Men leart it noait

 

 

t iennige wat wy fan ’e skiednis leare is dat wy der neat fan leare, wurdt soms spitich opmurken. Ik wit net oft it wier is. Ja, de konstatearring dat wy neat leare fan ’e skiednis is krekt, mar moat s dat muoie? ‘Het leven heeft mij goddank niets geleerd’, skriuwt Nescio, en dat klinkt my as in jubel yn ’e earen, dat fyn ik fitaal, dat is in utering fan minsklike gruttens en grutskens. It is ek myn ideaal om like stom t dit libben te skieden as ik deryn kommen bin. Sil it libben my wat leare? Ik sil it libben wat leare! De konsekwinsje drfan is dat jo deselde stommiteiten mear as ienkear thelje. Ik wist dat ik mysels net twinge moast ta skriuwen, want dan kaam der gjin goede tekst. Dochs haw ik yn ’e jierren ’95-’97 wer dwaande west mei in literre put wurk dr’t de echte literre motivearring foar ntbriek. Ik hie myn draai net op Noardlike Hegeskoalle. Lesjaan is moai wurk, in lesroaster meitsje, in tintamenroaster meitsje, modulen skriuwe, dat is ek allegearre moai wurk. Mar dat ferdomde management, dat erflik gesoademiter fan jins bazen en boppebazen. Ik ha wittefaak sliepeleaze nachten hn, dan om healwei fjouweren hinne der wer f en oan ’e jenever. De oare moarns in seare kop. Ik tocht, ik moat wat flieding ha foar myn tinzen, ik moat wat moais dwaan, ik moat in boek skriuwe. Ik fn dit t: yn it ramt fan it jier 2000 soenen tolve Friezen, manlju en froulju, rinnende de trije Fryslannen bereizgje en petearje oer de takomst fan Frysln. Alle jnen soe ien fan harren, of ien fan bten de groep, in folksaardich ferhaal fertelle. De reis soe tolve wiken duorje en oan elke wike soe ik in haadstik besteegje. Ik ha de hele hinnereis tstippele en alle kempings besocht dr’t myn folk oernachtsje soe. Yn 1997 haw ik twaris mei de kampearauto nei Dtsln west, Fehr helendal befytst en besjoen, hele Sl befytst en besjoen en alle nijsgjirrichheden fstlein mei it fototastel en de diktafoan. Hjerst 1997 hie ik trije haadstikken f en ik wie net tefreden. Ik haw dy trije haadstikken foarlein oan lzers fan ’e KU en dy seinen wat ik ek al tocht hie. Dit wie neat mei neat. De losse ferhalen koenen der wol op troch, mar it ramt wie flut. In part fan ’e ynlieding hat yn it desimbernmer fan Trotwaer 1999 stien, de folksaardige ferhalen binne yn 2000 by de KU ferskynd. De rest is delete (fan it tiidwurd 'deleetsje'). As it libben noch wat jierren foar my yn petto hat, sil dit de lste stommiteit grif net west ha.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY