Kollums

 

Dat is stom, Geart

 

eert Wilders woe net nei it listlkersdebat fan de vara omt dy omrop him misledige hie mei in kartoon (maar niet alleen mij, ook al die 35.000 pvv-kiezers syn bekend rideltsje).

Dat kartoon, drt Wilders yn foarsteld waard as in kampboal dyt de tchdoarpers de gaskeamer yn jaget, wie net botte subtyl en feitlik nkrekt. Geert is gjin nazi en gjin faksist en gjin rassist, en it is stom om him soks oan te wriuwen. Beskuldigingen moatte in feitlike basis hawwe en krityk moat hout snije, oars is it domme skellerij dyt as in boomerang de skelder treft.

Snoade mannen sette dizze redenearring op: Geert hat in hekel oan de islam, dat hy mei eigentlik moslims net lije. Moslims wenje almeast yn net-Westerske lannen en dy lju hawwe gauris in donkerder hdskleur en ek wat in oare kop as wy, it giet hjir grif om in oar ras. As Geert dy minsken net lije mei, dan is it grif in rassist.

Mei soksoarte keatlingredenearringen kin men fan alles oantoane en wiermeitsje, mar it bliuwt allegear likefolle flauwekul.

Om gjin misferstn te krijen: fansels mei san kartoon ferskine, de frijheid fan mieningsutering hldt de frijheid yn om nkrekte of stomme mieningen te uterjen oars soe it nammers ek ferrekte stil wurde op e ierde.

Geert mei fan e oare kant ek bst argewaasje ha fan dat kartoon, mar om dan wei te bliuwen fan in listlkersdebat, dat is wat lytsbernich

Der is wol beweard, Geert brkt soks as in ferlechje om him foar de konfrontaasjes mei oare politisy wei te winen. Dr is grif wat fan oan, mar ik tink wat langer wat mear, hy fielt him echt tekoart dien troch sokke krityk.

In meidieling hat in ynhldlik aspekt en in betrekkingsaspekt. Wurden sizze wat en wurden bedoele wat, sette ta wat oan en lokje wat t.

Hat Geert wol troch dat syn wurden ek in betrekkingsaspekt hawwe? Hy seit fan alles oer de islam en dat is allegear feitlik wier, mient er en ik leau yn syn oprjochtens. Mar hy begrypt net dat minsken har syn wurden oanlke en dr troch rekke wurde.

It nuvere is, as Geert sels oanfallen wurdt, dan is er yn alle steaten, dan is it ln te lyts. Want hy docht neat ferkeards, hy racht net en hy ruit net op. Hy docht feitlik krekte tspraken en mear net.

Geert siet net by it listlkersdebat fan de vara, hy siet by Uitgesproken wnl en dr krige er de iene foarset nei de oare en hy koe mar ynskoppe. Eerdmans plaveide him it paad mei lopers en blommen.

Tsjin e ein fan it petear makke Geert in ferskriklike tglider lit s it dr op hlde, mar it is ek mooglik dat er al folslein op e doele is. Hy pleite der foar dat rjochters soenen net langer foar it libben beneamd wurde, mar foar in termyn fan fiif jier en dan soe har wurk evaluearre wurde. Hienen se string gench straft, dan waarden se op e nij beneamd foar in perioade fan fiif jier, wie dat net it gefal, dan koenen se oar wurk sykje.

Stomme kloat, hoe krijst it yn e harsens! Want wa moat de rjochters beoardielje, dat binne fansels de politisy, en dan is it dien mei de skieding fan e machten. It lste ln yn West-Jeropa drt de rjochters rjochtsprieken neffens easken fan e politisy, dat wie Nazi-Dtskln.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 2011)

 

 

Wy binne it folk

 

t meast spektakulre op it Tahrirplein yn Cairo dat wie by my De Sjarzje fan e Lichte Brigade. Ik bedoel it optreden fan dy ruters op kamielen of dromedarissen dyt besochten om de boel yn e bulten te jeien.

De Sjarzje fan e Lichte Brigade is in nderdiel fan e Krimoarloch, de oarloch fan Ingelsken en Frnsken tsjin de Russen, en grif wol it meast bekende part der fan. Op 25 oktober 1854 krijt kommandant James Brudenell de opdracht om mei syn seishndert ruters, wapene mei swurden en lnsen, in oanfal te dwaan op de Russyske stellingen. Mar de Russen hawwe strategyske posysjes ynnommen en steane de fijn op te wachtsjen mei kanonnen. En dy kanonnen dogge fan pyf-paf-pf. De helte fan e brigade rekket dea of ferwne.

In Frnske maarskalk sei: It is prachtich, mar it is gjin oarloch, it is dwaasheid. Dwaasheid grif, mar oarloch is altyd dwaasheid, en wat hjir foar prachtichs oan is, ntgiet my. Jinsels sinleas opofferje, is dat prachtich?

It optreden fan dy ruters op it Tahrirplein wie like sinleas. It wie wol yndrukwekkend, dy razende ruters mei har stokken. Goed organisearre ek, se wienen der ynienen en stoarmen it plein oer. Mar it wie by einsluten net mear as in sne t in spektakelfilm lykas Ben Hur. In staaltsje massa-rezjy drt men it fakmanskip fan bewnderje kin en drmei basta.

De frijheidsstriders op it Tahrirplein hienen gjin kanonnen, mar se taasten de ruters mei de bleate hannen oan en keilden har oer de strjitte.

Wat my no dwars sit is de fraach: wienen it kamielen of wienen it dromedarissen? Ik kin gjin fotos op it ynternet fine en yn it televyzjenijs fan in dei of wat lyn haw ik it sa gau net sjoen. Ik soe it leafst op in kamiel sitte, stevich tusken de bulten yn. Boppe-op dy iene bult fan in dromedaris, dat liket my nochal tuitelich. Hawar, miskien lit in lokaal-histoarikus dr mei in jier of fiifentwintich syn ljocht wol ris oer skine yn ien fan de hs-oan-hsblden fan Cairo.

It hawwe spannende wiken west. Men hat hope mei de hoopjenden, noed hn mei dyt yn need en noed sieten, eangstich west mei de eangstigen. En dan, as de hoop ferfljucht, komt de goe-tiding: hy jout belies, hy donderet op! En dan kin der freugde wze mei de freugdefollen.

Wir sind das Volk! Dr moast men iderkear oan tinke, de opstn fan e ddr-boargers tsjin it rezjym. Net jimme, pommeranten, mar wy, wy binne it folk. Dyselde geweldleaze krft as yn East-Dtskln seach men yn Egypte. Stnfstens, selsbewustens, selsbetrouwen. Wy belibje dochs geweldige tiden, tiden dyt de wissichheid jouwe, it mei tsien kear mis gean, it giet ek wol ris hartstikke goed.

Dat betrouwen dat de wrld oer weaget, stekt my oan. Ik behelje dat betrouwen op myn eigen sitewaasje. Dat is miskien gekheid, it is yn alle gefallen arrogant. Mar doch ik ien dr skea mei, kin it kwea?

En mocht it sa wze dat myn betrouwen gjin fst fnemint hat, mar fkomstich is t in pdsje ynstant-surrogaat mei E-smaken en E-roken, dr lk ik my neat fan oan. De hear is myn hoeder, my sil neat miskomme. Al moat ik gean troch in delling fol deadlike skaden, ik ha ths noch in pear droege sokken.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 17 febrewaris 2011)

 

 

Alde wyn yn lde sekken

 

k hie, earder al, skriuwe wollen oer Jolanda Sap, want dat minske hat my echt ferbjustere. Destiids, as sekondant fan Halsema yn e nderhanlingen oer Pears-Plus, like it my in koel en klear frommes ta. Ien dyt alle dossiers t e holle koe, in siferkop.

Wat is se my ffallen yn e diskusje oer Kunduz. In sintiminteel frommes, in jankepot, en ien dyt drtroch en sadwaande de werklikheid net mear sjocht. Mei triennen yn e eagen wurdt jins loaits fertribele.

Mar Sap moast wachtsje en moat nochris wachtsje. Der stoar in freondin dyt ik graach lije mocht, ferdomde graach, om ddlik te wzen. No ha wy har krekt nder de ierde skikt, of teminsten yn e kle ik nim oan, it grf is letter tichtsmiten , en no ha k sels wer kanker.

Even tocht ik, soe der dan dochs harmony yn e natoer wze, sa fan as der in kankerpasjint dea giet, dan moat der in nijenien komme? Eigentlik soe ik dat ek noch wol earfol fine, dat ik Minke har kanker oerkrige en fuortsette. Mar dat is fansels fwaaid praat, der is gjin harmony yn e natoer, gjin rjochtfeardichheid en gjin gerjochtichheid.

Santjin jier lyn hie ik der gjin sin oan om dea te gean, no earlik sein noch net. Der binne dingen dyt my wjerhlde. Ik ha myn jongste soan tasein dat ik tachtich wurd, dan is hy fiifentritich en moat er syn ferstn ha. Ik ha mei fiifentritich myn ferstn ek krigen. En ik wol myn suster begrave, ik kin it myn suster net oandwaan dat se har jongste broer ek noch te hf bringe moat, dat is te hurd. En de hn moat foar my deagean, in hn kin de dea fan syn baas net ferneare. En ik soe takom jier de Slachte ek noch ris rinne wolle en leafst oer fiif jier noch in kear.

Ik wit by god net hoet it fkealje sil. De prognoaze is net bepaald feestlik. Mar ik tink dat ik de Slachte takom jier noch wol rin. Ik kin my deagewoan net foarstelle dat ik der net by bin.

En fierder, wy sjogge wol, en jim sjogge it wol: salangt myn kollums ferskine, bin ik goed by spe en stt. En as der op in tongersdeitemiddei in gat yn e krante sit, dan is it mis. Mar ik jou ta, it is ferfelend, ik fertel in ld ferhaal yn lde wurden.

Sap komt grif noch wolris oan e oarder. Ik ha my oer dat minske besaud, se siet by Pauw en Witteman te glunderjen as hie se in goedkeape troujurk op e kop tikke en as telde se de dagen oan e troudei f. It gelok, de blydskip, de freugde striele fan har gesicht f.

Minske, de hast de boel by dyn eigen partij finaal yn e bulten jage. Tachtich persint fan dyn partijleden seit nee en do seist spikerhurd ja. Nee, net spikerhurd, dat liich ik. Se wie tige oandien en emoasjoneel, it lipke trille, se koe it amper droech hlde.

Mar emoasjepolityk en emoasjesjoernalistyk en emoasjepankoeksmoal ha wy gjin sprt ferlet fan. Fan in politikus ferwachtsje ik gjin emoasjes, gjin ferklearringen oer hege idealen, mar ferstannige beslissingen op grn fan it ferstanlik hifkjen fan e feiten.

Mar lit dy Sap no earst mar genietsje fan har sabeare triomfen en skynoerwinningen. Wy krije dat minske - by libben en wolwzen - wol werris foar de fyts. En dan rimje wy net, wy fytse har dwars oer de bealich hinne.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 10 febrewaris 2011)

 

 

 

De rze kont

 

y kont sil net altyd rze west ha, se sil ek wol oare reedridersbroeken hn ha. In spikerbroek of in swarte broek. Mar dy rze is my it bste by bleaun. As ien yn in swarte broek foar jin riidt, of in grizen, dat is frij neutraal, dat seit fierder neat. Mar dy rze sprong der t.

Dy rze kont, dy ferskriklike rze kont, ik koe him noait byhlde. Ik bin der jierren efteroan klaud, mar ik bleau ek altyd efteroan.

It wie gjin echte reedriderskont. Dr wie er te behindich foar. De echte reedriderskont, dy sjocht men by froulju dyt de foarse kant neist binne. Ridlik breed yn e skouders, tsjke boppe-earmen, stevige skonken, en dan dy kont, as Maagdenburger halve bollen, moai rn en grou, ien bonke spieren.

Jierren herwaarts seach ik ien fan s hsdokters har opbinen by de Stadsherberg. En dr skeuvele se hinne. Wat in kont! Wat in godlike reedriderskont.

Nee, mei seks hat dat neat noadich, oer iis spilet seks gjin rol. As men manmachtich oer it iis gliidt, dan ferblikke de seksegrinzen en de stnsgrinzen. It is san bytsje lykas Jezus Kristus antwurdet op in strikfraach fan in mannich Saddusers: Want yn de opstanning trouwe hja net en wurde hja net troud, mar binne as ingelen yn e himel (Matthes 22: 30).

En wienen wy net as ingels op e Ried tusken Frjentsjer en Berltsum? It wie de himel. In ploechje freonen, bern der omhinne, efteroan, fier foart.

Mar soms wie it de hel, al woe ik dat foar gjin jild tajaan. Dat geklau efter dy rze kont dyt ik noait, noait, noait byhlde koe.

Har man hie syn deistich wurk, myn frou ek. Sy koe fierhinne frij oer har tiid beskikke en ik joech in pear jntiden les en ik koe wol wat ploaie. En drom wienen wy gauris tegearre op stap. Op reed, sa te sizzen.

Der heucht my in tocht fan Harns nei Boalsert ta. Dy lde, wide slinke fan de Marne del, efter Achlum lns en dan skeanoer op Boalsert oan. Yn Hichtum koenen wy net fierder, it iis nder de brge wie net fertroud. Ik wie sa bliid as in protter. Sitte, poeier.

Mar wrom docht men soks as it allinnich giet om it tefreden gefoel jns fan ik ha it opret, ik haw it presteard? Mar sa wie it ek net. Elke skek en elke streek wie in oerwinning op de wurgens. Elke meter dat men foart kaam, wie in bewiis dat dit lichem gjin belies joech.

Twa jier lyn hawwe wy foar it lst meiinoar op it iis stien, op e nderstrpte Ryptsjerksterpolder. Wat nwennich, want it hie yn gjin jierren wintere. Sy foaroan, tsoarte, de mts strak oer de gemokuerde kop hinne.

Ik steutere en knoffele, ik hie gjin bestjoer oer de skonken en folslein gjin selsbetrouwen mear. Dat waard dus stroffeljen en fallen, want wat bang is, falt. By einsluten makke ik san smak dat ik in skuor yn e pols oprn. In fjirtjin dagen letter haw ik mei de earm yn it gips noch fiif rntsjes op e iisbaan makke. Mar ik moast mysels tajaan dat it oer en foarby wie, ik doarst net mear.

Ferline simmer haw ik har ferteld dat ik dochs noch sa graach ris ride woe, efter in stoel, efter in slide. Gniis my mar t, dat kin my neat skele. It koe wol by har efterhs, ornearre se. Se wennen snt koart oan in mar.

It sil der net mear fan komme, Minke is dea.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 3 febrewaris 2011)

 

 

Agit-prop

 

ijk, het valse van Tinkebell is dat zij haar vuige plannetjes uitvoert onder de noemer van kunst. Mei dy freonlik tsprutsen wurden hie Midas Dekkers - yn it programma fan Arie Boomsma, In de schaduw van het nieuws - de keutel by de skjinne ein.

It gyng yn dat programma oer it foar en tsjin fan de animal cops, mar de measte klam foel op Katinka Simonse, of Tinkebell, sat se harsels neamt, dyt werris mei in kontroversile aksje omtinken frege foar it diereleed. Earder al hie se har kat deamakke en strpt en der in taske fan makke. Diskear, mar dat s ek al wer trije jier lyn, hie se hamsters opsletten yn plestik bollen om it minskdom attint te meitsjen op de minne behanneling fan bisten.

In lang om let tsprutsen rjochterlike fnis oer Simonse har dwaan en litten woe hawwe dat Simonse wie net skuldich oan it mishanneljen fan hamsters. Oft dat no in geunstige tslach wie foar har projekt, twivelje ik oan. Mar grif hawwe de hamsters der wol kontint mei west. Wy, bolhamsters, binne gjin ferhddke stakkers, mar keunsthelpers en warskgers foar dieremishanling.

Keunsthelpers of dieremishanling, dat wie Dekkers syn probleem ek, wr giet it eigentlik om, wat it is doel fan dit projekt? Simonse brkte in heap wurden, dat skynt monumintale keunstners eigen te wzen, mar echt helder waard de boel net.

Har probleem liket te wzen dat se it net fele kin dat har keunst, lykas alle keunst, gepiel yn e marzje is, maatskiplike yrrelevant gewrot. Der sille grif wol in mannich minsken wze dyt wat oan har keunst hawwe of der troch rekke wurde. Mar dat is nochal ngrypber en soks hat btendat gjin ynfloed op it maatskiplike debat.

Simonse wol aksjefiere, minsken ta neitinken bringe, dingen yn gong sette, folle net gench, en wat my oanbelanget, ek bst gench. Mar dr moat se de keunst net foar misbrke, want de keunst ferwurdt ta propaganda en de propaganda ferwurdt ta keunst. Se slagge inoar oer en wer dea.

Koart nei de Russyske revolsje besochten de machthawwers it Russyske folk, dat foar in grut part analfabeet wie, mei benammen toanielstikken de wearden fan it kommunisme yn te skunen. Keunst wie net it doel, mar it middel, beynfloeding wie it doel. Agitaasje en propaganda, neamden se har opfiedingsprojekt, en dy wurden waarden oaninoar plakt ta agit-prop.

Dat is wrt mefrou Simonse mei dwaande is, agit-prop. Se wol minsken op gedachten bringe, beynfloedzje, warskgje, oansprekke op har hlden en dragen. Se wol fia har keunst wat feroarje yn e maatskippij, en sadwaande stapt se bten de keunst.

Keunst is fan alle kanten frijbliuwend tsjinoer it werklike libben fan al den dei. Wolst der dit yn lze of hearre, dan dochst dat, wolst der wat oars yn lze of hearre, ek bst. Wolst of kinst der neat yn lze of hearre, ek goed. Do bist frij, do hoechst net te reagearjen en ast dochs reagearje wolst, dan op dyn eigen wize en op dyn eigen manneboet.

Keunst twingt in minske net in kant t, lykas Simonse docht mei har agit-prop, mar keunst makket in minske gauris nwis oangeande syn opfettingen en oardielen. Keunst bringt in minske net op gedachten, mar bringt him fan syn gedachten f.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2011)

 

 

Noait wer op it hske

 

oar s as jonges wie pisjen komselden in probleem. Der wie altyd wol in pealtsje of in hage of in steechje drt men it kwyt koe. Der waard ek minder in probleem fan makke, de term wyldpisjen bestie bygelyks noch net. Men skikte it wat mei de sichtberheden, mar fierder gyng elk syn gong.

Foar famkes wie it wol dreger, dy moasten nei hs of nei it hs fan in kammeraatske. Fan de nderhanlingen oer de tocht nei oarmans hs en hske krige men tsoarte neat te hearren, dat sil wol lsterjendewize syn beslach krigen ha. Men hearde der earst wat fan as de kammeraatskiplikheid op e non rn en freonskip ferkearde yn fijnskip.

In kear as wat haw ik fan rzjemeitsjende famkes de iene de oare taroppen heard fan: Komst noait wer by s op it hske! Dat wie de finale klap, de definitive besegeling fan de ein fan in relaasje.

Grif hat dat in utering fan tagedienens en betrouwen west, ien op jins hske talitte. Men liet immen ta yn e yntimiteit fan jins bestean. Us moderne spielhskes litte allinne mar in plaske wetter sjen en fierder neat. Mar as men foartiids it lid fan e bril helle, dan seach men de fgong fan in hshlding yn kleur en fleur en foarm lizzen. Sa skieten dy lju dus, en it wie jin tastien om dr kennis fan te nimmen.

Dr moast ik oan tinke, doet ik lies dat wy, Nederlanners, net mear oan de G20 dielnimme mochten as wy de misje yn Uruzgan net fuortsette woenen. It waard Wouter Bos ynearsten mei bedutsen en letter mei nbedutsen wurden ddlik makke. Net fjochtsje yn Uruzgan, dan komme jim noait wer by s op it hske.

Sa siet dat dus. Net omt Nederln san wichtich ln is, of omt Nederln seldsum knappe ekonomen en sintemannen hat, mar omt Nederln ree wie om te fjochtsjen yn Uruzgan, drom mochten wy oansitte by de machtichste ekonomyen fan e wrld.

It hat s in kaptaal koste en ryklik twintich deade soldaten. Der is gauris ldop twivele: binne dy jonges fergees fallen? Wy witte it no sekuer: dy jonges binne net fergees sneuvele, se binne opoffere om Balkenende it sitten oan e tafel fan e grutten fan e ierde mooglik te meitsjen.

Synyske minsken dogge de polityk f as in spultsje fan lytse jonges. Mar it is slimmer, it is in spultsje fan lytse famkes: komst noait wer by s op it hske.

Elkenien kin it him noch foar de eagen helje, de bylden binne ommers sa faak werhelle: Balkenende en De Hoop Scheffer op besite by Bush. Se waarden troch Bush beknypt en beaaid dat se der wee fan om it hert waarden. Se mochten by de Amerikanen op it hske.

Letter mochten Willem Alexander en Mxima yn it Wite Hs op besite komme. Michelle hie der in nbidige skaal mei koekjes, neffens myn rge skatting wol in fjirtich, foar oer om de gasten de yndruk te jaan dat se wolkom wienen. Se mochten op it hske.

De fal fan it kabinet-Balkenende-IV, wromt dat sa moast en sa gyng, is in stik klearder, mar ek in stik nsmakeliker wurden. Alle respekt foar Wouter Bos dyt de poat stiif holden hat en in dikke tt foar Julian Assange dyt de smearlapperij oan it ljocht bringt.

Soe Michelle dy oerbleaune bats koekjes letter oan oare gasten foarset hawwe?

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2011)

 

 

Ut sal nooit wat wudde

 

t hat de krystfaknsje fan 68 of 69 west. Ik wie tnoege om foar de tillefyzje wat te sizzen oer de stront dyt in jier lyn by s op e ruten smaard wie. Ja, dy stront wie der yntusken al wer f doch net sa stom.

It sil in soarte fan jieroersjoch west ha fan e gekste of brykste of healwiiste foarfallen fan it frne jier. Der waarden in heel soad nderwerpen en minsken by de lurven nommen en san ynterview koe dus ek net langer wze as in mint of fjouwer, fiif. Te gek om drfoar t Frysln wei op en del te reizgjen, mar ik haw ik al dien.

Dy stront wie oars helendal net wichtich en myn persoan ek net. Al nijsgjirrich wie, in soan fan Anne Vondeling hie dat jiers ntdutsen dat de bvd yn de papieren argiven, persoansbestannen, wit ik it fan de universiteit omsneupte. It sil de Stedelijke Universiteit west ha, no de Universiteit van Amsterdam.

Ik keutele nei it schminken wat troch it gebou. Even pisje, in sigaretsje smoke. Dat koe doe noch. Minsken wienen destiids noch gjin gevulde koeken, mar se hienen noch power yn e hd.

Der kaam in man op my ta, like grut, lyts dus, as ik, mar breder en mei in oaljekoekegesicht. Hy stelde him foar as Jan Nagel en hy fertelde, hy die ek wat oan dit programma. Dat wie dus it programma fan Ageeth Scherphuis drt ik yn optrede soe.

Kin dat tkomme? Nagel siet by de vara en Scherphuis by de avro, mar miskien wie it ek wol in oar frommes dat my ynterviewde.

Mar doe al, fuortendaliks al, tocht ik: wrom moat dy man my dat fertelle? Wrom moat hy oan in provinsiaal dyt grif nea in rol fan belang yn de Nederlnske kultuer spylje sil, wrom moat er kwyt dat er ek wat oan dit programma docht?

Wat die er nammers oan dat programma? Grif wie er gjin redakteur, oars hie er dat wol sein. Parte er de kofjekopkes om? Sette er in rt op as ien in skeet litten hie?

Jan Nagel, hy like dr yn dat vara-gebou like ferdwaald as ikke.

Dy earste yndruk bin ik nea wer kwyt wurden en ik haw him ek nea korrisearje kinnen. Alle kearen as de namme Jan Nagel opdoek, dan hie er dy partij oprjochte en dan jinge wer, de rige partijen dyt Jan Nagel oprjochte hat, is net t te eagjen, altyd bleau er foar my dat mantsje dat hjir ek wat oan die.

As men syn curriculum vitae neigiet, docht bliken dat Jan Nagel syn paadsje wol skjinfage hat. Dochs bliuwt de yndruk bestean fan in man dyt altyd efter it net fisket en syn jild op it ferkearde hynder set. Mei de wurden fan Piter Wilkens: ut ht nooit wat weest en ut sal nooit wat wudde.

No dus in partij foar lde minsken, want dy sitte yn e nederklits. Is dat wier? Ik ha noch noait mear sinten om e hannen hn as doet ik fiifensechstich waard. Ik woe wol dat ik dy sinten hn hie doet ik yn e lytse bern siet. It gyng s heit fjirtich jier lyn krektsa. Kinne heit en mem wat rnkomme? frege ik. Och jonge, wy kinne wol goud ite, sei s heit.

Jan, by de lderein sit de echte earmoede net.

Wy wienen ier yn e nacht werom. Vondeling moast der op e Harnzerstrjitwei t, dr wenne syn folk destiids. No, der binne wol fnlingen minder te plak kommen. Doe jakkere de vara-sjefeur my noch nei Sint Anne ta.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 13 jannewaris 2011)

 

 

O, Danny jonge!

 

en wit it net krekt, is it balstjurrigens of mismoed? It hat nijjier west mei lytse besites en tillefoantsjes en dan wurdt it snein, in deade en stille snein en dan bekrpt it jin. Moat ik no op e nij in jier yn mei al dy hampelmannen en kneukelhouwers? Hat de heare god net in better plakje foar my?

En dan spilet jin ynienen in wyske troch de kop en men tinkt hea ja, lit my dat mar dwaan, wat kreatyfs, wat fan it bemasterjen fan de sleauwe wrld, wat fan in twei t dizze neargeastigens. Literatuer is ek altyd in flecht, dat skuort net t, mar lit s hoopje, in flecht nei wat betters.

 

O, Danny jonge!

 

O, Danny jong, de lillepipen spylje,

De dellings troch en lns de bergen swiid.

De simmer is oer, de blden moatt ferwylje

En do, en do moatst gean en ik doch tiid.

Mar komsto wer as t simmert yn e greide

Of as de delling is stil en wyt fan snie?

Ik sil dr wze by sinne en skaad beide.

O, Danny jong, o, Danny jong, as k dy mar hie.

 

En asto komst en t blomte moat benachtsje

En ik bin dea, sa dea wie nimmen nea,

Dan silsto komme en t plak fine drt ik wachtsje

En knibbelje en preuvelje in bea.

En ik sil fiele dyn stap hoe sft ek boppe my,

En o, myn grf wurdt waarm en smk trist,

Want fan dyn leafde silsto dan taroppe my.

En ik sil sliepe yn frede oantsto by my bist.

 

Dy tekst bin ik frij let mei yn kontakt kommen, want grif is it sa, wrt it iene sit, kin it oare net. Ik ken de meldij al wol fyftich jier en ik song dr destiids de wurden by fan: Acushla, mine, the singing birds are calling,/ The call of love, that s meant for lovers true,/ Tis Autumn time, and where the leaves are falling,/ Alone I wait, to beg a word with you. Acushla giet werom op in Iersk wurd dat hertslach betsjut en it wurdt brkt as flaaiwurd foar de leafste.

Der binne nammers wol fiif ferskillende lieten op dizze meldij makke. It ldste is Londonderry Air, en nei dy titel wurdt de meldij beneamd. Mar nimmen sjongt Londonderry Air mear, likemin as Acushla Mine. Miskien sjongt noch immen it skabreuze lietsje London Derriere want de grapjassen folgje s fan widze oant grf.

De tekst fan Danny Boy is fan e Ingelske jurist Frederic Weatherly. Hy skreau de tekst yn 1910 by in oare meldij. Yn 1913 krige er fan syn snoarske dyt yn Amearika wenne de meldij fan Londonderry Air en doe hat er syn tekst by dy meldij oanpast. Dat wie in boppeslach. Danny Boy hat alle oare lieten t it stee krongen.

Dy oare lieten is neat mis mei, tsein dat se te froed binne. Yn Danny Boy jout de dea djipte oan leafde en libben. Snder de dea is it libben sinleas. Oja, lokkich nijjier noch.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 6 jannewaris 2011)

 

 

Twahndert man en Marije

 

en mei oannimme, dy lju binne ferrekte kjel wurden. Yn e krystnacht noch nei tsjerke west en krystmoarn leit de hele tsjerke yn pn. In pear oeren earder en alle leauwigen hienen dea west.

Lutselus is mar in gat, fyftjin kilometer noardwestlik fan Maastricht. Ast in streek lkst fan Antwerpen nei Maastricht, dan komst der foarby. Mar foar san gehucht wol in nbidige tsjerke, en ien mei in plat dak. Platte dakken binne ndingen, wat ha wy der net in lijen mei hn, wat hat buorman der net in lijen mei hn. Do kinst sjen wrt it fan nderen dript en dus grif lek is. Mar wr komt it der fan boppen yn? De oplossing is ornaris: in folslein nij dak.

Mar ast dan ek noch, lykas guon lju dogge, in tn op dyn dak oanleist en it reint in set efterinoar, dat de modder kletswiet wurdt, dan hldt dyn dak it net. Mei pakken snie hast de lste jierren deselde ellinde hn.

Yn Lutselus binne se der noch net efter hoet dat dak no samar ynstoarte koe. No jonges, it komt net fan jim sndich libben, it is in kwestje fan krft en belsting.

Omt de hele konstruksje snder it middenstik wankel wurden is, ha se de muorren ek noch mar omtreaun. Wat leit kin net mear falle. En wat wnder komt no oan it ljocht? In Marijebyld hat de ramp hast nskansearre trochstien.

In parochiaan fertelt it mei in swiete glimk op syn fetpantsjegesicht. It Marijebyld mankearret suver neat oan. Dan moat men wol tinke... dan mei men hast wol leauwe... dan soe men hast miene... dit is sa bysnder, hjir kin men hast net oars... it wurd wnder wol men net daliks yn e mle nimme, mar...

As wy it no oer mirakels ha moatte, ik soe sizze, dat dy tsjerke ynstoart is doet it tsjerkefolk wer feilich ths wie, dat is it echte mirakel. Nee, ek net, mirakels bestean net. Mar it kin jin al even bekrpe fan blinder dr ha wy wol faai west. In pear oeren earder...

It liket hast wol, it Marijebyld is wichtiger as it libben fan twahndert parochianen. Rare jonges, dy roomsken.

Ik soe dat oars dwaan, ek t kommersjele bedoelingen. Ik soe op it tsjerkhf in massagrf meitsje en dr de nammebuordsjes oppjukke fan alle tsjerkgongers fan dy nacht. Omt men oannimme mei dat alle Lutselussers efternei thlde dat sy ek yn tsjerke wienen, ja man, dy tsjerke wie propfol, freget men elkenien om twahndertfyftich euro del te tellen foar it pleatsen fan in nammebuordsje. Lju dyt net yn Lutselus wenje, mar al beare wolle as binne se oan e dea ntsnapt, kinne in buordsje besette foar tzen euro.

By it tsjerkhf komt in parkearterrein drt men foar fiif euro stean kin. It besjen fan e grfheuvel kostet ek fiif euro. Op e heuvel komt in boerd mei de tekst: troch gods genede gjin massagrf, en dr spikert men dan noch in pear kollektebussen oan. As minsken weak wurde, wolle se noch wolris nei de bse taaste.

It liket my ta, nei in pear jier hat men in knap startkaptaal foar it bouwen fan in nije tsjerke. Dit kear wol ien mei in sealtek. It Marijebyld kin dan ek wer in plakje krije. Miskien de skeinplakjes wat opfolle mei gips en op e nij ferve yn e kleuren ivoar, blau en goud. Dat skine de nbeflekte kleuren te wzen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 30 desimber 2010)

 

 

Krystdrokten

 

k moast sjen om in lampke, in pitsje, foar de krystbeamferljochting. Mar men hat altyd safolle oare drokten. Ik hearde in sft, heech geld yn e gong, net liker as liet de hn in plestik wetterfleske falle. Hy boartet graach mei dy lege fleskes, dat knetterjen as er de bek der op set, fynt er grif nijsgjirrich.

Mar hy hie gjin fleske, sa goed as ik wist. Even sjen, nee, gjin fleske. Hy lei heel stil mei in from gesicht yn e bak. Mar as de hn san from gesicht set, dan doocht der wat net. Dan hat hy wat thelle of de kat ja, dy hn fielt him grif ek ferantwurdlik foar de kat. Mar der wie gjin kat te sjen.

Fuort letter, ik hearde wer ld. Wer sjen. Och hea, de kokensdoar stie iepen, it slot is wat lam en as ien fan de bisten der in pear kear tsjinoan wrot, giet de doar wol iepen. Yn e hoeke by it oanrjocht siet poes by myn lyts pankoekspantsje mei in restke bami. De panne lei op e kop en it meastepart fan de bami siet noch yn it lid. Hy hie grif de hele panne fan it gasstel reage en sat de panne fallen wie, sa lei er. Ik ha de kat fuortjage en de bami opfretten.

Mar ik soe om in pitsje t. De krystbeamferljochting hat myn frou fan har mem erfd. Dr hat men dus in sin by en dat hldt men it yn eare. It maklikste yn dizze weinuktiden is, ja krekt, nuk it wei en keapje nij. Mar dat koe dus ditkear net trochgean fanwege it sin.

Krystbeamljochtsjes binne yn searje skeakele en dat hldt yn, as der ien stikken is, dan baarnt der neat mear. Al dy tsien, tolve pitsje binne streekrjocht ferbn mei ien tried, ik nim oan dat elektrisjns dat de nultried neame. De lampkes krije har stroom net streekrjocht fan de plustried, mar fan it eardere pitsje en dat ferklearret wromt ien t, alles t is.

It kin net oars. As dy pitsjes allegear streekrjocht ferbn wienen mei nultried en plustried, dan knalden se allegear tagelyk stikken. Se kinne it foltaazje stik foar stik net oan, se moatte it mei har tsienen of tolven partsje. Soks moat men goed foar de geast ha as men nei de winkel giet om in stik of wat pitsjes. Mar dan krijt men wer drokte mei oare dingen, gjin bamislinende katten, mar draaikonten. It is nfoarstelber hoet it minsken, froulju benammen, slagget om op it lste momint, krekt as men troch in gloppe glpe sil, de kont der foar te smiten en de trochgong ticht te setten.

Bygelyks yn winkel B. In langliddich frommis stie in draaistellaazje mei prutsdingen te besjen. Ik tocht, ik kin dr lns, mar nee, miskien hat se my t de eachshoeken wei begnfd, ik wit it net, mar krekt op it stuit dat ik de stap sette sil, dr swypket dy kont yn it gat.

Yn winkel H. fan itselde. Oan ien fan e paden dr hingje allegear broeken en bhs. In ngaadlik plak, want froulju wolle sok guod besjen. En soks kin grif allinnich as men foaroerbcht en hup, de kont in jellen eftert triuwt. Men moat dan t alle macht remje, oars knalt men tsjin dy kont oan en dan hat men in hopen ellinde.

Yn winkel B. wienen gjin pitsjes te besetten, yn winkel H. likemin. Ik ha noch nei de kringloop west, mar dr hienen se allinne krystbollen. Dat fan t jier gjin ljochtsjes. Och, kin t skele, de dagen linge.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 23 desimber 2010)

 

 

Sneinshilliging

 

t is sneintejn acht oere. De nijslzer fertelt fan in sedesaak yn Amsterdam. Lytse bern, poppen noch, binne besjoen, befield, bedien troch in jonge blast. Eberhard van der Laan hat mei syn trijehoeke de lden fan bern dyt op de beskate krsj sitte byien roppen.

Ja-ja-ja. Ynljochtsje, foarljochtsje, op e hichte bringe, delbdzje. Ja-ja-ja, ik kin skoan begripe wat Eberhard van der Laan allegear bedocht en theeft. Mar jonges, harkje ris, it is wol sneintejn, ik ha hjir gjin nocht oan.

Mei sneinshilliging hat dat neat te meitsjen, dat is flau praat. Sneinshilliging, dat wie foarhinne. Net it fjild yn, net sleatsjespringe, net brantsjestoke. Men hie de sneinske klean oan en dy moasten skjin bliuwe. Sneinshilliging, dat wie foar s jonges benammen kleanhilliging.

Nee, mei sneinshilliging hat dit neat noadich. Mar de snein is wol in aparte dei. Men hoecht net te boadskipjen en men hoecht jin de kop der net oer te brekken wat men hjoed werris ite sil. Dat hat men juster al betocht. Wat lekkers fansels, en dat hat men juster al yn e hs helle.

En dan is it sneintejn. Men hat dat lekkers opiten mei in gls wyn der by. In kop kofje soe wol fan pas komme om it benevele brein wat op te klearjen. Mar earst it achtoere nijs. En dan is der in nijslzer en dy seit dat in blast fan snentweintich jier hat as frijwilliger op twa krsjen lytse bern misbrkt.

Misbrkt? Wat moat ik my mei myn nnoazele heterofile harsens foarstelle? Bern jonger as fjouwer jier. Ast dy it broekje t dochst, dan fynst by de famkes in lyts naadsje, in sparpotsje, der past net iens in stoer yn, miskien in sint. By de jonges fynst in lytse rp, lytser as myn pink, it fjirdepart fan in balpin.

Wat hat er dr mei theefd? It is te lyts, te nnoazel, te nskuldich om der wat mei t te heven.

Sneinshilliging, dr dogge wy net mear oan. Mar snein is wol de iennige dei dat wy meiinoar brea-ite. Sneintemoarns ha wy altyd in sean aai, simpel mar feestlik. Sneinoerdeis nei de kofje altyd in slokje, in djoer slokje. Troch de wike komt de drank net foar healwei alven op e tafel, mar sneins litte wy de leie fiere.

Dat binne ienfldige en beskieden plesierkes dyt wy s sels gunne. Mar gun s dat dan ek! Kom net oan mei ferdomde healwizelingen dyt lytse bern, poppen noch, it broekje tlke. Fertel dat moandei mar. Hjoed net!

It wie net samar in snein, it wie in bysndere snein: myn ldste soan wie op besite. Snt it opbrekken fan myn earste houlik bin ik wiis en bliid dat myn bern my opsykje. Hy wie aardich sn, tocht my, fleurich, wol te moede. En hy kaam mei de auto, dat materieel gyng it him ek goed.

Wy rnen tegearre de std troch om myn jongste soan syn hs te besjen. Sneins is Frjentsjer in deade std, mar no wie der krystmerk. Neat om e hakken, mar gesellich. Minsken optein en fleurich, in bytsje de mienskip fan de hilligen. Ja, oerdreaun, ldwrldsk, sentiminteel-kristlik hld jim de bek mar, ik wit it wol. Op e ein fan e Foarstrjitte waard s in gls glhwein oanbean.

Dan is it acht oere, myn soan is wer fset. Ik knip it nijs oan en dan krijt men soks. Ferdomme, dr haw ik dochs gjin nocht oan!

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 16 desimber 2010)

 

 

De neakene wierheid

 

p it eiln Valentia yn it Ierske greefskip Kerry stiet in grfstieneftich monumintsje dat fertelt dat hjir de earste transatlantsyke kabel oankaam. Der wienen destiids noch gjin terroristen dyt sokke kabels ferrinnewearje woenen, dat men koe der grutsk en optein kunde fan dwaan.

Ik nim net oan dat der yn Katwyk en Beverwyk ek sokke monumintsjes steane, net iens in geel boerd mei in K derop. De dingen moatte langer geheim hlden wurde. Oft se ek geheim binne? As men op it ynternet siket om transatlantyske kabels, dan komt men grif op en doer wol by Katwyk en Beverwyk t. It is my oant no ta net slagge, mar wat langer sykje en mear gelok, dan komt men der grif wol.

Wat hat Julian Assange eigentlik ferklapt dat in snoade ynternetter sels net fine kinnen hie? Neat, tink ik. Oer Rotterdam hoege wy it net te hawwen. Dat san std tnoeget ta in terroristyske aksje, seit himsels. Mar itselde jildt fan Hamboarch en Antwerpen.

En fierder, wat hat Assange oan it ljocht brocht dat wy net allang wisten of fermoeden? Dat wy yn Afghanistan neat bedije soenen, wie nei koarte tiid ddlik. De Russen hienen it nammers daalk al sein: it is s net slagge, it slagget jim ek net.

In tlekt mailtsje oer in petear fan Herman van Rompuy mei de Amerikaanske ambassadeur yn Belgi, Howard Gutman, drt Van Rompuy yn seit dat de Jeropeanen Afghanistan in ferlerne saak neame, is miskien pikant, mar gjin nijs. Dat wist elkenien en dat seit elkenien dyt net ferplichte is om t te hlden dat de keizer kreas yn t habyt is.

En fierder, der falt in soad te gnizen om de wrantelichheden fan Amerikaanske diplomaten oangeande har kontakten mei tlnske pommeranten en poeha-figueren. Earme diplomaten dyt altyd it smoel yn e ploai hlde moatte.

It probleem mei Julian Assange is, dat er net allinne mei kompjters ompielt, mar ek mei froulju. Dy saken soe men skiede moatte, mar dat slagget net al te goed, nuvergench.

Anne Wadman hat ris ferteld dat er as jong Fryskbeweger te hearen krige fan in jongkeardel, ek t bewegingsrnten, dyt jild stellen hie en homoseksueel wie. Foar Anne wienen beide feiten like slim en ek net goed fan inoar los te meitsjen. Dr skamme er him letter wol wat foar.

Hjir liket him ek sokssawat foar te dwaan: feiten ntbleatsje en froulju ntbleatsje, twa saken dyt trochinoar rinne. Dy beide Sweedske froulju binne oars frijwillich mei Julian op bd gien, dat fan ferkrfting is gjin sprake. Wrt al sprake fan is, by frou 1 liket in kondoom skuord te wzen nder de bedriuwen troch en by frou 2 is noait in kondoom brkt.

Assange hat dus grif net dien wat dy froulju woenen, te witten in (nij) kondoom pakke. Dat is gjin halsmisdied. Faaks kin men it egostysk neame, of hufterich, of nfoarsichtich, of nferskillich. Assange kin net mei froulju omgean, seit frou 1. Leau ik graach, by san whizzkid hlde de sosiale feardichheiden ornaris net oer. Mar soks is gjin reden foar in ynternasjonaal opspoaringsbefel.

Oan de oare kant begryp ik Assange skoan, hy is in dreaune man, in man mei in misje, hy is oer alle boegen in man fan e neakene wierheid: gjin sinsuer, gjin kondoom.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 9 desimber 2010)

 

 

Thsleas

 

k moast yn myn soans hs wachtsje op in matras dyt t Ljouwert wei brocht wurde soe. Dat ik rn kertier foar achten al mei de hn btendoar. Foar my is dat nfatsoenlike betiid. Ik bin moarns let en jns let, mar net de hele dei let, want stipt seis oere haw ik it iten op e tafel.

It wie stjerrende kld, it waaide jin troch alles hinne. No wienen dy earme dakleazen al wer trije kertier lyn t har waarme nst skopt. It liket my ta, der binne oangenamere manieren om dea te gean.

Myn frou brocht my mei de auto nei de oare kant de std, dan kaam ik teminsten ridlik waarm oer. Want kld yn in kld hs, dan wurdt men noait wer waarm. De termostaat die gelokkich wat ik woe, mar om fan tsien graden op twintich te kommen, dat soe oeren duorje.

Ik hie in stikje ble mei, dat hie ik de jns fan te foaren al klearmakke. Mei it senseo-apparaat koe ik my rde, dat in hap ble, in kop kofje en in sigretsje en doe koe it grutte wachtsjen begjinne. Se soenen tusken acht oere en healwei alven komme, mar de nderfining leart dat se ornaris it lste kertier fan e termyn oanskiten komme. Dy lju kinne net planne, of se sitte te lang op it hske.

De reidplmen by de stedsgrft lns waaiden wyld hinne en wer. It ruisen van het ranke riet skreau Guido Gezelle, dat yn it Frysk oerset is as it rzen fan it ruoikjend reid. Wromt dy dichtrigel fan Gezelle moai neamd wurdt, haw ik nea begrepen. Fanwegen dy trijedbele r? Mar dan soe readrikke rierreljirre ek in pracht dichtrigel wze.

No op e dyk omrinne as dakleaze, healwei njoggenen en al wer oardeloere op e swalk. Ik siet mei de waarme hnekuierdersskuon oan, jas oan, muots op en wanten oan yn in keamer drt de timperatuer no op tsieneninheale graad stie. Ik koe it amper waarm hlde, mar altyd better as buotten yn dy snijende kjeld.

In dakleaze, dat haw ik lzen, hat gjin dak boppe de holle en libbet deis en nachts op e strjitte. In thsleaze hat nachts wol in nderkommen, in keamer yn in leechsteand hs, in ld fabryk of in hok, mar dat is syn ths net, hy hat dr neat eigens. It liket my allebeide op fleanen.

Ik fielde my oars ek wol in bytsje thsleas. It hs is noch sa leech. Der stiet in tafel mei stuollen, der is ek al in kapstok, mar der is noch neat dat in hs ta in gesellich honk makket. Der is grutte kns dat oare lju de keamer drt ik ornaris yn tahld in grutte binde neame. Dat is it eigentlik ek wol, mar ik fiel my der wol by, it is allegear myn eigen rotsoai.

Dat wol in minske dochs. Men wol in ths ha. Sjochst ek wol swalkers mei in ld winkelweintsje drt se fan alles yn meislepe. Plestik puodden fol dit en dat, en net allinnich klean of itensspul, mar ek frutseltsjes dyt it libben wat opsiere. Dak- en thsleazen binne gauris troch omstannichheden op e dyk bedarre, wurdt sein, mar se hawwe ek faak psychyske problemen. Mar psychyske problemen kinne dochs nea in reden wze om jin ferhneloartsje te litten?

Healwei tsienen, noch mar in kop senseo. De termostaat stie yntusken al op tolve graden, mar ik koe it net oan e lea fernimme. Ik hope, se soenen der mei in oere wol wze, ik woe nei hs ta, de waarmte yn.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 2 desimber 2010)

 

 

De klaai is griis novimber

 

in novimber, men kin sinteklaas hast rikke, de bakker hat de winkel al wer fol sinteklazeguod. Mar de krystdagen binne noch mear as in earmlingte fan jin f. Makket dat dat minsken yn dreamen flechtsje? Der komt winter, der komt snie, der komt iis!

De hjerst is foar guon minsken in ferskrikking. Alles griis, omploege foar de nije maityd. De klaai is griis novimber is de titel fan in koartbye dichtbondel fan Joop Boomsma. No grif, foar in Wldpyk moat de ierde om Menaam hinne hjerstmis safolle wze as de bare hel.

Ik mei de hjerst wol lije, teminsten as it droechsum waar is. Net lykas no, it reint net en it storeint net, it sit der tusken yn. Mar de boksen reitsje jin aardich beslingere. De ffallen blden plakke oan e wiete strjitte.

Begjint dan it deidreamen? Der komt winter! It kin, foar sinteklaas op redens, dat is wol earder bard. Mar oft it no barre sil?

It sil frieze, miskien wol trije nachten efterinoar in graad of fjouwer. No, dan moatte de nderstrpte leechlannen berydber wze. En der komt ek snie, wurdt der by sein. Mar as der snie komt, dan kin it frieze dat it ongelet, it iis waakst net mear oan. De snie wurket as in tekken dyt soarget foar broei.

Dat behinderet de nijsminsken net om optein te fantasearjen oer wrt de earste koartebaanwedstriid op natoeriis hlden wurde sil. Is dat Nijelamer, Aldtsjerk, Haulerwyk?

Ik rin de wiete strjitte del, it is merk, mar de klanten bliuwe wei of dogge hastich har dingen. In jonkje komt my op roltsjeredens temjitte. Ja, inline skates hyt dat soarte mei fjouwer tsjillen. Is dat jonkje oan t gekoanstekken? Minsken, as jimme ride wolle, dan moat dat s. Dat oare kinne jim ferjitte.

Likegoed sitte Henk Angenent en Erik Hulzebosch yn De Wereld Draait Door te sjanterjen dat sy as ld-wedstriidriders net meidwaan kinne oan de Alvestdetocht dyt miskien ein nije wike al, of yn alle gefallen fuort nei sinteklaas hlden wurde kin. It is net earlik, sy hawwe de Alvestdetocht grut makke. Henk Kroes leit geduldich t dat regels binne no ienkear regels. Sa is dat ornaris mei regels.

Likegoed stowe de snieskowers de winkels t, der binne al in 35.000 ferkocht. It fabryk yn Vlagtwedde dat him yn snieskeppen en skowers spesialisearre hat, makket oeroeren. It mei gjin kwea fansels, miskien komt der yn jannewaris of febrewaris in bst pak snie en dan hat men dat ding al fst yn e hs. Ferline jier stie men ommers ek oates en toates it paad foar hs skjin te meitsjen. Dat is boargerplicht, mien ik, yn alle gefallen it is wol fatsoenlik foar oaren oer. Mar earlik, oan e ein fan e winter hie ik de boom fan myn boargerplichtigens berikt.

Mar no al? Freed of sneon al sniedunen drt gjin trochkommensein oan is? En grouwe stikken iis yn sleatten en fearten? Ynearsten is de novimberske klaai noch griis, weak en wiet.

O, der sil grif wol wat wintersk ngeriif komme. Wiete snie dyt strjitten en wegen glysterich makket. Beferzen autoslotten, akkys dyt temin stroom leverje, slippende v-snaren, soks. Mar mei sinteklaas binne de wegen wol wer droech en begeanber, tink ik, hoopje ik. Ik mei ferhipte graach sinteklazeguod.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 25 novimber 2010)

 

 

De boadskipper wurdt straft

 

mer 30 yn e Badelochstrjitte te Haarlim stiet te keap. Neffens de advertinsje een rustige, kindvriendelijke straat, nabij plantsoen. Miskien no wol, mar doet Eric Lucassen op nmer 27 wenne, wie it streekje net sa kindvriendelijk. Lucassen jage bern en memmen fuort t it boarterstntsje efterhs.

Woansdei 10 novimber: WNL, dat is Wakker Nederland, in nije, rjochtse omrop, hat in item oer Eric Lucassen yn Uitgesproken WNL. Neffens de buorlju makke Lucassen him skuldich oan yntimidaasje en bedriging. Lju dyt mei de hn by syn hiem lns rnen, waarden fuortskolden. Hy drigeminte by har troch de brievebus te migen of har in amer mige of sltsoer oer de kop te smiten. In oerbuorfrou hiet in fette baarch en in kankerlijer. In kear of fjouwer fiif ha de buorlju oanjefte tsjin him dien en hast likefaak hat de plysje him yn e boeiens fan hs helle.

In lekkere jonge dus, in misbaksel dat it hele buorrentsje yn nstjoer bringt. Mar wrom ferbaast it my net dat dy persoan foar de PVV yn e Twadde Keamer sit? Is men nei alle grappen en gritsen sa synysk wurden dat men de PVV allinnich mei rouwens en rgens lykslaan kin?

Wat my drfoaroer wol ferbaasde, wie dat dit item brocht waard troch Michiel Bicker Caarten, dat ik foar in rjochtse man hldt, en yn it nijsprogramma fan Wakker Nederland, in necht bern fan de Telegraaf. Wolle se by WNL de loftse tsjerke foarby stribje?

Tongersdei 11 novimber: RTL bringt it nijs dat Lucassen as sersjant-ynstruktuer seksuele omgong hn hat mei froulju dyt nder syn gesach foelen. Hy is dr foar bestraft. It hat him fspile yn e kaserne te Ermelo grapjassen ferhaspelen dy namme ta Spermelo.

Hy hat, al wer neffens RTL, ek rzje makke yn in wiitwinkeltsje. In barman by de strt pakt, soks.

Even der tuskentroch: dat wurd wiit hat myn destiidske kollega Anne van der Mark betocht. Wy hawwe al wyt, wiet en wiid, dat hoe moatte wy it Nederlnske wurd wiet ferfryskje? Wy hawwe allinnich wiit noch frij, wie Anne fan betinken. De tspraak liket nammers tige op it Ingelske weed, dat is in bykommend foardeel.

Men soe ferwachtsje, no binne de rapen gear. De man dyt foar de PVV de porteflje wonen en wijken beheart, hat jierrenlang in buertsje terrorisearre. Dy man wurdt der t skopt, dy wurdt der t kegele. Tachtich fan e hndert minsken dyt Maurice de Hond om har miening frege hat, tinke dat Lucassen opstappe moat. Mar wat bart der as Lucassen t de fraksje kinkele wurdt en hy bliuwt as ienmanspartij yn e keamer sitten? Dan hawwe CDA, VVD en PVV langer gjin mearheid.

It duorret lang, it duorret dagen, en dit is san gefoelige kwestje, dy moat winliken yn in etmel oplost en oan e kant wze.

Dan komt it ferlossende wurd: Eric Lucassen mei bliuwe. Hy hat tasein dat er nea wer froulju tskelle sil foar fette baarch en dat er nea wer drigemintsje sil om by lju troch de brievebus te pisjen.

Lucassen mei bliuwe. Mar der moat grif dochs ien bliede foar dizze affre en dat is... Michiel Bicker Caarten, haadredakteur fan WNL en presintator fan har programma Uitgesproken. Hy krijt dien wurk. De boadskipper wurdt straft.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 18 novimber 2010)

 

 

It keninkryk der himelen

 

st ritueel: sjaal om, jas oan, muots op, riem pakke, kaaien pakke. Diskear bleau ik der yn hingjen: der lei in roubrief op e matte. Tiny Mulder. Ik seach de jiertallen nei, ik miende se wie sechstjin jier lder as my, mar dat wie dus santjin. Ja, by de dea wurdt in soad opheldere. Routsjinst tiisdeitemiddei, op in gaadlike tiid. Foartyd de hn der t, neityd itensiere.

De hn waard ngeduerich, fansels, hy hat it ritueel noch fster yn e kop as ik. Kom mar. Riem oer de kop en der t. Ferhip, de kaaien fergetten. No, myn frou en soan soenen ien oere wol wer ths wze, se wienen healwei alven nei Ljouwert gien om wat ditten en datten.

Ien oere, gjin auto. Mar de sinne skynde, dat ik gyng op it bankje foar hs sitten. Noch even fan e sinne genietsje? Wat sitte jim dr moai yn t sintsje. Dat seinen foarbyfytsers. Jahaa, kraaide ik. Ik woe elkenien net oan e noas hingje dat ik de kaaien fergetten hie, soks giet samar de hele std troch.

Fan twa buorlju krige ik nderdak en in bak kofje of thee oanbean. Bst gench, mar ik hold it f. Ik koe dy hn net btendoar litte en dy hn by in oar yn e hs, dat giet ml. Hy rkt allerhande nije dingen en sneupt yn alle hoeken en hernen. Hy pakt dingen t it finsterbank en raamt oer de salontafel hinne.

Doe frege nije buorfrou oft ik der yn komme woe. Dat koe oangean. De nije buorlju binne oan t ferbouwen en in blyn hynder kin dr neat bedjerre. De hn rauste oer it pn yn e gong hinne troch de keuken it tn yn, want alle doarren stienen iepen. Doe kaam er werom, snaaide in toffel fan buorfrou en begn drmei yn it tn te dnsjen.

Goed fjouwer oere, dr wienen se einliken. Doe hie ik allang besletten, ik gean net nei dy routsjinst, Tiny hat my hjoed gench tiid koste. Want it wie allegear har skuld.

Ik bin dochs nei de routsjinst gien, dat koe net oars. Mar ik woe ek wat t e wei rmje en ferprate. Tiny hat ris in fers makke, en dat hat ek yn e krante stien, drt teloarstelling t bliken docht dat it keninkryk noch noait kommen is. Ik keninkryk gods, bedoelt se, of it keninkryk der himelen.

Mar Tiny, dat komt net, dat komt noait, dat s der al. As ik op bd gean, dan lizze de hn en de kat tegearre yn e bak. Soms de hn op e side en de kat oprle mei de rch tsjin de waarme hnestrt oan. Dat is it keninkryk fan god, en foart ik it ljocht tknip en de trepsdoar iepen lk, bin ik foar in momint yn dat keninkryk opnommen.

It binne mar stuiten, mar it is der likegoed wol. In hoart lyn hawwe wy mei in ploech folk de Ulbe van Houten-tocht rn. Fan Deinum oer Blessum en dan it tsjerkepaad del nei Boksum. Dat wie it paradys. Sompich en jarrich, mar likegoed it paradys.

Do hast ferkeard sjoen, Tiny, of de ferkearde kant t sjoen. Of is dyn ferske in plichtmjittich griffermeard ferske it lde kowepaadsje del? Do hast wol better witten, Tiny, nei dit libben komt neat mear, himel en hel binne diskant it grf.

Do bist no gien nei in plak drst net mear biste. Mar hiesto yn in Jomandajurk yn e himel omspane wolle en de godgnske dei sjonge fan Skeepke onder Jezus hoede? It hat sa dochs goed west, Tiny? Ja, dat hat it.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 11 novimber 2010)

 

 

Immaninte gerjochtichheid

 

e wurdfierder fan biskop Lonard fan Belgi hat de boel der by del smiten. Der is mei dy man net te wurkjen, seit er, it is in spoekrider. Hy makket it iene ngemak nei it oare en de wurdfierder moat it allegearre mar wer ferhimmelje en beklauwe.

Ferline wike hie de wurdfierder al warskge dat de biskop him oan e krystdagen ta de bek hlde moast. Gjin nije provokaasjes mear, rst, stilte. Dat wie nei oanlieding fan de biskop syn sizzen dat men pedofile preesters fan fiifentachtich jier net mear hytfolgje en bestraffe moast, dat wie ynhumaan. De hele parse foel oer Lonard gear en de wurdfierder moast wer rjochtprate wat krm wie.

It saakje stie eigentlik al op springen snt der in pear wike lyn in boek mei petearen fan Lonard tkommen wie. De biskop hie alle tstellen fan de wurdfierder ta tekskorreksje negearre. Sa stie der bygelyks yn dat boek dat aids wie in soarte fan immaninte gerjochtichheid foar in los libben. It wie gjin straf fan hegerhn, gjin yngripen fan in transsindinte boarne, sat er deftich sei, mar mear in saak fan it kwea straft himsels.

De media wienen dr doe ek al mei man en macht oer gearfallen. Mar wat bedoelt de man krekt? Immanint en transsindint dat earst mar. Immanint betsjut yn e saak besletten lizzend, transsindint is boppe de saak tgeand. God is transsindint, hy stiicht boppe s bestean t. Hy kin straffe en beleanje as persoan dyt bten en boppe s stiet. God kin bygelyks beslute fan do slachst mei oare froulju om, ik straf dy mei aids.

Mar as in aksje net tgiet fan in reedlik en seedlik wzen, hoe kin men dan fan gerjochtichheid prate? Is der in hiv-fierus dat tinkt fan: ha, do pissest bten de poat, ik sil dy wol even siik meitsje? As ik my de mle baarn oan it hite sop, moat ik dan begripe dat it sop my straft foar myn roppigens?

It komt my foar, Lonard is it paad finaal bjuster, der is gjin gerjochtichheid yn e natoer, de natoer is amoreel.

It liket soms sels, de natoer is immoreel, it goede treft de tsjoeden, it tsjoede treft de goeden. De Preker wist dat twaeninhealtzen jier lyn al (haadstik 7, fers 15): ... der is in rjochtfeardige dyt yn syn rjochtfeardichheid omkomt, en der is in goddeleaze dyt yn syn tsjoedens lang libbet.

Dy ymmaninte gerjochtichheid fan Lonard docht tinken oan de natuerlike rjochtfeardichheid dyt yn boereromans preke wurdt. In boer dyt net suver libbet, dy wurdt straft mei heabroei of tongblier.

Sa mient Douwe Wallinga, de haadpersoan fan De gouden swipe fan Abe Brouwer, dat hy de swipe, priis by in hurddraafwedstriid, net wurdich wie en dat er, troch dy te winnen, kwea dien hat. En no, mient er, straft de swipe him foar syn kweadwaan.

Douwe beseft net dat er kwea dien hat tsjin syn frou en syn soan, nee, inkeld tsjin de swipe. En it is net god dyt him straft, mar de swipe.

In minske hat mei syn meiminsken te krijen en mei god as er der foar kiest om him tsjinoer dy ynstnsje te ferantwurdzjen. Wallinga en Lonard hingje in asosiaal leauwe oan, drt minsken en god gjin rol yn spylje. De minske stiet yn al syn earmelytsens foar syn einichste rjochter en boal: de natoer.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 4 novimber 2010)

 

 

It mearke fersteurd

 

e Flaamske strafpleiter Jef Vermassen haw ik altyd heech hn. In man dyt de midden hold tusken in oankleier en in ferdigener en de rol fan in wize rjochter maklik op him nimme koe, in man dyt him net nei de teinen jeie liet, mar begryp hie foar dieder en slachtoffer.

Jef Vermassen is by my troch de koer sakke. Ik siet nei Canvas te sjen en myn frou siet efter de laptop oan e keamerstafel. Wat raast dy kearel! sei se op in stuit. Ja, ik seach mei ferbjustering nei de oars sa rstige en reedlike Vermassen, totaal oer syn toeren, slachtoffer fan syn opswypke emoasjes.

Der is gjin skyn fan bewiis dat Els Clottemans har rivale Els van Doren de dea yn dreaun hat, en dat gemis oan bewiis besiket Vermassen te oerrazen mei in heap oanwizingen of alteast oantigingen.

Els Clottemans en Els van Doren binne beide parasjutespringers. Pikanter is dat se ek beide fereale binne op in man t Eindhoven en dat se soms tagelyk by him sliepe, de iene by him op bd, de oare yn e wenkeamer. It liket sa te wzen dat de man t Eindhoven Van Doren it leafst hat, as minske, as seksuele partner, dat is net ddlik. Likemin is ddlik wromt er de relaasje mei Clottemans dan dochs oanhldt.

Yn novimber 2006 springe Van Doren en Clottemans beide t in fleanmasine. Clottemans komt goed del, mar Van Doren har parasjute giet net iepen en se dondert fjouwer kilometer nei nderen ta. Kroandea.

Dan docht bliken dat de parasjute fan Van Doren sabotearre is en dan komt ek oan it ljocht dat se beide in relaasje hienen mei de man t Eindhoven. Rivalen dus, en dus hat Clottemans Van Doren deamakke. Der is gjin bewiis, der is neat, no ja, in heap ldwivepraat. Mar Clottemans krijt tritich jier sel.

De man fan Van Doren, Jan de Wilde, de bern fan Van Doren, bruorren, susters, sweagers, snoarskes, lden, allegear betsjgje se dat Els van Doren in bste frou, mem, suster, snoarske en dochter wie. It wie ek in frou dyt har man en bern bedondere, mar dr ha wy it even net oer. De agresje rjochtet him net op Van Doren, mar op Clottemans, en dat hat Vermassen knap dien. Van Doren de sierlike prinsesse, Clottemans de nsjogge heks.

Nei de tspraak nimt in VRT-sjoernaliste Jan de Wilde in ynterview f. Ien fraach stelt se net: Menhear De Wilde, jo frou hat jo jierrenlang bedondere en mei in oare kearel neukt. Binne jo net bliid dat jo fan dat rotwiif f binne? De sjoernalisten helpe der ek oan mei om posthm it byld te sketsen fan in foarbyldich houlik dat ferrinnewearre is troch in kweade heks.

Oardel jier lyn haw ik in roman publisearre oer in frou dyt nei tiden fan hifkjen en wifkjen in skiedingsfersyk yntsjinnet. Krekt op e dei dat se dat docht, komt har man om by in terroristyske oanslach. Dan draait se de hele boel werom, it wie in goed houlik en it wie in goede man, se hat noait skiede wollen.

Is dit senario net in tikje nwierskynlik, haw ik my doe wol ffrege. Nee dus, sa gek binne minsken. Jan de Wilde, syn bern, syn sibben, de abbekaten, de sjuery, de parse, meiinoar bewize se dat myn senario doocht.

Al moatte wy lige dat s de kloaten klapperje, de moaiskyn fan it mearke moat bewarre bliuwe.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 28 oktober 2010)

 

 

 

Efter it kattelk

 

k wol tolvetzen euro skeafergoeding fan Geert Wilders ha, want snt dy begn is te donderjeien oer dy ferrekte islam, doar s kat net mear troch it lkje nei bten ta. Hy mient mar dat allah oarekant dat lkje stiet mei in kneppel yn e hannen om him in loech f te sjen.

Stil mar, wit ik wol, mar dy kat is in kat en dy hat in katteferstn. Hy hat hjir en dr wat opheind en dr in nuver ferhaal fan gearpongele, en dat is syn wierheid. Hy leaut dat it sa is en net oars. Men kin fan alles tsjin him sizze, him dit en dat foarhlde, mar hy hldt fst oan syn oertsjging: allah stiet oarekant it kattelk mei in kneppel. Kinst him tgnize, kinst op him skelle, kinst him foar gek ferklearje, mar sat in eardere bakker t Top en Twel as sechje hie -: timmasattis ma timmassa.

Allegeduerigen sit er foar it lkje te jammerjen, hy moat der t of hy wol der t, mar hy doar net. Al jierren koe er him rde bten de poepdoas, mar dy ha wy wer foar t ljocht helle en op e gong set. Kinne wy nachts teminsten trochsliepe. Mar deis wol er der t. Ik doch dan de doar foar him op en sis: Sjuch mar, Oskar, allah bestiet net. Nee, allah is der no net, dat sjucht poes ek wol, mar as de baas fuortgiet, dan is allah der wer.

Wy ha de kat oan e falium hn, mar dr reagearret er fierste heftich op, hy dondert oeral om en leit foar pampus. Dat wy ha nei de bistedokter west en dy hie wol wat foar s Oskar, saneamde ferjitterspillen. Dy pillen litte it dierlike part fan jins harsens gewurde, dat iten, skiten en sliepen giet gewoan troch, mar se nderdrukke prakkesaasjes en yntellektuele bespegelingen. Dat, tige gaadlik foar s kat..., mar rottekrd djoer.

Dat sadwaande wolle wy skeafergoeding ha. Alle moannen hndert euro oan pillen, dat is tolvehndert yn t jier, dat is tolvetzen yn tsien jier. Dy kat kin noch bst tsien jier libje.

Dit is gjin gekheid, dit is serieus. En as it dochs gekheid neamd wurde moat, dan is it gjin gruttere gekheid as de gekheid dyt earmestumperjankepotmoslims tsjin Wilders yn bringe.

Lytse moslimbern, seit Mohammed Rabbae, binne sa bang dat Wilders har it ln t sette sil, dat se jns net yn e sliep komme kinne en soms midden yn e nacht ljend en moartsjend wekker wurde, swimmend yn it swit en de pis.

As ik rjochter wie, soe ik frege ha om de nammen en adressen fan dy bern, en ik soe frege ha om in rapport fan in psycholooch dyt befstiget dat dy bern wier troch Wilders sa fan it keatling binne. En ik soe frege ha: hoe komme dy bern oan dy wysheid, hawwe de lden har dat ynsknd?

Mar de rjochter lit Rabbae eamelje.

Naoual Abaida fertelt dat op e universiteit in omslach plak hn hat snt it optreden fan Wilders. Paadbjustere studintes mei in holdoekje op wurde nei it skjinmakhok wiisd en as sy mei de ramadan in drankje wegeret, wurdt har dat ferwiten. Se hie winliken net yn e rjochtbank stean wollen, sei se letter, mar se moast foar har folk opkomme.

En ik moat foar s kat opkomme.

Ofwaaid praat fan Rabbae en Abaida, hoe kin in mins it t e holle stjitte? Akkoart, myn ferhaal oer s kat is ek fwaaid praat. Mar myn ferhaal is teminsten moai. Ws earlik!

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 21 oktober 2010)

 

 

 

Misdiedige dommens

 

at komt no diskear tafallich sa t, seit Mark Rutte, it hie ek oarsom wze kinnen, trije manlike ministers en njoggen froulike. Dat is net neffens de wierheid. Ik mei net sizze dat Rutte lycht, want ligen nderstelt it mei opsetsin ferdraaien fan de wierheid, en dat kin ik net bewize.

Rutte suggerearret dat as men snder op it sekseferskil acht te slaan in keppeltsje minsken byien siket, der likefolle kns is dat der mear froulju as dat der mear manlju binne. De wierheid is, dat der yn 80% - ik doch mar in goai fan de gefallen mear manlju as froulju wze sille. Men kin dat net oan it tafal oerlitte. Wol men likefolle froulju as manlju ha, dan moat men dr meisin om tinke en jins bst dwaan om se te finen.

Tsjinstanners fan it mei opsetsin soargjen foar in evenredige fertsjintwurdiging fan froulju, eventueel it ynstellen fan in kwotum, fine soks fernederjend foar froulju. Froulju moatte op grn fan har kapasiteiten oan e top komme, net fanwegen har geslachtsorgaan.

Froulju en manlju binne lykweardich, hawwe likense knsen en kinne likefolle berikke. Goai it mar yn myn pet! It is mooglik dat yn beskate rnten, faaks wol grutte rnten, manlju en froulju as lykweardich beskge wurde, mar dat poetst trijetzen jier ferhddking net yn ien feech fuort.

Yn e ldheid waard de frou fereare as it symboal fan e fruchtberheid. Yn it lde Isral binne byldsjes fn fan e goadin Asjera mei fgryslik grutte boarsten. Asjera wie grif de partner fan JHWH, de manlike god dyt miskien Jahweh of miskien Jehovah neamd wurde moat. Nei de Babyloanyske ballingskip is it t mei Asjera, se wurdt fersmiten as in heidenske goadin en JHWH wurdt allinnehearsker yn it lde Isral.

Wat is der bard? Ik tink heel simpel, de manlju hawwe ntdutsen dat in skiep dat net nder de raam west hat, dat lammet net. En dat wie, sille se redenearre ha, by minsken ek sa. It wie dus net de frou dyt bern fuortbrocht, it wie de man. De frou wie allinnich mar in briedkoer, in fruchtber plak drt it sied fan e man waakse koe.

It wie yn s kriten net hsriem, mar der bestiet in sechje hy hat syn tntsje yn e bou en dat betsjut dat in man syn wiif swier makke hat. Miskien is dat sechje net kwea miend, mar it lit dochs nbedoeld in wurdearring blike: de frou hat in pde potgrn yn it liif en de man struit syn goudsjeblomsied dr oerhinne.

Neist ferearing fan e frou, omt se bern krije koe, moat der ek in soad oergeunst en rankune west ha, en dat krije de froulju op har brea. Ienkear tfn dat in man ek wichtich is foar de fuortplanting, teart it byld fan e frou om. Se wurdt twadderangs, se wurdt redusearre ta in omgroeid ovarium, se hat gjin siel en ek net folle ferstn.

De efterstelling, fernedering en ferhddking fan froulju, likefolle fan maatskippij as tsjerke hat ieuwen oanholden en hldt noch oan. Sjoch de Roomske tsjerke, sjoch it SGP.

Dy efterstelling fan froulju sit manlju n froulju yn it murch en yn e bonken. Mar Mark Rutte wol hawwe, der is niks te rden, it is poer tafal dat syn ministersklub t folle mear manlju as froulju bestiet. Rutte syn domheid grinzget oan misdiedichheid.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 14 oktober 2010)

 

Haat siedzje

rnaris is myn lste loop mei de hn, jns healwei tolven, in slach by de grft lns. Alle beammen hat wol in hn tsjinoan pisse, dat soks lokket ta mear pisjen t. Mar as de hn om sn oere net skiten hat, dan rin ik nachts even nei Pierke de Vries ta. Dr is gers en dr binne grippels. Us hn sit skik noch fatsoen oan, soe s heit sizze, mar hy skyt altyd moai yn e bedelte.

Ferline wike moasten wy wer san loop oangean. De hn die flot wat wet en sede fan him easken, mar hy moast syn beweging ek ha. Dat wy rnen it gersfjild even om, oer it begjin fan it parkearterrein.

Doe seach ik op it paad tusken de parkearde autos in man rinnen. Bysnder, want it is dr nachts tstoarn. Mar noch aparter, hy swaaide breedt mei de rjochter earm. Myn earste tinken, hy hat in hntsje oan it tou en dat hntsje stoot fan rjochts nei lofts. Mar sa moai regelmjittich dogge hntsjes dat net.

Oan e ein fan it parkearterrein kearde de persoan om en kaam wer op s ta. Ik loek de hn mei en ferskle my efter in auto. Noch hieltyd swaaiend mei de earm kaam de man tichterby. It like dat er oan e lofter earm in kuorke hie drt er iderkear wat t pakte om fuort te struien. Mar wat dan? Spikers? Ik hearde neat tinkeljen. Doe seach ik, wat ik foar lang, swart hier holden hie, dat wie in pet mei earkleppen.

Ik werkende him oan syn noas, in smel, puntich noaske dat as in pylk nei it doel wiist. In wiisnoaske om sa te sizzen. It wie Geert Wilders, en ik begriep dalik wat er by de ein hie: hy wie oan it haat siedzjen.

It struien fan keunstdong mei de hn, dat haw ik noch wol sjoen. Us heit hat dat wol dien en it wie rotwurk, want de keunstdong plakte oan jins wiete, switterige earms en friet it fel kapot. Mar bitesied struie bygelyks, dat gie yn myn jeugd al mei de masine. Wilders koe fansels net mei in siedmasine nei Frjentsjer komme, de izeren tsjillen soenen alle sliepkoppen wekker makke hawwe.

Rop no net dat ik in ldehoer bin, want it begryp haatsiedzjen as ien wurd skreaun - haw ik net betocht. It is betocht troch emosjonele idioaten en juridyske idioaten hawwe it oernommen. En juridyske idioaten beare dat haatsiedzjen in slim fergryp is.

Mar jonges, haatsiedzjen bestiet net, it is in nsinwurd.

Amerikanen haatsje fan alles, as men se heart. I hate this en I hate that. Mar wy hawwe earne in hekel oan, of meie it ien of oar net lije, of hawwe it grou op in persoan. En dr is fansels neat op tsjin, nimmen is ferplichte om alles en elkenien like moai en aardich te neamen.

Mei ik ek tsjgje fan myn nfrede mei saken of persoanen en oare minsken besykje te bewegen om it mei my iens te wzen? Fansels. Wy binne tsjin de ferbrningsne dyt yn Harns boud wurdt en dr tsjgje wy fan middels in rtbiljet. Wy besykje oaren te beynfloedzjen en oer te heljen ta s stnpunt. Mar dat neamt gjinien haat siedzjen. Ja, in breinroere aktivist of in paadbjustere jurist miskien.

As Wilders fan miening is dat de islam in misdiedige beweging is dyt fan doel is om alle minsken te bekearen en te nderwerpen - en dyt net yn goedens wol, dy wurdt de kop fslein -, dan mei er dat sizze. Soks is dochs ek sein fan it faksisme en it nazisme? Polityk rjochts racht op polityk lofts en polityk lofts warskget foar polityk rjochts. Partijen en bewegingen bestride inoar en meitsje inoar swart. Dat is allegear legitym.

As Wilders fan miening is dat de koran in faksistysk kloateboek is, dan mei er dat sizze. Literre krityk is frij. As ik fan in boek fan Rink sis dat it oanset ta pedofily en moard en oplichting en terrorisme, dan bin ik net strafber. De lju sille my miskien foar gek ferslite, mar dat is myn risiko. Ik doch gjin kwea.

Wilders docht ek neat ferkeards mei de koran te ferketterjen. Men mei him foar gek ferslite, mar him strafber stelle? Absurd.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 6 oktober 2010)

 

 

Troch it rip fuorre

 

inzenen yn Nederln kleie dat se te min iten krije. Foarhinne deis tolve stikjes ble en no mar de helte mear. Mar oft it no om it bytsje iten giet, of it soarte fan iten, of de smaak derfan, finzenen kleie altyd oer it iten. t Soe ik ek dwaan. Lsten in miel waarm iten yn it sikehs hn, en dan tinkt men ek: leaver sn en dea.

t Wie in hasjeehap mei jerappelpomp en reade koal. Ik nim oan, de jerappelpuree kaam t in ynstantpakje, de koal smakke wier nei neat en de hasjee, dat wie in sauske mei imitaasje sipelsmaak. Fan echte sipels koenen se dat papke fansels ek net meitsje, dan wie yn e nacht it dak fan it sikehs f blaasd.

Ferhongerje dy minsken yn e finzenissen? Der binne mle foarbylden, bygelyks in Amerikaan dyt 187 kilo woech en nei acht moanne finzenis noch 140 kilo. Hy sit fst foar moard en wachtet op syn proses. Hoet er dy moard pleegd hat, wurdt net ferteld, mar ik tink hy is gewoan op ien sitten gien mei syn grouwe bealch.

Belgyske finzenen dyt yn Nederln fstsitte wy ha sellen oer en sy ha te min kleie ek: se krije noait patat, of friet sat se sels sizze. Siet ik yn Belgi fst, ik soe seure om nije jerappels mei soerstip en bret spek. As men net sels jins prakje klear meitsje kin en men hinget fan in gaarkeukenkok f, it mei wze yn in ldereinhs of sikehs of kaserne of finzenis, dan seurt men.

Begryp ik it goed, dan hawwe de finzenissen net iens mear in koken mei in kok, mar se keapje magnetronmielen yn en dy ferpartsje se. Ik ha se wolris lizzen sjoen yn e supermerk, mar noait perbearre, dy plestik bakjes mei in boerekoalprak of readekoalprak of spagettyprak. It lokket net t. Hat men wier gjin tiid om iten te sieden, dan bakt men doch in hnfol spekjes t en waarmet in blik grauwe earte op? In pear stikken ble mei bakte aaien, in tomaat en in augurk stiet ek samar op e tafel.

Ja, dat wit ik, der binne minsken, dy fine san kant en klear protsje lekker en maklik, benammen maklik. No, myn segen ha se. Mar mei ik foarby?

Dy tolve stikken ble deis, dat liket my in aldermlste ple ta. Ik krij deis net mear as trije stikjes efter de kiezzen. It is wier, myn measte iten is foarby, ik kin net safolle mear op as doet ik jong wie. Dat is fansels normaal, mar der wurdt amper rekken mei holden. Utsein yn Dtsln, dr kin men, teminsten yn guon streken, senioaremielen krije.

Nuver, foar s hnen ha wy by it lder wurden altyd oanpast foer kocht, senior of light hyt dat. It foarnaamste is dat dr minder aaiwiten yn sitte. Alde hnen kinne dy aaiwiten net goed mear fertarre en begjinne der fgryslik fan f te skiten, dat rkt men wier fan e finsters f oan e kastdoarren ta. Us hn stjonkt no noch, mar as in hske, net mear as in hs.

Dy twatzen kaloryen dyt in minske neffens de finzenisdirekteuren noadich hat, dat is in statistysk midsmjittige. Se hlde der gjin rekken mei dat statistysk midsmjittige minsken net bestean. Jonge minsken kinne mear op as lderen en se hawwe ek mear ferlet. Jonge finzenen soenen ek wat ekstra fet en aaiwiten ha moatte en lderen wat minder. Dat kin men dochs ienfldich regelje mei in sjsleefke en in sean aai?

Dan moat de magnetron der t en de kok werom. Mar dan noch.

As men finzen sit, yn in echte finzenis of yn in ldereinhs, dan hat men net folle ferdivedaasje. It ble-iten, it waarmiten, it kop kofje en tee, dat brekt de dei. Dat binne de mominten drt men nei t sjocht. Mar as men dr op libje moat, as dat jin troch de tiid skuorre moat, dan moatte dy mielen al fan bjusterbaarlike kwaliteit en smaak wze, sil dat slagje. Al liet men de bste restaurants fan e std om bar de mielen fersoargje, de finzene de lde stumper ieten noch mei lange tosken, haw ik soarch.

In droege plasse ble, mar dat yn frijheid, dr giet elk foar.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 29 septimber 2010)

 

 

Trouwe of baarne

 

y woe it sels wol dwaan, mei twa bakstiennen, sei Jean-Marie Dedecker, in Flaamsk politikus. Hy woe hawwe de eardere biskop Roger Vangheluwe, dyt jierrenlang in omkesizzer seksueel misbrkt hat, soe finzenset en kastrearre wurde.

Jean-Marie Dedecker giet foar in man dyt syn wurden net altyd mei oerlis kiest. Dizze opmerking fan him fn ik ek net sa smaakfol.

It kastrearjen mei bakstiennen ken ik t in lde mop, wol lyts fjirtich jier ld tink. It wie de tiid fan de cruel jokes, mar ek fan de uterst rjochtse, polityk foute moppen en dy dan leafst ferteld troch minsken dyt as lofts en humaan te boek stean woenen. In soarte fan begekjen fan eigen opfettingen. Of miskien in sabeare politike coming out wy hlde s wol hartstikke lofts, mar winliken binne wy rjochtse rotsakken.

De mop wie sa: Witst hoet se negers kastrearje? Nee? No, dat dogge se mei twa bakstiennen. O, soa. Mar o-soa wie net gench, men moast as harker op syn nnoazelst freegje fan: docht dat dan net sear? Dan koe de ferteller mei in mylde glimk de clou fertelle: allinne ast de tmen der tusken hldst.

Ik naam oan dat Dedecker syn oprisping ek oan dy mop ntliend hie, mar dat hoecht net wier te wzen. Op it ynternet sirkulearje ferskillende tstellen om dy en dy mei bakstiennen te kastrearjen. Meastal fkomstich fan it roppende en rachende tskot dat pedofilen en bsefolders en loftse tsjerke en frekte finen op ien bult smyt en hertstochtlik nei in sterke man tsjucht.

Oer it tskot hoecht men jin net te ferbazen. Ik ha my al ferbaasd dat der yn it Flaamske tillefyzjenijs, dat ik trou sjuch, helendal neat sein waard oer Dedecker syn fwaaid praat. Te nsmaaklik, te cru, te och it is Dedecker wer? Mar ik soe der al wat fan sein ha. Negearjen liket miskien wiis en ferstandich, mar it kin oerkomme as leffens. Se ha nammers yn Flaanderen minne wjerfaringen mei in cordon sanitaire.

Reinder van der Leest fertelt yn in gedicht dat de ik-figuer by de rippetysje-Frnsk de ferbging fan de tiidwurden avoir en tre op de billen fan syn buorfamke sjen mocht. It fers beslt mei: letter mocht ik har billen net mear sjen/ mar doe stienen der ek slimmere tiidwurden op:/ savoir en pouvoir.

Eks-biskop Vangheluwe is fiifensantich jier, der is by him gjin driuw mear nei it savoir, hy wit it allang, hy kin it wol dreame. It geheim hat syn glns ferlern. En it pouvoir? As men oer de santich is, kin dat gjin sprekken mear lije. Wrom dy man noch kastrearje?

Dan soe men leaver de jonge preesters kastrearje moatte, en dan gemysk fansels, net op syn Dedeckers. Mar yn dat gefal moatte de goeden it mei de kweaden belije. Dy goeden, dy kinne de nthlding grif opbringe. Of se hawwe stikem in homo- of heteroseksule relaasje. Bst gench.

It hat neat mei it selibaat noadich, sizze de hege miters yn e Roomske tsjerke. Nee it sil grif it wurk fan de duvel wze dyt gods eigen tsjerke nei gychem helpe wol. Of god sels sit der efter, hy bringt de preesters yn e ferlieding om har te hifkjen en te lotterjen. Och, hld doch op! It is foar in jong minske net goed om allinnich te wzen. Men fljucht ommers op en doer fan ellinde yn e gerdinen op.

Ik ha ris mei in jonge preester yn e trein sitten, ik koe him oerflakkich. Hy liet my erotyske ferhalen lze dyt er skreaun hie. Oer in famke dat mei de bleate kont op in skylde banaam siet en de drits platte nder har wei. It wie mear idioat as erotysk. Earme jonge, hy hie gjin twei foar syn geilens, oars net as dit papierene surrogaat.

Ferskillende Flaamske biskoppen wolle troude manlju talitte ta it preesterskip. Se folgje dr mei Paulus, dyt yn syn earste brief oan e Korintirs, haadstik 7 fers 9, skreau: Mar as hja har net nthlde kinne, lit harren dan trouwe, want it is better te trouwen as te baarnen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 22 septimber 2010)

 

 

No Mosk Here

 

o mosk here, rp s soan tsjin de kat dyt troch it lkje nei bten ta wipte. Nee, wy ha eigentlik nea mear mosken yn it tn en dat is al opholden fier foart wy wer in kat krigen. Ik slach alle dagen trou it tafellekken mei krmels t, mar der taalt gjin fgel nei. Soms slikket de hn de krmkes op en ik ha moarns ek wolris in soad slakkespoaren sjoen. Nea witten dat slakken ble meie, mar it skynt sa.

Wy ha lderwetske dakpannen, ldhollnsk wurde se neamd. Dy hawwe fan nderen rmte gench om in mosk troch te litten en se lizze bytiden ek nochal nsljocht, dat hjir en dr is noch wolris in gatsje.

Doet neist in tal jierren in protsje stikkene en fskulfere pannen ferfongen waard, wienen it allegear lde nsten. Wromt se letter weibleauwen, ik wit it net. It bart noch wolris dat se der binne, lsten trije tagelyk yn e sierprmebeam en ienris, dat wie in unikum, fiif neist inoar op e daksgoatte. Mar ornaris, neat. En wy ha dy bisten neat misdien. Ja, dat tinkt men dan, no? Dat it jins skuld is. Dat se har net wolkom fiele.

Yn New York dus ek gjin mosken. Dat hie k ek net ferwachte, yn san drokke strjitte weagje har gjin mosken. Oare fgels nammers ek net. Dowen saaie regelmjittich op pleinen del, benammen as se witte dat der wat te heljen is, mar mosken binne dochs in krm skouwer.

Wat besielet Manus Oalje om nei New York te reizjen en de lju dre te fertellen dat hjir ek al gjin mosk is? Dat sille se wol witte, foarsafiert it fleanend dierte har niget teminsten hat. Stedsjers binne ornaris gjin fgeltsjeminsken.

Hy, Manus, hie better thsbliuwe kinnen om te gedogen, hy kin der dochs net fan t gean dat it him allegear mar tafalt en oanwaait? Der moat wat dien wurde: gedogen bliksem! Jas t, mouwen opstrpe.

Ik ha gedogen lsten oerset mei duldzje en talitte. Dat hie k t it wurdboek, mar men moat eigentlik net yn it wurdboek sjen, men moat rstich neitinke: hoe sizze wy dat yn deistich Frysk? Ornaris springt it jin nferwachts en spontaan foar de geast, wy sizze gewoan fan gewurde litte. Bygelyks: it keapjen en ferkeapjen fan softdrugs is ferbean, mar de oerheid lit it gewurde. Sa sizze wy dat.

It is nammers net wier, wat tsjinstanners fan e gedoogfariant sizze, dat men yn it btenln net tlizze kin wat foar regearkonstruksje it om giet: se hawwe dr net iens in wurd foar! Ien-op-ien, of wurd-foar-wurd fertaling is net altyd mooglik, wurden hawwe yn ferskillende talen ek ferskillende bybetsjuttingen. Mar drom kin men wol ddlik meitsje wat men bedoelt. Yn it Dtsk: zulassen, yn it Frnsk: tolrer, yn it Ingelsk: tolerate.

Ja, en dan kin men fan foarenfoan begjinne, want men sobbet op it ferkearde suertsje om. It docht bliken, hjir is in ferkeard wurd keazen. Gedogen is gjin gedogen. Is men no san suffert dat men dr gewoan yn trapet en politisy op har wurd leaut?

Gedogen, gewurde litte, is wat tastean dat net troch de mesken kin of drt men sels eins neat foar fielt. Dat is hjir net oan e oarder. De PVV lit de kombinaasje fan CDA en VVD net syn gong gean, hoewolt er eins tsjin dat regear is. Nee, de PVV is foar dit regear en seit ta dat er it CDA en de VVD yn it algemeen en op in pear fprate punten yn it bysnder stypje sil.

Gedogen betsjut yn dit gefal dus net fan tsjin it sin en mei in kwea gewisse in saak gewurde litte, mar in saak mei opsetsin befoarderje. Wrom dit misliedend taalgebrk?

Ik ha my mei dy New Yorkers nammers raar fersind. Se soenen witte moatte dat der yn e drokke strjitten fan har std gjin mosk te bekennen is, mar doet Geert Wilders rp fan No Mosk Here, begnen se manmachtich itselde te ljen. Rare minsken.

Nim oan, myn soan en ik gienen yn it tn stean te mlglen fan Hjir Gjin Mosk de kat mocht wol tinke dat it s yn e plasse slein wie.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 15 septimber 2010)

 

 

 

It oargel swijt

 

b Klink giet foar in baas yntellektueel yn it CDA. Syn grut ferstn is my earlik sein noait opfallen. Ut syn gegriem mei it smookferbod yn grutte kroegen en lytse kroegen is my mar ien ding ddlik wurden: in kneukelhouwer.

Yn kroegen mei personeel soe net mear smookt wurde meie om dat personeel te beskermjen tsjin twongen meismoken. Dat like my in flauwekul-argumint: wat kelner wurdt akseptearret de omstannichheden mar goed, it wie in argumint en formeel wie der neat tsjin yn te lizzen.

Mar dan de lytse kroegen snder personeel. Dr soe dus wol smookt wurde meie want de baas is sels baas. Nee, sei Klank, want foar alle kroegen moatte de regels itselde wze, grutte kroegen net smoke, dan lytse kroegen ek net smoke. Drmei is it argumint fan it beskermjen fan it personeel dus ynienen net relevant mear.

Yn in hshlding mei twa jonges, alve en trettjin jier ld, brekt ien in skonk en dy moat nei it sikehs. Fan Klink moat dat oare jonkje ek net it sikehs want men moat alle bern gelyk behannelje.

Ab Klink is in yntellektueel, wurdt yn CDA-rnten sein. Mar syn tlis oer it smookferbod haw ik noait kop noch sturt oan fine kinnen. In lulkoeker, dy Ab, in man dyt yn syn eigen redenearring fertiist. As Klink sein hie, bygelyks, as de iene traper fan e fyts boppe stiet, dan stiet de oare nder, dan hie ik sein sjoch, dy man is by steat ta in krekte waarnimming en hy is by steat om dy waarnimming eksakt nder wurden te bringen. Hy is in yntellektueel yn in nutedop.

Dy Ab Klink, de lulkoeker, kaam ferline wike mei in brief drt er yn sei dat er it net sitten seach mei de PVV. Dr wie er ryklik let mei, want hy hie dat trije moanne lyn ek wol witte kinnen. De PVV mei yn it regear, fol ferantwurdlik foar it dwaan en litten fan it kabinet, dat hie wat west. Rzje en rotsoai en nei in healjier de boel finaal yn e bulten. Wilders plat op e bek en foargoed yn e groppe.

Ik nim oan, CDA en VVD hawwe net synysk gench west om dizze klucht oan te gean, ta heil fan e naasje sa te sizzen, mar wat se no dien hawwe wie btenwenstich nayf: de duld-fariant of de talit-fariant. Drmei leinen se de kop yn Wilders syn strp en hy koe har nei beleaven smge en smoare litte.

Tagelyk makken se Wilders en syn opfettingen salonfhig: de stipe fan Wilders op krusiale mominten, dr moast fan e kant fan it CDA en de VVD wat foaroer stean, wat fan ynskiklikheid, wat fan begryp, wat fan goedkarren.

Dat moast dan ek wer mei in heap yntellektule rimram ntkend wurde: wy binne it der oer iens dat wy it niens binne. Wy as CDA en VVD distansiearje s folslein fan Wilders syn opfettingen oangeande de islam, folslein. Ja, mar jimme hawwe syn stipe al noadich en dus...

CDA en VVD woenen Wilders brke as se him noadich hienen en btendoar jeie as him slite koenen. Ja, leau dat mar net, Wilders hie him yn jim keuken nestele, de skonken op e tafel lein en hy wie mei gjin stk wer fuort te krijen.

En no smyt Klink it ark derhinne en stapt op. Suffert, do hiest bliuwe moatten en trochpakke, no litst dy alles t e hannen falle. Brektme oan betrouwen yn e fraksje hyt it. Dat sizzen tekenet de yntellektueel, want no witte wy abslt net wat der te rden is. Betrout Klink de oare fraksjeleden net, betrouwe de oare fraksjeleden Klink net, of betrouwe beide partijen inoar net?

Wat ik moai fn fan Klink, dat wie syn sizzen voluit op het orgel. Ik seach de lytse Ab op in jntyd yn e tsjerke sitte. Men hearde it rzen fan e wyn as dmny syn stim even stil foel. It wie kerbstich waar. De gls-yn-leadruten rattelen bytiden. Dan liet it oargel him hearre, it ld boaze oan en de klanken donderen oer de gemeenteleden hinne en lieten har huverje en trilje fan geniet. In psalm jubele it tsjerkepaad del. Gouden tiden, Ab. Koenen wy mar bern bliuwe.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 8 septimber 2010)

 

 

Hunkemller en de misje

 

m by te dragen ta in fredige mienskip moat men moat oarmans miening respektearje, wurdt sein. Dat liket my baarlike nsin ta. Men hat respekt foar in miening omt it in respektabele miening is, mar men hat gjin respekt foar in miening allinnich mar omt dy utere wurdt troch in schdier dat uterlik op in minske liket.

As ien de grutste flauwekul tkreamt of de slimste stommiteiten, dan hat men dr dochs gjin respekt foar? Men skodhollet en keart de idioat de rch ta.

CDA en VVD wolle Geert Wilders syn miening dat de islam net in godstsjinst is mar in ideology respektearje. Dr ferlieze se ek it minimale bytsje respekt mei dat in minske op grn fan syn minskewzen ta komt. Wat Wilders seit is kolder, dat is fwaaid praat. Wilders is gek mei de leppel yn e bek en wat syn tspraak oer de islam respektearret is like gek, mei of snder leppel.

Moslims leauwe dat der in nsichtber en ntaastber wzen bestiet dat de wrld makke hat en bestjoert. Sy tsjinje dat wzen troch har oan e regels te hlden dyt hy har oplein hat en se oanbidde him. Se tsjinje har god, en dat is dus godstsjinst.

It giet by godstsjinst noait inkeld om de relaasje fan it yndividu mei it opperwzen. Ta de godstsjinst heart ek de samling fan ideen oer de minske en de mienskip. Dat kin men ideology neame. Wilders syn opposysje tusken godstsjinst en ideology is drom nsin, godstsjinst is altyd (ek) ideology.

It giet yn it Alde Testamint net inkeld om de minske yn syn relaasje ta god, mar ek om de regelingen oangeande besit, bygelyks. De ldste soan krijt it erfskip, de oare jonges wurde fslte. As ien syn besit kwytrekket, moat de famylje him byspringe. It giet ek om kulinre foarskriften, gjin hazzen en bargen ite, wol geiten en kij. It giet ek, en dat is opmerklik, om it fergodlikjen fan de territoriale claim op it gebiet Palestina. It Alde Testamint hat in politike ynslach.

Mar dat is net ngewoan. De beslissing om Bonifacius de harsens yn te slaan wie net godstsjinstich motivearre, mar polityk. It kristendom wienen de lde Friezen net sa fkearich fan, de preker Bonifacius spriek nammers in taal Ald-Ingelsk dyt se neikomme koenen: it wie hast in lnsman. Mar Bonifacius hie ek in polityk doel mei syn misje-aktiviteiten, hy woe troch de wei fan it kristendom ienheid yn Jeropa bringe. De lde Friezen aanden dat se sadwaande har frijheid kwytreitsje soenen, dy ferrekte Franken soenen dan dochs noch de baas wurde. Dat, dea dy kearel.

Mohammed sil mei syn koran ek wol oare doelen hn ha as strikt-godstsjinstige: syn folk op e kaart sette, politike ienheid skeppe yn in tizeboel fan stammen, dy ferrekte joaden foarby strjibje mei in eigen, superieure tekstfariant.

Neffens Wilders is de islam in kweadaardige ideology. Dat sizzen mocht er wol wat nderbouwe. Ideology wurdt ornaris omskreaun as de opfettingen oer de relaasjes tusken minsken en de ynrjochting fan e mienskip. Ideology sil ek wol in lesterlik geheel fan leagens en falske foarstellingen wze kinne as der in hearskjende klasse is dyt by machte is om it folk blynseach de ferkearde wei op te stjoeren. Dan komt men al ringen telne by Karl Marx dyt ideology omskriuwt as it falske bewustwzen.

Mar dat Wilders syn wysheid by Marx opstutsen hat, dat wol jin net oan. Wilders is ommers op en t in rjochtse jonge. Of dochs? Hat er syn opfettingen dochs oan Marx ntliend en ferfangt er de besittende klasse fan Marx troch islamityske foaroanmannen?

Suvere godstsjinst, drt Wilders grif yn leaut, bestiet net. De missionarissen dyt de earme negers it evangeelje brochten, tochten wol deeglik ek om de kommersje. Bleate boarsten, froulju, dat kin net, dat is net kristlik. Dat der waarden skipsladingen bhs t Jeropa wei nei Afrika fearn. Hunkemller is der smoarryk mei wurden.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 1 septimber 2010)

 

 

Tritichtzen kilo

 

ans Westra, direkteur fan e Anne Frank Stifting, sei dat dy omwaaide kastanjebeam wie tritichtzen kilo swier. Dat like my in bjusterbaarlik heech gewicht ta. Mar alles om Anne Frank hinne wurdt fansels ferskriklik tfergrutte,

Sa te sjen hie dy beam in trochsneed fan de helte fan in mansel, lit sizze njoggentich sintimeter. Wie dy beam kant, dan soe in sneed drfan in oerflak hawwe fan 0,9m x 0,9m is 0,81m. Mar in beam is rn en men moat it oerflak fan in sneed berekkenje mei in drege formule: ∏ (sprek t: py) r. R is de saneamde striel, de helte fan de langste distnsje tusken bast en bast. Dat soe yn it gefal fan in beam fan 90 sintimeter dus 45 sintimeter wze. Mar ik koe mei gjin mooglikheid mear betinke wat ∏ wie. Wie dat 0,14? Koe net. 2,14? It wie te lang lyn.

Mar men kin de dingen ek rchwei berekkenje. Dat haw ik altyd dien doet artikels yn de supermerk noch net skend waarden, mar troch de kasjre yntypt. Dr koenen fouten by makke wurde. Ik seach dan yn myn karke: in flesse molke, in pak kofje, margarine, blom ensfh., dat moat op san tolve gne delkomme. As de kasjre dan sei fan tsien of fan fjirtjin, dan wie it goed.

As dy beam no ris fjouwerkant wie mei siden fan ien meter en dy beam wie net fan hout, mar fan wetter, dan soe elke meter hichte fan de stam in gewicht opsmite fan tzen kilo. It soartlik gewicht fan wetter is ien, te sizzen in kubike desimeter wetter is ien kilo. Yn in meter sitte tsien desimeters, dat rekkenje mar nei: tsien yn e lingte, tsien yn e breedte en tsien yn e hichte, dat makket tzen.

Tritichtzen kilo, sei Westra. Dan soe dy beam tritich meter heech wze moatte. Fansels, de stam wurdt nei boppen ta smelder en der ferskine oeral tken en twigen. Mar ik tink dat wy it iene tsjin it oare weistreekje meie. It ferlies oan stam wurdt kompensearre troch de winst oan tken. Mar net oerkompensearre. It is net oannimlik dat in meter krn mear massa en mear gewicht hat as in meter stam. Dan soenen de tken fknappe. Der moat evenredichheid wze tusken stam en krn, de evolsje hat grif harmony opsmiten.

Fansels hat dy beam noait tritich meter heech west. En hy hie ek net in trochsneed mei in oerflak fan 1m. It sil net mear west ha as in 0,65m. Mar der is noch wat oars, it soartlik gewicht fan hout is leger as dat fan wetter. Hout driuwt op wetter, dat sil snoade lju wolris opfallen wze.

Foar it soartlik gewicht fan kastanjehout fynt men op it ynternet tallen fan 0,55 oant 0,7. Dat komt, der binne ferskillende soarten kastanjes. Men hat wylde kastanjes, nuete kastanjes, treurkastanjes, ferrotte kastanjes en sintimintele kutkastanjes. Lit s it soartlik gewicht fan dizze kastanjebeam sette op in midsmjittige 0,625. Dan waacht it hout fan dy beam neffens myn berekking - trochsneed 0,65m x 15m hichte x sg 0,625 - in goeie seistzen kilo.

It is net helendal ddlik oft it oanjne gewicht fan tritich tonne inkeld betrekking hie op de beam of ek om de stielen konstruksje der omhinne. As myn berekkening fan it hout doocht, dan soe it izer fjouwerentweintich tonne wage moatte. Dat is ek net te leauwen. Der binne fansels gjin massive balken brkt, mar holle buizen. De krft fan in stange of balke sit yn it oerflak.

It soartlik gewicht fan izer is 7,87, dat dat tikket aardich oan. Mar om op fjouwerentweintich tonne te kommen soenen dy izeren buizen trije buizen fan tsien meter heech mei twa ringen om de beam hinne omsmolten ta in blok in omfang hawwe moatte fan ien by ien by trije meter. Dat liket my nwierskynlik.

Hawar, de beam leit. No Anne noch. Dat pedofile gedweil mei dat fanke moat ik fan koarje. De beam dyt Anne sjen koe, hienen wy ek sa graach sjen wollen, sei in jankerich minske. Ja, en it kamp drt Anne yn omkommen is, hienen wy ek graach yn omkomme wollen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 25 augustus 2010)

 

 

Dmnys mandemint

 

t biskoplik mandemint fan 1954, dat haw ik fansels meimakke en ik wit de haadsaken derfan ek noch wol. Eigenaardich winliken, want as men sechstjin is hat men net de measte niget oan wat lde hearen yn lange rokken beweare. Moaie famkes yn koarte rokken sprekke jin mear oan.

Roomske minsken mochten net meidwaan oan sosialistyske organisaasjes. Dat wienen dus de PvdA, it loftse fakferbn, de VARA en wat der eventueel mear oan loftsichs en sosialistysksk wie. Dr moat by s ths oer praat wze, want ik haw altyd fan dat mandemint witten.

It rekke s net. Yn e hele gemeente Ferwerterdeel wienen ornaris mar fjouwer stimmen op de KVP en wy fregen s dan f hokker frjemde figueren dat wol wze mochten. Wy wienen nammers ek net lofts, wy wienen fan de CHU, dat wie in rjochts-kristlike partij, drt it benammen fan opfoel dat er sa ferrekte anty-Frysk wie.

Us heit hie him as jongkeardel yn e holle helle dat er in steunpylder fan e maatskippij wze woe en hy wie sadwaande aktyf yn it boere-arbeidersbn, de tsjerke, as diaken en knapelieder, en yn de polityk, de CHU dus. Hy hat sels, troch tfal fan sittende riedsleden, noch in jier yn e gemeenteried sitten. Doe ntdiek er ta syn ferbjustering dat er it slach op slach mei de sosialisten iens wie, mar hy moast oars stimme. Hy koe godtank de humor der fan ynsjen.

Ja, der waard by s praat oer polityk, maatskippij en tsjerke. En hoewolt men as jonge de wetichheden fan jins lden leafst sa fier mooglik fan jin f hldt, men krijt dochs in klap fan e moalpde mei. Opfieding ta alle kristlike en maatskiplike deugden kin men nea wer mei in wiet waskhantsje fuortfeie.

Moat men de aksjes fan dmnys as Hans Wachtmeester fan Hingelo ek sjen as in soarte fan mandemint? Der binne dmnys dyt fan e stoel f tsjin de PVV preekje, net mar even tusken noas en lippen fan as jo it my freegje Agema, dan moatte wy net... nee, iepen en bleat en ex cathedra: net mei de PVV.

Wilders komt oan e grnrjochten fan de minsken, sizze dy dmnys, hy taast de frijheid fan moslims om op har manier yn god te leauwen oan. It binne benammen dmnys fan de PKN dyt tsjin Wilders agearje, dat is folt de Protestanse Kerk Nederland. Ik ha altyd muoite mei dat letterwurd, ik ha de oanstriid om it om te draaien ta KPN, mar dat betsjut Knok-Ploech Nederland en dat is dus heel wat oars.

Alhoewol, sille dy dmnys mei inoar in knokploech foarmje, in Gideonsbinde? Der binne al wer kritisy dyt ha wolle dy dmnys moatte har by it leauwe hlde en har net mei polityk bemuoie: wy hawwe skieding fan tsjerke en steat. Dat is ek sa, de steat bliuwt fan de tsjerke f. Mar moat de tsjerke ek fan de steat, de polityk, de maatskippij fbliuwe? Om my net.

Dus, hup dmnys. Set him op, witte muizen!

Dit is nammers in oare aksje as dy fan de biskoppen yn 1954. It gyng de Roomske lieders om it eigen terrein, de eigen macht, by einsluten ek om it eigen hachje. De dmnys giet it yn earste opslach net om harsels en de eigen tsjerke, mar om de frijheid fan oarsleauwigen, de moslims, en dat is wol sympatyk.

Fansels binne dy moslims healwize lju mei har regels en foarskriften. Dat is gekheid, leauwen is wat oars as keatsen of balskoppen, dr jilde regels, men kin in bal bten slaan en men kin btenspul stean. It is ek in yntolerante godstsjinst, beide nei bten en nei binnen ta - de froulju witte der fan. Mar it is in leauwe.

Frijheid fan godstsjint hldt yn: de oerheid lkt minsken net foar en stelt se net efter omt se dit leauwe of dat leauwe of neat leauwe. Dat moat in politike partij ek net dwaan.

Wy ha nammers noait witten wat s mem stimde. Us heit wie CHU, ddlik, mar s mem? Ik bin allinne yn dat hokje, wie har sizzen altyd, en dat wie safolle as: ik bin dr mei myn eigen oertsjging en jim hawwe der neat mei noadich.

(18 augustus 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

 

Fjouwer koffers

 

n Nij Beets stiet in rychjeshs mei in wenkeamer fan gevel oant gevel. In doorzonwoning neamden se dat foarhinne. Fierder is der in keuken en in gong mei in hske en in trep. Mear rmte is der net. Op e earste ferdjipping binne trije sliepkeamers en in baaikeamer mei ds en wc. Der is in lk drt men in steile trep t lke kin om op e twadde ferdjipping te kommen. Dat docht hast noait ien.

Op e twadde ferdjipping lizze dingen dyt nea mear brkt wurde, mar dyt bewarre wurde omt, no ja, se kinne nochris fan pas komme. Sa wurdt ommers yn in heel soad hshldingen lde rotsoai bewarre. In kapot rinstek, in bernewein folslein t e moade, in bult oergerdinen dyt gjin mins mear foar de ruten ha wol en sa noch it ien en oar. En fjouwer lde koffers.

Dy koffers giet it om. Steane se moai neist inoar? Binne se opsteapele? Stiet der op fan A, B, C, D, of 1, 2, 3, 4 of steane dr de data op fan de berte fan de popkes? Ik nim oan, dy koffers lizze fersille oer de solder, hjir ien en dr ien. Net opret en weinukt, want se kinne nochris fan pas komme.

Nij Beets is in doarp drt ik mar ienris yn west ha, yn it doarpshs. Der heucht my neat fan, Nij Beets hat foar my altyd in plak west om bylns te riden, gjin pleisterplak, mar in plak drt men dea net lizze wol.

Yn e sechstiger jierren organisearre Ype Poortinga literre gearsitten yn Koartehimmen en dr tufte ik dan fan Loaijingea en letter Gau f op it brommerke hinne. Akkrum is in fleurich en libben doarp, Aldeboarn leit dr ek prachtich mei syn brike toer. Mar dan krijt men de ferskriklike iensumheid fan de Lege Midden, mei as sintrum fan ferskriklikheid Nij Beets. In ein fierder Beets, gelokkich, de Wlden.

It heucht my, ik bin ek wolris oer Soarremoarre en De Feanhoop riden, mar dat is like iensum.

Yn e winter fan 1993-94 bin ik nochris by Nij Beets lns riden, mar dan oer iis. Der wie in tocht t set fan Aldeboarn f nei Nij Beets en De Feanhoop ta en dan oer de Sitebuorster Ie werom nei Aldeboarn. Men koe foart men fsloech nei Nij Beets ek even op en del nei Terwispel. Dr waard de tocht hast de helte langer fan, mar ik fielde my fit, sn, sterk.

Ik hie kanker, mar dat wist ik net. Mar altyd pine yn e lofter earm. Nachts healwei fjouweren der f om in ibuprofen, besykje dy earm wat te plak te krijen. Nei in nacht te min sliep wie ik wrantelich, min te brken. Mar op it iis wie ik gekgench it hearke. Earms op e rch en der gyng ik hinne.

Dat op en del nei Terwispel, dr in kop poeier en in stik koeke by fleurige froulju en werom en doe dwarsoer nei Nij Beets. Fan Nij Beets nei De Feanhoop hat men in soad brechjes en dat nekt jin op en doer. Troch de hken sakje, nder it brechje troch glide en dan de rch wer rjocht. Ik wie bliid dat ik De Feanhoop hie, mar doe wie it noch klauwen om yn Aldeboarn te kommen. Mar ik haw altyd in klauwer west, ik moast it fan myn fanatisme hawwe.

Werom yn Aldeboarn, ik set de hannen oan it stjoer fan e auto en dr is de pine wer. Dy nachts haw ik besocht om mei de earmen op e rch te sliepen, mar wier, dat wol net.

Doe wienen dy koffers der noch net. Teminsten, doe wienen it noch lege koffers. Wat dogge se mei dy koffers? Krijt de famylje dy werom of wurde se ferneatige?

It is in idioat ferhaal, alles meiinoar. Nimmen hat sjoen dat it frommeske swier wie. Dat leau ik net, teminsten as ien op alle dagen rint, dat sjucht men. En in wike letter is se wer plat en dat flt noch mear op. Miskien hawwe se yn Nij Beets de eagen fol fean of turf of faaks rinne se yn dy keale, wynderige oarde altyd te trieneagjen en sjugge se net sa skerp.

Men kin fansels nea bewize dat ien wat sjoen hat drt er sels fan seit dat er it net sjoen hat. Mar yn in doarp fan achttjinhndert ynwenners hat nimmen wat sjoen? Unwierskynlik.

(11 augustus 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Geert hat de leie

 

e beide hynders Mark en Maxime lke tegearre de wein en soargje dat dy behlden te plak slagget. It is in lderwetske haaiwein dyt men bten it iepenloftmuseum nea mear sjucht, mar dyt foar de gelegenheid foar it ljocht helle is. Der soe noch in ramt op kinne om der in weide hea op te loegjen, mar dat is der no net. De wein is no yn syn elemintre steat mei in bkberje en twa sydberjes.

Efter op de wein sit in jonge. It liket wol in famke mei syn lange, ljochte lokken, mar oan it koarte broekje te sjen moat it in jonge wze. Syn bleate skonken bongelje by de bkberje del en slingerje in bytsje troch it hoarten en stjitten fan de wein.

Dy jonge, dat is Geert. Hy mei meiride. Hy woe graach meiride en Mark en Maxime hawwe sein: Toe mar Geert, klatterje der mar op. Ho, wacht, moat ik dy in setsje jaan?

En no sit Geert dr, hy docht neat, hy sit dr moai nskuldich te wzen. Wat kin er dr ek theve? Hy kin ommers neat. De beide hynders, Mark en Maxime, kieze yn grutte ienriedigens it paad dat se gean wolle, in fuorman ha se net fanneden.

Se lykje in bytsje op de hynders dyt eartiids en miskien no noch wol kapweinen troch Ierln lutsen. San kapwein koe men mei de hshlding hiere en dan soarge it hynder derfoar dat men troch de moaie plakjes fan bygelyks Kerry ried en alle jnen op e tiid by in pleisterplak oankaam.

It hynder wist it paad en wykte dr net fan f. Kaam men op in trijesprong en tocht men fan wy moatte mar lofts, want dr liket in doarpke te lizzen drt wy wol even kofjedrinke kinne, dan gyng dat net samar troch. As it hynder yn e kop hie fan rjochts, dan waard it rjochts. Men koe oan e leie lke wat men woe.

S, moatte wy begripe, of moatte wy leauwe wolle, stjoere Mark en Maxime de wein drt sy wolle.

Mar sa is it net. Geert is net in lytse jonge mei bleate knibbeltsjes, hy is in folwoeksen man, en hy sit net efter op e wein mei bongeljende skonken, mar hy sit op it foarkret, de rjochter foet stevich op it tiksels, de leie stiif yn e hannen. As Geert ropt fan hld-om, dan gonne de hynders lofts en as er ropt fan boei-om, dan gonne se rjochts.

Geert hat de feitlike macht. As er ja seit, dan wurdt it ja en as er nee seit, dan wurdt it nee. Ik begryp net dat de VVD en it CDA ik lit dy hynders no mar fleane dat dy har samar mei hd en hier tleverje oan de PVV. As de PVV mei yn it regear siet, dan koenen VVD en CDA easken stelle. Harkris Geert, foar wat heart wat. En harkris Geert, wy wolle yn it bteln gjin smeulske praatsjes opfrette oer dyn anty-islamideen, dat do hldst dy katoen.

As Geert mei yn it regear siet, dan koe men him twinge om syn mieningen te fersftsjen of by te stellen. Mar dat sit er net en hy wol dr net sitte, hy wol de hannen frij hlde.

Geert kin t de keamer wei fan alles roppe oer de koran en de islam en CDA en VVD binne dr formeel net ferantwurdlik foar, sizze se. Geert kin alle ympopulre tstellen fan it kabinet stypje, en hy kin tagelyk de ferantwurdlikheid drfoar by it kabinet lizze. Geert kin alle krinten t de brij pikke en om de kluten hinne ite. Troch yn it foar witte te litten hokker tstellen syn meistimming al of net krije sille, kin er it CDA en de VVD heine en slaan. Syn opruiend praat krije se der op ta. Helendal om e nocht.

Fan de VVD kin ik dit min begripe. In liberale partij, dr heart in ferbod op it bouwen fan moskeen net by, dr heart in ferbod op holdoekjes net by. Is Mark sa bang om it rjochtse nrant dat him oan setelwinst holpen hat in oare kear wer kwyt te reitsjen? Lit it nrant dochs oprotsje nei drt it thsheart.

Fan it CDA is it makliker te begripen, dat is yn wzen in prinsipeleaze partij, dy wol macht ha, dy wol regearje, hoe dan ek, mei wa dan ek. Byneed mei de duvel en syn lde moer.

(4 augustus 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Platwde stumpers en stakkers

 

arst hiet it in wienen omtrint oardel miljoen, letter waard it tal ferlytse ta in trije- of fjouwerhnderttzen minsken. It wie in snoade plysjeman dyt it foar de fst wei berekkene: Lyts oardel miljoen minsken, dat hienen safolle treinen-, bussen- en autofol wze moatten, mar safolle treinen en bussen en autos hawwe Dsburch net oandien, dat dat tal fan in oardel miljoen kin net klopje.

Ik hld fan snoade minsken. Ik hld fan snoade minsken dyt har net fan e wize bringe litte troch emosjonele kulferhalen, mar mar op eigen harsens en sn ferstn betrouwe.

Noch in oar feit: it feestterrein wie berekkene op in twaeninhealhnderttzen feestgongers. Dr soe men by need trijehnderttzen op propje kinne, en miskien noch wol in lytse fyftichtzen, mar dan wie it ek oerfol, barstende fol, nferantwurde fol. Mar lyts oardel miljoen, dus trije-fjouwer kear safolle? Gjin tinken fan.

Yn Frjentsjer wenje san trettjintzen minsken. Dy haw ik noch nea allegear byinoar sjoen en dat begear ik earlik sein ek net. Mei de PC, Agraryske Dagen en oare festiviteiten bliuw ik binnendoarren. Al dat fuotsje foar fuotsje fuortsloffende fet om my hinne, it is my in fgriis.

Mar nim ris oan, al dy trettjintzen soenen de dyk op gean en nei de binnenstd tsjen. Ik tink, de Bredepleats en de Foarstrjitte rekken groatfol, ja it Riedhsplein en de Dykstrjitte soenen oerstreame fan minsken. En dan, yn it ngeunstichste gefal, men is op de eastlike ein fan de Dykstrjitte en men wol nei de oare ein fan e Foarstrjitte by it Sjkeln. Hoe komt men dr, en hoefolle tiid nimt dat?

Yn Dsburch wienen minimaal tweintich kear safolle minsken, en mooglik wol tritich kear. En net ferspraat oer ferskillende strjitten mei twykmooglikheden troch stegen en gloppen, mar allegear op ien bult.

Jo steane dr middenmank en jo moatte pisje.

Neat gjin slimme dingen, jo krije gjin hertoanfal, jo krije gjin tillefoantsje dat jo broer in ngemak hn hat en op de fdeling Yngeande Soarch leit, it komt jo net yn it sin dat jo in gaspit baarne litten hawwe en daliks nei hs ta moatte, nee, neat gjin slims, jo moatte allinnich mar pisje. Foar jo, efter jo, rjochts fan jo en lofts fan jo stanne tachtichtzen minsken.

Dat pisjen kinne jo ferjitte. Lykas jo ek dat gleske bier drt jo san sin oan ha ferjitte kinne, en it broadsje mei skinke dat jo nderweis nei de trein ta keapje wollen hienen. Dy hele trein kinne jo ferjitte. Faaks kinne jo ek noch ferjitte dat jo oer in oere of trije-fjouwer fan dit feestterrein f slagje kinne. De mooglikheid bestiet dat jo hjir benachtsje moatte.

Hoe moat men de minsken oantsjutte dyt nei san feest ta gonne? Binne se idioat, besopen, knettergek, besimpele, ferrotte? Ha se stront yn e harsens of seachmoal?

Ja, ik wit wol, it binne no allegear stumpers en stakkers dyt neatfermoedend nei in muzykfeestje reizgen. In Love Parade, gesellich no? Moai yn it gers sitte op in meinommen tekken, in tas mei broadsjes en flessen kld drinken by jin en de hele dei genietsje. Wa hie tinke kinnen, wa hie ane kinnen, dat it dr sa smoarfol wze soe. Dat kin men dochs net witte? Op soksoarte feesten komme ornaris mar in fyftichtzen minsken f, hoe soe men fermoedzje kinne dat hjir wol seis-sn kear safolle lju op ta sette soenen. Dat koe men dochs as gewoan stumper of gewoan stakker net witte?

De boargemaster fan Dsburch krijt de skuld. Dat leit yn e reden. Hy is in man dyt macht en ferantwurdlikheid taparte is en fan wat men ferwachtsje mei dat er mei harsens bejeftige is. Dy man hie dy harsens brke moatten en dit feest keare.

Fan stumpers en stakkers kin men net begeare dat se har harsens brke, dr binne it stumpers en stakkers foar. Se kinne har harsens net brke, de platwden net, mar de oerlibjenden ek net.

(28 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Hillichheid

 

s ien my fjirtjin dagen lyn frege hie: wr leit Obdam, dan hie ik gokt op Grinsln. De namme klinkt my Saksysk yn e earen. Mar snt koart kin bekend wze dat Obdam yn Noard-Holln leit, rchwei tusken Alkmaar en Hoarn. Pastoar Paul Vlaar hat syn std it earefjild fan de ivige rom ynsketten.

Fuotbaljen en Roomske earetsjinst, dat is safolle as klop-klop-pudding mei Ko Lo Yuk, beide op harsels al net te fretten, mar trochinoar helendal om fan te koarjen. Dr tinke se yn Obdam grif oars oer, yn alle gefallen, se fine balskoppen hartstikke moai en spannend en de earetsjinst net ferkeard mar in bytsje sljocht en dea. Troch de earetsjinst te ferklaaien, te fersieren as fuotbalspul wurdt dy dochs oangenaam en feestlik.

Sa sil Vlaar dat bedoeld hawwe, en oan syn parochianen te fernimmen is er yn dy opset slagge. De lju ornearren dat it in hele gesellige, ferrassende en fleurige tsjinst wie. Klear dus, moai foar wat fan fuotbaljen en godstsjinst, fan godstsjinstich fuotbaljen of in balskoppende earetsjinst hldt. Wat der net fan hldt moat mar thsbliuwe.

Mar Punt seit, biskop Punt fan Haarlim dy seit dat op san manear de hillichheid fan de earetsjinst yn e knipe komt. Dr hat er grif gelyk oan. Dat ouweltsje en dy slok wyn dyt dan transsubstansiarre wurde ta it lichem fan Kristus, of ek wer net helendal mar sokssawat, dat is fansels ferdomde hillich. It is allinnich net ferstannich om dingen hillich te meitsjen of as hillich te beskgjen.

Hillich dat binne de dingen of saken dyt net by it gewoane libben hearre, mar apart steane. Myn sandalen binne net hillich, myn stikje ble ek net. Wy neame de Provinsje Frysln net hillich, de Twadde Keamer net, de grnwet net, Skiphol net, de Dokkumer Ie net, de jiskauto net iens. Alle dingen fan it gewoane libben, alle dingen dyt s libben tmeitsje, s wurk, mar ek s dreamen, s noeden, s freugden, dy binne net hillich. Dy binne gewoan, of sljocht, of slim, of prachtich moai, mar dy binne net hillich.

Wrom, yn e fredesnamme, meitsje se dingen drt se fan sizze dat dy sa wichtich binne yn s libben en foar s libben, ik sis mar god, de ferlossing, de genede, de himel en alles wat dr mei anneks is, wrom meitsje se dy hillich? Wat hillich is, dr ha wy ommers neat oan, dat spilet gjin rol yn it deistige libben.

In hillige god, dr kin ik neat mei. Likemin as mei in hillige fytspomp, want dy hat in lekke slang, of in hillige krskopskroevedraaier, want dy kin gjin grip mear sette. In hillige god haw ik neat oan. Ik haw wat oan in god dyt fungearret as in ekstra akk foar myn elektryske fyts.

Wis, it wie wol wat twrydsk, in goal yn tsjerke, in bal, al dy lju yn it oranje mar ik fyn it hele spektakel om balskoppen hinne oerdreaun en forsearre, dat ik ha net earlik rjocht fan praten. Mar ik ha t ris meimakke by in begraffenistsjinst, doe parte de dmny oan e ein fan e preek mar foar it amen alle tsjerkgongers in keatsbal ta. De ferstoarne hie in ferneamd keatsbalmakker west. Ik fn dat net raar, dit hie de man syn libben west, syn hobby, mar dus ek syn libben. En dr parten wy no yn mei.

Wat Paul Vlaar theefd hat, wie net ferkeard, it hie wat minder tskroeven kinnen, mar dat is alles. No moat de goede man yn retraite en de hillichheid fan de earetsjinst weromfine. Hy moat himsels suverje fan wrldske oangroeisels en de kleare wei ta god sykje. Ja, ik eamelje mar wat, want ik wit echt net wat Vlaar dwaan moat. Wit er sels grif ek net.

As ik Vlaar wie, dan sei ik Aj parapl tsjin Punt. En as de parochianen fan Obdam ferstannich wienen, dan seinen se Aj parapl tsjin de Roomske fundamintalisten. Meitsje fan de tsjerke in ferieningsgebou en fan Vlaar in maatskiplik wurker. Dan ha se ommers alle wille fan e wrld.

En hillichheid, och, skyt op hillichheid.

(21 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Tzen triennen

 

aam men fan de Tsjommerkant f de std yn, dan seach men oarekant de brge in strjitte fol oranje flachjes. It wie sa feestlik, sa fleurich, Frjentsjer fersierd mei tzen freugden.

Sa wie it, sa is it net mear. Tzen freugden waarden tzen triennen.

Der is sneintejn in Spanjert, san bolleboal, san sangriasper en dy hellet t mei syn ngelokkige knollefoet en jaget in bal yn it Nederlnske doel en de Nederlnske hoop nei de strontbult. Dat barde yn e ferlinging, ja-ja, yn e ferlinging. Oardeloere de tiid hn om in punt te skoaren, mar dat koenen se net. Fan de ferlinging moasten se it hawwe, dy stakkerts.

Mei de Tachtichjierrige Oarloch ha se krekt tachtich jier de tiid hn om s der nder te krijen, mar dat is net slagge. Ferlinging bestie doe noch net, teminsten net by oarloggen, se wienen doe snoader en sloaiden net mei de regels. No al, Spanje moast winne en om dy reden moast der in kertier oan de wedstriid fstknope wurde.

Beskamsum dat men it sa helje moat, om jin dea te skamjen, ta de teannen t. Doarre se dr mei ths te kommen, doarre se har neisten nder eagen te kommen? Wy hawwe it wn, no ja, yn e ferlinging.

Mar neffens de regels jildt de goal. Spanje hat wn, Nederln hat ferlern. Spanje is de grutte man, Nederln is lytsman. En drom binne moandei ieremoarns de flachjes ynhelle, losmakke fan daksgoatten en hiemstekjes en soarchsum opteard en yn de grutte doaze flijd. De doaze dyt snt jier en dei by Harke en Gryt op e solder stiet.

En drom hingje no, wat ferskle efter lekkens en slopen, twa oranje nderbroeken oan e line. In manljusnderbroek dat gewoan in nderbroek hyt en in frouljusnderbroek dyt ornaris slip neamd wurdt. Fjouwer wiken lang hawwe man en frou dy broeken om it gat hn, allinnich t dien foar de needsaaklike dingen, mar net ferfarske, net ferskjinne, o nee, dat mei net, dat bringt nheil. Men hldt dy broek oan salangt it toernoai duorret.

De frou hat de broek en de slip sneintejn yn de caustic soda set om de ngerjochtichheden fan fjouwer wike leed en wille der t te baarnen. Moandei ha se yn twa wasken efter inoar meidraaid en no hingje se oan e line. Wat ferskle. Se wurde strak opteard en efter yn e linnenkast opburgen.

De frou hat wite nderbroeken klear lein. Foar him is dat fansels, hy draacht altyd wite. Mar sy sil har de kommende tiid ek net te bten gean oan in fleurich ljochtblau of dnkerread slipke. Se wol him net narje en net fergje. Hy is sa fan e wize, hy kin him fjirtjin dagen lang net oerein krije.

Hy lit, hy lit yn stilte. It fret oan him, it skriemt yn him, hy wurdt fertard fan in frettend fertriet. It Frysk hat ferskillende wurden foar glen: lipe, grine, janke, jammerje, snotterje, moartsje en faaks noch mear. Hjir moat it meast ferhevene en it meast ynderlike wurd keazen wurde: skrieme. It skriemt yn him.

Sy hat de lste oranje tompoezen en de lste oranjeburgers yn it jiskefet kypt en se makket alle dagen syn lekkerste iten klear: seane nije borgers en in gehakbal mei wat seane griente. Gjin raukost, hy is gjin knyn. Blomkoal, andyvje, spinaazje en al sa njonkenlytsen, nei in deimannich, in bosk simmerwoartels t e Wlden. Hy moat wer oranje op syn board ha, hy moat it nder eagen sjen en him der mei fermoedsoenje. Oranje hat ferlern, mar ienris sil oranje winne.

Der is fansels gjin kwestje fan dat wy de faknsje nei Spanje troch sette. Wy hawwe gelokkich in annulearringsfersekering en dr meitsje wy gebrk fan. Wy geane nei Dtsln, dr ha se ek goed bier. In bytsje te hoppich faaks, mar bst yn te nimmen.

Moarn is de polityk der wer, de formaasje en de besunigingen en de hele poppekast. Moarn kin men wer skelle en smeule op de potfertarders en de bsetroppers, de ligers en de draaiers. Dat makket it libben dochs wer draachlik.

(14 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

Met Geert in t land

 

s soan hat in hs hierd en sadwaande komt der drokte op s ta. In hs heart biezemskjin oplevere te wurden en dat wie wol ynoarder, mar likegoed moat men de oerbliuwsels fan lym fan de trep stekke en moat men it behang hifkje: kin dat sa oerferve of oerplakt wurde of moat alles derf? Op in stuit sitte der safolle lagen behang op in muorre, dat der mar ien remeedzje is: alles der f.

As behang op gipsplaat plakt is, dan is it in put om it der f te krijen. Men set it behang te weak en begjint te stekken en te skuorren. Ornaris skuort men allinnich de toplaach der f en bliuwt de nderlaach sitten. Dan dy wietmeitsje en fuorthelje en dan komt men op de twadde laach behang. In bloedich wurk.

Behang dat op in stukadoarde muorre plakt is, dat skuort men der maklik f yn grutte lapen. Yn in goed oere hat men in muorre fan seis meter keal.

It is in nuvere oanwenst om teksten op e muorre te skriuwen foart dy oerplakt wurdt. Ha-ha, dat bliuwt yn der ivichheid sitten. Ha-ha, gjinien sjucht it skielk, mar do en ik witte dat it der stiet. Ik ha dat yn lde huzen wol faker sjoen, fan dy stikume, genipige potsen.

Op de muorre fan myn soans hs stie mei poatlead skreaun: Met Ted in t land altijd trammelant. Wat Ted wie, wit ik net. Miskien de behangplakker, of de assistint-behangplakker, of de opdrachtjouwer. In lokaal-histoarikus soe dat tfine kinne. Om my hoecht dat net, ik woe de spreuk aktueel meitsje troch him justjes te feroarjen: Met Geert in t land altijd trammelant.

No doocht de befeiliging fan Geert wer net. Nee, fansels doocht dy net. In minske dyt in stikhinne oan it normale libben deelnimme wol, dy is net folslein te befeiligjen.

Ien of oare superbefeiligingstsjinst hat om de befeiligingstsjinst te testen in pistoal yn de keamer fan de PVV brocht. Neffens my hat soks gjin inkeld doel as jo net tagelyk in skutter nei binnen slkje. Pistoalen sjitte t harsels net.

It gebou fan de Twadde Keamer liket my oars ek net it tsochte plak om Geert in loech f te sjen. Der binne tefolle minsken, der is befeiliging en men moat in heel soad gongen troch en treppen del om fan ruten te spyljen.

Wat wol kinne soe, mar dat is wat spionaazjeferhaaleftich, men ferklaait jin as boade fan de Twadde Keamer en as Geert efter de kateder stean giet om syn sprek te sprekken en syn skel te skellen, dan set men in gls wetter foar him del en sjit jim tagelyk in fergifpylkje yn e kont. Geert sil dat wol fernimme, mar hoe nfatsoenlik er bytiden ek t e hoeke komme kin, yn it iepenbier, foar de keamerleden en nder it each fan de tillevyzjekameras oan syn kont klauwe, dat sil er net weagje.

Tsien minuten letter sakket Geert yninoar en is dea. Men hat jin dan allang yn it hske ferstrpt yn in ferversoveral en men rint it gebou t. Mar it is wol wat omslachtich alles meiinoar.

Op e dyk wurdt it ek neat. Geart hat altyd in man of seis breedboarsten om him hinne dyt alle kanten tkuere en ornaris skean omheech. Oft se gefaar ferwachtsje t in harkenieltsje drt in kearel sitte kin mei in gewear, is net ddlik. Miskien binne se ek beducht op lytse loftse fgeltsjes dyt samar t in beam of in daksgoatte delsaaien komme kinne en Geert mei frettend guod op e kop skite.

Dy breedboarsten sille wol tsjinje moatte om de kgels op te heinen, oars soe men foar itselde smelboarsten nimme kinne as befeiligers. Mar nimmen is dochs sa gek om mei in pistoal yn e hn oer de strjitte te rinnen en it breedboarstige cordon sanitaire te trochbrekken en Geert fan tichtby in kgel troch de kop te jeien?

Mar is der berhaupt wol ien sa gek om Geert dea te meitsjen? As der minsken wienen dyt mei sokke plannen omrnen, dan hienen se dy dochs allang tfierd? Ik tink, de measte minsken wolle de trammelant om Geert hinne foar gjin jild misse.

(7 july 2010, net yn de LC fanwege simmertiid)

 

 

Deadlike earnst

 

n ferhaal yn de Ljouwerter Krante waard ik eigentlik wol kjel fan. De dea fan in man yn Minnertsgea, dyt fjouwer jier te let begroeven wurdt, waard in poeha fan makke as gyng it om in misdied tsjin de minsklikheid.

Alle oerheidsynstnsjes, semy-oerheidsynstnsjes, tsjerken, ferienings, sportklubs, buertferieningen, aksjekommittees, wolwzensynstnsjes fan Kommisje Boarterstn oant Figuerseachklub, fan Froulju Yn De Oergong oant De Krigele Keatser soenen der manmachtich op tasjen moatte dat der nea, mar dan ek oant yn alle ivichheden nea wer in persoan yn Minnertsgea fjouwer jier dea op bd leit.

Neffens my stonk dy man net, teminsten dr hat men neat fan lzen, dat wat is de ramp no krekt helendal?

Alde minsken wurde gnoarrich, en as fiif al mar lder wurdende bruorren en susters alle dagen meiinoar nder ien dak ferkeare moatte, dan wurdt dat in gegnoar drt in keppel bargen net tsjinoan pisje kin. Wrokje, dwarsbongelje, skeanbekje, kliere, inoar yn e bek hingje oant de dea frede bringt.

Ien fan dy lde wrokkers hat op in stuit besletten dat er gjin gemienskip mear hawwe woe mei de oaren. Jimme moatte my gewurde litte, sokssawat sil er sein ha. Doe hat er de doar mei in klap efter him tichtlutsen en is de trep op set nei syn keammerke ta.

De oare fjouwer sille inoar even ferbjustere oansjoen hawwe: hee, dit is ferfelend, wy koenen ommers sa gesellich wrokje? Mar ien hat miskien luchtich sein: Och, dy lde rotharsens komt wol wer nder as er honger krijt. En oars mar net.

Hy is net wer nder kommen. No, dan net. Dyt nt oars wol, dyt nt oars sil, sei s mem altiten. Faaks kenne se dat sechje yn Minnertsgea ek wol. Yn alle gefallen, se hawwe der neffens libbe. Se hawwe har broer rotsje litten, neffens syn eigen begearen.

Is dat slim? As de oerbliuwende bruorren en susters der gjin problemen mei hawwe, dan is der neat slims. In lyk moat op syn lst nei fiif dagen begroeven wurde, mien ik, en men kin ornearje dat de bruorren en susters neilittich west hawwe mei de dea fan ien fan har net te melden oan de autoriteiten. No, dr kin men se in boete foar jaan, as dat it rjochtsgefoel fan de rjochtlinigen befrediget.

En fierder? In buorman liket sa fan e wize te wzen dat er nachts en deis gjin wink mear yn e eagen krijt en fertard wurdt fan selsferwyt, of plakferfangend selsferwyt. Wat moat men drfan sizze? It stiet de minske frij om alle leed fan e wrld nei him ta te heljen en op syn eigen siel te loegjen. It stiet de minske ek frij om fan elke skeet in tongerslach te meitsjen, mar hy moat him net bekleie as er troch syn eigen wjerljocht rekke wurdt.

Jonges, wat is hjir no helendal te rden? Dit is in idioat gefal, dit is in bizar gefal, wis, mar it earste wat in minske by soks yn it sin komt is skodholje en gnyskje. It giet dochs net oan om hele Minnertsgea te ferketterjen as in doarp dat fan god los is? Men kin dit bizarre foarfal dochs wier net hlde foar in teken fan it ferfal fan de plattelnske seden, as in teken fan it ferdjer en de ferrotting fan alle maatskiplike en kristlike deugden, as in deiklear eksimpel fan de botte nferskillichheid en eigenikkichheid drt it minskdom ta fsakke is?

Jonges, even kalm oan. Der is in man dea en dy wurdt earst nei fjouwer jier begroeven. Dat heart net sa, dat is yn striid mei de goede sede en it goede gebrk, it is ek yn striid mei de wet op de beerdiging fan ferstoarnen.

Mar mear is it ek net. Heegje dit bizarre foarfal net op mei Iepenbiering-eftige ferhalen oer de kommende wrldndergong. Set dit foarfal net op it alter fan de deadlike earnst dyt it libben smoart en op alle libbenswille it near leit.

It iennige wapen tsjin de earnst is de grap. Meitsje leaver fan elke tongerslach in skeet. Dat stjonkt, mar men kin der om gnize.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 30 juny 2010)

 

 

It faaie liif

 

k mei wol itensiede, mar trije dagen efterinoar foar ien man, dr hie ik gjin nocht oan. Dat in dei in Italjaansk gerjocht mei in blik brune beane, bleekseldery, woartel en spinaazje, in dei in blik grauwe earte mei tbret spek en in dei, dochs wat bewurkliker, bakte rjappels mei beantsjes en in troch ende wer troch geare karbonade.

It is wier, nei twa dagen earte en beane litte de yngewanten witte dat se der binne. Mar der binne metoaden om it opskuor del te bdzjen.

Krekt doet ik der mei de hn t soe, sneontejn, begn it te reinen. Net slim, gewoan in bui, mar ik wie der wol nidich om dat it krekt no moast. Op san stuit moat men eins fol betrouwen tinke: Dyt s wiet makket, makket s ek wer droech. Dat haw ik ris heard fan in frommeske dat nei myn bste witten poer-ntsjerklik wie. Mar it hearde wol osa godstsjintich.

Ik hie de bisten iten jn en it skiterige fwaskje dien en stie te fdroegjen. No begn it echt te spielen, dat ik hie it noch bst troffen. En dr stapte my s kat troch de streamende rein, dy gek. Mar hy hie wat swarts yn e bek! Ik hearde him troch it kattelk kommen. O god, gjin healopfretten bisten yn e hs, in jong knyn mei de yngewanten der t, dan kak ik samar oer de tonge.

Ik skuorde de kokensdoar op en dr wie boarrekat en de hn ek al. It wie in swart fgeltsje. Boarre liet it los en it hipte op ien poatsje en sljurkjend mei ien flerkje in eintsje foart. It soe grif deagean, mar ik woe him wol in fredige dea gunne, wrbyt er de dingen fan it libben nochris oertinke koe foart er de geast joech.

Dat ik brulde sa ld dat hn en kat fleagen fan eangst by de doar op en ik jage it fgeltsje foar my t. Troch de foardoar dert, skeat it troch my hinne. Minsken dyt har der graach op foarstean litte dat se net helendal ngefoelich binne foar it godlike, sizze dan: It waard my ynjn. Flauwekul allegearre! Foar needsitewaasjes hat men in tal oplossingen yn jins harsens drt men troch en dei net fan wit, mar dyt yn needsitewaasjes spontaan tefoarskyn springe.

Ik in stoel tsjin de klapdoar oan en it fgeltsje efter de kattepoepdoas weijeie en de foarste gong yn. Doar ticht! Man, ik hie it ret. De foardoar op! Mar no siet fgeltsjeman efter de paraplbak. Mei in gongelstk der wei reagje en doe soe er de gong op e nij yn mar mei de foet haw ik him de doar t treaun. Besykje by dy beam te kommen en stjer yn frede.

Mar wat docht dat bist, it wie in jonge klyster, tink ik, hy makket in pear hipkes en ynienen dr fljucht er! Hy fljucht skean de grft oer nei it plein foar de Roomske tsjerke ta.

Ik hie tocht, dy kat hie him sa knoeid dat er deagean soe. Us hn is sft yn e bek, dat moat er wze want it is in retriever. Mar dy kat, dat is in meubel, in moardner.

It fgeltsje libbe, mar hoe soe it psychysk mei him wze? Hy koe wol in posttraumatysk stress syndroom skipe ha. Troch in reade boarre yn e bek nommen, troch in reade hn begnfd en troch in reade kearel ta de doar tskopt. Foargoed foar it sosialisme ferlern.

Soe dat fgeltsje Roomsk wze, dat er daliks nei it tsjerkeplein fleach? Dat hoegde net, miskien wie it in Protestantsk fgeltsje of in fgeltsje dat nearne oan die. Ja, it wol my oan, as dr net dy Roomske tsjerke stien hie, mar in moskee, en dat fgeltsje hie in islam-skou PVV-fgeltsje west, lykas Fleur Agema, dat wie er dr noch hinne flein.

Yn tiden fan foarspoed kin men wol wakker opswetse fan dit binne myn prinsipes en ik sil noait dit en ik sil altyd dat, mar as it om it faaie liif giet, dan siket men dochs heul by elk dyt jin hoedzje wol?

Minsken binne godtank folle minder prinsipjeel en rjochtlinich as se soms foarkomme litte wolle. It faaie liif komt earst.

Al mei al in fruchtber wykein, ik haw in skepsel gods it libben ret en ik bin oanwn yn wysheid.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 23 juny 2010)

 

 

Oeral ths, mar ths it bste

 

e Elzas hoege jimme wier net hinne om spektakulre dingen te belibjen. Der is neat te belibjen. It nuverste wat ik meimakke haw, is dat in frou fan de stoel lutsen waard troch in Dtske hoeder.

Ik siet op it bierterras en neist my op it iisterras sieten trije froulju. Ien hie in hn by har en dy woe se fuorje mei stikjes taart of keek, de gek. De hn wie ferstanniger, hy draaide de kop fuort as sy him in brokje yn e bek triuwe woe. It kin ek wze dat de hn dat getsjnsel by syn kop net hawwe woe omt er wach bliuwe woe. Dtske hoeders binne snuwpezige beesten, se moatte alles sjen, alles yn har opnimme, it folsleine oersjuch bewarje.

Op in stuit tearde de middelste frou oer de side en de oare beide skeaten ta om har yn fertikale posysje te hlden. Ik wit net wat der wie, miskien hie se tefolle sorbet of taart slynd, mar dat wie ek wer net eksepsjoneel foar it dwaan dre. Aldermlst wat dy lju oan swiet guod opfrette, en it meastepart is ek sa fet as modder. Gjin moaie, slanke Frnsken, mar grouwe poepen.

Op in stuit stapten twa fan dy froulju de salon yn en it omsigende frommis krige it bewld oer de hn. Dat wie bst regele, t it eachpunt fan dy froulju, mar net t it sicht fan dy hn wei. Dy woe mei de bazin om har te hoedzjen foar ngemakken, brike setten, benaude sitewaasje en wat net mear, jo binne net om e nocht in Dtske hoeder. Dat dy hn begn te lken en it plestikene stuoltsje bgde troch de poaten en plof!, dr leit it stuoltsje mei ynhld. Ik skeat der op ta en frege: Wie geht s? a va, sei se. Se klaude it taske fan e grn en ik sette de stoel oerein. De riem fan e hn hie se beethlden, dat fn ik wol knap fan san sleau frommes.

Mar soks kin men dus meimeitsje yn e Elzas en dr kin men noch dagen oer prate en dat sil ek wol moatte want fierder is t in deade boel.

No ja, wy hawwe ek noch in nderierdsk fort by Schoenenbourg besjoen, in nderdeel fan de Maginot-liny. Yndrukwekkend wat dr bebealige en begroeven en bedien is. Kokens en sliepkeamers en sikesealtsjes en in kommandosintrale, alles wie der. Mar benammen yndrukwekkend fanwege de stupiditeit om san fort te bouwen. As jo josels yn in fort opslute, binne je net mobyl mear en kinne jo op syn bst bidde dat de fijan foar de loop fan jins kanon ferskine wol.

Ik wie ek mei in strikt persoanlik doel nei de Elzas reizge, ik wie in pear kilo nder myn gewicht en ik tocht, dat kin k der moai wer even oan frette. De koken fan de Elzas, dr giet in swiden rop fan. It iten is ek goed hear, mar om no te sezen fan no nee, dat ek wer net. Gewoan, lekker. Twa kear oan e choucroute west, want dat is ien fan de favoriten dre. Bst te iten, hearlik sels, mar ek al wer neat lekkerder as myn soerkoal dyt ik op de wize fan bigos klearmeitsje mei apel en bier. Bier yn it iten is dochs lekkerder as wite wyn, dat smakket sa kattemigerich. Ja hear, goed iten, mar it alderlekkerste fn ik de dner kebab.

Doe soe it dochs noch drok yn e std wurde. Der waard in triathlon hlden en dat loek gns folk. It strjittebyld feroare merkber. Earst benammen manlju mei grouwe bierliven en froulju mei nbidige konten en no minsken sa meager as branhout. Oanklaaide spikers, sa te sizzen. Manlju sa ftreend dat se deadskoppen hienen, froulju snder boarsten en konten. Sokken moasten tusken de bonken troch skite, tocht men ferbjustere.

Wy binne freizge foart de wedstriid begn. Moai rstich op e wegen en yn in flok en in sucht wer ths. De frou hat de blikke twaris meand en ik ha de lange raaien der t knipt. En wat wy der fergees op ta krigen: Balkenende fuort en Verdonk fuort, dat it hiem leit der wer himmel en kreas by.

No leit de hn al wer oeren plat yn e blikke. Hy moat grif sliep ynhelje. De kat is ek bliid dat wy der wer binne. Wy ek.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 16 juny 2010)

 

 

Wrikplanke

 

t sil in wike of acht lyn wze dat ik it foar it earst seach en it hat ek mar in fjirtjin dagen duorre. Ik bedoel wrikplanken. Ja, ik moat ddliker. Middeis healwei ienen gean ik mei de hn oer it houten brechje oer de stedsgrft it frije fjild yn. Dan komt my altyd in stream fan wurkfolk en skoalbern temjitte.

Op in stuit seach ik in jonkje op in wrikplanke. It is in planke lykas in skateboard, mar dan mei twa tsjillen. It foarste sit fst en wiist foart, it efterste is in swinktsjil. De bern dyt ik sjoen ha, hienen de lofterfoet op de foarein fan it boerd en de rjochterfoet op de efterein. Mar oarsom kin grif ek.

Yn alle gefallen, mei de efterste foet makken dy bern bewegingen heaks op de lingterjochting fan de planke, in oare beweging wie ek net mooglik.

It gekke wie, troch dy heakse bewegingen gyng de planke foart. It wie wol dreech like my ta. By de brge op en letter by it bolwurk op, dan stapte der wol ris ien f.

It die my tinken oan it wrikken fan in boat. Men kin yn e midden fan it efterboard fan in roaiboat in ynkeping meitsje en dr in roeiriem yn lizze. Dy riem kin men hinne en wer wrikke, en dan giet it boat foart. Dat wrikken moat men steande dwaan, oars hat men gjin krft.

Ik hie altyd tocht, dat boat gyng foart trochdat it wetter yn nstjoer brocht waard. Nee, net t psychyske needsaak fansels, mar as gefolch fan de beweging. As der bygelyks in plankje yn it wetter leit en ik smyt dr in stien neist, dan driuwt it plankje fuort fan it plak drt de stien fallen is.

Not ik dy wrikbuorden sjoen haw, twivelje ik dr oan. By wrikbuorden en wrikboaten wurdt deselde heakse beweging makke en de ntstiene krft moat deselde oarsaak hawwe.

Mar hoet dan dy heakse beweging omset wurdt yn in lnse beweging, dr begryp ik helendal neat fan. Ja, in heakse oerbringing, dat begryp ik. Foarhinne, mei de moter foaryn en de oandriuwing op e eftertsjillen, hie men by autos in kardanas noadich dyt midden tusken de eftertsjillen einige mei in taps tarinnend kamrd drt in oar kamrd heaks op stie. Sa waard de krft fan rjochting feroare.

Ik ha autoriden leard yn in auto mei efteroandriuwing en it heucht my dat men san auto folle minder maklik de bocht troch krige as in auto mei foaroandriuwing. Dat is itselde as mei in winkelweintsje, it freget minder krft om san karke de bocht troch te lken as de bocht troch te triuwen. Mar dat yn t foarbygean.

Ja, ik begryp in heakse oerbringing, mar de wrikboat likemin as de wrikplanke hat twa kamrden drt dy heakse oerbringing mei realisearre wurdt. Der is neat, helendal neat, de krft fan rjochts nei lofts wurdt samar feroare yn in krft foart.

Ik soe dat begripe wolle, want it is net goed om jin op te sluten yn de geasteswittenskippen en de fysika en de meganika f te wurdearjen as plat by de grnsk.

Robert Pirsig hat yn 1974 in boek publisearre mei de titel Zen and the art of motorcyclemaintenance. It hat as rchbonke de Dtske sge fan Erlknig (Wer reitet so spt durch Nacht und Wind? Es ist der Vater mit seinem Kind.) De haadpersoan fan Pirsig syn boek riidt op in stoomfyts mei syn soantsje efterop. De noed rjochtet him net op it jonkje, mar op e geastessike heit. Mar it boek is tagelyk in speurtocht nei wearden, en in filosofysk boek.

Pirsig fertelt op in stuit oer de fgriis dyt in soad minsken hawwe fan grutte fabriken mei har hymphamp fan buizen, kranen, pipen. It liket harren in bedriging fan de minske. Nee, seit Pirsig, alles wat dr stiet komt fuort t de kreativiteit fan minsken. Oan it begjin fan de technyk stiet de skeppende minske.

Bst iens mei Pirsig. Mar likegoed begryp ik net hoet men in heakse krft snder kamrd feroarje kin yn in lnse krft. Swier skynt it likegoed wol te wzen, ik haw neityd komselden noch san planke sjoen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 9 juny 2010)

 

 

Smyt der mar stront op

 

joggen minsken deasketten en Grytsje Tzenberch tsjin e grn kneppele. It giet wer ml yn e grutte wrld. Dat fan Grytsje fn ik it slimst. Dy deasketten minsken witte nearne mear fan en binne t har lijen, mar Grytsje lei dr yn har goede guod en dat moat allegear wer stoomd en wosken wurde. En sa beskamsum, in frou fan har jierren langt oer de strjitte. Gelokkich hie se in lange broek oan. Grytsje op e rch mei de rokken omheech, men moat der net oan tinke.

Dy kneppelders, dat wie bten roai, dy wienen folslein opfokt. Ik tink dat falium of librium net helpt by ditsoarte fan breinroere opsternatelingen, men soe se gemysk kastrearje moatte om har yn stokken te hlden.

Jakobus, in bibelboekskriuwer, seit yn syn brief: Sa is ek de tonge in lyts lid, en rommet dochs op grutte dingen. Sjuch, hoet in lyts fjoer in hiel bosk yn e brn stekt. De tonge is ek in fjoer, de wrld fan e ngerjochtichheid; de tonge hat har plak nder s lea, dyt it hiele lichem besmet en it rd fan e berte oanstekt, en sels oanstutsen wurdt fan e hel. (Jakobus 3:5-6).

Mar de tonge is net it iennige lytse lid dat s nei it ferdjer fiert, freegje Jack de Vries mar. Drom, kastrearje dy blauwe hap mei har kneppels.

No falt de hele wrld oer Isral gear. De Feriene Naasje binne opsternaat, Turkije ropt syn ambassadeur t Isral werom en ministers fan tlnske saken fan ferskillende lannen hawwe har Isralyske ambassadeur op it festje spuid. Yn in soad stden is protestearre tsjin de Isralyske aksje.

En dat helpt dus allegear niks. Salangt Amearika Isral de hn boppe de holle hldt, en salangt in Verhagen en oaren fan tuike-tuike spylje net mei de smoarge hannen oan gods eigen folk komme -, feroaret der neat.

Boppedat, lit s earlik wze, elkenien dyt krityk hat op it Isralyske dwaan en litten en dyt him it lot fan e Palestinen oanlkt, dat is in antysemyt. In humaan stnpunt, in politike middenwei is net mooglik. Men folget Isral troch roeien en ruten of men is in antysemyt.

Doet der in pear jier lyn krityk t Jeropa kaam om it btenproporsjonele geweld tsjin de ynwenners fan Gaza, sei Shimon Peres: it latinte Jeropeeske antysemitisme stekt de kop wer op.

In pracht foarbyld hearde ik yn it Flaamske programma Phara. De haadredakteur fan in yn Flaanderen ferskinend Joadsk bld bewearde dat alle opfarenden fan it grutte Turkske skip drt de stjitpartij plak fn, wienen Al Queda-leden. Wat hat praten en protestearjen, wat hat op it matsje ropperij en resolsjes dan noch foar nut? Gooi er maar stront op, sei Hendrik-Jan de Tuinman eartiids.

De skippen mei har ynhld binne nder twang nei de havenstd Ashdod fearn. Dr wurde de minsken fan board helle en finzen set. Dr wurdt ek de lading ynspektearre op wapens. Dy binne der grif net, of it moat wze dat de Isralys bilen en beitels en seagen en wetterpassen as wapens beskgje. Wrom ek net, men kin ien mei in wetterpas wol de harsens ynslaan.

De rst fan e lading sil oerdroegen wurde oan e befolking fan Gaza. Ja, mar dat wurdt fan e wike neat mear, en nije wike grif ek net. Dat wurdt pas wat as de hele boel ferrotte en fergien en nbrkber wurden is. Sa giet it ommers ek mei de blommen dyt Gaza eksportearje wol en mei de helpkonfoaien dyt t en troch Gaza yn meie, salang opkeare dat de boel net mear te brken is. Ja, ik bin in antysemyt, dat is ddlik.

Der binne wer in soad wurden sprutsen, opsternate wurden, delbdzjende, synyske, foarsichtige, koal-en-geit-sparjende, wanmoedige, grimmitige en faaks noch wol mear soarten wurden. Lykas dat earder bard is en by it earstkommende ynsidint op e nij barre sil.

Wurden yn alle soarten, mar wize wurden net. Ik soe ek net in wiis wurd witte, of ik soe it Hendrik-Jan neisizze moatte: Smyt der mar stront op.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 2 juny 2010)

 

 

 

Dreamferve

 

k wie yn it hok dwaande de lege flessen byinoar te skarreljen, want ik woe nei de supermerk ta. Ik wit net oft dat wichtich is, dat ik yn it hok wie en flessen byinoar socht. Myn frou hie krekt in pear boksen dyt op e wurkbank stienen yn e grnferve set en faaks is dat l wichtich.

Ik tocht: spitich foar de VVD dat Neelie net wol, want Mark is net bepaald de gedroomverfde minister-presidint. Nee, sa sei men dat net, it wie gedoodverfd. Mar dat bedoelde ik net, ik bedoelde wol degelik gedroomverfd. Men kin grif in saak oantsjutte mei in wurd dat net bestiet en it rare is dat elkenien dalik begrypt wat men bedoelt.

Bestiet gedroomverfd echt net?

Ik ha twa bewiisplakken fn. Foarst fan in menhear Santino88 dyt op Voetbalzone.nl skriuwt: Verder noem ik Viktor, Balaban en Blondel niet echt de gedroomverfde grootheden. (2006). Twad in stikje op de site TVShows, drt ien skriuwt: Hoewel het misschien een perfecte familie lijkt, en de gedroomverfde buren, houden ze er toch een geheim op na. (2010)

Mar lykwols leau ik net dat it wurd bestiet ja, as elkenien it begjint te brken, dan bestiet it. Ik hld it der op dat dy beide skriuwers like by-ngelok-kreatyf wienen as ik.

Gedroomverfd, hoe krijt in mins it yn e holle. Men kin net ien dreamfervje, likemin as men ien deafervje kin.

Mar wat is der dan tsjin Mark? Der soe net folle, of yn alle gefallen minder tsjin Mark wze as wy net krekt tsien jier oanklaud sitten hienen mei Balkenende. Balkenende is trijeenfyftich, mar noch san jonge, san studintikoas type. Men hat noait it idee, dr stiet ien, dr stiet in kearel. Nee, dr stiet in gld mantsje dat mei in spul fan wurden alle krityk fan him f jongleart.

Wy binne ta oan ien dyt stiet foar wat er is en net in glde wurdespuier. Wrom, as de VVD de grutste wurde moat, wrom freget Mark Ivo Opstelten net om it nije kabinet in kop en in bealich te jaan? Opstelten is in kearel, in earlike en betroubere fint. Ik soe him sa de beurs mei jaan om in pakje shag foar my te heljen.

Ik hie argewaasje fan Mark Rutte sat er Job Cohen op it harspit naam omt dy as boargemaster earst nei de famylje fan in deasketten Marokkaan gien wie en doe pas nei de deasjittende plysjeman. Yn e eagen fan Rutte wie dy plysje it echte slachtoffer, dy wie bedrige mei in mes. En btendat stie dy plysjeman oan de kant fan it rjocht. Cohen hie drom earst nei dy plysje gean moatten, om ddlik te meitsjen wat rjocht is en wat krm.

Jonkje, tocht ik, jonkje, jonkje. En dat hie Cohen sizze moatten: jonkje, gean nei hs en miich de kachel t. Mar Cohen moatst fansels wer de ridlikheid sels wze en begn syn kar te ferdigenjen.

Dom, want it gyng Rutte helendal net om dat gefal, mar om Cohen as eardere boargemaster smoarch te meitsjen. Se hawwe by de VVD hele rigen fan akkefytsjes fan loftse politisy op e kompjter drt se t en troch in pear eksempels fan brke om har tsjinstanders yn e tange te nimmen.

San jonkje, dat mei simplistyske opfettingen oer rjocht en nrjocht en mei opblaasde emoasjes fan sabeare ferntweardiging in oar yn e knipe besiket te driuwen, san man wol ik net as baas fan in ministersploech hawwe. Ik sil it net keare kinne, mar ik wol it net.

Is it no wier san toer om in minister-presidint te finen dyt de krft hat om boppe de partijen te stean en dyt ridlikheid sprekt en pisset en poept? By D66 ha se al in pear fn, liket it. Wrom is by it CDA net allang Gerd Leers frege ynstee fan dy grutjonge? Byneed Ab Klink, ek in evenredich man.

Myn echte dreamferve ministerpresidint fan in pears kabinet hie oars Hans Dijkstal west. It is der noait fan kommen en koartby is er deagien. Deade minsken kinne gjin minister wurde, sa binne de regels. En it is goed dat der regels binne, ek al soe men der soms leaver mei sloaie.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 26 maaie 2010)

 

 

Net mei de deaden omwouterje

 

t kampmuseum of museumkamp Auschwitz-Birkenau driget nder wetter te rinnen. Brzezinka, sat Birkenau op syn Poalsk hyt, wie destiids al in sompige oarde, mar oerlst fan wetter skynt der earder net west te hawwen. De Dtsers hawwe de bewenners fan Brzezinka fuortjage, de huzen fbrutsen en dr har nije kamp Auschwitz II boud.

Twa rivieren dyt op t stuit barstende fol wetter steane, driigje it kompleks fan Auschwitz-Birkenau te oerstreamen. Twa rivieren, de Sola en de Wizla. Ik kin mar ien rivier fine, dyt sdlik fan Auschwitz Sola hyt en mear nei it noarden ta fan Wizla. Mar mooglik is de Sola in sydrivier fan de Wizla.

Museummeiwurkers binne dwaande om de oerbleaune besittingen fan kampbewenners nei hegere plakken te bringen. Want dy moatte wol bewarre bliuwe. Wat is der fan dy stumpers dan mear oerbleaun as jiske? Neamd wurde boarstels en kmen. Moat men begripe dat de finzenen foart se de gaskeamer yn gyngen it hier tboarstelen en noch in km kofje krigen?

Ik fyn dat raar om al dy lde rotsoai te bewarjen, it stiet my tsjin. Lit de Sola en de Wizla har gong gean en dy neare dingen fuortspiele.

Wat wolle se theve as der strak skuorren yn e muorren brekke? De foegen tbikje en op e nij foegje? Moatte dy aaklike hokken restaurearre wurde as gyng it om bouwurken fan arsitektoanyske skientme? En wat dogge se mei dy boarstels dyt alle jierren goarder wurde en fol spinreach sitte? Ienris yn it jier de spuit der op? De houten hanfetten behannelje mei in middel tsjin houtwjirm?

Lit it ferline dochs sinke.

De oanstriid om mei alle macht it oantinken oan e Twadde Wrldkriich geande te hlden... Net dwaan. It is net sn om it ferline sa fst te hlden en jin dr op te fiksearjen, it ferline fergiet en moat fergean.

Hoe wolle se it skielk hawwe as de lste fersetsstrider of de lste parasjutist de eagen taknypt hat? Him opsette en glzen eagen yn e kop triuwe en as in trofee yn de alderlste jeep yn de optocht meifiere?

Rjochtsje it omtinken op e libbenen en lit de deaden rste. Ik fertel wat fleurichs: tsjinoer de kemping op it plak fan de lde stoart rint in laam mei syn mem en dr haw ik in ferskrikliken aardichheid oan. Eigentlik is it net de lde stoart, mar de foarfoarige stoart. Salangt ik yn Frjentsjer wenje, is de stoart al twaris ferhuze. Ja, dr kin men jins jierren oan mjitte.

Dy foarfoarige stoart, dr bin ik fjirtich jier lyn faak mei s heit hinne karke om de rotsoai t myn nij hs kwyt te wurden. Mei in karre fan Roel fan t houtstek dyt sokke swabberjende tsjillen hie. Men rn as in dronkeman de dyk del.

De stoart is letter leechhelle en wat sljochte, mar de grn is nea skjinmakke. t Skynde net te hoegen, en der is ek noait in hynder of skiep deagien op dat kampke.

In laam mei syn mem. Wrom sa iensum, ik wit net. De boer hat by de hikke in kroade op e side dellein, de boom nei it noarden ta, drt de klde wyn no al wiken wei komt. De boer hat in pear hnfollen strie yn e kroade struit en as it skrousk is, dan leit it laam dr, de poatsjes rjochtt.

In boer mei hert foar san herterke. Eare oan dy boer. It siert de minske as er op syn fee past. En it is helendal net oerdreaun om san laam wat lijte ta te skikken, it hat ommers noch neat om by te setten, it is fel oer bonken.

Mei in laam omwouterje, dat wie yn boerehshldings by lds in jierliks weromkearend ferskynsel. Skiep binne nuvere ferstannen. Soms krije se in wyt en in swart laam en dan stompe se it swarte fuort. Of se krije twa fan deselde kleur, mar meie dochs it iene net lije. Dan wie it foar de boerinne en de grutte bern om de wouter de flesse te jaan.

Mei in laam omwouterje, bst, neat op tsjin. Mar mei deade minsken omwouterje, dat is goar, dat moat men net dwaan. Lit har rste en gun jinsels rst.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 19 maaie 2010)

 

 

Raasbek fan de Daam

 

rom no op e nij dat spektakel op e Daam, tocht ik. Nim de film fan 2009 en draai dy noch in kear. It is ommers alle jierren itselde, krnsen fan de keningin, fan it regear, fan de militren, fan de ld-striders, fan it ferset en noch in nustje. Safolle feroaret der net, faaks is der in ld-fersetsman deagien en moat dy ferfongen wurde troch in oarenien, mar dat kin men dochs ynmontearje?

De betinking op de Waalsdorpervlakte is ommers ek allang in playbackshow wurden? De man dyt de Last Post blaast, hldt allinnich mar dy toeter foar de mle en it ld komt fan in cd. Tige ferstannich, der kin neat misgean en men besparret jild.

Mar sjoch ris oan, diskear giet it dochs oars, der is in Raasbek dyt de hele betinking yn nstjoer bringt. It is wol iroanysk dat keninginnedagen en deadebetinkingen dat op harsels stomferfelende werhellingen binne fan eardere werhellingen inkeld wat aksint krije troch ferdwaasde minsken.

Wat Raasbek besiele hat, is net ddlik. De man sil wol yn e war west hawwe, mooglik mei troch drank en drugs. No, lit him nochteren wurde en stjoer him mei in preses-ferbaal nei hs ta.

Sa like dat ek fkealje te sillen, mar sa njonkelytsen docht bliken dat justysje der in terroristyske oanslach fan mondiaal formaat fan meitsje wol. De Raasbek fan de Daam bliuwt op en minsten noch in fearnsjier yn foararrest en rint it risiko om feroardele te wurden ta libbenslang mei tbs.

Ynearsten like it der op dat de man nei ien, twa nachten wer frij litten wurde soe, want him langer fsthlde yn it belang fan it ndersyk, dat wie koal. Him ien nacht fsthlde wie al nsin, der wie helendal gjin ndersyk nedich, de saak wie fan it begjin f sa klear as in klntsje: de man hie raasd op in stuit dat elkenien ferwachte waard him de snt te hlden. Him in nacht fsthlde, dat wie al kleare pesterij.

Mar no docht bliken dat de man net foar in inkeld fergryp oanklage wurdt, en dat soe dan sokssawat wze moatte as fersteuring fan de iepenbiere oarder dat is in jiskefet drt men fan alles yntriuwe kin , mar dat him safolle oanwreaun wurdt dat er as de Bin Laden fan Amsterdam beskge wurde kin.

De man hat yndirekt it keningshs yn gefaar brocht, want Beatrix en WA hienen platwde wurde kinnen. Hy hat it regear, yn e persoan fan J. P. Balkenende, de lytse dea sjen litten. Hy hat in grut tal net neier te neamen heechweardichheidsbeklaaiers yn deadsperikelen brocht.

De man, Raasbek dus, is drneist ferantwurdlik foar de ferwning fan in sechstich minsken, wrfan in stikmannich earnstich skansearre. Hy hat, snder him earne om te bekroadzjen, in net neier te kwantifisearjen tal omstanners yn deadsgefaar brocht.

De man moat de skea oan klaaiing en skuon, gebitten en brillen fan de omtreaune en fertrape persoanen oanrekkene wurde, as ek de skea oan de omfallen en foar in part ferbgde driuwstekken.

De man is fierder ferantwurdlik te hlden foar de psychyske skea dyt er in nbekend tal minsken tabrocht hat en dyt noch jierren oanslepe kin.

De bewiisfiering wurdt lestich, liket my ta. Der hawwe trije ynsidinten west: in man raast, in man lit in koffer falle, in man ropt: In bom, rinne! Wrom binne de minsken yn panyk flechte? It liket my it meast wierskynlik ta dat dy trop In bom, rinne! de oanlieding west hat. Wrom hat dy man dat roppen, nei oanlieding fan Raasbek syn gjalp of nei oanlieding fan it fallen kofferke? It lste liket it wierskynlikst.

De keaten fan bewiis moat dan wze: de gjalp fan Raasbek is de oarsaak fan it fallen fan it kofferke, it fallen fan it kofferke is de oarsaak fan de trop In bom, rinne!, en dy trop is dan wer de oarsaak fan de panyk.

Ik tink dat justysje twa dingen dwaan kin: Raasbek in boete oplizze fan hndert euro of himsels folslein bespotlik meitsje.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 12 maaie 2010)

 

Hacqencruq

 

a myn ferbjustering lies ik yn de flaptekst fan in nije tjefte fan myn bloedeigen De reade bwarre: It boek stelt troch de fwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif.

Hin-watte? Hoe kin dat no? Ik ha doch ek altyd stien foar de tbou fan it Frysk en foar it brken fan it Frysk yn allerhande domeinen?

Wat in kultuertaal is, is net maklik oan te tsjutten. Dat komt, it giet by kultuertaal, standerttaal, taal en dialekt om ideologyske begripen dyt men net yn wittenskiplike begripen omsette kin. Taalkundich sjoen bestiet der net soks as in kultuertaal, der bestiet ek net in opposysje taal-dialekt, dat is taalkundich sjoen itselde.

Besiket men heel foarsichtich dochs wat oer kultuertaal te sizzen, dan komt it der op del dat men yn in kultuertaal alle aspekten fan de kultuer ferwurdzje kin, wylst in net-kultuertaal ornaris beheind is ta de domeinen om hs en hear hinne. Boeken oer wittenskip, technyk, kriichskunde, boukunde wurde net faak yn it dialekt skreaun.

Sa besjoen is it Frysk in dialekt. Taal- en literatuerwittenskip wurde foar in part yn it Frysk skreaun, mar in oplieding teology of keunsthistoarje sil yn it Nederlnsk moatte.

It Nederlnsk sjit ek tekoart yn it beflappen fan alle domeinen. Piloaten kommunisearje yn it Ingelsk mei de fleanfjilden, soldaten dogge dat ek, grif as se mei oare lannen oparbeidzje. Parten fan e wittenskip spylje har foar it grutste part f yn it Ingelsk.

It Nederlnsk is net in folsleine kultuertaal, it Frysk is dat noch folle minder en it Frjentsjertersk komt helendat efteroan skiten. Mar wr wol men de grins lizze?

Foar de Platdtske literatuer jilde of jilden alteast twa beheingen, in tekst kin allinnich ferhelje fan minsken dyt werklik Platdtsk prate en in tekst kin allinnich ferhelje fan saken dyt yn e lytse mienskip in rol spylje. In Platdtske tekst kin net gean oer Frnskpratende lju yn Parys en in Platdtske tekst kin net ferhelje fan de Slach om Stalingrad. De tekst is bn oan it deistige libben fan sljocht en rjocht libjende minsken yn de lytse krite.

Dat stadium is de Fryske literatuer allang foarby. Rink van der Velde syn Jn, healwei tolven spilet heel fanselssprekkend op it Frnske platteln en noait ien hat roppen: Ha-ha, dat kin net, dr wurdt Frnsk praat. Marten Sikkema hat oarlochsferhalen skreaun dyt kilometers fier f steane fan de idyllyske plattelnsmienskip. Fryske ferhalen kinne de hele wrld oer spylje en yn it Frysk kinne alle emoasjes beskreaun wurde.

Dat it Frysk is dochs in kultuertaal? Dat hinget der fan f hokker kritearium men hantearret, mar earlik sein ynteressearret de kwestje my net. Ik kin mei it Frysk t e fuotten en dat is my gench. It soe my net ferbaze as skriuwers fan it Platdtsk der tefreden mei binne dat har ferhalen yn de lytse krite spylje moatte en dat se, as se fan grutte beroeringen yn de grutte wrld fertelle wolle, snder hertsear en selsferwyt nei it Heechdtsk gripe. En se kinne dan likegoed thlde dat se al har emoasjes yn it Platdtsk kwyt kinne, te sizzen: alles wat yn it Platdtsk ths heart en dr syn rjochtlik plak hat.

De diskusje oer wat al en net kin yn de lytse taal, dy ha wy hjir ek hn, dat wie yn 1915 wy kinne it skielk betinke. Douwe Kalma woe oan op in folsleine kultuertaal, en Jan Jelles Hof seach de taak fan de Fryske literatuer as in oanfoljende: de emoasjes dyt de Frysklzer net yn de Hollnske en wrldliteratuer oanbean waarden, moasten troch Frysktalige boeken befredige wurde.

Mar wat hat dat no noadich mei de fwikende stavering fan De reade bwarre? Neat, helendal neat. Net in sprt. Taal en stavering binne twa aparte dingen. Oft men hacqencruq skriuwt of hakkenkruk, dat makket neat t. Wat is it maklikst, dr giet it om.

(5 maaie. Net yn de Leeuwarder Courant fanwege befrijingsdei)

 

 

Net oan e heidenen oerlitte

 

k hie nei ferskillende boumerken yn Ljouwert west om prizen fan gips en stienwol en skroaten te ferlykjen. Us dochter hat in hs kocht en dat moat opknapt wurde.

De Praxis is in heel ein rinnen fan it stasjon f, mar ik rin goed en bussen kin ik my net mei rde. In eardere haadredakteur fan dizze krante, Jan Piebenga, hat ris sein dat er tefolle in yntellektueel wie om autoriden leare te linnen. No, ik bin tefolle in yntellektueel om de stedsbustsjinstregeling te begripen. Dat rinne dus.

Op e weromreis oer de Wurdumerdyk bleau in jonge jongkeardel foar my stean en liet blike dat er my oansprekke woe. Dat ik bleau ek stean. Hy wie like grut as ik, dus lyts, mar hy makke him noch lytser. Hy bgde net foaroer, mar hy bgde oer de rjochter side en seach doe mei de kop bryk nei my op. Hy frege: Gelooft u in god en in zijn zoon Jezus Christus? Nee, sei ik. Hy fearre oerein en rn snder mear troch.

Wrom nimme evangelisten sokke nuvere lichemshldingen oan, haw ik my ffrege. Yn Dokkum wie yndertiid in sjeesde teologystudint dyt mei in ien foet op e dyk en ien op e trotwaarbn de strjitten del knoffele en mei de rjochter wiisfinger swaaiend it minskdom warskge: Stof zijt gij en tot stof zult gij wederkeren.

Mar ik tocht ek: Mien ik dat eigentlik wol, dat nee? It wie it maklikst om fan dy brike jonge f te kommen, fansels, en ik moast myn bus helje. Ik hie ek gjin sin oan in teologyske diskusje op e Wurdumerdyk drt de fertuten nwis fan wienen. Soe dy jonge begripe, of soe er yn e fierte ane as ik him besocht t te lizzen dat ik eigentlik in leauwige atest bin? It is mysels nammers net iens altyd helder...

Leau ik yn god? Ja, bytiden wol. As orintaasjepunt kin er wichtich wze. Rint men it noardlikste part fan de Slachte, dan hat men heel lang it sicht op de toer fan Tsjom. Dy draait mei en bliuwt jin by. Dat is god. Mar de Tsjommer toer is in ding dat men fiele en taaste kin en dat is mei god net sa.

God bestiet, mar net yn s wrld, hy bestiet yn de fantasywrld lykas ierdmantsjes en heksen en ienhoarnen. Dat kinne guodden fdwaan as nwerklik en optinksels, mar foar my is de literre wrld weardefol. Ik ha dr dingen t opdjippe dyt myn ynsjoch ferheldere hawwe en ik ha minsken kennen leard dyt nijsgjirrich binne.

Doet ik jong wie, haw ik miend dat it mooglik wze koe dat der neist fiksjonele teksten (dyt optocht binne) en non-fiksjonele teksten (dyt op oanwiisbere feiten betrekking ha) noch in tredde tekstsoarte bestie, dy fan de religieuze teksten. Dat is in fersin, of myn tinken hat neat opsmiten. Ik moat konkludearje: religieuze teksten hearre ta de fiksje.

Wat zijn zoon oanbelanget, drt Bryksma ek nei frege, kin ik koart wze. Ik nim oan dat hy bestien hat, mar ik leau net yn him. Men leaut net yn in minske, hoen brave borst (Van Agt) it dan ek wze mei.

In lzer mailde my nei oanlieding fan myn lste kollum oer it sizzen fan in dmny dat de oerstreaming yn Bangladesh wie de straf foar dy lju har sndich libben, dat hy krekt de oare wei keazen hie as ik. Hy hie him net fan it leauwe fkeard, mar besletten om fan de wiere god te tsjgjen.

Ja, wrom ek net, dat kin likegoed. Dyselde yntellektuele Jan Piebenga hat ris skreaun: net elkenien mei gods evenredige paden lns. Ien kiest foar it leauwe, de oare foar it atesme.

Mar earlik sein, myn posysje as leauwige atest hat ek in politike komponint. Dy posysje makket it mooglik om t en troch in goed wurd fan god te sprekken. Ik kin myn tinken oan him en oer him tydlingswei yn wurden dellizze, net om te evangelisearjen alhoewol? , mar om de fnemintalistyske blasten de foet dwars te setten en in ho ta te roppen.

Wat men ek fan god tinke mei, hy is te wichtich en te weardefol om him oan e heidenen oer te litten.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 28 april 2010)

 

 

Ynkommendaasje

 

at wurd bestie by myn witten net, mar it bestiet no al. As de taal te smel is, moat men him oprekke. Jin ynkommendearje litte is jin fan eat wat oanlke, jin beynfloedzje litte, jin lytsman meitsje litte. No sa.

De tbarsting fan de Eyjafjallajkull ik kin dat wurd net tsprekke en ek net skriuwe, dat ik haw it mei kopiearjen en plakken hjir del set soarget derfoar dat guon minsken, of wol in heel soad, har ynkommendearje litte.

Dat jildt fan in wittenskipper, in fulkanolooch, dyt mei tefredenheid fststelt dat wy neatich binne tsjinoer de natoer. Wy kinne wol miene dat wy de natoer nei s hn sette kinne, mar as it nypt en wedernypt dan kinne wy gjin pink ferreppe.

Aardich dat san man, dat dochs in geleard man is, der in soarte fan boereromanideology op nei hldt. Yn e boereroman tsjinje natoerrampen lykas wetterfloed, feesykte, brn, ekstreme droechte en mear om de grutske boer te learen dat er mar in lyts mantsje is dat fan de natoer fhinget. De natoer is hjirre de learmaster, de natoer leart de minske dat er net in sterke beam wze moat dyt him wjerhldt yn e stoarm en dan fbrekt, mar dat er bge moat lykas it reid en wer opfearje.

Yn in kristlike boereroman sil dy hege macht beneamd wurde as god, mar dizze foarstelling fan saken is net kristlik, teminsten net bibelsk. Dy foarstelling komt t it Gryske tinken wei. Hy kin fansels letter wol in plakje fn ha yn it kristlik leauwe en boargerrjocht ferwurven hawwe. De natoer as nbewiisbere hn fan god.

It is dan ek net sa nuver dat guodden de tbarsting fan e Eyjafjallajkull dr ha je him wer mei as gefolch in fleanmasineleaze snein sjogge as in hantwizing om de lderwetske sneinsrst yn eare te werstellen. Nee, dy lju sizze net plant: god wol s hjir mei leare..., sa koart troch de bocht geane se net, mar it is wol itselde tinken: de natoer as learmaster, tipjouwer, op-gedachten-bringer.

Helendal fan-god-los binne wy as ien ornearret dat it te healwiis foar wurden is dat wy blommen kweke litte yn Kenia en dy nei Nederln helje en fia s transportkanalen wer oer de wrld ferspriede. Mar wrom komt sanien earst op dat idee as it fleanferkear plat leit? De grienteman hat al jierren sipels t Nij-Seeln en knyflok t Sina te keap, wylst wy by de efterdoar Berltsumer spek by it soarte hawwe. En knyflok? De Dtske en de Frnske binne poerbst.

De man dyt dit sei liet him net ynkommendearje troch de natoer of god, mar it liket al ferflde ml dat der in fulkaan tbarste moat foart ien syn harsens wekker wurde.

Foar in streekrjochte relaasje tusken natoergeweld en minskene hlden en dragen moat men fansels by de fnemintalisten wze. In geastlike as Kazem Sedighi t Iran warskget foar it tanimmen fan ierdskoddingen yn syn ln as gefolch fan e sedeleasheid fan froulju. In hopen froulju dyt har net sedich klaaie meitsje jongkearels de kop oerstjoer, se dogge har keinens nderstek en ferspriede oerhoer, en dat lit it tal ierdskoddingen tanimme, seit er. Froulju yn e islamityske republyk moatte har fan top ta teil ferbergje, mar in soad, benammen jongere froulju, negearje de regels... Ach ja, islamisten!

Mar tink derom, salang is dat noch net lyn by s.

Fjirtich jier lyn, doet wy yn Gau wennen, gyng ik ienkear yn e fjirtjin dagen nei tsjerke ta. De griffermearde, want dy wie it tichtste by. En ik fn it nammers idioat om tsjin in part fan it tsjerkefolk yn te rinnen nei in oare tsjerke ta. Doe op in kear, doe preke de dmny it wie in dmny op artikel 8, mar ik wit net oft it fan syn singeliere jeften kaam - hy preke oer al wer in ramp yn Bangladesh en hy woe hawwe dy wettersneed wie it gefolch fan de lju har snden.

Dy kears dat hat myn lste tsjerkegong west. Mar ik kin fansels net begeare dat elkenien like ferstannich is as ik.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 21 april 2010)

 

 

No krijt de keunst de skuld

 

e paus sil der it kommende wykein in pear dagen tusken t. Ik kin it my yntinke dat de ld man even earne oars ferkeare wol. Net yn it paleis, net ticht by wer nije nthullingen fan lsterjende kardinalen, net tichte by krante en radio en tillefyzje dyt de iene nheilstiding nei de oare bringe.

Der even t, de kop skjin waaie litte, genietsje fan de natoer dyt in woldiedige oerfloed fan bld en blom t e grn tsjoent. In eintsje stappe yn e sinne, in lekker miel iten, in goed gls wyn, in knappe sigaar.

As ik him wie, ik hie myn ferdivedaasjestf opdracht jn om in rstich plakje te sykjen op it platteln, Toscana bygelyks. Hier dr in bd-en-brochje-bedoening of in lyts famyljehotel foar in wykein f en freegje de lju om gjin ruchtberheid oan de belangrike tfanhzerij te jaan en gjin ekstra spul en drokte t te heljen. De paus wol even net opsitte en poatsjejaan, de paus wol bekomme. De man wurdt ek in dei lder, hin?

Dat hat er net dien, hy hat it oars dien. Hy sil nei Malta ta. Man, wat is dat no wer in tris! Earst mei de auto nei it fleanfjild, dan in ein fleane, en dan wer yn e auto. Dr is dan in ntfangstkommittee fan boargemaster en biskop, it hotelpersoneel bcht en knipt en de breidssuite, drt de ld man sliepe moat, wurdt nochris stofsgd en luchte. Hy krijt net in momint rst yn e kont. Mar, hy hat it sels sa wollen, en s mem sei altiten: dyt nt oars wol, dyt nt oars sil.

Malta leit in ein sdlik fan Sisylje, midden yn e Middenlnske see. Sa lang sil it fleanen ek net duorje, rs ik. It is opstigen en dan hast ek al wer delkommen. Dr giet it ek net om, mar dy drokte.

De paus moat hoopje dat er by in rtsje sit en net krekt boppe in fleugel, want it tsjoch op it fleanfjild op Malta sil him goed dwaan. It fleanfjild fan Malta bestiet t twa banen dyt heaks op inoar stean en sa in krs foarmje, No, wat wol in paus noch mear.

Fan it fleanfjild f giet er nei it doarp Luqa dat pal eastlik leit. Luqa hat san seistzen ynwenners, en dy sille foar in part oan de route stean fan it fleanfjild nei it hotel ta. It is mar in ritsje fan fiif, tsien minuten, mar faaks, om it publyk syn gerak te jaan, dogge se it wat kalm oan. It sil de paus grif goed dwaan, nei alle racherijen en fertochtmakkingen, dat tlittene publyk dat wiuwt en jchheit.

Mar krekt op dy route, drt san glorieuze yntocht plak hawwe moast, Palmsnein hast, dr wankt it gefaar, de wanskepenheid, de mislediging, de hn. Op in rotonde stiet in metershege keramyske pylder yn bnte kleuren. Dat mei hinnebruie soe men sizze, mar nee, dat mei net hinnebruie, want dy pylder is neffens de Luqasters net in pylder, mar hy docht tinken oan in kul.

Beauty is in the eye of the beholder, sizze de Ingelsken, en men soe ornearje kinne dat kullichheid of seksuele konnotaasje ek it produkt is fan de beskger syn each. Mar sa tinke se yn Luqa net, se jouwe net harsels de skuld, mar de makker fan it byld. Dy lokket ta goare tinzen t. Der hat snt 2006, doet it byld delset is, al aksje west om it fuort te krijen.

En no wol de boargemaster dat ek. Dat byld moat fuort, net finaal, mar tydlik. As de paus wer fset is, kin it byld wer omheech hyst wurde. Men kin dochs it haad fan e tsjerke net... En benammen not der al sa folle drokte is om dy pastoars en sa... It liket ommers in streekrjochte mislediging, de paus te traktearjen op san mislik nding...

Rare boargemaster. Mar it kin noch raarder. Yn Sint-Joost-ten-Node, in doarpke dat part tmakket fan Grut-Brussel, hat in gemeentearbeider fiif gipsen bylden de kul fhuft. De keunstakadeemje, drt dy bylden steane, sit yn itselde gebou as de gemeentlike legere skoalle en de man fn dat bern dit net sjen mochten.

Sa wurdt de keunst by einsluten de dupe fan it misbrkskandaal.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 14 april 2010)

 

 

 

Stad en Ommelaand

 

easkesnein hat Joseph Ratzinger it Urbi et Orbi tsprutsen. Dat heart moai en potysk, san formule, krekt lykas sus en sa, dit en dat, hs en hiem, mar it betsjut heel gewoan: de std en wat der omhinne leit.

De Grinslanners prate fan Stad en Ommelaand en dat is in treflike oersetting. Mar ja, neat wze en neat lykje, dat is helendal neat. Nim ris oan, op peaskesnein seit de nijslzer: de paus hat fan e moarn op it Sint Pitersplein it Stad en Ommelaand tsprutsen.

Dat Stad en Ommelaand is neffens de Grinslanners dan wol ain pronkjewail in golden raand. Oft dat foar de Roomske tsjerke ek jildt, Rome it pronkjewail en de rest fan de wrld de golden raand, ik wit net. De rest fan e wrld hat yn Rome dochs wat de status fan it Geastmer Btenfjild en it Btenpostmer Utln, te sizzen fan fhannich lizzende en nrindabele hoeken grn.

It pronkjewail is nammers net de hele std Rome, op syn meast de enklave dyt Fatikaanstd neamd wurdt. En miskien dat net iens, allinnich mar de Hillige Stoel, dyt inkeld hillich is want it is mar in healsliten fauteuil t e kringloop omt der in hillige man op sit: Joseph Ratzinger.

Sat se him heine en troaie en yn e kont krpe, it kin net misse: hy is foar de Roomske tsjerke it pronkjewail.

Ja, dat koe wol wat fatsoenliker. Nee, dat kin net fatsoenliker, want dat yn e kont krpen moatte wy it oer hawwe. Net oer In nomine Patris et Fillii et Spiritus Sancti mn, allegear goed en wol, mar oer preesters dyt mei har godfruchtige fingers yn nderbroekjes klauwe en op lytse pimeltsjes omsobje en besykje om har grouwe kullen yn heane kontsjes te wrotten.

It is hast oandwaanlik om te sjen hoet al dy hege miters om Ratzinger hinne stean geane om him te beskermjen tsjin oanfallen t e btenfjilden en tlannen wei. It is allegear sa nearlik, sa gemien, al dy oanfallen op de paus. Hy is sa goed, hy hat neat ferkeards dien, it is allegear de skuld fan de media. Dy hytfolgje him, dy benearje him, dy stjitte him yn it nleech.

En al dy manlju, fyftigers en sechstigers binne it, dyt kleie dat se as bern misbrkt binne?

De paus hat yn fiifensechstich talen betanke foar de blommen, mar oer it seksueel oantaasten fan bern gjin wurd. Hy hat wol sein dat wy allegearre in spirituele en morele bekearing ndergean moatte. Praat foar dysels, lde doerak. Ik griem net mei bern om en myn hn ek net en myn kat ek net.

Kardinaal Angelo Sodano hat de paus t e wyn helle mei him te befstigjen dat wy allegearre om jo hinne stean geane, opfolger fan Petrus, biskop fan Rome, nfeilbere hoekstien fan de hillige tsjerke. Hy sei ek noch: Mi jo is ek it folk fan God, dat him net ynkommendearje lit troch it rabjen fan dit stuit... Gysbert Japicx wie earliker yn dat stik: My eanget rju fen t rabjen fen e lie.

En al dy manlju, fyftigers en sechstigers binne it, dyt kleie dat se as bern misbrkt binne?

Dat is dus it stokeljen fan de media, dat is de hetze dyt tsjin de hillige tsjerke en yn it bysnder tsjin de paus fierd wurdt. Dit is ien grut komplot fan saneamde slachtoffers dyt al dy wandieden fan har eardere preesters optocht hawwe. Och, miskien net ienst kweawilligens, mar omt se in siik brein hawwe.

It is wol sneu foar de slachtoffers fan seksueel geweld: earst troch in preester ferneukt en no troch de paus.

Op it Sint Pitersplein hokken de leauwigen gear om t e trilderige mle fan Ratzinger it flbegearde heil te fernimmen. Wie ek mar ien solidr mei de slachtoffers fan it misbrk? Wie ek mar ien lilk op e tsjerke en easke er boete en berou? It folkje die my tinken oan wat wy foarhinne yn e tsjerke songen: Het vrome volk in u verheugd zal huppelen van zielevreugd.

Dat soenen se grif dwaan, as se koenen, mar se binne noch te stom om foar de duvel te doansjen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 7 april 2010)

 

 

Fedde Schurer, in keardel

 

erline wike, by de promoasje fan Johanneke Liemburg, ntstie der wat diskusje tusken de promovendus en in heechlearde opponens: wat wie eigentlik it foarnaamste fan Fedde Schurer, wat wie syn bliuwende fertsjinste? De heechlearde opponens woe hawwe dat wie it dichterskip fan Schurer. De promovendus stimde him dat genedich mei.

Ja, ik hie de yndruk dat Johanneke har der f makke. Se siet dr as de selsfersekere boargemaster dyt de sangerjende riedsleden freonlik mar beret te plak sette. Se hie nammers earder sein dat se har op it md fan de literatuer net kompetint achte, dat wat wie har oardiel eigentlik wurdich?

Fedde Schurer dichter? Een bekend gedichtenfabriek uit het noorden des lands, sei Anne Wadman. Dat wie in rottige en klierige opmerking fan Anne, mar net nterjocht. En lykwols krijt s famke in beam al kin k him net betelje, ik sil him wol by tsjuster t mynhear syn bosken helje. De iennige dichtrigels fan Schurer dyt ik my yn it sin bringe kin. O nee, der is ek noch dy rigel Ik bin oan e ein fan myn humaan latyn. Mear haw ik net ntholden.

Fedde Schurer in dichter? Schurer is by my gjin dichter, mar ien dyt, sat in Hollanner ris sei, zijn verdriet in een versje doet. Fedde Schurer lit it fers net himsels skriuwe, mar hy hat in boadskip, in ferhaaltsje, en dat ferpakt er yn metrysk rinnende sinnen dyt op inoar rymkje. As psalm- en gesangeberimer komt er soms ta masterlike dingen: Hear bliuw my nei, de dei lkt nei de jn, dat is prachtich. Mar as frij skeppend keunstner, no nee.

Is hy de grutte stilist? De twadde helte fan syn De besleine spegel fn ik tige flak. Syn ferhalebondel Beam en bast is neat net bysnder. Wie er as reedner en as polemist in tblinker? Mooglik, mar dat is my dan ntkommen. Ik haw him heard as sprekker yn Ljouwert doet wy manmachtich de Lauwerssee ticht ha woenen. No, it is wier, Schurer makke doe wol yndruk op my.

Wat ik fan him lzen ha, binne meast resinsjes, en dat binne, nei de ein fan syn libben ta, ferfelende stikken. Schurer wit net wat er mei de nije literatuer oan moat en dan ropt er mar wat. It is it lot fan elke skriuwer dyt nei syn fyftichste jierdei noch foarenoan stean wol: hy kin it net mear byfytse en wurdt oan e kant reage.

De krft fan Schurer leit foar de oarloch. Dan sjogge wy de keardel, de helt, de profetyske tsjger. Ik, wy allegear, ha safolle oan him te tankjen. Douwe Kalma hat Frysln de literatuer skonken, Fedde Schurer hat de Fryske literatuer ret.

As ik op e wrld kom, yn 1938, dan is Schurer fjirtich en hy stiet op e top fan syn macht en oansjen. Hy is de foarnaamste neikommeling fan de Jongfriezen mar doch ek ien dyt nije wegen siket. As der yn e tritiger jierren in streaming opkomt dyt it roer radikaal omsmite wol, fuort mei de hege literatuer en werom nei de folksliteratuer, dan kiest Schurer mei hert en siel foar de hege literatuer.

Eigenaardich, Schurer wie ommers in folksman op en t, syn pozy is ek de folksaardige kant neist. Bekend is syn tspraak: in dichter is in keardel dyt in fers skriuwt as syn folk der ferlet fan hat. Mar dochs, fleinich en hertstochtlik kiest er foar de hege literatuer. Dat is de Schurer dyt ik lije mei en dyt ik earje.

Yn 1936 besprekt Schurer it ferhalebondeltsje It wrede libben fan Jan Piebenga. Dat is dan noch in nbekende skoalmaster t Aldegea (Wymbr.). Schurer ferset him fl tsjin de folkslektuerdriuwerij, drt er Piebenga syn boek as in eksimpel fan sjocht. De slotrigels fan it besprek: Hwent allinne de smertlike arbeid wirdt skeppingsnocht inkeld hwet de kinstner for syn eigen yndividualiteit forantwirdzje kin, is for God en Frysln to forantwirdzjen. En de folkslektuer den? Lit de deaden hjar deaden bierdigje.

Dr past my allinnich: Hallelujah, amen, amen.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 31 maart 2010)

 

 

In schwalbe

 

e PVV hat in schwalbe makke, sei Arno Visser, listlker fan de VVD yn Almere. Wrt er op doelde, wie sa likernch ddlik: Raymond de Roon, de foaroanman fan de winnende PVV hat mei de oare partijen in healoere, trije kertier praat en doe besletten dat it mei gjinien fan dy partijen wat wurde koe. Hy hat de boel mislearje litten foart er serieus hifke hie oft der gearwurking mooglik wie.

Dat hie yn fiif minuten ek wol kinnen. Ek wol helendal snder minuten. As jo fantefoaren oankundigje dat oer beskate programmapunten net te nderhanneljen falt, holdoekjeferbod, belestingferleging, ferbod op it bouwen fan mear moskeen, dan sette jo josels bten spul. En dan kin in erchtinkend minske ek noch nderstelle dat it de PVV helendal net giet om in holdoekjeferbod, mar om harsels yn it foar t te sluten fan kolleezjefoarming.

De PVV wol gjin ferantwurdlikheid drage foar in midsmjittich, heal dit heal dat-belied, mar it frij hlde om oan e kant te stean te lekskoaien.

As der foarhinne in kritysk ferieningslid wie dat alle jierren yn de ledegearkomst siet te seuren oer it bestjoer, dan wie de trk ik ha dat fan s heit heard de trk wie: stel san man ferkiesber en soargje dat er yn it bestjoer komt. Dan is er mldea.

Dy trk ken de PVV ek en dr trapet er net yn.

Mar no dy schwalbe. Ik ha dat opsocht. In schwalbe is it mei opsetsin fallen of stroffeljen fan in fuotbalspiler yn in treffen mei in tsjinstanner. De suggestje is dan dat dy tsjinstanner him skopt hat of poatsjelicht. De tsjinstanner krijt as de skiedsrjochter net sjoen hat dat it om in klucht giet in gele of reade kaart en de eigen partij krijt in frije skop.

Swellen skine har soms midden yn e flecht in ein falle te litten en dan wer fierder te fleanen. Oan dat ferskynsel ha de Dtskers dy fuotbalterm ntliend.

Is it ferwyt en de ferwizing fan Visser mei rjocht, giet it hjir om in schwalbe? As men it sa tleit, men feroarsaket sels it ngemak en soarget dat in oar de skuld der fan krijt, dan grif. De Roon spilet it slachtoffer, mar hy is de dieder.

By balskoppen is it min te sjen oft ien in schwalbe makket of dat it echt is. Ik sjoch noait meisin nei fuotbaljen mar der waait jin wolris wat foarby. Miskien binne oaren kundiger yn it nderskieden fan echt en falsk by in falpartij. Mar dat falskspyljen soms net troch de skiedsrjochter nderkend wurdt, liket wol ddlik te wzen.

Dy schwalbe yn Almere, dr hawwe hnderttzen skiedsrjochters op kop en earen by stien en videobylden hoege efternei gjin klearrichheid te skeppen. It is sa klear as in klntsje.

Komt de PVV hjir snder kleanskuorren foarwei? Ik tink fan ja, as de PVV yn De Haach wol oan de kolleezjefoarming meidocht. Mar as it dr ek mislearret en op nreedlike easken en nbesprekbere punten fknapt, dan is it ddlik dat de PVV net meidwaan wol en syn eigen cordon sanitaire regelet.

It Vlaams Belang is fan it begjin f, doet it noch Vlaams Blok hiet, troch de oare partijen fan meidwaan oan koalysjes tsletten. No, nei al dy jierren, sjogge se by it Vlaams Belang yn dat se nea wat bedije sille as se net wat mear nei de midden ta krpe en wetter by de wyn dogge. Se wolle it cordon sanitaire, dat har fan btenf oplein is, fan binnent trochbrekke.

By de PVV leit it krektoarsom, it cordon sanitaire wurdt troch de partij sels ynsteld en yn stn hlden. It doel is net om yn e maatskippij wat te berikken en te ferbetterjen, mar om de ekstreme opfettingen te bewarjen foar korrupsje en korroazje. It cordon sanitaire tsjinnet as fwar tsjin ynfloeden fan bten en ta beskerming fan de eigen hillige opfettingen.

As it de PVV-stimmers giet om feroaring yn e maatskippij, dan sille se yn 2014 wol fheakje. Mar as it giet om it yn stn hlden fan in rop- en raaspartij, dan sil it s tiid wol tduorje.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 24 maart 2010)

 

 

It ienfldichste senario

 

outer Bos hie amper sein dat er it opwaaksen fan syn bern meimeitsje woe en drom t e polityk stapte, of in heel soad minsken begnen te roppen dat Wouter fansels lygde. Dit wie in ferlechje, der siet heel wat oars achter.

It is grif nferstannich om minsken altyd op har wurd te leauwen. Mar der fan t gean dat minsken altiten lige, is like nferstannich. It is san bytsje moade wurden om fan politisy oan te nimmen dat se altyd draaie en lige. Wat foar in kritysk minske, in kritysk sjoernalist, trochgean wol, moat politisy wantrouwe.

It giet, liket it, eins net yn it foarste plak oer leagen of wierheid fan Bos, mar troch jo oer Bos te uterjen, kinne jo sjen litte hoe skerpsinnich jo binne. As jo tinke dat Bos lycht, dan bin je in yntelligint minske en as jo tinke dat er de wierheid sprekt, dan bin je in nave kloat.

Ik fyn dat, wittenskiplik sjoen, in besopen redenearring.

It is net te bewizen dat Bos de wierheid sprekt, it is likemin te bewizen dat er lycht. Mar der is ek soks as wierskynlikheid.

Ik ha ris in ferhanling lzen fan in man dyt it hie oer de wierskynlikheid dat Jezus fan Nazareth bestien hat. San fiifhndert jier foar Kristus sitte de Isralirs yn ballingskip yn Babel. Se komme yn kontakt mei in hegere kultuer, ek mei allerhande skeppingsferhalen en boeken fol wysheden. Dan ntstiet grif it langstme om foar it eigen folk ek soks te hawwen, om in ferline en sadwaande in takomst te skeppen.

Fiifhndert jier letter kinne de Isralirs har noch nearne oars op beroppe, as dat se gjin bargefleis ite en dat se de wiere kennis fan god hawwe. De Griken hawwe it yn wittenskip en keunst folle fierder skopt as de Isralirs, de Romeinen hawwe mei har noerwinlike fjochtmasines it ln beset.

Is it nwierskynlik dat yn sokke omstannichheden op e nij in flecht yn e godstsjinst plak hat? Nee, seit de man waans namme my ntsketten is.

Mar oarsom, Jezus fan Nazareth hat net bestien, mar der hat in grut komplot west om de lju fan doe oant de lju fan no leauwe te litten dat er wol bestien hat. Hoefolle lju moatte de wierheid ferswijd hawwe, of hoefolle lju ha plant lygd? Hoefolle lju binne oerhelle mei jild om de wierheid te ferdraaien, hoefolle binne bedrige om te swijen? Hjir moatte safolle minsken oan meidien hawwe, safolle moatte der fan witten ha, it is net wierskynlik dat san grut komplot slagje koe.

De wet dyt men t dy man syn redenearring fliede kin, is: It senario dat de minste enersy kostet, is it wierskynlikste. Yn it gefal fan Jezus, it is it ienfldichste om oan te nimmen dat er bestien hat.

En it gefal Bos? Fan itselde. As Bos lycht, dan moat er Camiel Eurlings oerhelle ha om de polityk te ferlittten, want Eurlings syn stap makket Bos syn stap plausibeler. Hat er Eurlings in miljoen euro bean? Hy moat ek soarge ha dat Kant opstapte, want Roemer, har opfolger, dyt seit dat er mei de grutte polityk wachte hat oant syn beide fammen him better misse koenen, makket Bos syn dwaan ek wierskynliker. Kant wie wakker oandien, of wie dat tonielspul, en Marijnessen syn triennen wienen ek necht?

Der hawwe earder ek lju west dyt fnen dat it ministerskip net te kombinearjen wie mei in relaasje. Els Borst, destiids minister, hat sein dat as har man noch libbe hie, dan hie se dy swiere baan net hawwe wollen. Ben Bot, widner, hat him yn soartgelikense wurden tlitten. Is dit ek organisearre troch Wouter Bos? De petearen tusken Bos en Cohen al jierren lang oer it mooglik fuortgean fan Bos, wie dat allinnich mar foar it gefal dt?

As Bos lycht, dan hat er in ferskrikliken soad organisearje moatten, hy hat sels tafallichheden organisearje moatten wat in kontradiksje is -, dit hie him mear enersy koste as syn ministerskip. Dat drom, it is it meast wierskynlik dat Bos de wierheid sprekt.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 17 maart 2010)

 

Winterblues

 

arlik sein, nea fan heard winterblues. It moat in lichte foarm fan in winterdepresje wze. De blues dat binne negerlieten ntstien yn it lste part fan de 19e ieu. Blue soe slaan op de blauwe flage dyt op skippen hyst waard as der in ofsier dearekke wie, in teken en de kleur fan rou dus.

Is der in relaasje tusken blues en winterblues?

It hat te meitsjen mei in tekoart oan sinneljocht yn e wintermoannen, dr wurde minsken minder fleurich fan. Guodden ntwikkelje in echte depresje. Nearne mear nocht oan, leafst op bd lizze, jin fslute foar it kontakt mei oaren en tefolle ite, benammen swiet guod. By oaren is it minder slim, en dat hyt dan de winterblues.

Nea fan heard, it wurd net, mar de saak ek net. Fan freonen en kunde nea wat fan fernommen. As men in iepen winter hn hat mei allegeduerigen suterich waar en it wol dan ek noch gjin maityd wurde, dan kinne minsken sjagrinich wurde. Mar in depresje?

W. F. Hermans fertelt yn syn roman Nooit meer slapen dat minsken yn it hege noarden earder fersliten reitsje, winters fierste folle sliep en simmers fierste min. Mar fan depresjes hjir ek gjin praat.

It is grif in feit dat minsken op noardliker breedten nei de sinne en de maityd t sjugge. De Germanen hienen net om e nocht har Joelfeest, dat letter omneamd is ta Krystfeest, om it op e nij lingen fan e dagen te fieren. Fansels, de sinne bringt fleur en kleur, mar de sinne soarget ek foar iten.

Mei ljochtterapy soe men de lijers oan de winterblues it libben ferljochtsje en ferlichtsje kinne. Deis in pear kear foar in lampe en de stakkerts knappe op. In sinnebank kin net, want dan hat men it briltsje op en it is no krekt it doel dat it ljocht yn de eagen falt. De eagen, of de senuwen efter de eagen, of ien of oar knobbeltsje oan de oare kant fan dy senuw, tinkt dan: hee, it is ljocht, de sinne skynt. En fuort is it minne sin en de lammenadigens.

Ik hld it foar in fake-sykte, in ynbylde kwaal. Mar men wit it net sekuer. Der promovearje lju op dizze sykte en fabrikanten ntwikkelje der lampen foar, dat wa wit is it doch wol echt.

Hat de fal fan it kabinet bygelyks te meitsjen mei de winterblues? Jannewaris, febrewaris lykje de slimste moannen te wzen foar de geastlike wjerstn fan in minske. Wat de wjerstn fan de lea oangiet, leau ik dat grif. Foarhinne wie ik yn maart in wike fan e kaart, snotterje, hoastje, seare keel, pineholle. De reserves dyt it lichem de simmer troch opboud hie, wienen dan op.

Kinne de geastlike reserves nei de koartste dei ek op wze? Hat men dan gjin spankrft mear op slimme problemen oan te pakken en brekt de boel? Net fuortdaliks in depresje by Balkenende-en-dy, net iens faaks in kabinetbrede winterblues, mar in algemene tastn fan dy lste triuw en dy lste stap net mear jaan en dwaan kinne.

It hie miskien oars tpakt as Rasmussen dat brief twa moanne letter stjoerd hie. Hy hie dat witte moatten, hy komt t it hege noarden. Miskien, men wit it net, mar miskien hie Bos, mei de earste maitydssinne oer de bleke wangen en de golle maitydswyn troch it hier, wat minder stikelich op dat brief reagearre.

Itselde jildt fan e ferkiezingen fan koartlyn. Hat de PVV sa slim wn omt de lju gjin kriich mear hawwe en moedeleas binne? As it simmer is, de fgels tsjotterje om jin hinne, de flinters dnsje oer de blommen, dan laket men om alle minaretten en tilt jins sin op by alle holdoekjes. Mar no, sa fielt it de lju oan, no driget it gefaar fan alle kanten en nimmen docht der wat oan.

It is in goed ding dat de kommende ferkiezingen yn e simmer falle, yn it moaist fan e tiid. Alles groeit en bloeit, alles toant op it moaist, neat noch is ferwylge of oan it tbloeien.

Ik tink, Wilders ferliest fan t simmer, dit is gjin partij fan wille en fleur, mar fan swartgallichheid en moedeleazens.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant 10 maart 2010)

 

 

God as kullekontroleur

 

n homoseksuele man t it Brabanske Reusel mei net te kommuny gean hat syn pastoar Luc Buyens beslist. Homo wze, dr is op himsels neat op tsjin, mar men mei it net yn praktyk bringe.

Wis, do meist bst pankoekbakker op it pankoekskip wurde. Mar do meist gjin pankoeken bakke. Dy Roomsken hawwe grif seachmoal yn e kop.

Homos dy hawwe yn myn eagen in mankemint oan har ntfanklikheid foar skientme. De pracht en de trft fan in frouljuslichem miskenne en fersmaadzje, dat is by my nbesteanber. En dan mei jins kul nsmaaklike kluchten theve, nee. Mar it is har kar, of de kar drt se net foar wei koenen. Yn alle gefallen, it giet my net oan. De pastoar fan Reusel giet it grif al oan. Of it giet syn god wat oan, de god dyt hy t in pear primitive ferhalen fan it Alde Testamint opfiske hat.

It doarp Reusel leit krekt boppe de grins mei Flaanderen, de pastoar, dy Buyens dus, is nammers in Flaming fan komf. De koartste klap wie, fersko de grins in mannich kilometers nei it noarden ta, dan wie men fan dizze barbaarske tastn ferlost.

It doarp hat oars in moaie namme, Reusel, dat is yn it Frysk riezel. It fet fan tbakt droech spek dat kld wurden is en stjurre, dat is riezel. Lekker op in stikje brea. Mar dit Reusel smakket net mearich.

Gijs Vermeulen, de karnavalsprins drt it om te rden is, is wakker oandien omt de pastoar him de hosty wegere hat. Oandien en lilk. En in hele bult homos binne dat mei him. Se geane manmachtich nei de mis yn Reusel en nei de mis yn de Sint Jan yn Den Bosch drt biskop Hurkmans de skepter swaait. Want Hurkmans is it helendal mei Buyens iens.

It kin ek sonder opskuor. Om it lste miel iten fan Jezus fan Nazareth te betinken hoecht men net perfoarst itselde te iten as hy die. Hy en syn mannen ieten it wenstige jnsmiel. Dat soe by s delkomme op jerappels mei griente en in hoekje fleis. As dat tefolle omslach freget, dan is in krintepofke mei in kop kofje ek bst. Sels in patatsje-oarloch mei in milkshake kin it wol dwaan.

Wat stiet Gijs Vermeulen yn e wei om kommuny te dwaan yn de patatsaak? De konsekraasje en de transubstansiaasje, dat is ommers klearebare flauwekul. En as Gijs dr dochs in sin by hat, dan seit er in preuvelemintsje yn it Latyn op en hupsakee, syn patatsje-oarloch wurdt it lichem fan Kristus. Dr hat men dochs gjin pedofyl foar noadich?

Wol er it wat autentiker dwaan, men hat in fleske wyn foar trije euro en in rle moalkoekjes kostet de hele wrld ek net. Ik kin Gijs noch in bettere tip jaan, de hostybakkerij te Megen yn Braban leveret hostys oer hele Nederln. Men hat de kar t lytse hostys (30 mm trochsneed), preesterhostys (65 mm trochsneed) en hostyblen. As Gijs no de lytsten bestelt, dan hat er foar 12,60 tzen hostys. Dr komt de btw noch by en de ferstjoerkosten. Mar man, alle sneinen ien, dan kinst dr in lytse twintich jier mei ta!

It is it ferstannichste en beslach dit mei de gek, mar der sit dochs ek de wee en soere rook fan koarre oan dit Roomske gedoch wrbyt god belytse wurdt ta in amtner fan e sedeplysje.

De god dyt men jin op jins bste mominten yntinke kin, de god drt men as bern op in bernlike manear yn leaud hat en dyt jin no noch t en troch as in skym foar de geast lns wynderet, dat sil dan dochs in god fan leafde en tagedienens, fan moederaasje en begrutsjen wze moatte. Men kin jin god dochs net goed foarstelle as in kullekontroleur? Kul lofts, kul rjochts, kul yn it goede gat!

Hurkmans, do meist biskop wze en in heech man, do leist in falsk tsjgenis fan god f. God hifket de herten, net de kullen en prmen.

Minsken, it wurdt wer maityd, de moaie tiid komt oan. It is dochs mar sa, en dat is wol treastryk, ien dei fan sinne hellet de killens fan twatzen jier kristendom oer. De sinne wint it fan e klde winter.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 3 maart 2010)

 

 

As it tij ferrint...

 

e fraksjefoarsitters sille allegearre har rabbelemintsje wol opsein hawwe by Beatrix. Sa heart dat, of teminsten it is wenst. Plicht, mar faaks ek wol in bytsje feest. Agnes Kant hie der teminsten in nije mantel foar kocht en se hie grif ek nei de skientmespesjaliste west. Se seach der minder flfretterich t as ornaris. In moai fanke, ja wier.

Foar Geert Wilders wie it de earste kear dat er by Beatrix ferskine moast en ik ha my ffrege wat de ynhld fan syn rabbelemintsje west hat. Wilders hat sein, as oaren mei him yn it kabinet wolle, dan is er ree om yn it islamdebat wat wetter by de wyn te dwaan. Ja, wat hldt de man dan noch oer oan polityks?

Foar t neist, tink ik, hawwe de majesteit en Wilders oer hier praat, oer inoars kapsel. Wilders: Majesteit, hoe hlde jo de teinen fan jo hier altyd sa kreas te plak yn dy slach nei de hals ta? By my sit it moarns wol goed, mar yn e rin fan e dei, as ik in pear minsken foar knettergek ferklearre haw en mei stimferheffing sein haw dat it net folle mlder wurde moat yn dit ln, dan reitsje der efter de earen pjukken hier los en dy stekke dan fansiden. Ik merk dat fansels net, mar ik sjuch it letter op de bylden.

Menhear Wilders, seit de majesteit, it is neat net slim om jo stim te ferheffen, hoewolt ik der sels foar keazen haw om op in flakke, seurderige toan te praten, mar it euvel by jo is grif dat jo stimferheffingen beselskippe wurde fan skokkende hollebewegingen, en dat is funest foar jo kapsel.

Ik snap niks fan de fal fan it kabinet. Dr hie ik oer skriuwe wollen. Bygelyks, de Amerikanen beare dat de Nederlanners Afghanistan en de Afghanen en Isaf en de Navo en Amearika en presidint Obama mar raar sitte litte. Mar it wie ein 2007 bekend dat de Nederlnske soldaten yn 2010 definityf t Uruzgan weigean soenen. Sitten te sliepen, stront yn e earen?

De Navo hat twa jier tiid hn om foar ferfanging fan de Nederlanners te rieden, mar der hat net iens in begjin fan aksje west. De Navo hat neat ndernommen en seurt no fan jim litte s yn e steek. Elkenien wist dat de misje yn 2010 frn wie, hoe dan ek, wat dan ek. Nederln hie syn part dien, wie it oardeel.

Mar der is in oare sitewaasje ntstien, Obama hat in nije strategy, hy wol folle mear de oanpak fan de Nederlanners oernimme. De sitewaasje is no heel oars as yn 2007 en as it tij ferrint...

It tij is net ferrn. De sitewaasje is deselde as doet de ynfal begn. De sitewaasje is, men kin mei in regulier leger in guerrillaleger net ferslaan. Wat men berikt is, by ngelok of meisin of yn alle gefallen ynkalkulearre, dat der in soad boargers deareitsje en dat soks de guerrillabeweging yn e kaart wierret.

By de striid fan no om de std Marjah sjocht men deselde Amerikaanske doaryntrapers, frouljuyntimidearders en collateral damagers al wer op e lde manear dwaande en generaal Stanley McChrystal hat de aaiwekker op fiif minuten stean want dan moat er syn ntskuldinging al wer oanbiede oan Hamid Karzai foar al wer boargerslachtoffers.

De Dutch Approach wurdt troch elkenien eare en wurdearre en as foarbyldich priizge. Mar de Amerikanen geane op e lde foet fierder. Letterlik: doarren yntraapje.

Dy Dutch Approach... Hoefolle wetterputten en brgen en sikehzen en skoallen dyt troch de Nederlanners slein, boud, oprjochte binne, binne op t stuit noch yn wzen en feilich brkber? Meie wy dat witte?

Mar Wouter Bos, wrom de kont tsjin de krbe? It wie ddlik, de Twadde Keamer hie in tstel foar ferlinging fan de misje yn Uruzgan fwiisd. Do hiest mei in skynhillich gesicht ynstimme kinnen mei it kabinetststel en dan efter it hantsje Balkenende tgnize as it tstel sneuvele mei troch tadwaan fan dyn eigen partij. Wrom sa rjochtlinich? Kristenen moat men op har eigen wize bestride, mei skynhillichheid.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 24 febrewaris 2010)

 

 

Nekskot foar amtners

 

y it debat fan moandeitejn fan in stik of acht kopstikken t e polityk hie Geert Wilders in snoade opmerking. Teminsten, dat fn er sels grif. It wie wer allegear wissichheid en wetichheid.

Der binne, ik wit net mear hoefolle, mar in heel soad amtners yn Nederln. En dy dogge allegear neat, of suver neat. Bekend is de mop fan immen dyt by in amtner op dy syn keamer wze moat en ferbaasd tropt: Man, wat ha jo hjir in miggen! Ja, twaenfyftich, seit de amtner.

Amtners binne lui, fergrieme har tiid, wat twa dogge, koe ien wol dwaan. Drom fuort mei dy amtners.

Oan e oare kant, amtners meitsje boargers it libben soer mei regeltsjes en bepalingen en wetten en rjochtlinen, dr wurdt in mins raar fan. Men moat benammen as ndernimmer oeral rekken mei hlde en oan allerhande foarskriften foldwaan, sa slim, dat men net mear op in normale manier jins bedriuw fiere kin. Drom, fuort mei dy amtners.

Ien en oar strykt net mei inoar. Of amtners binne lui en dan hat men gjin lst fan har, of se bespinne boargers yn in reach fan wetten en regels, en dan binne se net lui. Mar dy tsjinstridichheid liket nimmen op te fallen. Hoe dan ek en oer hokker boech ek: fuort mei dy amtners.

Wilders hie besifere dat der in hele knoarre amtners binne, yn it mle, alderbenaudst. En dy amtners snobben fyftjin miljard euro yn it jier oan salaris op. Skande. Syn plan wie: jou twintich persint fan de amtners ntslach, dan besparret men trije miljard euro.

It ferbaasde my dat gjinien fan it omsteand laach frege: En dy lju hoege dan gjin iten mear, Geert? Wouter Bos hie dat freegje kinnen, hy is de man fan de sinten. Mar alle oare seis manlju en froulju hienen dizze rekkenkundige trk fan Wilders ek trochsjen moatten. Sa stom kinne se dochs net wze?

Fyftjin jier lyn krigen wy ntslach oan e VU omt der besunige wurde moast, en yn san gefal fleane Semityske talen en Frysk der t. Ien foar ien moasten wy by de leedoansizzerskommisje komme, in perfester-taalkunde dyt grif op dat stuit dekaan wie en ien fan it fakulteitsburo. Ja, spitich, och sa spitich, mar fanwege de sinten moasten wy der t. Mar wy krigen in tkearing fan santich persint fan s bruto lean.

As jim der tritich persint by lizze, kinne jim my yn it wurk hlde, sei ik. As len seagen se my oan, dy baasmannen, as len, en se seinen gjin stom wurd. Se hienen der noch noait by stilstien grif dat se mar tritich persint besunigen fan wat se eigentlik besunigje woenen.

Dy flater makket Wilders ek, hy besuniget gjin trije miljard, mar net iens in miljard. En nim ris oan, dy ntsleine amtners komme mei har hshldingen yn e krapte en yn e swierrichheden en dy moatte oanspraak meitsje op allerhande gemeentlike potsjes, dan besparret men lang gjin miljard.

In bedriuw kin besunigje troch minsken dien wurk te jaan, mar foar de oerheid is dat gjin oplossing, want dy moat dochs noed fan dy lju har rak en dak stean. De oerheid besparret wol troch minsken te ntslaan, mar net yn it mle. Dy lju har keapkrft giet dan ek nochris eftert en dat is ek wer ngeunstich.

As de oerheid besparje wol op de leankosten troch minsken ntslach te jaan, dan moat er soargje dat se ek gjin iten en drinken, klean, nderdak en ferdivedaasje mear noadich ha. Dan moatte se dus dea. Ja, it hege wurd sil der dochs in kear t moatte...

Yn de styl fan Geert Wilders soe dat it bste kinne troch de ntsleine amtners, har partners en bern in nekskot te jaan. In knibbelskot jout neat, en dan hat men boppedat sikehskosten. In nekskot dus, en dan yn in massagrf. Allegear aparte begraffenissen mei autos en blommen en in dmny, pastoar of humanistyske preker, fierste djoer.

Sa moat it Geert, net mar wat roppe en foar de konsekwinsjes weirinne, mar by jins wurd stean en de died op it wurd folgje litte.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 17 febrewaris 2010)

 

 

Mei de snt troch de stront

 

obbe Atsma fertelt yn syn ferhalebondel It liket op fleanen (2006) oer in frou mei kanker dyt op in moaie neisimmerjn mei har man giet te kuierjen en dan hookstrooks konfrontearre wurdt mei in reklameboerd drt op stiet fan: Der is in middel tsjin kanker.

De hope flammet yn har op. Twa strjitten fan hs en amper hndert meter fan it tsjerkhf, dr stiet it samar te lzen. Mar as se better sjocht, der stiet: Der is gjin middel tsjin kanker, mar de eerste letters fan gjin binne oerplakt mei euromunten. Se is duvels. Se is ml. Se geane ommers oer liken om mar oan sinten te kommen, flokt se.

Ik ha dy reklamegjalp dyt oars yn it Hollnsk steld wie, mar dat docht net ta de saak destiids ek net botte subtyl fn. It wie in aksje fan it KWF fan neisimmer 2004 en der kaam nochal wat reaksje op. Misliedend en smakeleas, seinen guodden. Ja, dat tocht my ek.

It sil bst wier wze dat jo snedige reklameteksten meitsje moatte om minsken it jild t e buosse te troggeljen, mar sokke teksten wurde ek lzen fan lju dyt sels kanker hawwe of it fan tichtby meimeitsje. En dy witte, jild helpt yn yndividuele gefallen niks. Fansels sil der in bats jild nedich wze om nije gensmiddels en behannelingen te ntwikkeljen. Mar as jo sels kanker hawwe, dan beslisse net de sinten mar it lot.

Wat Atsma goed beskriuwt, is it frommes har finzensitten yn har gefoelens. Se giet net ferstandich mei de dingen om, dat kin se net. Ik ha it sels meimakke dat ik gjin bestjoer mear hie oer myn geast. De rasjonaliteit sakke my yn e klompen. Ik koe bygelyks net mear fytse. No kin ien wol sizze: dat tochtst mar, of dat makkeste dysels wiis. Mar it wie in ddlik feit, ik koe dat net mear: ik koe it net mear kinne.

Letter haw ik my dr wol oer besaud, dat men jin sa ynkommendearje litte kin troch in sykte. Kanker is likefolle in krupsje fan e geast as fan it lichem, wol my foarkomme.

It KWF, folt: Koningin Wilhelmina Fonds voor de Nederlandse Kankerbestrijding hat in nije aksje betocht yn e mande mei de fuotbalklub AZ wrt dy letters foar steane, wit ik net, wol ik ek net witte: fuotbaljen is slimmer as kanker.

In stikmannich supporters fan AZ hawwe fan kanker roppen en dat wie bedoeld tsjin in spylder waans mem kanker hat. Of miskien wie it net spesjaal foar him bedoeld, mar dy jonge hat him dat oanlutsen. No roppe supporters mien ik altyd fan kanker en fan joad en fan jim mem is in hoer, en fan hamas, hamas, joaden oan it gas, dat: neat nijs.

As jo in balskoppartij organisearje, dan organisearje jo tagelyk fisyk en ferbaal geweld. Dat is jo doel grif, want oars holden jo der wol mei op. Mar nee, balskoporganisators meitsje harsels wiis dat se alle kearen prachtige wedstriden organisearje drt alleman fan genietet. Mar spitigernch komme der wolris ynsidinten foar.

Dat soe sa net wze moatte, bruorren.

Stadionferboaden helpe net gench, dan geane dy blasten nei in kafee mei in tillefyzjeskerm fan trije by fjouwer meter. No, moai dochs, dan is men se kwyt. Mar nee, it AZ sjocht himsels as folksopfieder en resosialisator. Yn e mande mei it KWF hat de klub betocht dat de supporters marris, lykas dat mei jonge hnen wol dien waard as se it hs besmoarge hienen, mei de snt troch de eigen stront wreaun wurde moatte. Se moatte in kankerkursus folgje en se moatte ynterviews hlde mei kankerpasjinten.

No freegje ik jo, al hienen jo allinnich mar in swolme tme, soenen jo dat tch fan e richel yn e hs ha wolle, of sels oan jins bd? Lit stean dat jo kanker hawwe en jins libben op e kop stiet en jo sa labyl binne as de pest.

It KWF hat net folle moederaasje mei kankerpasjinten, komt my foar. Sike minsken ynsette om platte hufters op it goede paad te bringen. Wa wurdt hjir mei de snt troch de stront wreaun?

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 10 febrewaris 2010)

 

 

In drf ld man

 

n promoasje-ndersyk oan de UvA (Universiteit van Amsterdam) hat twiisd dat ldere manlju waans frou krekt ferstoarn is, in grutter risiko rinne om mei gauwens dea te gean. As it al wat langer lyn is, dan wurdt de kns om hookstrooks dea te gean grif lytser. Sa kin men dat berjocht teminsten lze.

It komt der dus op del dat in ld man dyt widner wurden is, ynearsten ekstra kns rint om dea te gean, mar dat er dr ek oerhinne groeie kin. Dat is net san spektakulre ntdekking, liket my ta. Dat wisten wy allang. In ferheftich foarfal bringt jin ynearsten fan e wize, mar op en doer saksearret dat.

Ik waard erchtinkend troch it fotoke dat by it artikel op it ynternet stie. Op de foto in ld man op in bank mei efter him in park of plein. Hy sit krm foaroer en hy hat de hannen gear om de stk hinne. It byskrift seit: Een droevige oude man.

Hoe witte jo dat dy man drf is? It iennige wat men konstatearje kin is dat er krm sit en de holle foardel hat. Kin dy lichemshlding allinnich mar op drvens wize? It kin ek wze dat dy man krekt in peukje tflibe hat en dat er dwaande is om mei de stk dat peukje t te meitsjen. Of dat er samar wat sit te prakkesearjen of wachtet op syn pakesizzer dyt aanst t skoalle komt. En hy sit krm omt dat it noflikst is foar de ld rch. Krm sitten is net perfoarst in teken fan drvens of fertrietlikens.

De foto is fkomstich fan My Buffo/Flickr/Creative Commons. Dat haw ik opsocht en dat liket in fotobestn te wzen drt men frij t oernimme mei. Sokke cds wienen der foarhinne ek en miskien noch wol, mei fotos drt gjin rjochten (mear) op sitte. Dan is it ddlik, de NOS dyt dit berjocht bringt hat in aardich printsje by it artikel socht en der in byskrift nder kwattele.

Dat kin de promovendus fan dat deade-widners-ndersyk fansels net helpe, mar it taast syn wittenskiplik wurk likegoed oan. Doet ik fan e wike Nout Wellink strompeljen seach by de kommisje-De Wit, doe gie it dochs ek troch my hinne: hoe kinne se san hakkenkruk no presidint fan de Nederlnske Bank meitsje? Sa giet soks, wat jin bten jins skuld tafalt of oerkomt, dat wurdt jin dochs oanrekkene.

Mar dit promoasje-ndersyk liket op himsels ek net tige nijsgjirrich. It is fansels dat in minske dyt wat kwyt rekket of yn mindere omstannichheden bedarret, ynearsten fan e wize is en syn draai net fine kin. Dat kin men fan tinken wol hawwe. It leit foar de hn dat in wittenskipper fraachtekens set by wat elkenien wol wit, mar hy moat likegoed mear dwaan as befstigje wat elkenien wol wit.

Nim san ld man, hy hat jierren lang mei dat ld serpint sitten te harsenskrabjen en te hottefyljen en no is se dea en it is stil yn e hs. Tsjin wa moat er noch wrokje, wa kin er noch yn e bek hingje? Hy is slim nwennich, it libbet liket doelleas en leech. Fansels dat san man him maklik oerjout as er in krupsje kriget. Hy fjuchtet net mear, de kriich is dert.

Nammers, it giet tink ik net allinnich om it widnerskip as yngripende feroaring. Nim in ld man dyt al syn libben in folkstntsje hn hat. Maityds en simmerdeis fleach er der trije, fjouwer kear jns nei iten hinne en neit er pinsjoen krige, ferkearde er dr heale dagen. Mar it koe net mear. It hakjen hat er jierren lyn al tbestege, mar it wjoeren, it beantsjeplukken, it jerappeldollen kin er langer ek net mear oan. No sit er ths en ferfeelt him.

Of de hn is dea en de fjouwer fleurige loopkes deis binne aaklike gatten yn e dei wurden. In nije hn kin net mear, want in baas moat syn hn oerlibje en dy kns is lyts. Hy soe it ldminske in tou om e strt bine kinne en lit dy fjouwer kear deis t, mar ja...

Sosiale netwurken binne tige wichtich foar de snens fan ldere minsken, is in konklzje fan it proefskrift. Meie wy ek deagean as de lol derf is?

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 3 febrewaris 2010)

 

 

Lili Marleen

 

yn frou frege my oft ik Lili Marleen ferfryskje woe, har koar hie ferlet fan teksten. Dat haw ik doe mar dien, want ik haw oars ek neat om hannen. Nammers, de tekst fan Hans Leip t 1915 (muzyk fan Norbert Schulze) is de wrld oer gien en waard yn 'e Twadde Wrldoarloch fan alle partijen en yn alle talen songen. It Frysk mei net ntbrekke.

 

Foar de kaserne,

by it tagongssket,

stie earen in lantearne.

Hat dy it libben ret?

Dan sille wy inoar dr sjen,

nei de lantearne sill' wy tsjen,

lykas Lili Marleen.

 

Us beide swarte skaden

raanden mei'noar gear.

Dat wy in pearke waarden

dat wie s beiden klear.

En net in minsk kin dat ntgean,

as wy by de lantearne stean,

lykas Lili Marleen.

 

De wacht winkt, ik moat komme.

De taapta puonnet oan.

Kinst trije dagen bromme.

Kamm'raat, ik kom deroan.

Dan lst'ren wy: oant sjen, oant sjen.

'k Woe al sa leaf mei dy fuorttsjen,

mei dy Lili Marleen.

 

Dyn fuotstappen aant er,

dyn betroude trd.

Alle jnen baarnt er,

mar my fergeat er gld.

En mocht it my skiek min fergean,

wa sil by de lantearne stean,

mei dy Lili Marleen?

 

Yn 'e djippe kle,

djip yn 'e ierde wei,

is dyn waarme mle

my sa hein en nei.

En as de lette nevels flean',

sil ik by de lantearne stean,

lykas Lili Marleen.

 

It earste kplet liket in weromblik/foartblik te wzen fan in deade soldaat en it is teffens de ynlieding op wat folget. Yn it twadde en tredde hldt de soldaat yn 'e kaserne ta en hij frijt jns mei syn faam nder de lantearne. Yn it fjirde is er grif op it slachfjild, net sa moedich oer de takomst en eang dat syn faam him ntrou wurdt. Yn it fyfte is er dea en begroeven. Dochs wol lokkich, en hy kundiget oan dat er as geast weromkomme sil.

Goebbels mocht it liet net lije, benammen om it slot, it wie te weak en te neargeastich. In Dtske soldaat sneuvelet ek net, dy triomfearret. It moat de Ingelsken ek te tryst west hawwe, de oersetting fan Tommy Conner t 1944 hat in wat mylder slot.

De Nederlnske oersetting fan Herre de Vos giet net oer in soldaat, mar oer in seeman dy't wer oan board roppen wurdt en fuort faart. De Fryske oersetting fan Jurjen van der Meer giet likemin oer in soldaat en in kaserne, mar oer in pearke dat inoar t it each ferliest. De tekst docht tinken oan 'Oan 'e dyk fan Keimptille' fan Marten Sikkema.

Dat minsken teksten altyd feroarje en 'ferbetterje' moatte, is my slim yn 'e wei. Net allinnich de koran is hillich, alle teksten binne dat.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 27 jannewaris 2010)

 

Lit mar lizze

 

en skammet jin suver dat men in hn hat, sei in frou tsjin my. As it dan wer teiwaar wurdt... Ja, de snie op it gersfjildsje by Pierke de Vries wie yn in deimannich fuortteid en it gers lei besiedde mei heapkes hnestront.

Gewoanlik ferreint dy stront wol of hy droeget yn of fgels pjukke der yn om en huffe de stront mei de snaffel in ein fuort as wienen se yn oannommen wurk oan it skytbtsen. Fgels binne nuvere bruiers, niis sieten der in pear klyster foar de keukensruten om mlens yn de rotsjende blden om te slaan. Der wienen faaks wer wjirmkes en krobkes.

Mar as der snie leit, dan bliuwt de stront ek lizzen. Salangt de laach net te tsjk wurdt en it jaget ek net, dan lykje dy hnen noch wol obsterwearje te kinnen wrt gers is en wr paad. Dat ha se de foarbye fjirtjin dagen ek knap roaid, der leit omtrint neat op e tegels. Mar as it jaget, of as de minsken mei snieskowers de snie op bulten jeie, dan binne dy bisten der f. Op e hoeke by Pierke hie de snieskower in bult op it trotwaar jage en dr helendal boppe-op hie in hn parmantich sitten te kakken. It hat der dagen lein, no leit it op it trotwaer.

Der komt noch mear boppe wetter, of boppe snie. Oeral lizze noch rotsjes en fjoerpylken fan ldjiersjn, neat is opfage of fuortrotte. Wie it mar bedutsen bleaun, tinkt men. Sake Knilles Feitsma fertelt yn ien fan syn ferhalen oer in earmoedich tbuorrentsje yn e Wlden dat troch de fracht snie in suver leaflik en ydillysk oansjen hat. It soe eins mar sa bliuwe moatte, dat men de neakene earmoed net op e nij hoegde te sjen.

Wie it ek net better om de hele bliksemse boel yn Port-au-Prince mar lizze te litten, wat noch oerein stiet plat te walsen en dan op e nij begjinne te bouwen? Wat sil men t de pnheappen yn it deiljocht helje? Deade minsken, stikkene poatten en pannen, in mapke mei fotos drt noait in eigner fan opdkt, kapotte stuollen, bdeguod nder de smoargens.

Miskien, it kin wze, dat it blikguod t supermerken noch te iten is, sa hurd sil de uterste konsumpsjedatum net neierby komme. Mar leannet it de muoite om it nei boppen te heljen en hat ien der sin oan? Ja, salangt der honger is. Mar as de helpstreamen aansent goed op gong binne, wa hat dan noch nocht om yn de rotsoai om te dollen op e siik nei blikken tomaten en potten sjem, en allegeduerigen wer konfrontearre te wurden mei de ellinde?

By lds wie it wenst om in fernielde std lizze te litten sat er lei. Of dy std waard ferlitten, of se bouden der gewoan in nije std boppe op. By opgravingen, bygelyks yn Isral, kin men oan de boulagen sjen hoefaak in std fernield of ferbaarnd en wer opboud is. Ik mien dat it op s terpen ek sa om en ta gien is. As in skuorre ynnukte, dan sljochte men de boel wat en boude in nije skuorre op itselde stee.

It is no minder maklik as eartiids, wy bouwe net allinnich op e grn, mar ek yn e grn. Der rinne kabels foar stroom en tillefyzje, der binne buizen lein foar wetter en foar ffalwetter. Mar binne dy noch te brken en sil werstellen net mear tiid en jild kostje as alles mar nij oan te lizzen?

Men hat safolle huzen en krotten ek net mear nedich as foar de ramp, by safolle deaden. Krotten alhelendal net, of teminsten, se soenen der foar soargje moatte dat elkenien in hs krige en net yn in hok fan planken en golfplaten hoegde te wenjen. Dan hie dizze ramp ek noch wat goeds brocht. Troch de ramp t e ramp, sa te sizzen.

Ik tink net dat der sa radikaal in streek nder it ferline set wurde sil. Dat kinne minsken net of se wolle it net kinne. By de fjoerwurkramp yn Ynskedee seach men ek dat de lju leafst nei har lde buertsje werom woenen. En omt dat net koe, omt der neat fan oer wie, moast it nije buertsje dochs wat wei hawwe fan it eardere.

Sa sil it yn Port-au-Prince ek wol gean.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 20 jannewaris 2010)

 

 

En no mei de PVV

 

akkele de Vries ja, gjin Jack doch? Gewoane Lemster jonges hite fan Fedde (Schurer) of Pieter (Verhoeff) of Rintsje (Ritsma) mar gjin Jack. Yn Ferwert wie yndertiid in gemeenteopsichter dy hiet fan Jacques LeRoy. Dat wie de Ferwerters fierste twrydsk en foar straf waard er oantsjut as Sjak. Dy rein kin De Vries ek bedrippe. Doch mar gewoan, Jak!

Jakkele de Vries hat nei lang sneupen wat posityfs fn yn it rapport fan de kommisje-Davids: der is gjin inkelde oanwizing te finen dat Nederlnske militren aktyf deelnommen hawwe oan e oarloch yn Irak. No, in hele pkel fan it liif, dus! It rapport pleitet it destiidske regear oer alle bgen frij fan hokker flaters en ferneukerijen ek, liket De Vries suggerearje te wollen.

Sa is it lykwols net helendal. Goed, Nederln hat net aktyf-militr meidien oan e oarloch tsjin Saddam, inkeld politike stipe jn. It wzentlike nderskied haw ik nea begrepen, stipe is stipe. Goed, by politike stipe sneuvelje der gjin soldaten fan s, dat is in foardeel as men oarmans deade soldaten en deade boargers net telt. Der liket ek gjin roalhannel west te hawwen yn dy sin: wy stypje de oarloch tsjin Irak en dan mei Jaap de Hoop Scheffer baas fan de NAVO wurde.

Dat hie Jakkele de Vries ek noch neame kinnen, mar miskien is er safier noch net kommen. It is in grou rapport.

Dy Scheffer is oars in moaie jonge. Hy set mei in stikmannich amtners it belied oangeande Irak t en it slagget him om mei dat beliedsstik syn kollega-ministers en de Twadde Keamer te ferbjusterjen. De minister fan definsje Benk Korthals wurdt net mei oerlein, Jan Peter Balkenende dyt dan ek al, of noch, of al wer minister-presidint is, bemuoit him net mei oare departeminten, neffens Davids. Wat er al docht, is nbekend.

Hy kin net oan it sniermjen west ha, want it wie augustus. Alhoewol, ik fertrou it Balkenende wol ta om spikerhurd te bewearen dat der yn augustus 2002 in almachtich soad snie fallen is yn Sint-Maartensjangoorsdijke, of yn hokker Sieuske negerij hy doe wenne.

Spile der net wat oars? Doarst Balkenende Scheffer wol oan te pakken? Krekt drfoar wie Scheffer noch fraksjefoarsitter en Balkenende in nbekend lid fan de CDA-fraksje. Hy wie it noch net wend om de earste fioele te spyljen en hy sil der tsjinoan skytskoarre hawwe om syn eardere baas op it harspit te nimmen.

Us ynljochtingetsjinsten slagget it net om in soad kennis oangeande Irak t eigen ndersyk te garjen, foar it meastepart basearje se har op Britske en Amerikaanske boarnen. Wat s militre ynljochtingetsjinst ynearsten noch wol docht, is oarmans rapporten nuansearje en der krityske fragen by stelle. Dr hlde se rillegau mei op, en dat leit yn e reden. It Nederlnske regear sitearret t de rapporten fan de eigen ynljochtingetsjinsten dy saken dyt it belied oangeande Irak stypje en lit opmerkingen dyt tsjgje fan twivel en tsjinkanting wei.

It regear jout dus in ferkeard byld fan de sitewaasje en dat hyt mislieding of falske foarljochting fan de Keamer. In deasnde en in halssaak. Dr brekt in minister en in kabinet him de nekke op. Fan de destiidske ploech is allinne Balkenende noch oanwzich, mar dit besteande kabinet moat de ferantwurdlikheid nimme. Sa is it spul, sa wurdt it spile.

Ik hoopje dat de PvdA yn e mande mei de opposysje it kabinet nei hs ta stjoert. Folle kns is der net op, want dy partij stiet min yn de peilingen en sil gjin ferkiezingen aventoerje. Mar hokker fleurige tiden kinne net oanbrekke mei in winnende PVV! De PVV mei it CDA en de VVD, dat soe in lyksoartige kombinaasje wurde kinne as yndertiid mei de LPF en wat in wille ha wy doe net hn!

Tsierende ministers, in Balkenende dyt de dwarsbongelders net yn e stokken hlde koe, in Zalm dyt him grien en blau ergere. Kostlike tiden, alle dagen feest.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 13 jannewaris 2010)

 

 

Fstichheid en finzenis

 

y lju yn Kulemboarch, Molukkers en Marokkanen, binne eigentlik net goed wiis. It binne beide allochtoane groepen, beide fiele se har yn Nederln net helendal ths en net helendal akseptearre. Wat besielet har no om tsjin inoar te knokken? Se soenen oparbeidzje moatte en meiinoar soargje foar de ferbettering fan har posysje.

Dat bart net, en dat kin nei alle gedachten ek net barre. It soe earst kinne as de allochtoanen safier yntegrearre wienen, dat har etnisiteit gjin rol fan belang mear spile. Mar dat is noch altyd wol it gefal, de etnisiteit is har fstichheid en har finzenis.

Dat soe likegoed gjin reden hoege te wzen om inoar op e hd te springen, de groepen soenen inoar ek mije kinne. Hjir moat wat oars spylje. Oergeunst.

Us hn krijt neimiddeis kofjetiid in koekje, en dat yt er altyd op it matsje foar de btendoar op. Salangt ik wetter opjit, bliuwt de hn moai lizzen, wol spand, mar hy skoait net. Mar as ik de kofje op it ljochtsje set, dan komt er oerein, want dan pak ik syn bus. Dy hn is dr heel presys yn. Ik nammers ek. Oarder en regel beskiede s libben.

Snt de kat yn e rekken krigen hat dat de hn wat kryt, wol hy ek wat. Ynearsten haw ik kattekoekjes foar him kocht, mar dy foelen net yn e smaak. No jou ik him in pear fan syn gewoane brokjes. Syn bakje mei brokjes is nea leech, hy hat gjin ferlet, mar kofjetiid moat hy in pear brokjes fan my ha, in stik of fiif. Dy lis ik oer de grn foar him del en dy yt er op.

Ik tink dat it yn Kulemboarch ek sa leit. As de Molukkers in koekje krije, wolle de Marokkanen ek in koekje. En as de oare partij brokjes krijt, wolle se sels ek brokjes. It is oergeunst, of teminsten, se wolle net minder behannele wurde as in oar, se wolle foar fol oansjoen wurde.

Mar meitsje dan meiinoar in fst tsjin de man dyt de koekjes ferpartet... Nee, dy stap is te fier. De arbeidersklasse drt ik t kom, wie ek in soad oergeunst en Schadenfreude it Frysk hat dr gjin goed wurd foar, nocht oan nnocht is in te wiid begryp. De arbeiders seagen neigeanderich nei oaren dyt bygelyks troch meifertsjinjende bern yn betreklik goeden dwaan wienen, en se gniisden smeulsk om de nfertnliken dyt yn e nederklits sieten. Mar se seagen net oer de grinzen fan har eigen klasse, of allinnich om oaren te ferskellen: opfretters, tsgers. De midden en hegere klassen wienen gjin punt fan orintaasje. Har hoarizon de eachein, sjongt Piter Wilkens, en dat is in moai wurd wie de eigen klasse. Fstichheid en finzenis, dr ek.

Yntusken hawwe de Marokkanen in koekje krigen, Ahmed Aboutaleb is boargemaster wurden fan Rotterdam, de Turken hawwe ek in koekje krigen, Nebahat Albayrak is steatssiktaris fan justysje. Dr kinne de Molukkers in bliksems bytsje foaroer sette, inkeld Daniel Uneputty, de lieder fan de Hells Angels.

Eardere ymmigranten binne weiwurden yn de lde befolking. Inkeld de nammen wize op in btenlnsk komf. Ien dyt him Travaille skriuwt, dy sil wol fan de Frnske Hugenoaten fskaaie. In Poiesz soe in Portugeeske joad as foarlder ha kinne. In Gildemacher is grif in neisiet fan in lapkepoep. Allinnich de namme, en sels dy nammen binne al gewoan wurden.

Safier hawwe de Molukkers, de Turken en de Marokkanen it net brocht. It is de fraach oft se it ea safier bringe sille. Bringe wolle, of bringe kinne wolle. It is gjin klearebarre dwarsichheid, it is nmacht. It is eangst om it meast wzentlike hldfst kwyt te reitsjen: it oars wzen as oaren. It doel fan de yntegraasje is krekt it skrikbyld.

Undersyk hat twiisd dat allochtoanen dyt bten de beskerming fan e eigen groep libje mear kns rinne op in psychyske sykte lykas skyzofreny. De groep jout idintiteit, jout wissichheid. Dat kin Eberhard van der Laan net biede, hoe fan goede wil oars ek.

(Earder publisearre yn de Leeuwarder Courant, 6 jannewaris 2010)