Altyd útpoept

 

 

k ha wol mei skriuwers praat, dy’t mei allerhande plannen en ideen omrinne dy’t se skielk twurkje wolle. Foarhinne seachst ek noch wolris efteryn in boek in oankundiging ‘Yn tarieding’, en dr folge dan in listke fan wat dy skriuwer allegear op priemmen hie. Soks komt my bjusterbaarlik oan, ik wit noait niks. Nei elk boek bin ik opnij in tskreaune skriuwer. Ik haw gjin ideen, gjin plannen. As ik alris in idee ha dr’t ik in skoftsje mei omrin, dan kin der hast wis fan wze dat it neat wurdt. Dat Joegoslavyske soldatewiif, dr haw ik in pear wiken mei ompankoekbakt snder gleon entsjast te wurden, no, dan kin ’k it wol ferjitte. Ik ha ek in skoftlang in idee hn oer in bonkedokter t Ljouwert dy't safolle mooglik earms en skonken amputearret dy’t er trochferkeapet oan in malafide hnefokker op Twizelerheide. Dat is ek neat wurden. As it wat wurde kinnen hie, hie it boek no al lan ferramsjt west.
Ik bin fhinklik fan ’e wjerljochtflits wrmei’t in ferhaal him oan my iepenbieret. Tagelyk moat it witten der wze dat ik by machte bin om dat ferhaal te skriuwen. Soms giet it wol tige hookstrooks. Nei de klap is snder foaroankundiging yn myn harsens ntstien, samar, nei’t ik jierrenlang ommoarde hie mei in reisferhaal. Ik bin, doe’t ik dy ynjouwing krige, daliks deselde deis begn te skriuwen. Yn ’e maityd fan 2000 soe s hn hast ferspe en trije dagen letter krige ik it idee: dy hn uteret syn ideen oer it libben. Fuortendaliks deselde deis haw ik in bledside of tolve skreaun.
Sinleas geweld hat in langere ynkubaasjetiid hn. Ik ha alle nijs folge oer de An-en-Eefje-saak yn Belgi. De iene heit woe de parse net te wurd stean, de oare pleatste him tige op ’e foargrn. Ik tocht, mei dy man rint it ferkeard f. Hy is myn Geart Opsternaat wurden. Hawar, it plysjenijs fan
GPTV (Harns), in berjocht yn ’e krante oer in bus dy't hookstrooks remje moast, it mjitske gedweep fan Willeke Alberti mei in freondin dy’t sa geweldich omgyng mei har kanker, de tillefyzjekloaten dy’t mar eamelen oer ‘sinleas geweld’ wylst dat geweld hartstikke sinfol wie, t ’e dieder wei sjoen, al dy dingen prakkesearre ik wol oer, mar ik wie net fan doel om in roman te skriuwen. Ik hie nammers Nei de klap krekt f en men mei ek wolris even lins ha. Doe krige ik fan Bauke de Jong in ynstjoerd stik oer de Tjoelkersaak dat troch de redaksje fan ’e Ljouwerter Krante slim bekoarte wie. En dat stik, mei it lilke brief fan Bauke, wie it triedsje yn ’e sde skeroplossing. Alles klute ynienen gear en ik wist dat ik stof gench hie. De Harkenielen wienen der noch net en al dy tillefyzjeprogramma’s wienen der noch net. Wat ik hie oan stof, wie eigentlik bykomstich. Mar ik wist dat de stof my fan alle kanten oanstreame soe. Wr’t dat entsjasme en it betrouwen dat it my slagje sil weikomme, haw ik gjin idee fan. As it boek f is, bin ik op ’e nij tpoept. Do kinst dochs skriuwe, do hast dochs feardichheid, do hast dochs safolle nderfining opdien? Men soenen sizze: ja, mar it is yn ’e werklikheid net it gefal. Ik kin allinne mar skriuwe as ik in ynjouwing krij, as de geast feardich oer my wurdt.

SKRIUWERSLIBBEN
BIBLIOGRAFY