De merjefle

 

 

De merjefle

 

Djip yn de sompige fjilden fan de Trynwlden lang lyn is it bard

— mar sokke lde stoarjes binne wif en nbewiisber

har kontoeren ferdizenje yn it skier fan it ferline

en hgenis oan de tiid is stoarn en te hf brocht

witnis en kennis fan de Trynwldster merje binne fergien.

Wa sil s sjonge de sangen fan de hynst dy’t de merje sprong

fan it tinende sied en de wurding fan bonken en bloed

yn it sklliif bedutsen foar it each fan de tkste boer?

Lit s harkje nei in lde stoarje mei oandacht en ynmoed —

dat in merje in fle smiet: de merjefle.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Fryske dichters yn oanwinnende kloften

folgje de merje op hoop fan sukses

groetsje har neisten en sille net keare

ear’t de potyske skat foel yn har skoat.

— jonge, hast wol in skjinne bsdoek by dy? —

Sompen noch bergen noch see sil wjerhlde

har sterke hertstochtlike jacht nei it lok.

It grien fan ’e greiden, it read fan woastinen

it griis fan de bergen, it brn fan ’e dong,

sille net keare, gjin dwerskneppels smite

de Fryske poten mei koarts yn it hert

troch roei en troch rt.

 

Op ’e flakke fjilden fan Kazachstan skylden wy apels

mei stompe messen wylst de snie wiske en waaide.

Wy wikselen nderste gebitten t mei de lokale stamhaden

ta in teken fan duorsume trou en ivige bekferbnens.

Drwei teagen wy nei Sybearje om mei s waarme pisse

in ivich oantinken te fstigjen yn de snie fan ieuwen,

stieken oer nei Alaske en Kanada al mar troch.

In Indiaan smookte in piip en liet him in skeet ntkomme

dy’t fier klonk oer it hoare fjild fan de beferzen flakte.

Wat wisten wy fan de merjefle dy’t fjouwere en die

yn de klinige greiden fan Easterbeintum en de Heskampen?

 

Komt de merjefle nberonge rimpen,

holle rombom, holle rombom,

slacht dichterlike kluten t ’e ierde,

holle rombom, holle rombom,

draaft oer it leechln splis fan it wetter,

holle rombom, holle rombom,

waant him Pegasus op roatsrichels steil,

holle rombom, holle rombom.

 

Ah, wolle sa graach publisearre wurde,

ah, wolle sa graach in bondeltsje tjaan,

ah, wolle sa graach op it poadium stean,

ah, wolle sa graach foar Omrop Frysln sprekke,

ah, wolle sa graach ynterviewd wurde,

ah, wolle sa graach mei pertret yn ’e krante,

ah, wolle sa graach in priis winne,

ah, wolle sa graach ferneamd wurde.

 

Troch de oerripe gersfjilden fan Srebrenica silger neitins

riidt in tandemfyts mei twa swittende manlju traapjend.

It binne Ysdragyl en Ragnarok, helten fan namme,

soenen ferslaan it leger fan Mladic en Karadzic

en ntsette de belegere moslimminsken beneare, bedrige,

mar troch in mislike aksje fan subversive krften

dy’t de dyk besiedde hienen mei spikers en punzes

mislearre har rdingsaksje jammerdearlik en folslein.

It Nederlnske leger yn uterste paratens song ynmoedich:

Lekke band, lekke band, zet je fiets maar aan de kant.

Sa sneuvelen de Noardske helten Ragnarok, Ysdragyl.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Oh, jimme earnstige dichtersmannen, ploaigesichten,

is jimme earnst de frucht fan in muoisum libben?

Skopt en slein fan it nk, dreaun fan leed en lot?

Binne jimme sa fertutearze yn s fersoargingssteat?

 

Wy weagen de oerstap fan Syprus nei Grikeln,

mar wienen justjes oermoedich en hellen wiete fuotten,

spanden in line fan de hexameter nei de pentameter

en hongen s wiete sokken te droegjen nder Herakles’ tafersjoch.

By de timpel fan Zeus ieten wy brochjes en kofjedronken

t ruostfrijstielen termoflessen, by Blokker kocht foar in prikje,

setten doe stap nei Athene, Sparte, de toeristyske musts,

mar sopen tefolle en leinen acht oere al op s hotelkeamer te koarjen.

Lykwols bnze de antike kultuer s mei barstend geweld troch de holle

— no ja, ’t kin fansels ek gewoan pineharsens west ha.

 

Ik sil it jo earlik sizze, Jelgersma, snder in knappe sinnebril kin ik de Fryske pozy langer net oan ’e eagen ferneare.

 

Wy hlde net fan eksperiminten

want wr bedarje jo?

Wy stappe nea bten de stringen

want wr bedarje jo?

Wy besykje nea wat nijs t te finen

want wr bedarje jo?

Wy dogge it net oars as oars

want wr bedarje jo?

 

Koar:

Altyd itselde, wr’t men ek sjocht.

Altyd itselde, wr’t men ek sjocht.

 

Slacht de merjefle de seadde oan dridze,

holle rombom, holle rombom,

droane syn poaten oer klinige klankgrn,

holle rombom, holle rombom,

snuve syn noasters de lucht yn ’e longen,

holle rombom, holle rombom,

spanne syn spieren foar de uterste sprong,

holle rombom, holle rombom.

 

Tichtsje de ferlitten hichten fan Hades’ djipten,

yn ngrnen bedutsen it oermoedich bloed,

as de eintiid kloppet oan Armageddons poarte,

it paad fertsjustere troch wankend nheil,

lizze de ruften te toarkjen yn ’t nln,

barste de bergen en spuie har fjoer,

spjalte de seen en swolgje de ierde,

grieme de kliemers har sjerp op ’e pankoek,

as einlings ferballe t ’e noflike stoel

de ierdsingel delsaait t himelske hichten

en nsft delkwakt op ’t Frjentsjerter keatsfjild

— ferdomd as ’t net wier is.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Oh, jimme earnstige dichtersmannen, ploaigesichten,

Is de drumband net in gaadlike tiidsbesteging foar jim?

Rombom, rombom, rombom,

Rombom, rombom, rombom

Rommeldebommeldebom,

Holle rombom, holle rombom.

Rommeldebommeldebom.

 

Ah, witte presys wat moai is

ah, witte presys wat bon-ton is

ah, witte presys wat wy skriuwe moatte

ah, witte presys wat goed yn ’e merk leit

ah, witte presys hoe’t wy de top berikke.

 

Koar:

Gjin fratsen, gjin gritsen, gjin grappen, gjin kluchten,

Mar froed it betroude kowepaad lns.

Gjin fratsen, gjin gritsen, gjin grappen, gjin kluchten.

Doe’t pake jit feint wie en beppe jit faam,

doe dichten de dichters tige foarnaam.

 

Op it swurk fan de see sil de ronge net slypje,

gjin baarch sil noch dreame yn deadsneeds ferlet!

De oere is foarby dat de hikpeallen kwynden,

te let kaam de bus en de trein wie al fuort.

As ivichheid tesplintert en keart ta nulniks,

as wissichheid rgelt as modder troch ’t sou,

dan sil de klok gjin deaden beliede,

mar sil beliede de tiid dy’t net is.

As de werklikheid omstrpt wurdt as in sok,

as ierde nderwrld wurdt en nderwrld ierde,

as de ein it begjin is en it begjin de ein,

as iten feroaret yn skiten en skiten yn iten,

dan wurdt it tiid en gean op faknsje.

 

Wy bouden de beantsjes en de wyn wie skraal.

 

Och kom, dy beantsjes dat wurdt neat mei dy skrale wyn,

kom, wy geane nei de sinees om in nassyhap.

Och dat geldehoer altiten.

 

No begryp ik ien ding net, jonges, hoe koe dy merjefle ynienen fan de Trynwlden yn de Heskampen en Easterbeintum bedarje?

Sytse, yt dyn nassy op en hld dyn freet.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY