Lokearde ferkaasje

 

 

Lokearde ferkaasje

In postmoderne ienakter yn seis bedriuwen

Spylders:
Frou
1 (Klas)
Frou 2 (Wytske)
Frou 3 (Hike)
Man 1
Man 2 (Harm)
Regisseur
Kastlein
Alde man yn ’e kroech
Ynterviewer
Skriuwer
Kameraman
Ldman

Earste bedriuw

It toaniel stelt in tn foar. Der steane in tnbank en tnstuollen om in tafel. Op ’e eftergrn de gevel fan in hs mei ruten en in doar. Potten mei blommen op ’e grn. Twa froulju en twa manlju sitte op ’e bank en de stuollen.
MAN I
... en doe sei er, doe sei er: de poatsjes komme altyd earst! Ha, ha, ha.
De oare trije persoanen moatte tige laitsje, slagge har mei de hn op ’e knibbel, smite de holle efteroer.
FROU 3
Se komt troch de doar mei in bld mei kofjekopkes, skerpot en molkkantsje. Wr ha jim sa’n wille om? Se set it bld op ’e tafel.
MAN 2
Hy sei, hy sei: de poatsjes... Hy smoart yn it gnizen en kin gjin wurd mear tbringe.
FROU I
Follet oan: De poatsjes... komme... komme... Lde tgjalp fan laitsjen.
FROU 2
Altyd earst. Ha-ha-ha. Altyd earst. Begrypst wol? Dy komme altyd earst.
FROU 3
Kld: Soa, no hjir is kofje.
Sels mar even sker en molke yn dwaan.
MAN 2
Hy kin it laitsjen bedimje. Minsken, minsken, hoe krije se it foarinoar. De poatsjes...
MAN I
Ja! Ja! Hy skodhollet. Se kinne it ml betinke.
Se nimme allegear in bakje kofje en dogge der molke en sker yn.
FROU 2
Lekkere kofje!
FROU I
Ja, echt lekker!
MAN 1
Wolris beroerder kofje hn. Ha-ha-ha.
MAN 2
Blinder, sjochris wat dr oan komt! Wy hlde it net droech minsken!
FROU 3
Soe it net...?
De earste grouwe drippen komme del en spatte op ’e tafel tinoar.
MAN 2
Nee, om ’e donder net. Yn ’e hs!
Se nimme allegear har kopke op en geane hastich de doar troch. Frou 3 nimt it bledsje mei. De doar giet ticht. Fle drippen slaan del op ’e tnmeubels. Dan wurdt de rein minder fl, mar tagelyk egaler, in tichte bui lkt foarby. Ut ’e keamer wei klinke t en troch lden, mar dy binne amper te ferstean, allinnich no en dan in lder stik.
net wat tafalle?
nder it kleedsje
nee wol?
ha-ha
bromfyts,
ik sei de earste kear
net rnkomme kin
nei Grins
ik ek net, ik ek net
pdsje patat
Joustra?
skuonpoetsersguod
h, welnee
nderbroek,
ha-ha-ha
Op
it toaniel ferskynt in man mei in parapl op en gele learzens oan.
REGISSEUR
Goeie, ik bin de regisseur fan dit stik. Sa’t jim wol sjogge, dit rint mis. It waar sit net mei. Wy woenen dit stik begjinne mei in btendoarsne, mar it liket der net op dat it daliks wer droech wurdt, dat ik stel t dat wy it barren ferpleatse nei de hskeamer. Wy dogge it gerdyn even ticht en ferbouwe it toaniel. Tankewol.
Gerdyn ticht. Lden fan stampende skuon, delsetten fan meubelstikken, stimmen: Hee, tink derom. Hjir net! Sasawat? No, hoe liket dat? Dit noch even... ja, sa!

Twadde bedriuw

It toaniel stelt in hskearner foar mei in bank en in pear maklike stuollen om in plat taffeltsje hinne. Op ’e eftergrn in tillefyzjetastel. Yn ’e keamer sitte fjouwer persoanen, frou 3 is fwzich.
FROU I
... benaud lyts bytsje holpen. Mar Gjet sei sels ek, men komt faak beroerder t it sikehs wei as men deryn gien is.
MAN I
Mar sa is ’t al! Nim myn sweager t Gytsjerk, dy hie in knobbeltsje...
FROU 3
Ropt t ’e keuken wei: Dochnearfelletknoffelje?
De fjouwer persoanen sjogge inoar ferbjustere oan.
FROU 2
Ropt. Wat seisto?
Der komt gjin antwurd.
MAN 2
Alet. Wat seisto dr, Hike?
FROU 3
Brult: Noch mear ferlet fan kofje?
MAN I EN 2, FROU I EN 2
Ja!
FROU 3
Ld: Wytske, kinst my even helpe?
Frou 2 giet nei de keuken ta.
MAN I
Ik sei: myn sweager t Gytsjerk, dy hie in lyts knobbeltsje...
MAN 2
Blinder, blinder! Der komt wol wat del!
FROU I
De see giet oer it ln, plichte s beppe te sizzen.
MAN 2
Wat seist dat moai, Klas: plichte te sizzen!
FROU I
Ja no?
MAN I
In lyts knobbeltsje, sei ’k...
Ut ’e keuken klinkt bolderjend laitsjen.
FROU 2
Ha-ha-ha! ... In toskeboarstel? Ha.
FROU 3
Ja bern, ja bern! Soesty... Smoart yn ’t gnizen.
De trije persoanen yn ’e keamer sitte stil en spand te harkjen nei de lden t ’e keuken. It is even stil, dan:
FROU
2
... en Sikke dan?...
FROU 3
... dokter...
FROU 2
... dokter? Ha-ha-ha.
It laitsjen wurdt heech en piipjend. Dan rocheljen en hoastjen. Frou 1 wipt fan ’e stoel f en rint de keuken yn.
FROU I
Wat... toskeboarstel?
Meast nfersteanber praat, t en troch in wurd dat nei te kommen is:
toskeboarstel...
Sikke nt...
dat wie, nee,
dy
jns let...
kinst begripe...
Man 1 en man 2 sjugge inoar oan, dan komme se tagelyk t 'e stoel en geane ek nei de keuken ta.
MAN I
... ha jim it oer?
FROU I
Frouljuspraat!
FROU 2
Hike fertelt... net te ferstean... toskeboarstel...
Bolderjend laitsjen fan de manlju, mei hege lden fan froulju der trochhinne.
MAN 2
... Sikke dan?
FROU I EN 3
Ja! Ja!
En wer laitsjen. It laitsjen bekomt en de stimmen binne net te ferstean.
FROU 3
Klear. Kofje.
Man 1 en man 2 komme de keamer yn om har kopke op te heljen en geane werom nei de keuken. Geskaai fan kopkes. De persoanen prate op normale toanhichte en it measte drfan is net te ferstean, tsein in inkeld wurd.
beantsjes
skeet dwars
knobbeltsje
Dokkum?
spotgoedkeap
dat soe kinne
in grouwe euro
De regisseur komt de keamer yn. Hy klapt de parapl yn.
REGISSEUR
Unnoazel gnyskjend: Dy ha ’k hjir net noadich. No, it is in boel. Ik tocht dat ’k no goed foarinoar hie, mar no binne se allegear nei de keuken gien. Der sit neat oars op, bste minsken, wy dogge it gerdyn ticht en passe it toaniel oan.
Gerdyn ticht. Lden fan stampende skuon, delsetten fan meubelstikken, stimmen: Hee, tink derom. Hjir net! Sasawat? No, hoe liket dat? Dit noch even... ja, sa!

Tredde bedriuw

It toaniel stelt in keuken foar. In oanrjocht mei potten en pannen, in ienfldige tafel mei houten stuollen der omhinne. Man 1 en frou 1 steane by it oanrjocht, de oaren sitte om ’e tafel.
FROU I
Foldogge dy stielen pannen dy, Hike?
FROU 3
Nee, mar ik ha se no ienkear.
MAN 2
En dan docht men se net wei.
FROU 3
Nee no?
MAN I
Nee, dat docht men net.
FROU I
Nee, ik tocht al...
FROU 2
Myn buorfrou hat ek sokke, en dy foldocht it skoan.
MAN 2
Ja, de iene seit de oare net.
FROU 2
It is even wennen, fansels.
MAN I
No, sjochris oan, dr ha wy it sintsje wer.
FROU I
Ja, de loft skjinnet helendal op.
FROU 3
Moat ik noch kofje by sette?
FROU I
Ik ha gench hn.
FROU 2
Ik ek.
MAN 2
Ik ha no leaver wat oars!
MAN I
Ik ek!
FROU I
Wy kinne noch wol even bten sitte! It wurdt noch wer prachtich waar!
MAN I
Welja.
FROU 3
Ik ha noch in fleske wyn, mar...
MAN 2
Ik rin wol even nei hs om in kratsje bier.
Hy giet oerein en rint fuort. Frou 1 set de kopkes op it oanrjocht. Frou 3 set wyn- en bierglzen op in bledsje en rint dert.
FROU 3
Tsjin frou 2: Nim dy ld handoek even mei. As de stuollen noch al wiet binne...
Elkenien giet dert. De fgels begjinne wer te tsjotterjen en t en troch is der in ld fan in auto. Fierder is it stil en dat duorret in heel skoft. De regisseur komt de keuken yn.
REGISSEUR
Hy spraat de earmen t en lkt de skouders op: Dit kin fansels sa net. Yn in toanielstik moatte de minsken allegear op itselde plak bliuwe. Dat is no ienkear toaniel. As elkenien witwrsanne hinnestoot, dan krijt men noait in goed toanielstik, dat is dochs ddlik. Mar hawar, der sit neat oars op, bste minsken, wy dogge it gerdyn ticht en passe it toaniel oan.
Gerdyn ticht. Lden fan stampende skuon, delsetten fan meubelstikken, stimmen: Hee, tink derom. Hjir net! Sasawat? No, hoe liket dat? Dit noch even... ja, sa!

Fjirde bedriuw

Itselde toaniel as yn it earste bedriuw. Frou 1 hellet de ld handoek oer de stuollen hinne. Frou 3 set in bld mei glzen op ’e tafel. Se giet de hs wer yn en komt mei in flesse wyn wer nei bten ta. Se giet sitten en stekt in sigaret oan. Frou 1 smyt de handoek op ’e tafel en giet ek sitten. Frou 3 krijt de handoek fan 'e tafel en smyt him neist de doar del. Frou 1 har mobyltsje giet. Se hellet it t 'e bs en harket.
FROU I
Nei de kroech? Harket. No, ek goed. Se klapt it mobyltsje yn. Tsjin frou 3: Se wolle nei de kroech.
FROU 3
Nei de kroech?
FROU I
Ja.
FROU 3
No, my ek bst.
Se pakt de flesse wyn en giet dermei de keamer yn. Frou 1 set har nei mei it bld mei glzen.
FROU 3
Har stim klinkt sft t 'e keamer wei. Briefke foar Harm.
Se komt even drnei mei in stik papier yn 'e hn nei bten ta. Se siket in pear stientsjes fan it hiem, leit it papier op ’e tafel en dr de stientsjes op. Sa. Se giet fuort en de doar wurdt op ’t slot draaid. In lang skoft is it toaniel leech. Dan komt fan de sydkant man 2 rinnende it toaniel mei in kratsje bier efter op 'e fyts. Hy set de fyts tsjin 'e muorre oan en set it kratsje bier neist de tafel del. Hy sjocht ta de ruten yn, hy fielt oan ’e doar. Dan sjocht er it papier op 'e tafel lizzen en hy lst.
MAN 2
Praat yn himsels: Nei de kroech? Sis soks dan earder!
Hy skoot it kratsje bier nder de tafel, pakt de fyts en giet fuort. In skoftlang is der neat te dwaan op it toaniel. Dan komt de regisseur it tn yn.
REGISSEUR
Hy skodhollet en makket mei de hannen meneuvels fan machteleazens. No wit ik it ek net mear. Ik bin der gld mei oan! Men hat alles t ’en treure repetearre, alle rekwisiten lizze foar it gripen en dan hlde sokke lju har net oan ’e fspraken. No, ik wol it noch ien kear besykje, bste minsken, wy dogge it gerdyn ticht en wy sille in kroechynterieur neibouwe, as dat slagje wol.
Gerdyn ticht. Lden fan stampende skuon, delsetten fan meubelstikken, stimmen:
Stim A:
Hin
? Wat seist no?... Dat kin ommers net, dr ha wy de spullen net foar...
Stim B:
Ja, no goed, mar wy kinne wat ymprovisearje...
Stim A:
Neat
ymprovisearje, dit is realistysk toaniel...
Stim B:
Wit ik wol, wit ik wol, mar ast no... sjoch, ik bedoel...
Stim A:
Ik
wit net watsto bedoelst...
Stim B:
Lit my no tprate, ik bedoel...
Stim A:
Ja?
Stim B:
Hld dy no even stil, lit my prakkesearje...
Stim A:
Ik
bin stil, al in heel skoft...
Stim B:
No sjoch, as wy dat keukenblok in ein nei foaren skowe, dat is dan de taap...
Stim A:
In
taap mei doarkes en laden?...
Stim B:
No ja, sa realistysk hoecht it no ek wer net. It oanrjocht, dat kin de spielbak wze... Ik bedoel mar... En dan hjir en dr wat flessen...
Stim A:
Wr helje wy dy flessen wei?
Stim B:
No, t ’e glsbak!
Stim A:
Dy is fan 'e moarn lege!
Stim B:
No
, dan snder flessen. Hld no op fan seuren en tink kreatyf. Hup, pak dat oanrjocht beet. Ien, twa, ja! Ho, fier gench. Klear. Ik set twa stuollen foar it oanrjocht, dat binne barkrukken. En dizze keukenstafel komt dr, mei oan wjerskanten in stoel. No, klear net? Ja, it is spitich dat wy gjin flessen hawwe. Mar horis, wy hawwe ommers dy flesse wyn. No, en yn de keukenskastjes stiet grif ek wol wat. In flesse molke, in flesse oalje, tomateketchup, jittik, ketjap. Pak oan en set del.
No, no liket it dochs al heel wat?
Stim A:
Ja, as jo it sizze...

Fyfte bedriuw

It gerdyn giet op. It toaniel toant in ymprovisearre kroechynterieur. Efter de taap stiet in man mei in keale plasse, hy poetst wynglzen. Oan in tafel sit in ld man mei in gleske foar him. De man nimt it lste t ’e romer en sit dan stil foar him t te stoarjen. Dit duorret sa in heel skoft. De regisseur komt de kroech yn. Hy groetet mei in knik fan 'e holle.
REGISSEUR
Bin hjir net mear?
KROECHBAAS
Sjocht him nijsgjirrich oan. Nee, sa troch de wike, och...
REGISSEUR
Nee, ik bedoel, der binne in stik of fiif minsken, dy hawwe fpraat dat se hjir hinne soenen.
KROECHBAAS
Dan sille se noch wol komme.
LDE MAN
Of net.
REGISSEUR
Jawis, se moatte komme. Wy dogge in toanielstik.
KROECHBAAS
Hjirre? Dr wit ik neat fan.
LDE MAN
Komeedzje! Terjater!
REGISSEUR
Nee, in ienakter.
KROECHBAAS
Hjirre?
REGISSEUR
Ja, dat ha se fpraat.
KROECHBAAS
No, miskien komme se noch wol, dan moatte wy mar even tiiddwaan. Gean sitten man, fan stean wurde jo ek net langer. De regisseur giet op in stoel foar de ‘taap’ sitten. Ja, myn barkrukken binne wat plat.
LDE MAN
Jou my noch ien kastlein, en jit dy toanielkloat ek ien yn.
REGISSEUR
No... nee, sterke drank...
LDE MAN
Oannimme wat dy oanbean wurdt. Hast gjin fatsoen leard?
Kastlein rint nei it taffeltsje en jit de ld man syn romer fol. Hy set in skjin gleske foar de regisseur del en jit dat ek fol.
LDE MAN
No, tsjoch. De regisseur bliuwt sleau sitten en docht neat. No, kloat, nim dy buorrel op.
De regisseur nimt in slokje en kicht wakker. Hy knikt de ld man ta.
REGISSEUR
Ja, lekker.
LDE MAN
Dr leau ’k neat fan. Sa’n toanielweitenhin. Spe moatst, bliksem!
De regisseur makket mei lytse tchjes it gleske leech. Der giet in moai skoft tiid foarby. Dan giet de regisseur oerein.
REGISSEUR
Ik gean mar fuort, leau ’k. Se komme net.
KROECHBAAS
Jo sitte my neat yn ’e wei.
REGISSEUR
Nee, ik gean nei hs. Hy keart him nei it publyk ta: Minsken, it muoit my tige, mar de spylders binne nearne te bekennen, dat wy moatte dizze foarstelling fanneed wol fbrekke. It is my raar yn ’e wei.
LDE MAN
Is it dy yn ’e harsens slein! Stiet my tsjin it behang te praten!
KROECHBAAS
As jo sa min oer drank kinne, is it better dat jo nei hs ta geane.
De regisseur giet f.
KROECHBAAS
Sokken moatst net te faak en te folle yn ’e kroech ha.
LDE MAN
Jou my noch mar ien.
It doek giet ticht. De regisseur stekt de kop troch it doek hinne en moannet om stilte.
REGISSEUR
Achte publyk, wy bouwe it toaneel no om ta in studio fan Omrop Frysln. Even geduld asjeblyft, wy binne sa klear.
Stim A:
Wy
kinne dat taffeltsje wol brke.
Stim B:
Ho-ho
, ik haw myn boarrel noch net op!
Stim C:
Dat
is gjin boarrel, dat is wetter.
Stim B:
Wel
ferdomme! Kastlein, hasto my wetter jn ynstee fan jenever?
Stim C:
Dat
is toaneeljenever, man, dat kinn’ jo dochs wol begripe? No, fuortwze, wy moatte hjir oprde.
Stim A:
No
klear, trije stuollen deromhinne. As wy even in ld lekken oer dat keukenblok smite, binne wy dr ek f.

Sechste bedriuw

It gerdyn giet op. Midden op it toaneel in tafel mei mikerfoans derop. Derachter sit de ynterviewer, lofts en rjochts de skriuwer en de regisseur. Fierder binne der in kameraman en in ldman mei in mikerfoan oan in angelstk. Op ’e foarste rige yn de seal sitte de spylders frou 1, 2 en 3 en man 1 en 2.
YNTERVIEWER
Bste sjoggers, wolkom by dizze flevering fan ‘Keunst op e kerrel’ fan Omrop Frysln. Wolkom ek oan it hjir oanwzich publyk yn it bysnder de fiif spilers fan it toaneelstik Lokearde ferkaasje. Wolkom lst mar net lytst oan s beide gasten, Jaap Roazebeam, de skriuwer fan Lokearde ferkaasje en Wytse Wettersnip, de regisseur fan it stik. Tige wolkom.
Myn earste fraach stel ik oan de spylders fan it stik, hoe ha jim dit stik ndergien? Hoe wie it om dit stik te spyljen? Wa mei ik dy fraach stelle? Frou 2?
FROU 2:
No
, ik soe sizze… ja, hoe moat ik it sizze? Apart, dat moat ik sizze, it wie in tige apart nderfinen.
YNTERVIEWER:
Kinne
jo dat wat taljochtsje? Wrom apart?
MAN 1:
It probleem fan dit stik is dat it nearne oer giet, en dat makket dat jo jo plak yn dit stik mar min fine kinne.
YNTERVIEWER:
Aha
! De spylder kin syn plak net fine! Is dat ek it nderfinen fan de regisseur?
REGISSEUR:
Ja, ik tink dat Sybren gelyk hat
YNTERVIEWER:
Hyt hy Sybren? Dat stiet net yn it stik!
REGISSEUR:
Ja
, hy hyt Sybren… Mar no hellest my t myn konsintraasje. Wat wie de fraach ek al wer?
YNTERVIEWER:
Eh… Sybren seit dat de spylder min syn plak fine kin omdat it stik nearne oer giet.
REGISSEUR:
Dat
is fansels it libbensgrutte probleem fan dit stik: it giet nearne oer en bygefolch hawwe de spylders gjin funksje. En drby binne se allegeduerigen op it ferkearde plak.
YNTERVIEWER:
It stik giet nearne oer, de spylders ha gjin funksje, se sitte iderkear op it ferkearde plak. No, skriuwer fan dit stik, dat is noch al it ien en oar! Wat seist drfan?
SKRIUWER:
Dat
is fansels de essinsje fan dit stik: it giet nearne oer, der is gjin probleem. Mar sadwaande ntstiet it probleem krekt: wat dogge dy minsken dr op it toaneel. Wrom binne sy dr? En drmei wurdt yn dit stik in tige eksistinsjeel probleem steld, it probleem fan it bestean as sadanich.
YNTERVIEWER:
Mar
de perioade fan it eksistinsjalisme leit in heale ieu achter s. Dan hast dus in lderwetsk toaneelstik skreaun!
SKRIUWER:
Ik
sis net dat it om in eksistinsjalistysk stik giet, mar dat der in eksistinsjeel probleem yn spilet. Ik soe dit stik leaver oantsjutte wolle as postmodern.
REGISSEUR:
A
s ’k it net tocht hie!
YNTERVIEWER:
Tsjin
de regisseur: Ho-ho even. Postmodern, seist. Mar as ik sjoch nei dy gauris sinleaze konversaasje fan de spylders, dan tink ik earder oan it absurde toaneel.
SKRIUWER:
Ja, dat kin ek.
REGISSEUR:
Alles
kin, behalven in skeet op in plankje timmerje.
YNTERVIEWER:
Tsjin
de regisseur: Hld dy no ekris de bek! Wy hawwe dus ynfloed fan it eksistinsjalisme en fan it absurdisme. Is dat alles, of sitte der noch mear ynfloeden yn?
REGISSEUR:
Dat grapke oer ‘de poatsjes komme altyd earst’ hat er fan Jo Smit stellen.
SKRIUWER:
Yntertekstualiteit is ek in skaaimerk fan it postmodernisme. It postmodernisme ferwurket allerhande ynfloeden fan earder en smyt dy yn in grutte smeltpot. Der sitte ek ynfloeden yn fan it epyske toaneel, bygelyks it trochbrekken fan de fiksje.
YNTERVIEWER:
Aha
! Eh… wat bedoelste?
SKRIUWER:
Oan
de ein fan it fyfte bedriuw praat de regisseur tsjin it publyk, drmei trochbrekt er de fiksje fan de fjirde muorre. Dy muorre is der neffens de ld man wol, want dy seit dat de regisseur tsjin it behang praat.
YNTERVIEWER:
By
einsluten, Wytse, do as regisseur, wat is dyn einoardeel oer dit stik?
REGISSEUR:
Sjoch, Jaap hat hjir wat weiskuord en dr wat weiskuord, it hinget allegear as los sn oaninoar en it slacht werklik nearne op. Mar dan lult er der in postmodernistyske kont oan en dan liket it wat. Mar it bliuwt in weardeleas stik.
YNTERVIEWER:
Jaap
?
SKRIUWER:
Ofsjoen
fan it weardeoardeel, folslein mei iens.
YNTERVIEWER:
Dan
tankje ik jimme beide foar dit petear. De neikommende tstjoering fan ‘Keunst op e kerrel’ is wer op woansdeitejn, hjoed oer fjirtjin dagen.
REGISSEUR:
Mar
it is hjoed helendal gjin woansdei!
YNTERVIEWER:
Nee
, mar dat spylje wy.

Doek

Neiskrift: Dit stik is frij oer te nimmen en frij te spyljen

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY