppen. Doe haw ik de foarskiednis dochs mar fan begjin oant ein skreaun en drnei de notiid. Dy stikjes foarskiednis binne doe sa ynpast dat der tematyske besibbens tusken notiid en doetiid wie. Alteast, dat haw ik besocht.
It boek is der by it publyk wol ynfallen. En dat docht my fansels deugd. Ik tink dat it ien fan myn bste boeken is. Mar it is net in typysk Riemersma-boek: elkenien hie dit skriuwe kinnen.

 

Sinleas geweld, 2000

 

k hie nei it skriuwen fan Nei de klap in skoftsje frij nimme wollen. Mar dat waard my net gund. Ynienen skeat t ’e diskusje om it ‘sinleaze geweld’ hinne in gaadlik romankonsept te foarskyn. Ik hie de diskusje oer it ‘sinleaze geweld’ tige folge, lykas ek de Dutroux-saak yn Belgi. De term ‘sinleas geweld’ yrritearre my skriklik, want it gyng krekt om sinfol geweld, grif yn de saak fan Meindert Tjoelker. Tjoelker hie in grutte bek tsjin in pear manlju en dy manlju soargen derfoar dat er syn grutte bek hold. Soks mei men fkarre, men kin it net sinleas neame. De heit fan ien fan dy fermoarde bern yn Belgi yrritearre my ek. De man organisearre fan alles, wie allegeduerigen yn it nijs en makke him ta moter fan in politike fernijing. Dat helle ommers allegearre neat t, al dy drokte. Hy moast him der by del lizze dat er syn dochter kwyt wie en noait wer werom krige. Der wienen mear dingen, lykas it nechte gedweil om yngripende sykten hinne dr’t ‘men in oar minske fan wurdt’ of wrtroch’t men ‘tenei heel oars tsjin it libben oansjocht’. Hld doch op! Meitsje dy sykte net sa wichtich!
No soks, losse dingen dr’t net folle relaasje tusken bestie. Doe krige ik in fskrift fan in ynstjoerd stik dat Bauke de Jong nei de Ljouwerter Krante stjoerd hie en dat troch de redaksje slim bekoarte wie. Ynienen wist ik dat ik dy roman skriuwe woe en skriuwe koe. Hoe’t soks dan krekt yn syn wurken giet, wit ik net. Jo Smit hat wolris it byld brkt fan in triedsje dat men yn in sde skeroplossing hinget en dr’t dan in klntsje omhinne gearsjit. Ik wol ek noch in oar byld brke: tusken de ferskillende losse stikken - ‘tekstmooglikheden’, ‘items’, ‘argewaasjeblokken’ - tekenet him ynienen in patroan f dat dy losse stikken yn in sinfol ferbn set. Of dat yn alle gefallen de mooglikheid biedt om dy losse stikken sa te posysjonearjen dat se opinoar belutsen wurde. It alderwichtichste is dan de wissichheid: ik kin hjir wat mei, ik kin dit oan, dit sil my slagje. En wr’t dy wissichheid dan weikomt, dat wit ik abslt net. It is gjin skriuwrtine, want ik hie dit gefoel by Fabryk ek al. Nammers, skriuwrtine helpt jo as skriuwer inkeld by de lytste details.
Hawar, ik bin der oan begn. Ik ha in lang stik skreaun oer it ldwiif dat mei de bus nei har dochter ta sil, in farjaasje op it folksferhaaltype ‘the corps killed five times’. Ek in stik oer kankerpasjinten. Noch allegear los sn, ik moast in konstruksje betinke dy’t it patroan dat ik foar my seach ta realiteit makke. Ik hie eigentlik wol in boek skriuwe wollen lykas Minskrotten-Rotminsken, mar dat doarst ik net wer oan. Dat hat sa’n faai en riskant aventoer west, dat woe ik net nochris belibje. Ik tink dat men as ldere skriuwer wat minder risiko’s nimt en mear op safe spilet. Yn alle gefallen, ik ha der earst prakkesearre om de roman op te setten as in tal kranten t in beskaat tiidrek. It beswier wie dat in krante sa’n alderbenaudst soad ynformaasje befettet dy’t noait op ien neamer te bringen is. Drwei bin ik kommen op it idee fan in tal jnen tillefyzje-tstjoeringen. De tillefyzje biedt alle jnen in beheind tal programma’s dat in ridlik fste formule sjen lit. Doe wie it fierder in kwestje fan ynfoljen.
Ik ha dit boek mei in skrikliken soad nocht skreaun. Myn argewaasje, myn spotsucht koe ik royaal bod jaan. Oer de titel haw ik noch in heel skoft stind, ik hie in spegelbyld-titel ha wollen lykas Minskrotten-Rotminsken. Sokssawat as ‘sinleas geweld - geweldige sinleasheid’, mar ik koe neat gaadliks betinke. En sa is it dan dochs heel ienfldich Sinleas geweld wurden. It is grif net ien fan myn bste boeken, mar dat is myn probleem net.

 

Tinzen oer it libben en oer de dea, 2001

 

p in middei begjin maaie 2000 soe s Jelle ferspe - hy hiet Jelke, mar Jelle wie syn ropnamme. Hoe’t dat om en ta gie, hat er sels wiidweidich beskreaun. Ik hold my yn dy dagen yntinsyf mei de dea dwaande, want it wie ddlik dat it mei skoanmem in frinnende boel wie. Se woe net mear ite. In skoft earder hie se merke litten dat se ynsjoch yn har sitewaasje hie. ‘Ik ben een stumper,’ sei se. Wy woenen har pleagjenderwize op oare gedachten bringe, mar feitlik hie se fansels gelyk: iensidich ferlamme, net goed mear sjen, amper mear prate kinne. En al acht jier yn it ferpleechhs.
Dat it ien mei it oar, skoanmem stjerrende, Jelke dy’t him fan it iene stuit op it oare oerjout oan ’e dea, doe is dat boekje dert rgele. Ik haw it dyselde maaiemoanne skreaun, in lyts monumint foar in bste hn.
Us nije labrador hat syn plak yn ’e efterkeamer yntusken ek fn. Ik leau net dat it in literre hn is lykas Jelle, mar ik fyn it gesellich dat er by my leit.

 

Folksferhalen
Salang't de beam bloeit,
2001

 

yn roman oer tolve minsken dy’t de Fryslannen bereizgje wie fkard. Dat wie gjin ferrassing. Ik wie der t in ferkearde motivaasje wei oan begn. Ik woe in boek skriuwe om de sinnen te fersetten, as posityf tsjinwicht tsjin de doffe ellinde op ’e NHL. Mar men moat net skriuwe om jinsels en t jinsels wei, men moat skriuwe omdat der in ferhaal is dat skreaun wurde wol.
Hawar, it ramt mocht net doge, der sieten wol moai wat ferhalen yn dy’t de muoite wurdich wienen. Echte folksferhalen lykas yn de Poortinga syn bondels, en ferhalen yn de folksaardige trant. De ferhalen t de twadde groep wie gns krityk op, dat dy haw ik foar it meastepart falle litten. Wat oerbleau wienen foar it grutste part ‘suvere’ folksferhalen: mearkes, sgen, leginden, domme-duvelteltsjes.
Sokke ferhalen skriuwe is alderaardichst wurk. Ik soe noch wol in fyftich skriuwe kinne, mar it hat net safolle doel, tinkt my. Ik ha bewiisd dat ik it kin.

 

Healwize oanslaggen, 2003

 

y hienen de premjre bywenne fan Pieter Verhoeff syn film Nynke en wy krigen in folder trikt mei ynformaasje oer printe senario’s. Ik kocht it dieltsje oer Nynke. It ferraste my hoe simpel sa’n senario dert sjocht, it is eins krekt in toanielstik, allinnich mei wat mear en wat krektere rezjy-oanwizingen.
Mei de earste Fryske literatuerdei yn Felix Meritus troffen wy Pieter en ik sei him dat ik my deroer ferwndere hie dat in senario yn prinsipe sa simpel is: as men in roman skriuwe kin, dan ek wol in senario foar in film.

Yn de winter fan 2001-2002 bin ik mei it senario begn. Fan maart oant desimber 2002 haw ik alle moannen in nij stik op myn thsside - doe noch nderbrocht by it FLMD - publisearre. Ik woe in senario foar in rampefilm meitsje. Ik liet my ynspirearje troch de antraks-brieven yn Amearika, mar tsoarte spile de oanslach op de twillingtuorren yn New York op ’e eftergrn mei.
Ik woe klam lizze op de terroristyske oanslach as technyske prestaasje, de ideologyske eftergrnen ynteressearren my net. Oan de oanslach op de twillingtuorren is te sjen dat de motivaasje fan de tfierders wichtich is - fansels, se moatte ree wze om har libben te offerjen - mar dat it benammen oankomt op de fakmjittige tfiering fan it plan. By de top fan de terroristyske organisaasje is motivaasje noch minder wichtich, dy sjitte it hachje der ornaris net by yn. Wat de top noadich hat is technyske know-how en oertsjgingskrft tsjinoer de tfierders.
Troch de ideology derbten te litten, wie ik ek frijsteld fan nwierskynlike trks, dr’t ik by de film en it toaniel sa’n hekel oan haw. Hoe hie ik ddlik meitsje moatten dat de terroristelieder Janvier troch syn leauwe of oertsjging dreaun waard? Him in monolooch hlde litte, him ldop tinke litte? Skriklik keunstmjittich en nwierskynlik. Him in tiensetting dwaan litte tsjin syn neiste meiwurkers? Mar dy witte it allegear al, mei men oannimme. It reflektearjen op eftergrn en motivaasje hie natuerlikerwize syn gerak krije kinnen by de tsjinpartij, de geheime tsjinst fan Frankryk. Mar dy minsken komme dr eigentlik net oan ta omdat se gjin greep krije kinne op de terroristyske aksje. It liket, seit har baas, noch it meast op in practical joke. (En dat begryp hat laat ta de titel).

De earste seis stikken fan it senario lieten har frij maklik skriuwe. It giet dan noch oer yndividuen en lytse, as ienheid operearjende, groepkes. Mar doe’t fan ‘haadstik’ sn f de aksjes oer de hele westerske wrld begnen te spyljen, doe waard it skriuwen folle dreger. Ik fn it in toer om mei lytse snes dy’t hjir en dr yn (benammen) Jeropa spylje in dochs ridlik kompleet en koherint byld fan it geheel fan de terroristyske aksjes en de tsjinaksjes te jaan. Oft my dat op in akseptabele manier slagge is, wit ik net, de resinsinten hawwe der neat oer sein. Dy ynteressearje har grif inkeld foar de ynhldlike (morele, etyske) aspekten fan dit ferhaal. Foar de skriuwer komt it skriuwen fan in technysk goed ferhaal op it foarste plak.

 

Kollums
Op ’e nekke fan ’e wrld, 2004

 

n 1992 bin ik begn mei it skriuwen fan kollums foar Frysk en Frij. It tydskrift ferskynde earst as wykbld, letter waard it in moannebld. Ik haw lang net yn alle nmers in kollum publisearre, ik fn it dreech om hieltyd wer in stikje te betinken. Goasse Brouwer moast my dan ek alle kearen tsjin ’e deadline moanje: komt der noch wat fan dy?
By it ferdwinen fan Frysk en Frij ein 1997 bin ik frege foar Trotwaer. Ik haw dr twa jier lang kollumnist west. By Trotwaer hie ik yn prinsipe ien side ta myn beskikking en dat twong my ta beheining. Sa’n beheining wurket goed. Nei in konflikt bin ik opstapt by Trotwaer.
Ik wie troch de redaksje fan de Ljouwerter Krante al yn myn Fryske en Frij-tiid frege om kollumnist by de
LC te wurden. Dat woe ik doe net, ik woe Frysk en Frij net yn ’e steek litte. Yn ’e maityd fan 2002, it wie mien ik op ’e begraffenis fan Douwe Tamminga, bin ik op ’e nij frege en doe haw ik ja sein.
De kollum, yn earder tiden feuilleton neamd, is eigentlik gjin literatuer, mar falt ‘nder de parapl fan it literre’. It wie foarhinne net ienfldich om krityk te hawwen op tsjerke en steat.
Wa’t him dr skuldich oan makke, koe in swiere straf temjitte sjen. Ynearsten waarden sokke krityske stikken dan ek anonym, as pamflet, de wrld ynstjoerd. Boppedat klaaiden de pamflettisten har krityk faak yn as in ‘literr ferhaal’ dat net bewiisber op feitlike tastannen sloech. Dat mochten se al pakt wurde, dan koenen se besykje har hachje te rden mei it sizzen dat har ferhaal klearebarre fantasij wie.
Letter koenen sokke krityske stikken yn ’e krante opnommen wurde, mar ‘nder de streek’ of kursyf, yn alle gefallen sa, dat it de lzer ddlik wze koe: dit is gjin gewoane sjoernalistyk.
Net alle tsjintwurdige kollums hawwe dy literre ynslach bewarre. Guodden binne eigentlik gewoane politike kommentaren. Myn kollums litte noch wol wat ‘literrs’ sjen: de iensidichheid, de oerdriuwing, de mjuks fan feitlikheid en fantasy. Om dy reden rekkenje ik se ta myn literr wurk, yn ’e marzje, mar dochs.
Ut ’e produksje fan tsien jier yn Frysk en Frij en Trotwaer haw ik in kar dien en dy kollums bondele nder de titel Op ’e nekke fan ’e wrld.

 

De nije Sineeske muorre, 2004

 

einder van der Leest syn potyske grapkes sa'n 35 jier lyn, dr wie ik wiis mei. Dat wie pionierswurk. Syn rige romans oer Dynte en Nier sei my net folle, it wie my te koldereftich. Doe’t ik folle letter wat typografysk foarwurk die foar Reinder syn dbeldboek yn de twadde rige Fryske Klassiken kaam der mear wurdearring: it siet allegear dochs wol knap yninoar. Ik wie bliid foar Reinder - en foar de lzers - dat dizze publikaasje yn de rige Klassiken him ynspirearre ta it skriuwen fan it lste en fslutende diel fan ’e rige.
Mar de frin sinde my lang net! Moasten Dynte en Nier no samar yn it neat ferdwine? Gunde Van der Leest har net in rstige lde dei? Ik liet it yn my omgean om in nij lste diel te skriuwen, dr’t it bysndere pear wl in noflike lde dei yn krije soe. Tagelyk woe ik dan wat fertelle oer de foarskiednis. Dynte en Nier moasten dan net deasketten wurde, mar yn ’e ss brocht wurde mei in ferdvingsgewear en ntfierd troch terroristen of soksoarte figueren.
Fierder as dy plannen kaam it ynearsten net. Yn augustus 2003 hienen wy rinnende de Iselmar om sillen, mar it wie sa hyt, dat dat koe neat wurde. Wy besleaten om dan mar ths te bliuwen, wy hawwe in moaie tn en in koel hs, wat sil men dan bewege. Om my net dea te ferfelen en tagelyk wat nuttichs te dwaan, haw ik dat lde plan op ’e tafel helle. Op in sneintemiddei haw ik it earste part op papier set. Doe’t yn it begjin fan it ferhaal in pear bern t de omkriten fan Apelskea seinen dat der figueren yn wite overals yn de bosk omspaanden, wie de assosiaasje mei de Bylmerramp en nderstelling dat de Isralyske geheime tsjinst dr mei mank west hie, fansels gau lein: Nier en Dynte waarden ntfierd troch Isralys en ynset yn de striid tsjin de Palestinen. Doe rle dy plot der fierder samar t. It konflikt Palestina-Isral yntressearret my heftich en om tsjin de eftergrn fan dy tsichtleaze sitewaasje in kolderferhaal te skriuwen, dat wie gefundenes Fressen. Earnst en kolder byinoar bringe, dr hld ik fan.
Yn de achttjin dagen drnei haw ik it ferhaal tskreaun, middeis in pear oeren, soms jns noch in pear oeren. It gyng dat it slydjage. Ik haw myn bst dien om in ferhaal yn de geast fan Van der Leest te skriuwen, mar dat is my grif mar heal slagge: ik bin no ienris in oare skriuwer as Van der Leest. Myn polityk engaazjemint en myn maatskippijkrityske ynstelling brekt altiten wer troch in ferhaal hinne nei bten ta. Sokken as Reinder en as Hessel Miedema, dy’t in folle yndirektere en subtilere relaasje ta de maatskippij hawwe, bin ik drom wolris oergeunstich op. Mar ik bin dy’t ik bin, krekt as jhwh.

 

It feest, 2005

yn toanielskriuwerij stelt neat foar. Om 1970 hinne haw ik it toanielstik Elckerlijc ferfryske en modernisearre, neffens oanwizingen fan - as ik my net fersin - Tobias Piron, dy’t destiids ferbn wie oan it foarmingsintrum Vinea Domini yn Wytmarsum. As it my goed heucht, haw ik dat mei net al te folle plesier dien, benammen om’t ik troch it stik sels en troch de easken fan Piron eigentlik gjin kant t koe. In eksemplaar fan de tekst haw ik net bewarre. Op Tresoar sille se de tekst noch wol hawwe.
Pyt van der Zee hat myn koart ferhaal ‘De skriuwer foar it doarpsbelang’ yndertiid in toanielbewurking makke. Letter woe it Stuft der in offisjeel boekje fan meitsje en it auteursrjocht goed regelje en doe is my frege om de bewurking nei te sjen/oer te dwaan. Dat is ek bard.
Dat is myn iennich serieus toanielwurk. Yn ’e midden fan de jierren njoggentich haw ik my foar myn dosintskip tige ferdjippe yn de teory fan it toaniel. As reaksje drop haw ik doe in kluchtich toanielstik skreaun, Try-out, dat yn 1995 ferskynd is. Yn dat toanielstik haw ik de gek mei de regels fan it toaniel. Ik fyn toaniel nammentlik - fergelike mei it proaza - in stumperachtich sjnre. In ferfoch op dy gekoanstekkerij fynt men yn it toanielstik Lokearde ferkaasje (allinnich publisearre op dizze thsside). Ik hoopje ea noch ris in tred toanielstik te skriuwen en se dan trijeresom t te jaan.
De oersetting/bewurking fan Festen (skript fan Mogens Rukov, resy fan Thomas Vinterberg) haw ik makke op fersyk fan Ate de Jong. De toanielbewurking fan Bo Hansen fn ik net goed, om’t der tefolle weiwurden is. Bo Hansen hat ek de oanwenst fan in soad bewurkers om it orisineel te ‘ferbetterjen’, troch eigen grappen ta te heakjen en saken oan te setten en ekstremer te meitsjen. Ik bin sa trou mooglik oan de orisinele tekst bleaun en om de hele rykdom oan foarfallen wer te jaan, haw ik konstant videobylden taheakke dr’t in part fan it barren him op fspilet. Oft de toaniellju der wat mei kinne, fyn ik net sa relevant. In tekst is foar my in ding om te lzen, ek in toanieltekst.
Try-out en It feest binne beide, ferskynd as normale literre boeken by in normale tjouwer. Ik fyn dat toaniel, likemin as jongerein- en berneliteratuer, net yn in getto thsheart, mar as gewoan part fan de literatuer presintearre wurde moat.

(Sjoch ek: DISKUSJES: Werom nei lde tiden?)
(Sjoch foar de teory fan it toaniel: DRAMATOLOGY)

 

Op ’e barrikaden en der by del, 2005

 

e twadde helte fan de sechstiger jierren is yn de Frysk-literre wrld in tiid fan striid en reboelje. Dy striid giet foar in part om ‘nije’ versus ‘lde’ literatuer, foar in oar part om de macht dy’t in navenant lyts tal persoanen hat yn ’e kulturele en literre ynstituten. It giet ek om de fyzje op Frysln.
Der tekent him sa njonkelytsen in twadeling f, dr’t foar nuansearring gjin plak yn is. Ungelyk-soartige skelen wurde op ien h
eap fage. Polarisearring is likefolle doel as gefolch.
Ein 1968 nimt in ploechje jongeren de lieding fan it tydskrift De Tsjerne – dat mei yngong fan 1969 omdoopt wurdt ta Trotwaer – oer. It kin dan heve en dat docht it ek. De jiergongen 1969 en 1970 steane stiif fan de programmatyske en krityske opstellen.
Nuvergench is it nei 1970 ek like hurd wer dien. De reden drfoar is grif in algemeen gefoel fan mismoedigens. De jongeren hawwe in eigen tydskrift en se hawwe sont 1970 in eigen ‘Koperative Utjowerij’, dat se hingje net mear helendal fan ’e lderein f. Mar feitlik hawwe se allinnich wat rmte foar harsels beskreppe kinnen, de ynstituten steane as in hs en sterker as ea. Se krije no totaal net mear in poat oan ’e grn bten it eigen rntsje. De barrikaden wurde ferlitten, mar de rinfuorgen bliuwe desennia lang bewekke.
Ik haw mei op ’e barrikaden stien yn ’e literre striid. Ik doch yn dizze bondel in kar t myn krityske en polemyske stikken, foar it meastepart ferskynd yn De Tsjerne en Trotwaer.
It wie in neare tiid, de lette sechstiger en iere santiger jierren. Alles siet potticht en muorrefst. Oan de oare kant, wy hawwe de striid mei nocht striden en der binne libbenslange freonskippen ntstien. Dat, jawis, ek in moaie tiid.

(Sjoch ek: DISKUSJES: De grutste oppeteurs)

 

De fgel, 2006

 

n 2005 holden wy faknsje yn Itaalje. Wy sieten yn in skiterich doarpke, Libiano by Pomerance, op in heuveltop. Yn ’e faknsjes bin ik meast ier fan ’t bd f en de lste tongersdeitemoarns siet ik lykas ornaris mei in pot kofje op it balkon, mei tsjoch oer de delling.
Ynienen ferskynde dr dy meunsterfgel, syn flerkwiidte moast wol twa meter of mear wze. Ik waard der bang fan.
De freedtemoarns, selde plak, selde tiid, kaam it ynienen yn my op om oer dy fgel in ferhaal te skriuwen. Op ’e weromreis, de sneons en sneins, haw ik it ferhaal ttocht, of teminsten ik haw oan it sammeljen west mei foarfallen dy't oan dy fgel fstplakke woenen.
Ths haw ik it ferhaal tskreaun. Mei grut nocht
tsoarte, want ik skriuw ornaris mei grut nocht. Allinnich, ik bin sa fhinklik fan dy seldsume ynfallen.

 

Hoe binne de helten fallen, 2006

 

egjin 1965 publisearret Bauke de Jong syn essay oer E. B. Folkertsma, ien fan de autoriteiten yn de Fryske beweging. De titel fan it essay is: ‘Us bste tsjerkebledsje-essayist grif, of de doarpsidioat as essayist’. Drmei is de toan set.
De Jong hie him tige ynlzen yn it wurk fan Folkertsma, om’t er fan ferskillende kanten heard hie dat Folkertsma ien fan de ‘grutte tinkers’ fan Frysln wie. De Jong hat grif yn ıt earstoan it proaza fan Folkertsma mei in wolwollend omtinken lzen, mar syn hlding is rillegau omslein yn ferbjustering, fgriis, lilkens – wat Folkertsma foar en nei skreaun hie, wie foar ıt meastepart shit, in brij fan skriftuerlik kristendom, germaanske schwrmerei, Fryske grutheidswaan en net te fertarren konservatisme. De Jong beslt syn essay mei it oanheljen fan in pear faaie stikken fan Folkertsma oer ‘De jage joad’ (
1938-39).
It artikel slacht yn as in bom. Guodden ferdigenje Folkertsma, oaren wize op it nuodlike fan syn publikaasjes yn dy tiid. De kwestje liket him ta te spitsen op de fraach: Wie Folkertsma in antisemyt of net?
De Jong hat him dr yn alle gefallen net fan beskuldige. Dy giet net fierder as ‘antisemitysk ynfektearre Fariseer’ en hy wriuwt Folkertsma ‘briedstoel-antisemitisme’ oan.
Wat fan de reboelje oerbliuwt, is dat Folkertsma de foaroardielen tsjin de joaden werhelle op in stuit dat de Kristallnacht al west hie. Dat wie in stomme streek fan in man dy’t grif it kontakt mei de wrld kwytrekke wie.
As Bauke de Jong in jier letter de postume bondel Aarden Vaten fan Jan Piebenga fkreaket, kin er noait wer ta goeddwaan komme. De boadskipper is it lilke beest.

 

De kul oer it skouder, 2007

 

n 1953 begjint in ploechje jonge minsken mei it tjaan fan it literre tydskrift De Golle. It belibbet mar trije nmers, dan wurdt it nadere troch twa Amsterdamske studinten en fuortset nder de titel Quatrebras. It giet net allinnich om in nammeferoaring, redaksje en skriuwers neame harsels ‘eksperiminteel’. Dat is it begjin fan in tydrek fan misferstn, lekskoaierij en reboelje.

Wat ‘eksperiminteel’ is, wit gjin mins en de redaksje makket it ek net ddlik. Wat opfalt is dat de fersen soms ‘nuver’ printe wurde en dat de skriuwers net altyd like serieus dwaande binne. Se lykje gjin respekt te hawwen foar de lzer, noch foar de pozy.

Yn 1959 is it duveldei. Hessel Miedema publisearret in fers mei de rigel ‘drom lei er de kul oer it skouder en reizge floitsjend f’. Fedde Schurer driget op in literr symposion dy ferskriklike rigel foar te dragen en it Anjerfns wegeret Quatrebras subsydzje foar it tjaan fan de fersebondel Reade runen fan Ella Wassenaer.

Wurdearring is der likegoed ek, benammen by de besprekkers fan it Literair kwartier fan de RONO. Lju as Tiny Mulder en Anne Wadman werkenne dat ien as Hessel Miedema proaza en pozy fan hege kwaliteit leveret.

De Tsjerne, it oare literre bld, negearret Quatrebras meastepart. It bliuwt ornaris by wat sunich praat. Sadwaande hat dat tydskrift syn taak as begelieder fan de nije literatuer folslein fersleauke.

De echte bestriding fan Quatrebras kaam fan in heel oare kant, fan Jakob Noordmans fan de Leeuwarder Courant. Dy man hat suver in hetze fierd tsjin Quatrebras en syn skriuwers. It wrom drfan is altyd in riedsel bleaun.

 

De acht foar achten trein, 2009

uort nei 11 septimber 2001 fette ik it plan op om in roman oer in oanslach te skriuwen. It massale fertriet dêr yn Amearika, it nasjonale leed, en drby de fwzichheid fan nunse en wanklank, dat koe neffens my net wier wze. Foar in prosint of fiif, tsien moast de dea fan de partner in elegante oplossing wze foar in deablette en tsichtleaze relaasje. Oer sa'n gefal woe ik skriuwe. Mear konkreet: in frou dy’t in fersyk ta skieding yntsjinne hat, spilet nei de dea fan har man de drve widdo en beart dat se noait skiede wollen hat.
Mar skriuwen waard neat want ik hie gjin foarm dr’t ik myn ferhaal yn jitte koe. In rjocht en sljocht ferhaal dat fan dei ta dei en fan oere ta oere de ntjouwingen folge, like my ferfelend.
Jierren letter seach ik in plysjesearje mei in splitscreen-ferbylding fan parallelle aksjes. Soks soe men yn proaza ek wolris mei eksperimintearje kinne, like him ta. Mar ynearsten die ik neat mei dat idee.
Earst op 9 april 2008 foelen ynhld en foarm gear, in dei drnei haw ik in skema tset en wer in dei letter bin ik begn te skriuwen. De roman is skreaun yn tsien wiken, alle dagen twa oeren.
It meast nijsgjirrige wie, dat mei it foarderjen fan it boek de foarm de ynhld begn op te roppen.

 

 

MEN LEART IT NOAIT
ALTYD TPOEPT