Fabryk, in benearjend avontoer

 

 

 

n skriuwer moat mei it ferstn skriuwe, koel, berekkenjend, beredenearjend. It giet der net om dat er syn emoasjes kwyt rekket of syn problemen fan him fskriuwt, mar hy moat in tekst meitsje dy't foar de lzer ynfielber is. Mar foar in jong skriuwer flt dat net ta, men kin de persoan dy’t men beskriuwt net lossjen fan jinsels. Dy persoan is in fspjalting fan jins eigen bestean. Of miskien is it oarsom: men ferienselviget jin as skriuwer tige sterk mei jins haadpersoan. It hat sa slim west, as ik fan hs nei de bushalte rn om nei de M-A-kursus-Frysk te reizgjen, dan flitste it troch my hinne: Soe Sybesma ek yn ’e bus sitte? Dy sterke idintifikaasje mei de haadpersoan waard my op in stuit te benearjend, en doe haw ik de man loslitten. Ikkrige nammers ek it idee dat er net earlik wie, en ik woe net yn syn frjemde geastesavontoeren meisleept wurde. Ik woe t dat boek wei en ik haw my fan de haadpersoan losmakke yn in stik dr’t ik my yn rjochtsje oan de Achte lzer. Yn it lste haadstik sko ik de haadpersoan fan my f troch him op it jiskeln te setten en him te beskriuwen as in swetshals. Dy omkear is psychologysk net goed te ferklearjen, it is in deus ex machina mei de skriuwer as god. It trochbrekken fan ’e fiksje yn it stik oan ’e lzer wie doe folslein nij en ik tink dat it beskge waard as in snde tsjin ’e werklikheidsyllzje. De lskommisje fan De Fryske Bibleteek, dy’t ik it manuskript oanbean hie, ornearre dat it der better t koe. It hat my letter gauris muoid dat ik dr yn meigien bin en ik bin bliid dat Flippus Breuker it stik as bylage opnommen hat yn ’e tjefte yn ’e (earste) rige Fryske Klassiken. Dat haadstik lit nammentlik witte dat ik al heel ier beseft haw dat literatuer in konstruksje is, net ferslach fan feitlikheid, mar in ding dat makke wurdt. Dat sil gjin eigen ntdekking west ha, ik hie destiids Jo Smit syn baanbrekkend artikel ‘Modern proaza’ (De Tsjerne 1960) fansels lzen.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY