Ferhalen

De duvel misbeteard, 1967
Myn folk, myn beminden, 1970
Oant de dea dur óp fólget, 1973
Fôi en fredeloas, 1977
Salang’t de beam bloeit, 2001

 

erhalen haw ik it yn myn earste skriuwperioade it langst mei śtholden. De fjouwer bondels ferskine mei yntervallen fan trije of fjouwer jier, dat ik haw grif moai konstant trochwurke. It koarte ferhaal is makliker as de roman. In ferhaal hat in koarte spanningsbōge, it kostet jin lang san bloedich skrippen net. In wike yntinsyf skriuwe, en it stiet op papier. Men rint ek minder gefaar fan mislearjen trochdat men net twongen is ferbannen, kausaliteiten en ūntjouwingen te beskriuwen. Koart krieme moatte, behoedet de skriuwer foar geėamel.
Mar ik haw my mei ferhalen ek in minder heech doel steld as mei romans. Myn earsucht gyng eigentlik net fierder as: likegoed skriuwe as de eardere Fryske skriuwers. Ik haw my skoalle oan Brolsma en Kiestra, oan ’e nei-oarlochske skriuwers Wadman, Sikkema, Jonkman en Smit, oan de generaasjegenoat Tjitte Piebenga en yn myn lźste bondel haw ik besocht om Hessel Miedem
a op ’e side te kommen.
   It koarte ferhaal wie troch de Fryske skriuwers aardich ferkend en de mooglikheden derfan wienen yn kaart brocht. It skriuwen fan in koart ferhaal wie gjin weachstik, it slagge eigentlik altyd. Ut ’e wittenskip wei wie destiids in soad belangstelling foar de bou fan it ferhaal en it proaza yn it algemeen en ik ha my al ier yn e ferhaalkunde, de narratology, ferdjippe. De opset fan myn ferhalen is gauris ūntliend oan oare skriuwers, mar dan fia de narratology dźr’t prosedees en techniken yn beskreaun waarden. Ik ūntdiek rillegau dat de formele kānt fan ’e literatuer my mear boeide as de psychologyske aspekten fan it gefal dat ik beskreau. Ik moat it hawwe fan it manierke, it prosedee, de aparte opset dy’t ynspirearret.
   In prosedee kin men werhelje en fariearje yn in rige ferhalen. Dat haw ik dien oant ik troch myn manierkes hinne wie en doe wie it śt.
Jierren letter haw ik noch ienkear in ferhaal skre
aun. Ik rūn al lang mei it gegeven om, mar ik koe de foarm net fine. In routsjinst yn Frjentsjer rikte my de plot oan.
   Yn 1996 is in kar śt ’e ferhalen ferskynd ūnder de titel In fearnhūndert ferhalen.

Fan it mislearre skriuwaventoer oer tolve Westerlauwerske Friezen dy’t de trije Fryslannen bereizgen en ferhalen fertelden en fertelle hearden, bleauwen yn alle gefallen de ferhalen oer. De meast folksaardige dźrfan haw ik letter śtjūn yn Salang’t de beam bloeit.
   De niget oan it folskferhaal haw ik skipe fan Ype Poortinga. Dy joech yn it jier 1975-1976 - syn lźste jier oan de Noardlike Leargongen - kolleezje oer de folksferhalen dźr’t er op kop en earen ynsiet.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY