De see

 

 

De see

Oardel jier lyn haw ik foar it shantykoar Loopend Tuyg t Frjentsjer in seesankje makke. It hat der even ynhongen foar’t de muzyk ree wie, mar dat is no safier. Dat it sankje kin publisearre wurde.

Koar Refrein

En elke jn gyng er op paad,
De std t nei it havenhaad.
Dr socht er op in bank syn stee
En stoarre oer de stille see.
O, mocht it him dochs ienris barre:
De haven t, de see befarre.
De see, de see, net t te eagjen.
De see, de see, it ivich weagjen.
Him pleage ’n pine bittersear,
In fle winsk, in fel begear.
Hy woe der alles wol foar dwaan en jaan:
Ien kear de see, ien kear de oseaan.

Yntroduksje (troch ien of mear sjongers)

Hy wie in jonkje noch, hy woe nei see.

Solist

Hy wie al ld, noch woe er alles dwaan,
Ien kear te swalkjen oer de oseaan.
As jonkje dreamde ’r dat er fisker wie
En mei in skip de slte see oer gie.
Hy wie no ld, de langst belune net.
Noch altyd friet dat djip ferlet: de see!

Koar Refrein

Yntroduksje (troch ien of mear sjongers)

Hy wie troud man en heit, hy woe nei see.

Solist

Mar fisker waard er net, ’t kaam der net fan.
Hy bleau oan wl, hy woeks fan feint ta man.
Hy troude, krige bern - rykdom en noed.
De jierren stoden om, ’t libben wie goed.
Hy hie in drok bestean: moarns ier jns let.
Mar nea ferdwn dat djip ferlet: de see!

Koar Refrein

Yntroduksje (troch ien of mear sjongers)

Hy wie ’n ldkeardel no, hy gyng nei see.

Solist

Doe op in kear spriek him in fisker oan:
‘Woll’ jo in reiske mei? Wy farre moarn.’
Hy sliepte amper nachts, syn dream waard wier.
Moarns rn er nei de haven, bliid en blier.
Fan wylde wille tilde him it hert.
Foldien waard no dat djip ferlet: de see!

Koar Refrein

Yntroduksje (troch ien of mear sjongers)

Einlings in seeman dochs, in man fan see.

Solist

In skip rn d’ haven yn, rou wie oan board:
De lde farjensgast sloech nachts oer board.
It skipsfolk socht fergees de oare deis,
Hy wie al nei it deaderyk op reis.
Skriem om him no, mar snder bitt’re smert.
Foldien is einlings syn ferlet: de see!

Koar Refrein

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY