Literatuer en literatuerwittenskip

 

 

uon skriuwers hawwe my, sa hat it my oanfield, as in ‘ferrieder fan ’e literatuer’ sjoen om’t ik literatuerwittenskip studearre haw. Wittenskip is de fijn fan kreativiteit, wittenskip makket de kreaasje kapot, sa wurdt der wolris tocht. As jo dat sa wjerfare, akkoart, dan is dat sa. Mar by my is it oarsom, wittenskip ynspirearret my. Ik kin dr ferskillende foarbylden fan jaan.
De taalkundige kategory ‘pidgin’ hat my yn ’e mande mei de ferfrjemdingsteory fan ’e Russyske Formalisten ynspirearre ta it boekje Toate-los. Soks is efter yn it boekje te lzen.
Foar de oplieding Frysk-twaddegraads moast ik in moduleboek foar literatuer skriuwe en ik woe no einliken ek ris wat dwaan oan ’e teory fan it toaneel. Dr is suver neat oer te finen. Hast alles hat betrekking op de ‘performance’, de tfiering, mar ik woe witte: hoe sit in tekst yninoar, hokker mooglikheden hat in skriuwer om syn ferhaal dramatysk stl te jaan. Bouke Oldenhof wiisde my doe op Teksten voor toeschouwers fan H. van den Berg. Doe’t ik op basis fan dat boek myn module skreaun hie, haw ik as reaksje op dat wittenskiplik gepiel in toaneelstik skreaun nder de titel Try-out. Snder dy oantrn t ’e hoeke fan 'e toaneelwittenskip wei, soe ik noait op dat idee kommen wze.
Sinleas geweld reagearret nt op it geweld en oare foarfallen yn ’e maatskippij, mar it boek reagearret op talige uteringen oer dat geweld en oare foarfallen. Dat is de literre teory fan Peter Zima, in man dy’t in skoftsje dosint west hat yn Grins by perf. J. J. A. Mooij. Neffens Zima reagearret literatuer op teksten (op diskursen, seit er) dy’t yn ’e maatskippij populr binne, it kristlike diskurs, it kommunistyske diskurs of wat ek. Hy hat dy teory nder oaren twurke oan 'e hn fan l’Etranger fan Camus. Myn boek is net troch de teory fan Zima ynspirearre, mar dy teory jout my al in ramt dr’t ik myn stikken binnen skriuwe kin en en dy teory generearret stof dy’t ik ferarbeidzje kin. Dat binne in pear foarbylden.
Dat Minskrotten-Rotminsken yn syn ntstean tige sterk stipe is troch Jo Smit syn artikel ‘Modern proaza’, is bekend gench.
Wat ik nijsgjirrich fyn, is mei de wittenskip yn polemyk gean.
Ik ha my yndertiid tige ferdjippe yn ’e teory fan it point of view, of de Erzhlsituation, sa’t de poepen sizze. Doe haw ik yn it ferhaal ‘It tnfeest’ op in plak in point of view keazen dat neffens my net kin en dat yn striid komt mei de teory. Ik hie sa graach wollen dat immen dr ris oer stroffele wie en sein hie: hee, dit is singelier, dit kloppet net.
In oar gefaltsje. Heel nijsgjirrich is de styl fan de erlebte Rede of frije yndirekte rede (discours indirect libre). Dy stylsoarte komt yn ’e wrldliteratuer oan ’e ein fan ’e 19e ieu op. By s dan ek al te hea en te gers, lykas by S. K. Feitsma. Folle letter ynsidinteel yn Haisma syn Peke Donia. Nei de Twadde Wrldoarloch set dy styl him tige troch by de jongere skriuwers. Net by Willem Abma en Josse de Haan en dat is gjin wnder, want dat binne beide skriuwers dy’t har personaazjes net loslitte, mar strak yn ’e hn hlde. Want dr hat dy frije yndirekte rede mei te krijen, it is de stylsoarte dy’t it mooglik makket dat de ferteller efter syn skepping ferdwynt en it hele tink-, formulear- en fertelwurk oan syn personaazje oerlit. De foarm is, neffens de yn ’e literatuerteory ferneamd wurden sin, ‘Morgen war Weihnachten’, wrby’t in foartwizing (‘Morgen’) keppele wurdt oan in weromwizing (de doetiid ‘war’). In lderwetskere skriuwer soe skreaun ha: de oare deis soe it krysttyd wze. By dizze stylsoarte kinne in heel soad dingen oerset wurde yn ’e doetiid, bygelyks: ien en ien wie no ienris twa. It hinget fan ’e taal, of fan ’'e rekberens fan ’e taal, mar fansels ek fan ’e rekberens fan skriuwer en lzer har taalfielen f, hoefier’t men gean kin. Durk van der Ploeg is bygelyks ris stroffele oer de sinnen ‘Jezus, dy’t de dea oerwoun hie’, ‘In minskesin wie in minskelibben’ yn syn resinsje fan De dei is jong fan Ypk fan der Fear (Trotwaer 1979). Mar Ypk wie net mis, soks kn. Yn De skjintme vurt ferbwlgwdde bin ik mei dy frije yndirekte rede uterst fier gien, ik tink fan fierder as alle oare Fryske skriuwers, en dr hie ’k wolris in oardeel oer heare wollen.

 

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY