Fersen

25 fersen (yn: De Hite Simmer), 1968
Riemersma II: 26-50, 1970
Roazen ferwylje, 1972
Teksten foar ien hear, 1973

 

erseskriuwen waard yn ’e lette sechstiger jierren sa simpel, dat ik it ek wol koe. Fretfersen, skytfersen, weismytfersen, ynstantfersen, wat namme der ek oan jn waard, it gyng om de demokratisearring fan ’e pozy. Machtich dochs, sok revolsjonr-literr praat en wat wie myn generaasje hartstikke kreatyf! De earste fiifentwintich fersen dy’t ik skreau, waarden opnommen yn de roman De Hite Simmer. Dat hie ik fansels fan Gerard van het Reve fsjoen. Neityd binne noch trije losse bondeltsjes folge. Yn totaal hndert fersen. Nei it bondeljen fan ’e lste rige fan fiifentwintich, haw ik noch in heel soad fersen skreaun, soms wol in stik of fiif op in jn, foaral as ik wat drank op hie. De oare moarns smiet ik se allegear yn ’e papierkoer, ik fn hndert wol gench. Myn fersen binne allegearre persoanlike, direkte en gauris emoasjonele reaksjes op pynlike nderfiningen. Oan ’e foarm haw ik suver gjin soarch bestege. It keutelt der mar wat hinne. Dochs binne guon minsken troch dizze fersen rekke, bygelyks de skilder Tjibbe Hooghiemstra, dy’t in hele rige skilderijen en in poster makke hat nei oanlieding fan myn gedichten oer bern. Moai dat sok spul nei twintich-tritich jier dochs noch teplak komt. De moaiste foarm fan resepsje is by my dat ien fan myn fersen, dat giet oer it begearen om noch in kroket te iten foar’t ik stjerre moat, jierrenlang yn ’e patatsaak op 'e hoeke fan ’e Dykstrjitte yn Frjentsjer hongen hat. Literatuer moat ynterferearje mei it werklike libben en dit fers docht dat. In echt fretfers!

Fes 74

os ik mei un oere stjerre mwast
wot soe 'k noch thelje wolle?
un lste brief skriuwe oan har
skied nimme fon un freondintsje
wot regelje fwar de bn
nee neat fon dot ollegjerre
ik wl nei myn dea net regeare
ut ret him wol snder mij
dur is neat om gld te stryken
dur is mij neat yn 'e wei
meskjin soe ik even yn ’t tn sjen
ot ut gs ol pkmt
en nei Lemstra rinne m un kroket
dy soe ’k noch wlrus yte wlle.

 

De fersen t De Hite Simmer en t ’e trije bondels binne werprinte yn 'e sammelbondel Argewaasje fn, argewaasje jn. Neityd haw ik noch twa fersen publisearre, ien foar de gemeentlike rige dr’t Ids Willemsma it byld fan fersoarge en ik de tekst (foar de gemeente Ferwerterdeel) en ien yn it boekje In string fersen (1999), ferskynd ta gelegenheid fan Tamminga syn njoggentichste jierdei.

Dat fers bin ik oars ek wol wiis mei. It is in klassyk fers, in sonnet en tagelyk in nammedicht:

 

Dyn jeld sil nea dyn rom belykje
Oer hege hichten stiicht dyn trft.
Us fieling joechsto hld en hft.
Wat koest s mei dyn dicht ferrykje.

Eat hat dy jimmer dreaun en sykje
Aloan en wer it wurd fan krft.
Ta Fryslns sprake joechst dyn jft.
As taalman woesto terpje en dykje.

Moat ienris alles keare yn ’t ferjit?
Moat skjintme faaks nei furtsjefinne kroade?
It wie net om ’e nocht, dyn wurd dat stiet.

Noed om de lste stap dy’t nimmen wit?
God berget s yn btentiidske oarde
As skielk de dea s op ’e hakken sit.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY