De Bwarre as filmskript

 

er binne twa redens wrom’t ik al langer ornearre haw dat der fan De Reade Bwarre eins in film makke wurde moatte soe. Foarst om’t it ferhaal yn myn eagen filmyske kwaliteiten hat. Dan tink ik bygelyks oan de tocht fan Tilly oan heite hn oer de barten nei it kolkshske ta, en oan de tocht fan tsjerkeminsken en wapene folk nei de Bjirmen ta om in ein te meitsjen oan ’e ketterij fan it Bwarrisme. Twad, om’t ik fyn dat it Bwarrisme, grif nei de ein fan it boek ta, wat weiwurdt. Yn in werskreaune foarm, as filmskript, soe it Bwarrisme, mar ek it spoekeftige, it folksferhaaleftige, in folle promininter plak krije kinne.
Nimmen hat ea oanstriid hn om in film te meitsjen op basis fan it boek, dat, ik sil it sels dwaan moatte no, net de film, mar it skript
Wat ik ynearsten doch, is in tal snes skriuwe op basis fan it boek. De komposysje moat ik my noch oer beriede.

 

(part 1)

1.

In jonkje fan in jier of fiif bokselt de strjitte del. Hy is klaaid yn in koarte broek en in kyltsje en hy hat klompkes oan. Hy hat it lofterhantsje tichtknypt en hldt it knstke foar him t. Yn ’e rjochterhn hat er in toutsje dr’t er in houten hynder op tsjeltsjes oan meisleept. It hynder is wytferve, it nderstel en de tsjeltsjes binne read. It jonkje set ta op in tillefoansel op ’e hoeke fan ’e strjitte. Hy lit it tou los en besiket de doar op te lken. Dat slagget net. Hy leit wat er yn ’e hn hat op ’e stiennen del, it docht bliken dat it dbeltsjes binne. Hy hoart no mei beide hannen oan ’e doar. Dy giet in bytsje iepen en hy set de klomp dertusken. Hy lkt de foet t ’e klomp en hoart jitris oan ’e doar. Dy giet wer wat fierder iepen en hy skoot mei de foet snder klomp it hynder tusken de doar. Hy pakt syn dbeltsjes wer op en set it rjochter skouder tusken de doar en it kezyn, de doar giet op. Hy reaget mei de foet it hynder yn ’e sel en glipt dan sels ek nei binnen ta. De doar bliuwt hingjen op ’e klomp. It jonkje docht de oare klomp ek t. Hy set it hynder foar it tastel en giet op it hynder stean wylst er him oan de koarde fan it tillefoantastel omheech lkt. Hy nimt de hoarn fan ’e heak en triuwt syn dbeltsjes yn ’e gleuf. Hy draait in nmer. Hy wachtet even. Dan ropt er mei syn bernestimke.
JONKJE: Skriuw my it boek oer de geast fan Baldgrim!
De kamera nimt distnsje fan ’e tillefoansel en glidet omheech oer de huzen en dakken nei de loft ta. Yn ’e wolken ferskynt de kop fan in reade bwarre dy’t fl sjocht.

2.
In hege keamer yn in ld pastory of hearehs.
Foar is in skou mei in swarte smidskachel derfoar. Rjochts drfan stiet in buro mei in kompjterskerm derop. In man sit, mei de rch nei de kamera ta, te typen. Om ’e kachel hinne stanne in antike dfpot en in houtbak. Lofts fan ’e skou stiet in piano. De muorre rjochts hat in pear kastdoarren. Boppe dy doarren binne donkere skilderijen. De muorre lofts hat twa grutte ruten mei brede finsterbanken. Der komt net folle ljocht binnen, want foar de glzen waakse strken. Yn ’e finsterbanken stanne ek mnske planten. Yn ’e midden fan ’e keamer, nder de kroanlampe, stiet in rne tafel mei in faas mei strieblommen, in jiskebak mei in piip deryn, in tabaksfetsje, de bibel en in pear kranten. Boppe it buro hinget in skilderij en boppe de piano hinget in regulateur. Yn ’e hoeke tusken it rt en de piano hinget in swier gerdyn. De kompjter is it iennich moderne yn dizze lderwetsk ynrjochte keamer. In man skarrelt yn tinzen troch de keamer, foar de ruten lns.

IN METALIGE STIM MEI IN WJERLD: Skriuw my it boek oer de geast fan Baldgrim.

De man syn bewegingen bestjurje. Hy bliuwt in set sa stean. Hy rint nei it taffeltsje en begjint stadich en mei sin de piip te stopjen en slacht de brn deryn. Hy paft in pear kear koart efterinoar en nimt dan flinke halen. Hy blaast de reek de kant t fan ’e ruten, dan yn 'e rjochting fan ’e kamera. It is in net sa jonge man mear. Hy hat in fan kleur fersketten burd en it hier wurdt tinder. Dan keart er him nei de muorre mei de kasten en blaast dr in mlfol reek hinne. By einsluten blaast er de reek de kant fan 'e skou. Op ’e nij scht er oan ’e piip, blaast reek omheech en nei de grn. Hy begjint te preuveljen.
MAN:
Ut jarre, reek en tarre
komme wy foar:
bitterheid, yllzjes, dea
dwale en dwylje om
en gonne wer teloar
yn jarre, reek en tarre.

De reek wurdt no folle tsjker, wlet om de man hinne en benimt him ut sicht op ’e dingen om him hinne. De klok boppe de piano, de skilderijen oan ut levont ferdwine yn ’e dize. Stadichoan lytser wurdt it eachweid. Dan nimme nije dingen it plak fan de lde yn. Der begjinne strken te waaksen t ’e keamersflier en der brekke beamtken troch de muorren hinne. Der is ld fan hurde wyn. Der wynderje dingen by him lns, in treppot, in stoel, in biezem, in jas, in slide, in pear heinderballen, in draak mei in sturt. De hurde wyn tilt de man op en kwakt him del op ’e stoel foar de kompjter. Oer it hele buro hinne slingerje har planten mei blommen, dr’t allinnich it kompjterskerm t tefoarskyn komt. De kamera zoomt yn op it kompjterskerm wylst de man typt. Dizze tekst ferskynt: ‘It evangeelje fan Baldgrim.’

 

(part 2)

Panorama fan tsjerke en tsjerkhf fan Ferwert, de klintsjes fan ’e Lytsebuorren, it op- en wer delrinnende paad de Bok nei de Bterhoek ta. Dan glidet it byld nei it noardwesten ta. Bouln tusken de ferkearsdyk oer de klaaidoarpen en de seedyk. Loanen trochsnije it ln sd-noard. Manlju yn midsieuske klaaiing en mei dito ark dolle rapen t ’e grn. In tekst ferskynt yn ’e wolken: ‘It Klaailn.’
In jonkje boartet mei de swarte, wrede kluten. In ld man riist oerein en wiist nei de Ferwerter toer.


LDMAN: Sjuchste dy toer dr wol stean, Hedzer?
JONKJE: Ja, pake.

It fgelflechtperspektyf ferglidet fan it Klaailn nei it sdeasten fan Ferwert, en letter noch mear dy kant t.
In preamfol hea wurdt de Ferwerterfeart del nei de buorren lutsen. Sdliker, tusken Ginnem en Foswert, slagge manlju en froulju yn ut hea om.
Boppe it miedln sirkelje in pear roeken. Dan sette se f, it suden yn. De kamera nimt it perspektyf fan ’e roeken oan. It giet oer sleatten, fearten, puollen, oer pleatsen, tbuorrens, doarpen – it koe Burgum wze –, de iensumheid yn, oer heide, heechfean, sn. Dre, midden op ’e rmte, stiet in bouwurk, heal hs – heal hoale: in reiden tek krekt boppe de grn.
   Njonken it hs binne ekers mei brune beantsjes, grauwe earten, rapen en koal. Fierder fan it hs f waakst wat tin gers dr’t in geit en in skiep yn stanne. En wer fierder is heide, safier’t it each rikt.
   De roeken sette har del op ’e heechste, deade tken fan ’e ikebeam neist it hs en sjugge mei wakker begearige chjes nei de man dyt yn ’e brunne beantsjes stiet te wjoeren en nei de manske reade boarre dy’t op ’e ein fan ’e eker leit en dy’t no en dan fan doel liket om oerein te gean, mar noait mear as ien poat, en lang net altyd deselde, nder it gat kryt.
   De jongeman yn syn lapeguod, op houtblokken en nder striehoed pjukt evenredich mei in stk yn ’e grn om tchjes en twiichjes los te krijen. It is net in stk sonder mear, oan ’e ein sit noch in stikje iisder, it iennige dat, mei de lapen en de striehoed, wize kin op in beskate kultuer.
   De boarre rekt no ien foar ien alle poaten t. Dan, nei’t er se wer ynlutsen hat, skoarret er him op ’e rjochterpoat oerein. Dan folget de lofterefterpoat, dan de lofterfoarpoat en by einsluten wurdt er fan trijepoater fjouwerpoater.
   De kat rint mei weardige stappen poatsje foar poatsje op wjoerder ta.


DE BOARRE: Grimbald, ik wol dy wat seze. Ik haw dyn warberens sjoen, dyn ivrich gepiel fan ’e iere moarntyd oant ’e lette jntyd mei de geit en it skiep en it tn. Do tinkst dat ik yn ’e alve jier fan myn ierdsk bestean oars net dien haw as loailakje en sliepe, mar dat is net wier. Ik haw nei dy sjoen en ik haw neitocht.

Grimbald sjucht tusken twa pjukken mei de stk ferachtlik nei de boarre.

DE BOARRE: Ik wit datsto neat fan tinken ha moatst.
GRIMBALD:  Drom. Tink do mar. Lit my derbuotten.
DE BOARRE: Mar wat ik betocht haw belanget dy oan! Wat bedijsto mei dyn geskrep? Idelheid is it. Ja ferdomd, idelheid. Wat is it grutte doel yn dyn libben? It is der net! Wat is dyn ideaal? It is der net. Hat dyn mem dy drfoar dragen en berne? En kinsto nei dut ferpielde libben tefreden de holle delleze?
GRIMBALD: Praat fan neat! Ik kin my net yn ’t sin bringe ea by in frou yn ’t liif sitten te hawwen, dus is it net sa. Salang’t it mij heuge mei hae ik oan ’t vjoeren west, ik haw dus altyd bestien.
DE BOARRE: Mar ienkear sil der in ein oan kmme!
GRIMBALD: Sil ik dat witte?
DE BOARRE: Nee.
GRIMBALD: Dus sil ik ivich bestean.
DE BOARRE: Swij, swij! Hear, o Grimbald, it wird dat dy bart t ’e muolle fan Baldgrim de boarre. O Grimbald, o ivige, dy’t west hat en wze sil, ws my in paadsljochter en heraut. Besprek de mannichten, hoedzje de massa’s, hein de legioenen. Gon nei de doarpen en de stden en rop de minsken op ta de tsjinst fan God. Lit de geit en it skiep los, lit dyn hs en hear efter dy, nim dyn besittingen en dyn stk en gon!
GRIMBALD: Dat wurd barde my fanwegen Baldgrim?
DE BOARRE: Jins tsjinner.
GRIMBALD: En Baldgrim hat dut sels betocht?
DE BOARRE: Dat sprekt, mar God tinkt der krekt sa oer.
GRIMBALD: Dat is fan minder belang. No, dan gn ik.

Grimbald wjoert de eker dien en lit de geit en it skiep los. Se swalkje de heide oer. Hy yt un oerbleaun krouske t ’e stiennen poat op. Dan dkt er nochris de hoale yn en komt wer mei in plestik pdsje, dat er yn ’e buosse triuwt. Hy pakt in gongelstk en stekt f de heide oer. De boarre teantet him efternei.

DE BOARRE: Net al te gysten, Grimbald, ik wurd in dei lder!
GRIMBALD: Wat woesto dan?
DE BOARRE: Mei fansels! Ik moat dy fertelle watst tsjin ’e wrld seze moatst. Do witst ommers net... eh...
GRIMBALD: Yn it wurd dat my barde waar rept fan it loslitten fan ’e geit en it skiep en fan it meinimmen fan besittingen en stk. Oer it meinimmen fan in reade boarre kin ik my net yn ’t sin bringe dat wat sein is.
DE BOARRE: Ik ha mysels fergetten!
GRIMBALD: Do bedoelst: God hat dy fergetten.
DE BOARRE: God bestiet net!
GRIMBALD: Soms vl! Nee jonge, do bliuwt hjir.
DE BOARRE: En wat moat ik dan?
GRIMBALD: Dea! Ik ha dy alris earder sein, dat erflik prakkesearjen wurdt dyn dea nochris.

Grimbald nderhellet de stk en slacht de boarre de kop yn. Dan stekt er f, de heide oer en ferdwynt t it sicht.
De boarre stekt noch ienris de kop op.


DE BOARRE: Mar myn geast giet mei dy!

(part 3)

1.
Lokaasje as yn part 1, 2.
De kopijskriuwer sit efter de kompjter te typen mei in piip yn ’e muolle. Grutte wolken reek waaie him om ’e holle hinne. Dat duorret in heale mint. Ynienen is der in knallde, metalige stim.

STIM: Skriuw my in stik oer de lytse Tilly!

De man efter de kompjter wurdt sa kjel dat er fan ’e stoel f nukt, de piip stoot him t ’e muolle. Hy klaut wer oerein en krijt de piip fan ’e grn. Hy docht in pear halen en smookt wer.
Hy giet sitten en stoarret nei it rt ta. Dan giet er oerein en leit de piip del op ’e jiskebak op it platte taffeltsje midden yn ’e keamer. Hy rlet de broeksboksen op en hellet it puodde mei knikkerts t ’e kast. Hy giet op ’e knibbels lizzen en rlet mei de knikkerts oer de keamersflier.
Hy set in pear stuollen efterinoar en giet op ’e foarste sitten. Hy seit ‘tsjke-tsjke-tsjk’.
Hy giet de keamer t en komt fuortdernei werom mei in sjipkm en in trijekoppege bwltsjeblazerspiip. Hy blaaste bellen, reade en griene en blauwe. De keamer rekket der fol mei en de kopijskriuwer ferdwynt efter de bellen.

2.
Simmer. Oerdei. De sinne skynt en bakt it hea droech. Yn it miedln neist in brede feart binne twa manlju oan it weidloeien. Op ’e ein fan ’e greide keart in man mei hynder en swylmasine en komt op ’e kamera ta. De kamera swaait op ’e daam ta. Efter de daam is in reed dy’t omheechrint nei de brge oer de feart. Yn ’e wl by de daam lizze jassen, festjes, kilen en termoflessen.
Dr sit ek in jonkje, it is it jonkje t part 1, 1. Hy sit mei de kont op ’e hakke fan ’e klomp en sjucht tige benaud en hat in opset, read gesicht. Ut en troch skoot er mei de kont oer de klomp hinne. Hy tyspelt mei gersraaien om.
De manlju ha de weide fol. De opstekker rikt de loeger de bynpeal oan dy’t oant no ta efter de weide oan sleept wie. De opstekker smyt de loeger fan foaren in tou ta, dat de loeger oer de ynkeepte kop fan ’e bynpeal skoot. De opstekker set it tou foar fst. Dan wurdt der fan efteren in tou oer de fier tstekkende bynpeal smiten. De opstekker begjint it tou strak te lken. De loeger lit him oan dat tou by de weide delsakje. De loeger sjucht nei it jonkje dat by de daam sit. Hy seit wat tsjin syn maat en stekt dwarsoer nei de daam ta.

MAN: Woest net op ’e bynpeal sitte?

It jonkje skodhollet.

MAN: Wolst op ’e weide nei de pleats ride?
JONKJE: Nee.
MAN: Do sitst hjir sa stil. Wrom boartest net? Moatst nei ’t hske?
JONKJE: Ja.

De weide mei hea komt de eker del en riidt op ’e daam ta. De loeger ropt wat tsjin de opstekker dy’t op it foarkret fan ’e weide sit. De loeger pakt it jonkje by de hn en lkt him oerein.

MAN: No, kom dan mar gau!

De man rint mei grutte stappen op ’e daam ta, dr’t de weide krekt trochhinne kriemd is. It jonkje hat lijen om mei te kommen. Se gonne de reed op dy’t nei de brge It Set ta rint. It hynder hat bealigjen om de weide omheech te lken. De stjoerman lit him fan it foarkret glide en rint skean lofts efter it hynder. De man en it jonkje helje it reau yn.

MAN: (tsjin syn maat:) Hy moat nei ’t hske.

De maat knikt. De man lkt it jonkje mei oer de brge oer de brede feart. Lofts stiet in dbele went oan ’e feart. Der waaie ruften oan ’e line. Heit en soan rinne op de wenten ta. Drwei begjint in fuotpaadsje. Oer de greppels binne balken lein. De heit lkt it jonkje mei, somtiden liket it dat syn lytse poatsjes de grn amper reitsje.
Foar har, op in fgroeven terp, leit de manske pleats, in kop-hals-romp mei de kop nei it easten ta, rjochts. Mear nei lofts is noch in pleats te sjen, dy’t neist de terp leit en yn beamguod ferskle giet. De kamera bliuwt hingjen it efterstik fan ’e pleats op ’e terp, dr’t de kowertsjes fan sichtber binne. De kamera dnset op en del, as waard it byld waarnommen troch de eagen fan it dravende jonkje.
De kamera glidet oer de skonken fan heit en soan, de grutte stappen fan ’e man yn blauwe broek, blaunassauwe sokken en kapklompen oan. De lytse wite klompkes fan it jonkje, grize knibbelhoazzen en swarte sokken oan, in koart griis broekje. De poatsjes dribbelje en stroffelje.
Se moatte om in tichte hikke hinne. De man giet sels earst, lkt dan it jonkje om ’e hikkepeal hinne. Wer fierder, se komme oan ’e foet fan ’e steile terp. De man lkt it jonkje by de skeante fan ’e terp op. Dan giet it oer it hiem, by de kowertsjes lns, de buothsdoar troch. Se komme yn in foech haltsje, rjochtt is de doar nei it buoths ta, rjochts is de doar fan it kolkshske. De man raamt dy doar iepen, smyt it houten lid fan it hske en strpt it jonkje de broek del. Hy sjucht dat it nderbroekje fol stront sit. De man komt oerein en himet swier. Hy stiet yn prakkesaasjes. Dan krijt er wat krantepapier en behimmelt it jonkje syn kont en nderbroek. Hy docht it jonkje de smoarge brod t en lkt him mei it hske t.
Op it hiem stiet de man om him hinne te sjen. It jonkje sjucht tige kloatich mei de beide broeken op ’e slomp. Dan is der roppen, in frou komt it hiem oer.


BOERINNE: Wat ha wy no?
MAN: Hy hat him bedien.
BOERINNE: Och hea! Jou him my mar mei, Reimer, ik rd der wol mei.

De man lit it jonkje los, de boerinne nimt it jonkje syn hantsje.

BOERINNE: No, kom hy mar mei, Tilly.

De man stiet de boerinne en it jonkje nei te sjen. Hy skodhollet en suchtet. Dan sjucht er nei syn hannen. Hy krijt in pltsje hea fan ’e grn en faget de hannen f. Hy rint nei de skuorre ta, dr’t de skuordoarren wagenwiid fan iepen stanne.
De boerinne en it jonkje wurde wei yn it mulhs troch in platte doar.
Yn it mulhs stanne amers, waskrekken, fietsen, tobben. Der is ek in trijepitspetroaljestel mei in grutte grien gimmelearden tsjettel derop. It dampt justjes t ’e tute. De boerinne set in stoarten ovale tobbe op in trijepoatske skammel nder de pomp en pjutske in striel wetter yn ’e tobbe. Dan jit se t ’e tsjettel in snjit hyt wetter yn ’e tobbe. Se reart mei de hn hyt troch kld wetter en fielt mei de earmtakke. Se docht it jonkje de beide broeken t en triuwt se yn in amer. Se pompt de amer healfol. Se docht de doar nei de gong iepen en pakt it tobke.


BOERINNE: Kom mar, Tilly.

It jonkje dribbelt hoasfuotling mei syn bleat kontsje efter de boerinne oan, de gong yn. De boerinne druk mei de earmtakke kruk fan de keamersdoar los en triuwt de doar mei it skouder iepen. De doar swaait op. Sichtber wurdt in moai ynrjochte boerekeamer mei swiere meubels, in steande skimerlampe en in piano. Yn ’e midden, nder de lampe stiet de tafel mei in readplssen kleed derop. By de tafel stanne twa jonkjes. Ticht by it rt sit in moaie jonge frou.

BOERINNE: Kom mar, jonkje.

Tilly giet skou oer de drompel.

BOERINNE: (Tsjin de jonge frou:) Hy hat him bedien!

De jonge frou glimket. De boerinne plantet it tobke op it dresswaar en hellet handoeken t it kastke. Se docht Tilly hoazzen en sokken t en lkt him it kyltsje, boarstrok en himd omheech.
Se tilt him op en set him yn it tobke. Se wasket him, droeget him f en docht him in nderbroekje en in boppebroekje fan ien fan ’e boerebern oan. Dan giet se de keamer t om it tobke en de handoeken fuort te bringen
Tilly dy’t hyltyd wat beskamme foaroer sitten hat, doar no de holle wer op te heffen. Hy sjucht nei de beide jonkjes en nei de moaie jonge frou. Mar der is noch wat, dat Tilly syn omtinken lkt: op ’e tafel stiet in oranjekoeke. Tilly bliuwt stokstiif stean as er de oranjekoeke gewaar wurdt en syn blik is derop fiksearre. It liket oft de beide boerejonkjes no ek earst erch krije yn ’e oranjekoeke. Har bewegingen bestjurje en se stoarje lykas Tilly nei de oranjekoeke.
De boerinne komt de keamer wer yn. Se laket as se de bern langhalzjend stean sjucht. Se snijt de oranjekoeke oan en skoot de jonge frou in stik op in pantsje.


BOERINNE: Jim krije ek in stikje, mar jim moatte der foar sjonge.
ALDSTE BOERESOAN: (Sjongt:) Hup spengroattenbrij en krije sil ik dy.

De jonge frou klapt yn ’e hannen. De boerinne jout it jonkje in stik oranjekoeke op in pantsje. Tilly snft en sjucht tige ferachtsum.

JONGSTE BOERESOAN: (Sjongt:) Fuort ld guds, nei Dokkum ta... Fuort lde guds, nei Dokkum ta... Fuort lde guds, nei Dokkum ta...
BOERINNE: Moaisa. (Se jout har soantsje ek in stik oranjekoeke. Tsjin Tilly:) No hy!
TILLY: (Sjongt:) Frysk bloed tsjuch op, wol no ris brze en siede, en bnzje troch s ieren om. Flean op! Wy sjonge it bste ln fan ’e ierde, it Fryske ln fol eare en nocht. Klink dan en daverje fier yn it rn, dyn lde eare, o Fryske grn.

De jonge frou klapt de piano iepen en spilet it refrein mei.

TILLY: (Sjongt:) Klink dan en daverje fier yn it rn, dyn lde eare, o Fryske grn.

De jonge frou klapt yn ’e hannen, mar Tilly set fannijs yn en se begjint like hurd wer mei te spyljen.

TILLY: (Sjongt:) Frysk bloed tsjuch op, wol no ris brze en siede, en bnzje troch s ieren om. Flean op! Wy sjonge it bste ln fan ’e ierde, it Fryske ln fol eare en nocht.

In mongen koar begjint mei te sjongen.

KOAR: Kllink dan en daverje fier yn it rn, dyn lde eare, o Fryske grn.

Btenopname fan ’e pleats op ’e terp. De pleats ferdwynt en makket plak foar in kleaster. Foar it kleaster sjonge nonnen en muontsen yn kanonfoarm fan Klink dan en daverje. In orkest spilet mei. Dan klinke boppe it orkest t fle pianolden.
It byld ferpleatst him wer nei de boerekeamer ta dr’t de jonge frou, se is no neaken, fl op ’e piano huft. Se sjongt mei, de boerinne en har beide jonkjes sjonge ek mei en men heart noch it koar fan muontsen en nonnen. Mar Tilly heart men boppe alles t.
De boerinne smyt de ruten iepen en de kamera folget de klanken fan it liet nei buotten ta. It giet by de buothsmuorre lns nei it kolkshske ta, by de terp del, om de hikke hinne, oer de barten, foar de dbele went loftsf, dan wer rjochtsf, oer de brge neamd It Set. It liet skuort oer it weidln. De heaoppers wynderje tinoar, de petten stowe de manlju dy’t oan ’t loeien en swyljen binne fan ’e kop. Hyltyd fannijs klinkt it Klink dan en daverje. Wylst reizget de kamera fierder oer de minne miede neamd de Kwaaien, oer Wnswert, de Dokkumer Ie.
De kamera stoot nei mei kgelsfeart oer it ln, dat men allinnich noch mar strepen sjucht. Dan begjint de kamera stadiger oer see en ln te gliden. Der ferskine opnamen fan ’e ynfaazje yn Normandi. Soldaten komme mei har lanningsfartugen op ’e kust ta en springe it wetter yn as de klep delfalt. Mitrailleurkgels ketse yn it wetter. En noch hieltyd klinkt it mannichfldich sjongen fan Klink dan en daverje.
Ynienen is it stil. Ynterieur fan ’e boerekeamer. Elkenien sit of stiet rstich op syn plak.

BOERINNE: No, no!

Se jout Tilly in stikje oranjekoeke.

(part 4)

It Klaailn. In reade boarre poatet oer de wiete kluten fan it krekt ploege ln tusken seedyk en Mndersloane. Hy giet it westen yn en dan nei it suden ta, op nei Reinalda’s pleats. Drwei rint er yn ’e berm lns op Ter Sted ta. Hy giet oer in daam it ln yn, yn noardeastlike rjochting. As er op ’e Mndersleane bedarret, folget er dy it noarden yn. By it Houten Hemeltsje makket de loane in heakse bocht nei it westen ta. De boarre bochtet mei en rint op it krakkemikkige nderkommen fan ’e Modderklauwers ta. Hy stekt de daam yn en syn earste gong is nei de bult ld hout. Hy docht in slach om de houtbult hinne en mycht in striel tsjin it hout oan. Drnei bepoatet er de mjuksplanke, de pipegaal, de pikestjelp. it skytkret, de haaiwein en by einsluten mycht er in striel tsjin in blauwe broek dy’t op ’e line hinget.
De boarre stekt f en giet streekrjocht it westen yn. Hy giet noardlik fan ’e Wester-Nijtsjerkster tsjerke en fan it kloftke huzen oan it dwarseintsje yn ’e Hearrewei lns en bedarret by einsluten yn it Maremer Bosk. Dr set de boarre it hiem fan in gerniersspultsje op. Efter it skuorke stiet in molkkarke. De boarre mycht tsjin in tsjel oan. Dan set er nei de foarein ta en springt yn it finsterbank. Troch it rt sjucht er trije minsken. In man en in frou fan sa’n fyftich jier en in bleek, jongfrommes fan in goeie tweintich sitte by de tafel oan it miel. Se ite jerappels snder griente. De ldere frou pjukt yn it fleispantsje en skoot man en dochter in gehakbaltsje op it board. Wylst se wer sitten giet, sjucht se de kat yn it finsterbank sitten. Se rint op it rt ta en makket meneuvels mei de hannen.

LDE FROU: (min te ferstean) Fuort kat! Fuort!

De boarre wipt linich t it finsterbank wei en rint wer nei de efterein fan it stjelpke. Hy fynt in doar dy’t oan stiet en slpt it skuorke yn. Hy sjucht in frouljusfyts stean en mycht tsjin it foartsjel oan. Dan set er wer nei bten ta en rint de Lege Hearrewei del rjochting Wester-Nijtsjerk.

In klde hjerstdei. In jonge man en in jonge frou klompje de Lege Hearrewei del fan it Marumbosk nei Wester-Nijtsjerk. De man lkt in karke op transportfytsbannen dat oars brkt wurdt om de molkbussen te ferfieren. It is mar in behindich karke, goed foar seis molkbussen. Fan it karke is hast neat te sjen om’t it folloege is mei bdeguod: kessens, tekkens, in pel, in pear striematrassen. It is in tuitelige boel dy’t hieltiten hinne en wer glidet.
De man wdet mei grutte stappen de dyk del. Hy hat in piip yn ’e mle en sjucht stiif foar him t. It jong frommes hippelt om it karke hinne, jout dan hjir en dan dr in triuw tsjin it ferglidende bdeguod oan.


EELKJE: Tke, net sa gysten! Aansens sabelt my de boel de dyk oer!

Tke, de man klompet troch, hy jout gjin asem.

EELKJE: Tke, net sa wrimpen. Ik ha hlden en kearen.
TKE: (grommelt) Minske, dit fret oeren! Men fergriemt hjir in dei oan!
EELKJE: Ja, no! It moat allegearre syn hantrekken ha, dat is fansels.

Wester-Nijtsjerk. Op it tsjerkhf stapt in reade boarre om. Hy poatet oer de grfstiennen hinne en hat syn niget oan fgelguod om him hinne. Dan set er de dyk t nei it streekje huzen ta, dat yn it ferlingde fan it Lang Paad leit. Moai yn ’e berm lns stapt poeke, en as der in persoan op in ratteljende fyts lns komt, dan dkt er djip de berm yn.

In keale lytse keamer. Neat oer de flier, neat oan ’e muorren, gjin kachel noch stuollen. Oer de keamersflier leit in heap bdeguod, kessens, lekkens, tekkens, in pel, twa striematrassen. Der binne twa jonge minsken, in man (Tke) en in frou (Eelkje).
Eelkje taast yn ’e brol bdeguod om, leit de kessens byinoar, teart de tekkens op. Tke is dwaande de nderlegers te plak te skikken.


TKE: No, de striematrassen mar!

Eelkje hoart der oan om, mar se binne har te mnsk. Tke krijt har it matras t ’e hannen en sabelt him op ’e nderlegers. Dan de twadde. Eelkje stiet wurch en ferslein te sjen nei de warbere man dy’t fan gjin wurgens wit.

TKE: (hy wiist nei de pel) No dizze?

Eelkje knikt. Tke pakt de pel op en flijt him de striematrassen. Hy sljochtet de pel. Dan komt er werom en skopt yn ’e lekkens en tekkens en kessens om dy’t Eelkje krekt sortearre hie.

EELKJE: Toe ju!

Se pakt in moltonnen lekken en teart dat oer de pel hinne en stoppet de einen yn.


EELKJE: Men soe der suver sin oan krije.

Tke sjucht har oan. It skoppen yn tekkens en kessens hldt op. Hy pakt har by kop en kont en tilt har op it bedstee. Redsum springt er har nei, giet op har skonken sitten en strpt har de jurk omheech.

EELKJE: Tke!

Tke skuort har de grutte wite broek fan ’e kont en wrot syn knibbels tusken har skonken. Hy knopet de gulp los en hellet it ark te foarskyn. Hy lit him op har fle en skoot de kul yn Eelkje.

EELKJE: Tke! Toe!

Tke begjint hastich te stompen. Eelkje fearret op en del troch it bd.

De reade bwarre wipt yn it finsterbank en loert nei binnen ta. Hy sjucht Tke op Eelkje omhynderjen. Hy wipt t it finsterbank en skyt deun neist de muorre yn in streekje grn foar blomkes. Hy bestoppet it aai en set f.

 

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY
werom nei: NIJWURK