Lêste nijs

 

 

 

De lêste roman (op dit stuit)

De acht foar achten trein is myn lêste roman. Of der moat noch ien komme. Dat wit men noait.
Reinder van der Leest hat in diel jierren lyn stylfol ôfskied nommen fan it skriuwerskip, mei in poëzyfolder dêr't er destiids ek mei útein set wie. Ik haw it doe wol yn my omgean litten: sil ik ek ôfskied nimme? In punt sette foar't it lêzersfolk begjint te lústerjen fan ‘hy is grif útskreaun’?
Mar krekt Reinder komt dan noch mei in roman om syn Nier-Dynterige kompleet te meitsjen. Men wit it noait, ik it alderminst.

 

 

 

 

 Gean werom